maandag 29 juni 2020

Nij



It âlde gemeentehûs yn Wommels
dat omboud wurdt ta appartemintenkompleks foar âlderen
krijt de namme Nij Walpert.
Dêr is djip oer neitocht troch de gelearden dy't er oer gean
en dit is de beste namme.

It sil wol.
Ik bin wol wat klear mei dat wurdsje "nij"
De Nije Kromme
Nij Stapert
't Nije Bosk
en no Nij Walpert.

Foaral dat Nij Walpert, 
dat stiet mij net oan,
dat hawwe wij hjir al hân yn Wommels.
Foar 1991 hjitte de skoalle foar fuortset ûnderwijs yn Wommels ek "Nij Walpert",
foardat it letter de namme Bogerman krige.

Ik begryp dat it gebouw nij liket mar dat net is
en dat soks útnoeget om it wurdtsje nij te brûken,
mar krekt as alles bliuwt it net nij.
As foarbyld kinne je sjen nei Nij Stapert,
dat hast Ald Stapert neamd wurde kin.

Oer Walpert haw ik noch wol wat te sizzen.
Wij hawwe hjir yn Wommels al in Walperterwei en in plan Walpert,
oan de kant fan it doarp dêr't de terp Walpert wie.

Ik kin mij no net foarstelle
dat der in momint komt
dat ik fan plan Walpert 
fia de Walperterwei, 
lâns de eardere mafû Nij Walpert
yn Nij Walpert kom te wenjen

Werom net?
De namme stiet mij net oan
en ik bin dan wol wat klear mei Walpert en Nij

Oh ja

Ik neam it gebou "de Lichte"
sa neamden wij earder de Keatsebaan
omdat it dêr wat oprint nei it doarp ta.



zondag 28 juni 2020

Koroanakonsert


Net te hoopjen dat dit ús nije wurklikheid wurdt. 
Justerjûn yn it Bolwerk yn Snits it ienige 30 minsken koroanakonsert mei wat hardrock fan Anquest. 
It like wol in gymseal mei al dy fakken fan 1,5 meter breed en 1,5 meter lang.
Yn 15 fakken in (stean) tafel en twa stuollen/krukken. 


It falt net mei om der in hardrockeftige sfear fan te meitsjen mei al dy sittende minsken op ôfstân. 
Muzyk wie prima mar om tusken alle nûmers sokke (âldejongeskrintebôle) ferhalen te fertellen draacht net bij om der wat gong yn te hâlden en dat is bij dit soarte muzyk wol in eask. 
Wij hawwe dy lêste ferhaaltsjes net mear ôfwachte.




zaterdag 27 juni 2020

Midden Nederlân



It is 15 juny. 
It sanitêr op  kampings is wer iepen
Wij stappe gelyk op.
Fytse fan Hoorn nei Wyk aan Zee. 
In moaie route
In matige kamping
Wij sette ús tinte op
Metersheech gers
27 euro mar leafst
Sa djoer komme wij it net wer tsjin.
Wij sliepten op de Nivon kamping.


Wij sjogge om ús hinne bij Wijk aan Zee.
Meast opfallend dêr binne de Hoogovens
Tatasteel sizze se tsjintwurdich
Wat in kompleks.
Kilometerslang oan de oare kant fan it wetter
De oergong nei de rekreaasje
is makke mei in keunstprojekt.
"Een zee van Staal"
foaral sponsere troch Tata Steel




De fytsroute troch Hoorn
liedt lâns it stedhûs en in byld.
Wij fytsten der faak lâns.
Och in pleatslike held tinke wij bij soks
en fytse wer fierder.

No net, 
de diskúsje giet oer dizze man
Jan Pieterszoon Coen.
In foto foar letter
want dat sil it byld dêr wol net mear stean.
Sa giet it hjoeddedei


Wij fytse faak troch Volendam.
Mis,
ik kin better sizze,
wij rinne foar troch Volendam
Op de Dijk, blykber in populêre bestimming
foar Aziatyske toeristen.
Bussen fol wurde dêr brocht
en in pear oeren letter 
at se útdangele binne op de Dijk
wêr't echt hielendal neat bijsûnders te sjen is,
stappe se wer yn de bus mei in klompke of in molentsje
of in foto wêrop se yn kleandracht steane.

Dy lju, rinne dêr altyd yn it paad
at wij dêr lâns wolle
No net, wij kinne no gewoan fytse




Komme wij op in kamping
sjogge wij meast earst at er in picknicktafel stiet
sadat wij in plakje ha om te sitten.
Op in kamping yn de Glind
stiet de troan foar ús klear

Underweis op de fyts mei wat waarm waar
is in bank ûnder de beammen in lust.
Hiel soms wolle wij noch wolris stopje bij in bank yn de sinne
Sa as dizze bijsûndere yn Ravenswaay





Pontsje farre ek wer
sa sjogge wij hjir en dêr oankundige.
De wettertaksy fan Velsen Noard nei Ymuiden
soe ek wer farre at wij dêr binne
It klopt.
Der binne noch net folle dy't dat witte, 
Wij binne de ienige twa reizgers
dy't it Noardseekanaal oerbrocht wurde


Op ôfstân bliuwe fan in oar
is net in drege klus.



Jaarsveld, bekend fan it polstokspringen.
Leit deun oan de Lek
en wij sille der mei it pontsje oer,
want 3 kilometer fierder op leit ús kamping.

Mis dus, de pont faart net.
Mooglik it hiele jier net.
Wij moatte omfytse.
In frekt moai ein
en it is waarm



In dei letter wer in oerstek
Bij Amerongen.
Pont faart wol


6 dagen fytst
420 kilometer
it wie in moaie tocht




vrijdag 26 juni 2020

Bijsûnder



Soms sjoch ik in adfertinsje
dy't opfalt en nijsgjirrich makket.
Sa as dizze yn de krante fan 18 juny2020.

Ik kin de minsken net,
mar de tekst seit genôch.
50 jier nei in fatale datum
pleatse de bruorren en susters in adfertinsje
foar harren broerke
dat ferûngelokke is yn Balk

It fertriet fan dy famylje nei 50 jier
is der noch en sil altyd bliuwe
Moai dat se it op dizze wize kenber meitsje

Ut de LC fan 19 juny 1970

woensdag 24 juni 2020

Jan Rot



Muzyk is foar mij ûnmisber,
de radio is prima en Spotify fult it geweldich oan,
mar, der giet neat boppe livemuzyk.

Op 7 maart wie myn lêste jûntsje  mei livemuzyk
en snein wie myn earste wer.
Jan Rot yn Kûbaard
bij Pim en Petra yn de tún.

Wat in prachtige middei
mei 30 man/frou yn in hearlike ûntspannen sfear
harkje nei de taalkeunstner Jan Rot.
Hij hat mear as 1000 teksten skreaun
en wit ik hoefolle cd's makke.

Syn sjongen is mei emoasje
syn ferhalen binne mei humor
en syn teksten binne prachtcih.

"Tillefoan út. gjin foto's en gjin fideo's"
rôp Petra fan te foaren.

Gelokkich hie ik bij ynkommen al in foto makke,
sûnder Jan Rot,
dy kinne jim yn dit klipke sjen
mei in oersette nûmer fan Johnny Cash





dinsdag 23 juni 2020

Strontsiik

Ik sei it al earder,
strontsiik wurd ik fan dy protesten.
Lju dy't stânbylden fuort helje wolle
omdat it harren net (mear) oanstiet.

Fertsjinlik yn it ferline
en dêrtroch  eare mei in stânbyld.
Nim no Jan Pieterszoon Coen.
Wêr't syn byld stiet, wist ik net,
wat hij krekt dien hat earder, bin ik ek ferjitten.
Dy skiednisboekjes sjoch ik net alle wiken troch.

Ynienen is hij aktueel.
In meute hat iets ûntdutsen
en siket it doel op.
Hoorn dus, yn Noard Hollân.
In dei nei de slach fan Hoorn op freed 18 juny,
fytse wij der lâns.
It byld stiet er noch
en it prachtige stedhûs ek.
De terraske oan de foet sitte fol
en de opruiers binne foar in diel oppakt.
Gelokkich.


Op basis fan in eardere beoardieling hat hij it fetsjinne
om ferheven op in plein yn Hoorn te stean.
Want om no noch te bepalen at hij net doogde
of at hij in dogeniet wie, is wol lestich.
Ofbliuwe fan de stânbylden.

Bin bliid dat de Freule, Clara de Vos fan Steenwijk,
in byld krigen hat foar allinne mar goeie dingen
en wat sij dien hat foar Wommels.
In keatspartij foar jonges en hûzen foar de earmen

Of soene de dolle mina's harren kâns rûke
en konstateare dat de Freule frou/famke ûnfreonlik wie
troch in jongepartij yn it libben te stellen.
Kom mar net op, want ik gean der foar lizzen





zondag 21 juni 2020

Fytse



In rûntsje fytse, dat dogge wij graach,
It waar like goed, (de hiele wike droech)
neffens de waarprofeten,
dus setten wij moandei ôf nei Hoorn.

Dêr begong ús tocht.
Sûnder doel, sûnder idee.

De earste nacht kampearden wij yn Wijk aan Zee.

De twadde dei fytsten wij ûnder prima omstannichheden nei Wassenaar




Foardat wij de tinte op sette koene, foel der 48,5 millimeter binnen twa oeren.

It foarútsjoch joech oan dat op de jûn fan de tredde dei
wer swier waar kommende wei wie.
Wij boekten yn it midden fan it lân (mei kâns op minder rein) in trekkershut.

Wij fytsten dy tredde dei mei moai waar nei Lexmond
wêr't dy trekkershut stie.


Jûns eaze it en tongere it....
Wij sieten moai droech.





De fjirde dei yn de buert fan Barneveld
in flinke bui, mar wij fûnen it no mar in buike 


It lêste buike wie bij de Loosdrechtese plassen

In soad wetter dus, 
mar de reinjas hawwe wij net oanhân.

At wij fytsten wie it droech en wie it moai waar.
It wie in moaie wike mei sa'n 420 kilometer

(letter mear)


donderdag 18 juni 2020

Net samar in boek



Hans van Z.
wa fan myn leeftyd kin him net.
Like bekend as Age M en Anton B.
Wêr't dy lêste twa "gewoane " ynbrekkers wiene,
wie Hans van Z in searje moardner.

It ferhaal
sa't it beskreaun wurdt yn dit boek is unyk.
It docht bij mij in grutte oanslach
op myn foarstellingsfermogen.
Net de moarden dy't hij pleecht
mar wol it ferhaal fan dizze sjoernaliste
dy't sels in ûnderdiel wurdt
yn it libben fan Hans van Z.

Ik fal fan de iene ferbazing yn de oare
en soe al dy fragen hjir delskriuwe wolle.
Ik doch ik net.
Ik riedt jim oan dit boek te lêzen.
Selden sa'n ferhaal lêzen
fan trije hiele bijsûndere minsken
wêrfan ien in sike geast hie.


dinsdag 16 juni 2020

Moaie útspraken


In moaie kollum yn de Ljouwerter Krante fan Asing Walthaus.
Moai prachtige útspraken fan de Gaulle



maandag 15 juni 2020

Sjina

Ik jou de Sjinezen wol in bytsje de skuld
fan de tastân wêr't wij no ynsitte.
Dus in boikot fan dy lju
stiet heech op myn listje.
Ik meitsje in útsûndering foar de Happy Family,
de ôfhelsjinees yn Wommels,
dy kinne it net helpe
en ik wol graach dat se hjir yn it doarp bliuwe.

Myn smartbân, sis mar horloazje mei in hiel soad funksjes 
mar wêr't je de tiid ek op sjen kinne
is al fan eardere tiden.
Myn Huawei  komt út Sjina
en krekt as in hiel soad oare dingen dêrwei,
giet it polsbandsje net sa lang mei.

Myn syktocht nei in nij bandsje
fan dit ferâldere model
levere mij gelokkich in risseltaat  op:
Bol.com koe ien leverje foar 19 euro,
binnen twa dagen.
19 euro foar in bandsje,
wylst de smartbân amper 30 euro koste hat.....

Fierder sykje dus
en dat levere in bandsje op bij Amazon.
6 euro en trije wiken wachtsje.
De Amearikanen (minus Trump) binne de beroersten net
dus pleatste ik de oarder foar in bandsje bij Amazon
foar 6 euro sûnder kosten fan ferstjoeren,

Binnen 14 dagen falt it pakketsje yn de bus:
it bandsje, twa skroefkes en
der sit sels in skroevedraaierke bij.

It past en hij docht it wer
en ik bin bliid dat ik myn stappen wer sette kin
en se teld wurde.

Ien probleemke lykwols:
it pakketsje komt út Sjina,
streekrjocht






Mûlekapkes



Wij binne hjoed op reis gien.
In fytsfakânsje yn Nederlân.
Dat kin omdat it sanitêr wer iepen is.
Alles wer ynpakt.
In listje fan eardere jierren der bij.
Ien oanfulling: mûlekapkes
10 stiks, 1 foar Jellie, 1 foar mij
en 8 foar it brekken dus.

Wij hawwe se nedich
dat wit ik no al,
op de fearpont van Ymuiden nei Velsen
of yn Amsterdam efter it sintraal stasjon.

Gelokkich nimme se net folle romte yn
en binne se licht.

vrijdag 12 juni 2020

Kommunikaasje

Yn Dokkum giet it mis
mei it foarstel om in fuotbalklup oer te pleatsen
nei in oare plak yn de stêd.

Yn Frjentsjer giet it mis 
mei it idee fan de horeka om terrassen
boppe de grêften te pleatsen,
flak foar de ruten fan omwennenden
dy't dêr net folle fan ha moatte.

It giet mis lês ik yn de krante troch de kommunikaasje.
In wurd dat eartiids net bestie,
yn alle gefallen net yn de selde betsjutting.

It moat sa stadichoan dúdlik wêze
dat bij alle projekten en feroaringen
"elkenien" der wat fan fine moat.
Bart dat net, dan giet it allinne al mis,
omdat de kommunikaasje net goed wie.

It is fansels ek mooglik
at de kommunikaasje net ferkeard is en 
op tiid is, 
dat belutsenen it plan net oanstiet
en dat er dan ek sein wurdt dat de kommunikaasje net goed is.

Op ynternet binne allegear kursussen en skema's
hoe it wurket bij kommunikaasje.
Oars is der ek noch tegeltsjewysheid
Sjoch hjir foar de wepside


donderdag 11 juni 2020

De romte



Jelske is 8.
Sij hat in bijsûndere belangstelling foar de romte.
Sij wit er ek aardich wat fan.

Sjoch pake, 
op de planeet dy't it tichtst bij de sinne is,
kinne je net libje, it is te hyt.

Sjoch pake, 
dizze  lytse bal is Pluto, 
dy heart er feitlik net bij

Sjoch pake,
dit is Saturnus, dy hat in ring......

Machtich
de strânbal is de sinne
en Jelske tovert mei ballen en in ring

Mei Google derbij set se op
yn hokker folchoarder de planeten fan de sinne ôf steane.

Lytse en grutte ballen wurde der bijhelle
en mei grut entoesjasme
makket se de romte yn de tún.

"Ik gean thús ek soks meitsje"
jout se oan,
"op myn keammerke"

Ik tink oan Eise Eisinga
wat dy dien hat en wat no it planetarium is

Wij ha ôfpraten dat wij dizze simmer
nei in Planetarium gean.


dinsdag 9 juni 2020

Beammen


Oh nee,
tocht ik doe't ik dit lêsde,
ús fierstentegrutte gemeente jout rie beammen.

Yn Wommels hawwe se net rie hûn,
dêr hawwe se gelyk aksje ûndernommen.
De rissultaat is te sjen oan de van Sminealeane
Beammen dy't kealmakke binne
en no allinne noch blêdgroei hawwe op de stam.

Sa wurdt it ek oan de Terp.
Ek dy beammen binne snoeid
mei as gefolch dat dy der aansens ek sa útsjogge.

Rie freegje bij de gemeente oer beammen,
ik soe it net dwaan

zondag 7 juni 2020

Beroppen út 1814

Bij it projekt "Heden is overleden" fan Fryske Hannen 
sitte wij no op sa 60% ferwurke akten
At it moai waar is, giet it net sa hurd,
It oantal dielnimmers is dan mar minimaal.

Yn de regel doch ik alle dagen in stik as 20
en sit ik noch altyd yn Boalsert.
Ik krij foaral troch de beroppen
in aardich byld fan de stêd.

Dizze nijsgjirrige beroppen diel ik noch efkes mei jim.
Se binne allegear fan 1814 

  1. De kaasdrager
  2. de lintweversknegt
  3. ontvanger der indirecte belastingen
  4. pijp en dopmaker
  5. schouts bode
  6. vetspinner









zaterdag 6 juni 2020

100 jier

Der binne minsken dy wurde 100 jier.
Dat is in respektabele leeftyd
en in geweldige prestaasje.
Of is it deagewoan gelok?

Ik tocht er hjoed oan omdat it 6 juny 2020 is.
6 juny, de bertedei fan myn heit.
Berne yn 1920 yn Iens, hjoed 100 jier lyn,
hij hie der noch wêzen kinne,
at er gelok hân hie
en ek 100 wurden wie.

Hij stoar op 12-1-1999 yn Boalsert,
78 jier âld, 
neidat hij lange tiid yn Bloemkamp wenne hat.

At ik wat typearingen jaan moat,
dan binne it dizze.

  • berne yn Iens
  • opgroeid yn Spannum
  • wurke bij de boer
  • focht yn Yndie
  • swijde oer Yndie
  • troude mei 32 jier mei Hiltsje Boerstra
  • sentrifugist op de molkfabryk yn Wommels
  • wenne op Hofkamp, Molewâl en Opslach yn Wommels
  • folkstún 
  • Solex en fytse
  • skake
  • radio harkje, Hilterman en klassyk
  • de oerhaal dy't him feroare
  • 5 jonges, wêrfan ien ferdronken
  • nea op fakânsje
  • stil, stikem, op him sels
  • Bloemkamp
  • stoarn op 12-1-1999

De measte foto's fan heit dy't ik noch ha,  binne fan Yndie.
Ik haw gjin foto's wêr't wij beide op stean,
want hij makke thús de foto's








vrijdag 5 juni 2020

Dy Denen



Ein febrewaris wiene wij yn Utert
om ús fakânsjebestimming te bepalen.
De fytsfakânsjebeurs is in plak wêr't fan alles oanbean
en útlein wurdt.

Wij rekken entoesjast oer de Baltic Sea Cycle Route
800 kilometer yn Denemarken,
in lân dêr't wij ien kear de westkust fytst hawwe.

Wij wiene der wol út,
it wurdt Denemarken
en it fromminske fertroude ús it route boekje wol ta.

In wike letter komt koroana op jim en op ús paad.
Wij folgje de tastân yn Nederlân en..... Denemarken.
Denemarken docht it goed yn de striid tsjin koroana
neffens de berjochten
en wij binne hoapfol dat wij yn juny
of op syn lêst begjin july 
op fytsfakânsje kinne nei Denemarken

Teloarstelling is der op woansdei 3 juny
at wij heare en sjogge
dat ús lân fan fakânsjebestimming oant 31 augustus
de grins ticht hâldt foar Nederlanners
en ik mei oannimme ek foar Friezen.

GRRRRRR

woensdag 3 juni 2020

Stake en demonstreare

Wol faker haw ik oanjûn
dat ik net folle ha moat fan demonstrearje en stake.
Miskien bin ik wol in rjochtse bol.
It kin hûndert kear yn de grûnwet stean
dêrtroch hoecht it noch net goed te wêzen.
Seker yn dizze tiid net.

Sjoch no ris nei it dilemma fan Femke Halsema.
boargemasterke fan ús húskeamer, sa't se sels miend dat it is.
Sij stie, sei se sels, foar in duvelsk dilemma:
Demonstreare is in rjocht
en 1,5 meter ôfstân hâlde is hjoeddedei in plicht.

In demonstraasje tsjin plysjegeweld útelkoar slaan
wie gjin opsje
en de kâns dat men frijwillich útelkoar gean soe, 
wie nulkommanul,
want it folk dat demonstrearret hat meast lak oan rigels.
Ik tink dat er lju binne 
dy't er harren berop fan makke ha om te demonstrearjen,
omdat se te dom binne foar echt wurk
of te beroerd binne om te wurkjen

Halsema kin it nea goed dwaan.
It is har lot dat de heale wrâld gelyk oer har hinne falt.
In grienlinks politikus en it frou wêzen sit har tsjin.

Ik bin bliid dat op woansdei de nuanse weromkomt
en dat har tûkelteammen wat mear fan mear kanten besjoen wurdt.

De boargemaster fan Rotterdam falt har earst ôf
en is yn de oertsjoeging dat hij it op woansdei better oanpakke sil
Nee dus, 
Hij moat geweld brûke en ek dat is net goed.

At koroana bestriede sa wichtich is,
dan moat demonstraasjes ferbean wurde,
want fan demonstranten kinne je net ferwachtsje
dat se harren ferstân brûke en oardel meter ôfstân hâlde.
 

It pontsje dat net fart


Dêr steane je dan oan it van Harinxmakanaal
op de stiger op Keimpetille
mei de ferwachting dat er in pontsje fart nei Sweins.

Oankundige op ynternet dat it wer los wie
mei wat rigels sa as wij dat wend binne dizze tiden,
soene wij graach efkes op de bel drukke




Gjin pont te sjen
"aan deze of gene zijde"
wol in briefke mei de meidieling 
dat der dizze dei in needreperaasje is 
en dat it nei twaen oplost wêze kin....

Wachtsje yn de sinne is gjin opsje,
dus kieze wij foar in eintsje om.
It doel is Frjentsjer, dus wurdt it earst Dronryp
en mei de stelling "at wij dan omfytse moatte dan sille wij it ek goed dwaan", 
fytse wij oer Skingen, Peins, Boer en Doanjum nei Frjentsjer

Hast 40 kilometer foar in in lidl boadskipke 


maandag 1 juni 2020

De dyk leit der gewoan

Miskien wat flau om te freegjen,
mar wêr wiene al dy 11 stêdenfytsers hjoed?
Hawwe dy 14.999 oare fytsers nedich
om in moaie prestaasje del te setten
troch 240 kilometer te fytsen
lâns de 11 stêden dy't 365 dagen per jier 
op it selde plak lizze yn Fryslân.
ferbûn troch deselde diken as pinkstermoandei.

De 11 stêdentocht fytse is net myn ding (fierstente drok)
mar om Jellie wat yn de sfear te hâlden ( sij fynt it in hichtepuntdei)
fytse wij hjoed seker wol.

Hjir en dêr in groepke
hjir en dêr in ienling
mar it rûn net yn de papier doe't  wij hjoed
de noardlike route foar in diel fytsen.


Sa hiene wij alle romte op de bank bij de Hallumer hoeke,
dêr't Hoogland graach sitte mocht





Goed 12 oere wiene tusken Holwert en Dokkum 
en dat wie der tiid dat terassen wer iepen mochten.
Sa koene wij de tafel mar útsykje
op it terras fan in Rust lokaasje yn De Lytse Jouwer




Sa hiene wij alle romte bij de mânske "fontein" fan Dokkum,
dy't wij noch net besjoen hiene.




De roppige mage dy't him op in bepaald momint meldt
koe stild wurde yn Burdaard