zondag 31 maart 2013

Ziggo Dome

Foar de twadde kear nei de Ziggo Dome yn Amsterdam west. Wie it earst in steanplak bij Pearl Jam, no mocht ik op in earste klas plak sitte bij Mumford & Sons.
Sitte, it is net myn ding bij muzyk. Dat is de konklúzje nei in moai konsert.
Dat lei him seker net oan de Ingelske band, dy't de folk rock de stiiffolle seal yn brûsde.  Swingend is miskien wol it beste wurd, want de 4 man fan Mumford & Sons hiene de helptroepen klear stean: toetermuzyk en de fioel. It publyk wie razend entûsjast en ik besocht it ek te wurden. Dat slagge net hielendal. ik fielde mij opsluten op stoel 234 , 1ste ring, rige 7. En toetsers haw ik it net sa op stean.
Ien fan de hichtepunten wie wol it optreden efter yn de seal, flak foar ús noas. Sûnder fersterking besocht men in moai nûmer te spyljen, mar foardat se foar yn de seal  yn de smiezzen hiene wat der efter oan de hân wie, wie it nûmer al dien en wie it helaas net hielendal stil west.




vrijdag 29 maart 2013

Mumford & sons

Lekker in oerke foarútsjen nei de muzyk fan sneon. Gjin rock of blues mar akoestyske folkrock. Mumford & Sons. Hast al wer trije jier lyn wiene wij der bij yn de Heineken Music Hall. No spylje se yn de folle gruttere Ziggo Dome. Binnen it healoere wiene de kaarten útferkocht.
Ferline stiene se ek op Pinkpop.
In registraasje is hjir ûnder te sjen. De muoite wurdich.




donderdag 28 maart 2013

Dik Trom en oare bylden

"Maak kans op vrijkaarten voor de musical Dik Trom". Dat berjocht fûn ik hjoed yn myn mailboks. Goed bedoeld want oan frijkaartsjes haw ik gewoanwei gjin hekel. Mar frijkaartsjes foar in musikal fan ien fan myn jeugdhelden Dik Trom dat raast oan de protters. Ik wol gjin frijkaarsten. Ik hie wollen dat dêr gjin musikel fan makke wie. Dik Trom, dat wiene myn prachtige jongesboeken (ik nim mar oan dat famkes oare helden of heldinnen hiene) , dy't ik mei nocht lêzen ha en dy't ik no noch op souder lizzen ha. Mei de boeken fan Pietje Bell, de oare boekenheld, is it al net oars. Ik wol gjin film sjen fan Pietje Bell, gjin musikal heare en sjen fan Dik Trom, nee ik wol myn eardere bylden fêsthâlde. Bylden dy't fuortgean sille at it fisueel makke wurdt.
It djiptepunt fan ferfilming is lykwols: Puk en de Petteflet. In skande... en ik hoop dat myn pakesizzers earst it hiele boek foarlêzen krigen hawwe (ik wol it mei nocht dwaan) foardat se konfrontearre wurde mei de bylden dy't Annie M.G. Schmidt sa nea bedoeld hie.
Fuort mei de filmen en musikals fan berneboeken.

a

dinsdag 26 maart 2013

Drukwerk

De krêft fan twitter is wer bewezen.
In pear wiken lyn twittere der immen mei Harry Slinger oer syn onkundigde nije optredens.
Op de fraach at hij ek nei Fryslân kaam mei de band wie it antwurd: "dat zou leuk zijn, optreden in het Dielshús in Wommels lijkt me wel wat. Goede herinneringen."

27 april komt Drukwerk foar in optreden yn it Dielshús nei Wommels. Moai is dat. Net dat it myn favorite sjenre is, mar dochs haw ik der wol in goed weromtinken oan.
Yn dy suksesfolle tiid fan Drukwerk siet ik yn it bestjoer fan it Dielshús en wij wiene foaral dwaande mei omsetferheegjende aktiviteiten.
Dat wiene dus popkonserten. Mei in soad nocht hawwe wij doe in soad tiid stutsen yn it organisearen fan 4 wyklikse konserten.
Tusken 1982  en 1990 binne der 83 ferskillende bands yn it Dielshús west.
Fan út de kommersje wiene de optredens fan the Bintangs (goeie drinkers yn de seal) Jen Rog (altyd gesellich) en Drukwerk (folle bak) altyd suksesfol.

Drukwerk dus, mei Harry en syn reade petsjes.
Sij hawwe 4 kear optreden yn it Dielshús.
1983: 26 maart
1984: 31 maart
1985: 26 jannewaris
1986: 1 febrewaris

It is hjoed dus 30 jier lyn dat Drukwerk yn it Dielshús in optreden die. En oer in moanne stiet Harry dêr wer op de planken. Dat moat in dream foar him wêze, dy't útkomt.

maandag 25 maart 2013

Gjin lege Langeleegte

Fuotbalklup Veendam bestiet net mear. Foar de safolste kear tefolle útjûn , te hege ferwachtingen en te min minsken op de tribune. Veendam is der ûnderstrûpt sa't dat sa moai hjit en net moai is. It docht mij fierders neat. At je al safolle jierren de boel net foar elkoar krije kinne, dan hâldt it op. Ik haw yn it skiere ferline in kear nei dat fiere Veendam west om ien fan myn favorite klups fan doe te sjen. Cambuur of it Fean. Dat wie doe in wedstriid yn de earste miskien wol yn de twadde divyzje.
Wêr't ik wol muoite mei ha dat is it feit dat it stadion de Langeleegte der aansens net mear is. De Langeleegte, in namme dy't altyd neamd waard at it gie oer " in hiel ein fuort, in tryste oanblik, in earmoedige omjouwing, ljochtpeallen ynstee fan ljochtmêsten, de bank ynstee fan in dugout ".....de Langeleegte....mei alle respekt fansels waard der dan bijsein.
Mei al dy betinksels waard suggerearre dat de Langeleegte in ferskrikking wie. Dat wie it foaral foar ploegen út it sûden. In hiele lange reis  nei it hege noorden fia in twabaansdyk en miskien wol in polderdyk. Dat Veendam ek wit hoe faak nei it fiere Maastricht, Sittard of Venlo moast ferjit men dan foar 't gemak.

Yn de tiid dat ik fuotballe en wij wiene yndield bij Ouwe Syl dan hiene wij dat selde wol wat. "Wij moatte wer nei Ouwesyl. Do wist wol ..bij de wynmolens, wêr't it sa hurd waait, dêr tichtbij de Waddensee, in ein fuort, tsjin dy bonkige Bildstarmannen" sa seine wij dan tsjin elkoar.
Moaie herinnerings hawwe wij oan de wedstriden yn en tsjin Ouwesyl. Beste minsken, in noflike kantine en it is hielendal net sa fier.

Werom nei dy Langeleegte. Dy moat bliuwe. As symboal tsjin it foaroardiel. Of de Langeleegte as sintrum foar teambuilding en besinning. Ploegen dy't oer de skreef geane mei geweld, kinne , nee moatte harren werom fine yn de Langeleegte. In wedstrydtsje spylje nei in lange fiere reis, sykje om it stadion, omklaaie ûnder in ferfallen tribune en spylje op in fjild wêr't it gers nea wer meand wurdt.
Nei ôfrin leit der in boek klear: de Lange Leegte. Pas at dat út is, kin der oan de weromreis begong wurde.
Dat sil pas ôfskrikke. Dat helpt mear as al dy 10 minuten tiidstrafkes.

It geweld op de fjilden kin yndykt wurde mei de ynskeakeling fan de Langeleegte yn Veendam.

N.B. Hiel tafallich stie dit ûndersteande stikje hjoed yn Trouw. Miskien lizze dêr ek noch wol mooglikheden. In oerdekte stâl, mar dan wol in hiele lytsen ien. Lês it stikje mar ris goed..







zaterdag 23 maart 2013

Lijte

Sneon 23 maart sil de hystoarje wol yngean dat it de kâldstoanfielende dei yn dizze ieu en de foarige ieu west hat. In stoarmeftige wyn  yn it Easten (wêr't de wizen wei kamen) soarge der foar dat it kâlder oanfielde as at it wie.
Nettsjinsteande de rop fan "at je der net úthoege, dan geane je der net út" lei ik mij wol efkes in trije kertoer del op de lisfyts.
Omdat ik graach in kilometer as wat lekker foar de wyn fytse woe, trotsearde ik hinnereis de tsjinwyn. Echte tsjinwyn wie gjin probleem mar mei sydwyn hie ik hâlden en kearen op myn Sinner Demon.
De wyn woe mei foaral de berm yn ha en dat like mij persoanlik net sa'n goed idee.
Ik seach út nei alle buorkerijen, nei alle beamkes , nei al it keale strewelleguod en sels nei hikken.
Foar útsicht moatte je de greidhoeke wêze en foar lijte yn wâlden sis ik as greidhoekeman altyd mar hjoed hiene wat mear beamkeboel en noch wat hegere reiden gjin tûkelteammen jûn bij mij.

Dat de lannelike lisfytsdei snein net trochgiet, omdat it selde waar dan noch foar master opslacht, begryp ik wol. Dit wie gjin fytsen, mar oerlibjen. Sels foar in erfaren lisfytser (sûnt 1999)

donderdag 21 maart 2013

Myn earste aai

It is sa fier. It hat lang duorre mar ik bin der no klear foar. Hast 59 jier greidhoeke bewenner en noch nea in ljip- of skriesaai fûn. Begrutlik foar mij, foaral at je witte dat ik as jonkje altiten yn it lân om spaande, mei in pols en dat der yn myn omjouwing echt wol minsken west hawwe dy't besocht hawwe mij entûsjast te meitsjen en mei it keunstke leare woene.
It is net slagge. Nea, haw ik in aai fûn.
En al dy tsjientallen jierren haw ik noch krekt myn jaloerskens ûnderdrukke kinnen. Jaloersk op dy betûfte aaiskiers dy'mei petten fol thúskamen en ek noch achteleas seinen dat se ek noch wat lizzen litten hienen.

Strontsiik bin ik der fan west. Mar sloech mij der trochhinne.
Ik ferskûle myn ik yn in seefûgel. In eigen webstek, in eigen kollum: Sibe, hij hearste op Skrok en der ûntgie him net folle.

Mei Sibe besocht ik myn aaisykfrustraasje ûnder kontrole te hâlden en dat slagge goed, mar Sibe is al jierren dea en ik net. It sukkel gefoel komt werom en ik bin der echt mei oan.
Mar dat is no oer. Ik lis al dagen op de loer.

Skries Amalia hat yn Súd Spanje in senderke krigen en is al wiken te folgen op ynternet. Moaie reis hat dy makke.

It bistje fljocht wat yn de omjouwing fan Littens om en ik hoech no allinne mar op it goeie moment efkes de goeie eker op te sykjen. Fansels wachtsje ik op moai waar.


Digitaal aaisykje. Op Google maps. Dêr leit myn takomst. Mei tank oan dy fûgelûndersikers.
Dus ynkoarten fyts ik dêr nei de Froanackerdyk, ik klim oer de hikke, wêr't de skries fansels net mear op sit, ik slaan de aaisykrigels yn de wyn en mei myn hypermoderne smartfoon rin ik nei de eker en nei it plak wêr't it nest leit.
Mei dy selde smartfoon meitsje ik in foto, lit it skriesaai lizze en twitterje: earste skriesaai fûn fan Amalia, heitsûndersender ûnbekend  #grutsk

maandag 18 maart 2013

Joop Visser

Neam it jeugdsentiment....it mei. Sneontejûn bin ik nei ien fan de lêste iepenbiere optredens west fan Joop Visser. In frjemde man....syn hiele libben lang al.
Om 8 oere jûns gie it los. Joop Visser, hij is fan 1938,  skarrelt it poadium op. Tagelyk mei syn folle jongere hege stim Jessica van Noord.
De earste 5 minuten geane ferlern oan it ynstallearen op de stoel en de gitaar omhingjen. De 120 besikers sjogge der nei en ûndergean it mei wille.
In bizar optreden wurdt it. De alles- of neatsizzende lieten wikselje elkoar ôf. De humor en earnst dogge it selde. De praatsjes tuskentroch binne fermaaklik, prikkeljend en fol spot nei tsjerke en politisi.
Joop praat en sjongt, hij tokkelt wat op syn gitaar en Jessica soarget foar it bettere sjong wurk. In prachtige kombinaasje wêryn wer bewezen wurdt wat je mei ienfâldige teksten al net fertelle kinne.
In taalkeunstner.
It publyk wie griis en keal en sa't Joop sels sei:  se komme miskien wol foar myn oare lieten, myn earste libben.
Bewust of net hij neamde net ien kear syn eardere artistennamme: Jaap Fischer.
De tiid wêr't hij ôfstân fan dien hat.
Us Joop makke de seal noch wol bliid dat er "de Cipier" noch efkes út de goeie âlde tiid song. De seal song spontaan mei of woene se dêrmei sizze: dy kinne wij allegear noch hiel goed.
Mar in oantal fan syn nije lieten lykas "Heineken is in harddrug dealer"en "Onze Jan is manager geworden" foelen ek tige yn de smaak
De twa oeren fan Joop Visser en Jessica van Noord yn it Marneteater yn Boalsert wiene nijsgjirrich en fermaaklik. Ik haw komselden safolle gniiske, lake of buldere om de teksten, om de meneuvels op it poadium  en om de praatsjes.
it publyk oan de kofje en Jaap en Joop bliuwe sitten
En dat sij it foarelkoar krigen dat it Fryske publyk yn in karnafalspolonaise it skoft yngie en sij allinne op it poadium trochspilen wie in prachtich ein fan de earste set.
Joop en Jessica, se wolle oeral noch wol optrede mar net mear yn it iepenbier. Op jierdeis en feessies dus noch wol yn te hieren. Mei in programma dat je yn oerlis gearstalle kinne. Dat lykje mij no moaie feessies. At  men mar ademleas harkje wol, sa as yn Boalsert nei Joop en Jessica.





zaterdag 16 maart 2013

Hollebatse

Justerjûn nei in tsjerke west. Of better sein in tsjerkegebou of noch better sein in gebou wat earder as tsjerke brûkt waard.
It plak wêr't oars yn in oere it wurd God de boppetoan hat yn it wurde en yn gesangen en psalmen,  mar wêr't ik op dizze jûn it wurd "devil" wol hiel faak heard ha yn de lieten. En sjoen ha bij al  dy mannen en frouen mei harren t-sjurts en learen jaskes mei de meast duvelskes printsjes en teksten dy't der binne.
De tsjerkebanken steane dêr noch lâns de kanten yn Poppoadium Romein mar sitte is gjin opsje at der spile wurdt sa as justerjûn.
In stevich stikje muzyk mei  Ironic Maiden (it sil jim net nij dwaan dat dy it reportoir fan Iron Maiden heare lieten) en Damaged Justice ( sij spylje Metallica).
In strakke sound en in strak programma. Dat hiene de hardrockers fan Ironic Maiden wierskynlik te let yn it gaten, want yn stee fan 20.45 begongen sij om 21.20. Dêrmei hiene se harren sels te pakken want om 22.15 siet harren tiid der op.
Spitich want 90 minuten nei dy sound harkje wie neat mis mei. De band komt út Noard Hollân.
De Fryske band Damaged Justice brocht noch mear sfear yn de gesellich folle seal. Der  waard treaun, de waard beukt, der waard hollebatst en der wie sels ien dy't hiel fersichtich fan it poadium dûkte.
90 minuten Metallica it wie prima.
Om 00.15 de lêste klanken fan in hearlike jûn.



Opfallend is dat Romein de munten ôfkaft hat. Dat betsjut dat beteljen wat mear tiid kost, seker mei in bierpriis fan 2.20 mar dat je gjin muntsjes mear oerhâlde.

donderdag 14 maart 2013

Misdie en de parse

Misdie en de parse wie it ûnderwerp fan in debatjûn yn Ljouwert. Organisearre troch de Ljouwerter Krante omdat se in moarnskrante wurde, omdat se it kontakt mei de lêzer hawwe wolle en omdat dit ûnderwerp libbet. mei namme troch de saak Marianne.
Yn de oankundiging wie oanjûn dat der ynhâldlik net folle sein wurde koe oer de saak omdat ien fan de sprekkers Henk Mous, parseoffisier, ek de offisier fan justysje is yn de saak Vaatstra.
Mous hie dúdlik muoite om de goeie toan te finen yn syn ynlieding en hij kaam pas op dreef doe't it oan de fragenrûnte ta wie en der wat krityske fragen kamen oer justysje.
Nee dan Jantien de Boer. Goed taret wat se sizze woe, sette se de toan fol selsbetrouen.
It gie foaral oer wat de krante wit, wat de krante better wol/net skriuwe kin, it oerlis mei justysje, de dealtsjes dy't makke wurde en de ûndersiken dy't sij dien hat nei frouenhannel en bernporno.
It wie dúdlik gjin diskusjejûn want in fragensteller krige kreas antwurd op syn fraach mar krige net de mooglikheid om dêr wer wat fan te sizzen. Sa moasten wij it dwaan mei it iene antwurd en dat wie wol spitich want in antwurd ropt faak noch in bettere fraach op.

Dúdlik wie dat ik net de iene yn de seal wie dy't grutte twifels hat oer de saak Marianne. Twifels oer de wierheid as soe JS de dieder wêze kinne.
Mei grut genoegen hearde ik dan ek de earste fraach oan fan Akky van der Veer: dat sij it deiboek fan Maaike Terpstra (de mem fan Marianne) lêzen hat , dat sij wist dat Mous en seker Jantien de Boer ek fan de ynhâld op de hichte wiene en at sij net lêst hiene fan harren gewisse.
Mous hold syn wurd en sei neat mar Jantien hie har wurdsje wol klear: dat de ynternet sjoernalisten en komplottinkers it hielendal mis hiene. Dat sij al skreaun hie oer ien fan de tsjûgen en dat it dêr net goed mei wie.
Mar earne yn de beantwurding seagen se elkoar efkes oan: Henk en Jantien. Oer deals sprutsen.
De twadde fraach gie oer Demmink en dy stiet miskien ek wol net hielendal los fan alles.
Ek hjir kaam it antwurd net goed út de ferve.
Dat Jantien de Boer it geweldich fûn hoe't abbekaat Vlug opereart, liket mij wol in hiele subjektive miening. In abbekaat hat normaal in hiele oare rol.
Diskusjelieder Atze Jan de Vries fleach de hiele seal troch foar publyksfragen en wist mei syn eigen sjoernalistike ynslach goeie fragen te stellen op de atwurden want hij mocht dat wol.
De drones boppe Harns kamen oan de oarder, de frouehannel mar earne kaam it hieletyd werom op de saak Marianne.  En it gie oer read hier, en dat levere in aardich misbegryp op: Mous hie it oer in boer út Aldwâlde mar de fragesteller bedoelde hiel wat oars: in mooglike dieder yn de saak Smedema.
In treflike jûn. Op tiid begong en op tiid dien en ek noch efkes romte om nei te praten.



dinsdag 12 maart 2013

In gloednije dei


Libje. alle dagen wer in feest.
Moaie dagen en dagen mei in rântsje.
Mar it libben bliuwt in feest.
Alle moarntiden bin ik wer bliid mei de gloednije dei.
At ik wat sjonge koe en in balkon hie?
Dan soe ik it alle dagen wol fan it dak sis mar balkon ôfsjonge wolle:
Wat bisto leaflik rizende simmermoarn,
it opgeande sintsje laket mei oan.

Ek at dat sintsje der mear as de helt fan de moarntiden net bij is.
At hij efter de wolken skynt.
Alle dagen in gloednije dei om te libjen.

In brand new day soene de Ingelsken sizze. 
Mar Brand New Day is ek wat oars.

In organisaasje dy't mei sokke teksten harren produkten oan de man/frou bringe wol.
Yn dit gefal oan de frou.


It stiet der noch krekt net, mar it hie kinnen: 
U wilt dat uw man overlijdt en dat u 100.00 euro krijgt?
Of : Een rug inwisselen voor 100 ruggen?

Of: uw man kan de rug op en dat levert u 100 ruggen op 


Bah, bah bah, bah bah, bah bah bah bah bah bah bah bah bah Bah, bah bah, bah bah, bah bah bah bah bah bah bah bah bahBah, bah bah, bah bah, bah bah bah bah bah bah bah bah bahBah, bah bah, bah bah, bah bah bah bah bah bah bah bah bahBah, bah bah, bah bah, bah bah bah bah bah bah bah bah bah



maandag 11 maart 2013

Joop Visser

Sneon 16 maart spilet Joop Visser yn Boalsert. Yn eardere tiden makke hij ferskes ûnder de namme Jaap Fischer. Syn dûbelsedee mei prachtige lieten oer de twee Monniken, Jan Soldaat, de Kist, De Bal  koe en kin  no noch ik út de holle.  Wat haw ik it faak songen :
Er waren monniken Hans en Joop
die woonden op een heuvel
ze sleten hun tijd dat was een hoop
met sigaren wijn en gekeuvel
Ze kletsten over Jeruzalem
en loofden de heer met psalmen
Of ze gingen naar het dorp benee om daar de heer te loven
daar stemden ze KVP en dan gingen ze weer naar boven.

ensf.

Maar Jaap Fischer woe Jaap Fischer net mear wêze (it skynt dat er dy lieten ek net mear sjonge wol) en sa gie hij syn fierdere libben troch as Joop Visser. Mei maatskippijkrityske lieten. Foar mij foaral in taalkeunstner.
Sûnt in jier as 8 treedt hij op mei Jessica van Noord. Dêr is it net better fan wurden mar hawar.
Joop is no dwaande mei syn ôfskied.  Hij giet noch ien kear it lân troch, helaas mei Jessica.
Ik haw him noch net earder de kâns hân of grepen om him "live" te sjen.
Dat sil dus barre. Kommende sneon yn it Marnekolleezje yn Boalsert.

En dan mar hope dat hij dizze tophit sjongt. Want op ien of oare wize moat ik altyd gnize at ik dit liet hear.







zaterdag 9 maart 2013

In kaam krije

Ik fielde mij yn it ferline sosjaal ûngemaklik.
Dat lêsde ik juster yn de krant.
Sosjaal ûngemaklik fiele en dêrtroch in kaam krije.
In kaam krije is de oersetting fan it nederlânske "in kleur krijgen".
It frjemde is doe't ik it artikel lêsde dat ik der no wer oan herinnere waard.
Ik bin goed om de dingen te ferdringen.
Dat is mij hjir ek bij slagge.
Gelokkich mar.
In kaam krije op momint dat je wat frege wurdt, dat de oandacht op je festige wurdt haw ik as freeslik erfaren.
Stom wie it dat wannear je je ynstelden fan "ik wol gjin kaam krije" dat it just wol barde.
Wat mij wol treast jout dat yn it artikel stiet dat je sels in gefoel hawwe dat de kop sa read waard as in kreeft, in ierdbei of as fjoer,  mar dat soks wierskynlik hiel slim  meifallen is.
Sosjaal ûngemaklik dus........ dêr haw ik no ek noch wol lêst fan mar ik krij der gjin kaam mear bij. Of wol. Is dat de reden dat myn burd?


maandag 4 maart 2013

Jesterdee




Jesterdee dat wie in grutte hit. De Bietels dy sjonge it : Jesterdee, al mij trobbels siem so faar uhwé. Ja, ik kin it út de holle at ik de tekst der bij ha.
Jesterdee.  Foaral dat jester dat docht it him.
Jesterbarren, Jestermar, Jesterwierrum, jesterlittens en jesterein. Sa mar wat foarbylden. Mar oer Jesterlittens en Jesterein dêr woe ik it no oer ha. Twa doarpen oan it wetter, twa doarpen mei in ytkafée, twa doarpen wêr’t se ek keatse, twa doarpen mei in Skrok of in Skrins  en twa doarpen mei in fuotbalklup.
Twa moaie klups. Giel read en swart wyt. Dat leit wol wat fier útelkoar. Fierders binne der foaral saken dy’t wol wat fan elkoar hawwe. De klup út Jesterlittens ûnderoan op de ranglist, de klup út Easterein ek ûnderoan op de ranglist.  Jesterlittens in moai lyts doarp mei wierskynlik de measte leden út it gruttere Winsum. Twa fytspaden ferbine de twa doarpen. Mei Easterein is it net oars. Wommels is hofleveransier en at je wol wat fan omfytsen hâlde lizze der ek twa fytspaden tusken beide doarpen. Moai is dat foar de jeugd at se fuotbalje moatte of traine.
Tsja fuotbalje yn Jesterein en Jesterlittens dat kinne se dizze winter wol ferjitte. En de foarige winter ek. En de kommende winter ek. It reint en sneit op de sosjale media betiden twiits fan dizze beide klups.

Allegear mei de selde strekking. It giet net troch, it is ôflast,  it kin net trochgean, it is te wiet, it is te wyt, it is te hurd, it is te drekkich, it is neat bij neat.
Twa fuotbalferienings yn Littenseradiel. Ien op sneon en ien op snein. No noch in tredde- en no noch in twadde klasser. Mar aanst net mear. Dat hat meardere oorsaken en om no te sizzen dat it de skuld is fan de gemeente kin fansels net. Dat it de skuld fan it waar is kinne je  wol sizze. It waar kinne wij net feroarje, mar ús gemeente kinne wij wol oantrúne. Sij soene der mei foar soargje moatte dat bij it ôfleverjen fan dizze twa doarpen oan oare gemeenten (troch de weryndieling) der goeie fuotbalfjilden lizze.  Sij moatte de resjy pakke yn dit spul. Beide klups moatte in keunstgersfjild ha om aansens yn yn it geweld fan dy grutte gemeenten oerlibje te kinnen en net figuerlik ûnder te sneien en te reinen.
Jesterlittens nei Ljouwert mei in moaie fuotbalakkomodaasje en Jesterein nei Sudwest Fryslân mei in moaie fuotbalakkomodaasje. Dat soe in dream wêze kinne dy’t úkomme moat. At dy beide grutte gemeenten no fuort de helte meibetelje dan hoege se aansens net yn ien kear safolle te beteljen. Fuotbalfjilden dy’t it hiele jier brûkt wurde kinne binne fan libbensbelang. Dat kinne de klups net allinne berêde. Dêr hawwe se in stevige triuw yn de rêch foar nedich. Fan de gemeente dy’t der no noch is.
Lit ús hope dat yn 2018 of earder bij de iepening fan de keunstfjilden út de lûdsprekkers fan beide klups de lûden fan de Beetels klinke: Jesterdee, al de trobbels seem sa far ewee..... Fansels net te lûd want dan hawwe de fûgels op Skrok en Skrins der lêst fan.

(stikje skreaun foar de Treffer, klupblêd fan SDS)



zaterdag 2 maart 2013

Foarlêze

Ik haw dit jier al twa kear nei de byblioteek west en kom ik mei in bernefoarlêsboek thús. Ik bin in pake dy't miskien wol te hurd wol tocht ik noch doe't ik thúskaam.
Us pakesizzer Jelske is in 14 moanne en ik gean al syk nei foarlêsboeken......mei in soad printsjes.
Freed wie se wer bij ús en ik klapte it Einpikenfeestboek iepen.
Hearlik rêstich siet se bij mij op de skurte en se seach nei de giele pykjes dy't op alle siden stiene en se harke nei wat ik sei. "Wêr binne de pykjes", frege ik har. It fingerke gie nei it giele pykje en se brabbele wat.
Prachtich om te sjen en te hearen.
It fielde mij wer efkes de heit fan sis mar goed 30 jier lyn doe't ik de eigen bern altyd foarlêsde. Foarlêze en foardrage it is sa moai.
Yn dy tiid mocht ik ek graach fantaseare. Oer twa jonges: Piter en Jelle. At de bern yn bêd leine, woene se altyd noch efkes in ferhaaltsje heare oer de twa jonges en dan die ik wer in berop op myn fantasij.
Piter en Jelle, de bern hawwe it der noch wolris oer.

Troch in twiit en in ferwizing fan de Afûk haw ik hjoed besletten om dêr wat mei te dwaan:


Oprop oan skriuwers en yllustratoaren!
28 febrewaris 2013
Foarlêsferhalen frege!
Foarlêzen is foar bern hiel belangryk. It is net allinne gesellich, mar ek fan grut belang foar de ûntwikkeling fan bern. Foarlêzen befoarderet de taal- en lêsfeardigens fan bern.


Wy wolle dan ek graach in moai ferskaat oan foarlêsferhalen yn it Frysk hawwe. Dêrom wol de Afûk in moai Frysk foarlêsboek útjaan foar bern fan 2 o/m 6 jier en wy wolle (benammen ek begjinnende) skriuwers en yllustratoaren freegje om in bydrage yn te stjoeren.


At it slagget wit ik net mar hjoed op de lisfyts earne tusken Spyktille en HInaaard haw ik Piter en Jelle wer ta libben brocht fanút myn herinnering en myn fantasij.
Dat in seefûgel dêr ek in rol ynspylje sil, is foar kenners net raar.
En mocht in sjuery it net goed fine haw gjin noed. Ik bin der wis fan dat Jelske oan myn lippen hingje sil at pake Aant foarlêst út eigen wurk ek al is it mar in boekje mei in oplage fan ien.
Sneontejûn 2 maart.....it giet oan.

vrijdag 1 maart 2013

Winterfytswaar

In man fan sifers is dus altyd mei sifers en grafiken dwaande, want mjitte is witte.
Tsja, ik wol gewoan witte hoefolle kilometer ik fyts. Dat hâld ik per moanne bij.
Oan it begjin fan de moanne stel ik in streefsifer fêst. Yn jannewaris en febrewaris wie dat 25 km per dei.
Foar jannewaris betsjutte dat ik 775 kilometer fytse moast en yn febrewaris 700. Totaal dus 1475.
Moai dat ik konstateare kin dat it útkommen is op 810 en 722.  Totaal 1532.
In moai begjin fan it jier.
De Raleigh (bukfyts) sil it de kommende moannen hieltyd mear ôflizze moatte tsjin de twa lisfytsen (Pioneer en Sinner) . De Pioneer is foaral foar it wurk en wen ferkear en de Sinner foar de rekreative ritsjes en at ik efkes neitinke wol earen efter Kûbaard of bij Hinnaard.