zondag 30 december 2018

Hinnehok



Nei alle soarten muzyk op tongersdei (Popkwis),
de knetterjende gitaren fan de Paceshifters en oaren op freed,
is it sneon tiid foar de akoestyske gitaar
fan Gerry Wolthof,
dy't sa goed Neil Young neidocht.

Lokaasje is de Tempelreed yn Hieslum
wêr't in tige sfearfolle seal is mei in fêst poadium
wêr't optrede in feest wêze moat
en harkje nei muzyk in genot.

Moai dat er safolle minsken binne,
dy't harkje wolle nei dit grut repertoir fan Neil Young,
betink ik mij foarôf

Healwei it earste ferske
is it mij al dúklik dat dit net sa moai wurdt
as ik hope hie..
it wie echt freeslik,
al dy minsken om mij hinne,
drok petearend oer waar en wurk
mei de rêch nei it poadium ta.

Om mei hinne
sjoch ik noch in oantal muzykleafhawwers
dy't harren argewaasje suver ek net ferberge kinne

Hoe is it mooglik dat minsken
mei sa'n bytsje respekt foar de muzikant
nei sa'n jûn gean.

Ik betink mij nei 3 ferskes
dat it miskien better is om fuort te gean
mar doch it net.

Ek organisaasje hat argewaasje
want it lûd wurdt in pear kear wat bijsteld yn folume
yn de hoop dat it dan better (lês stiller) wurdt.

Krekt foar de ein fan it twadde setsje
seit Gerry mei in sûre ûndertoan
"Dit is het laatste nummer in deze set
zodat jullie ook weer even kunnen communiceren"

Argewaasje dus bij muzikant,
bij organisaasje,
bij in diel fan de besikers
en foaral bij mij

Yn dat skoft freegje ik de organisaasje
at dat hjir altyd sa is.
Nee dus, oars binne der minder minsken
en dy harkje ademleas...

Ik haw in alderaardichst petear
oer muzyk, konserten en belibbing
en merk de djippe argewaasje oer in diel fan dit publyk

Foar it tredde optreden,
nimt hij it wurd,
en noeget hij it publyk út
om dizze lêste set yn "stilte"te belibjen

It slagget aardich,
op in stik as wat hintsjes nei
dy't mooglik stront yn de earen ha
of stront eigenwiis binne en tinke dat dit harren hinnehok is

It wurdt in sfearfolle tredde set sels mei in tajefte....


Se fertsjinje dêr yn muzykkafee de Ville
noch in kâns om in jûntsje muzyk te belibjen.



vrijdag 28 december 2018

Popkwis



Der is ferskil
tusken in muzykbelibber en in muzykkenner.
Bij sommigen is der in kombinaasje
mar net bij mij.

ik bin in muzykbelibber
dus wêr't lju oersjonge
en hoe't it titel fan de nûmer is giet oan mij foarbij.

de ynlieding fan dit stikje
is nedich om út te lizzen
wêrom de POPkwis tongertejûn
yn it Dielshûs yn Wommels
net it sukses wurden is
wat sommigen miskien ferwachte hiene

Team Bluescruise:
Aant foar de jierren 50 (hie neat te dwaan)
Henk foar de jierren 60 (hie in maklike jûn)
Joop foar de jierren 70 (sa no en dan yn aksje)
Tom foar de jierren 80 (moast betiden flink harsensskrabje)
en Robert foar de jierren 90 ( al wat drokker)
dat wie it idee foarôf
mar .....

de jierren 2000 en letter dominearden
yn de fraachstelling
en dêr hiene wij meast gjin kennis fan

wij hiene in oh sa gesellige jûn,
wiene de optymistyske kant it neist,
learden in hiel soad nammen kennen fan muzikanten
wêr't wij (yn alle gefallen ik) noch nea fan heard hiene.

wat opfoel wie it boppemjittich oantal nûmers
dat útfierd waarden troch frouen
of mannen mei te hege stimmen,
ek dêr haw ik wat minder mei...

Op de Cranberries nei fansels,
en lit dat no de band wêze
wêr't ik (lês wij) net opkomme koene

Hiene wij dy goed hân.......
dan hiene wij miskien wol 12de west





Asteriks


Sûnt 2010  hie ik regelmjittich in loopke
nei Podium Asteriks yn de Blokhúspoarte.
Meast op freed, soms op sneon
en in inkele kear op tongersdei

Myn favorite seal,
gjin flawekul en orizjiniel,
dêr op de boppeseal
mei de útsliten draaitrep as tagongspoarte

48 bands seach ik dêr
en net de minste docht letter bliken;
bands dy't lyts en ûnbekend binne
krije dêr in poadium;
bands dy't letter grut wurde, lykas
Birth of Joy, Afterpartees en BlackboxRed

bands út it alternative sirkwy, lykas
Claw Boys Cllaw, Hallo Venray en Automatic Sam

It stoppet op 1 jannewaris.
Ik fyn it tige spitich.

Jûn noch ien kear rocke dêr.
It begong mei Boys Named Sue
en it stoppet mei de Paceshifters


Boys Named Sue 2010
ASG 2012
xxxxx 2012
xxxxx 2012
Peter Pan Speedrock 2012
The Deaf 2012
Cuban Heels 2012
Birth of Joy 2012
Milwaukee Wildman 2012
Allergic to Horses 2012
BlackBoxRed  2013
Tududuh  2013
Claw Boys Claw  2013
Black Box Red  2013
Birth of Joy  2014
We sell guns  2014
Flying Trascals  2014
Traumahelicopter  2014
Afterpartees  2014
The Black Cult  2014
Blues Grass Boogieman  2015
Scrappy Tapes  2015
Brother Dege  2015
Dario Mars & the Guillotines  2015
The Tighttropes  2015
Hallo Venray  2015
Seewolf  2015
Sunday Kids  2015
Left Lane Cruiser  2015
Miseries  2015
The Black Cult  2015
Homesick  2015
Birth of Joy  2016
Silverfaces  2016
Black HoneyUK  2016
De Underjordiske  2016
Nuria Graham  2016
Hallo Venray  2017
Suit and tie Johns  2017
Automatic Sam  2017
De Kat  2017
Cubical  2017
Claw Boys Claw 2018
Kitty Kitty Kuna 2018
Gold 2018
Evening with Knives 2018
Paceshifters  2018
Teen Creeps 2018

donderdag 27 december 2018

De omrop

Wat er bij mij  yn 2018 echt feroare is
dat is myn radioharkgedrach;
dat hat fêst mij leeftyd te meitsjen
meitsje ik mij sels mar wiis

wêr't earder Omrop Fryslân favoryt wie
mei sport en ek Fryske muzyk,
harkje ik dêr amper mear nei.

al dy kollegiale twapeatearkes
al dy ûnnoazele neatsizzende tillefoarpetearkes mei harkers
al dy foaroankundigen wat ik in oere letter heare kin
it jout mij tefolle argewaasje

dat er sa no en dan in frysktalich nûmer draaid wurdt,
fyn ik net ek goed foar it Frysk eigene fan de radio

Nee,
ik haw gjin argewaasje oan it betiden minne Frysk

Myn dei begjint altyd mei NPO radio 1,
meast ferfolge troch Arbeidsvitaminen op radio 5
(leeftydsprobleemke)
en dêrnei wurdt der skeakele nei Arrow Classic Rock

It goeie nijs is noch wol dat ik,
sûnt septimber
jûns om 19.00 oere wol ôfstim op de Omrop,
Casa Ennema is in oere muzyk ut Fryslân
en dat mei best wol
akoestysk, blues, rock en punk wêze,
at it mar in relaasje mei Fryslân hat.

Gewoan in hearlik programma is dat.

At ik dêr nei harkje dan freechje ik mij altyd ôf
"wêrom soe dizze muzyk net de hiele de programma's fulle kinne"
dan nim ik dy oare neatsizzende dingen wol foar leaf

Nee, ik haw net stimd foar de Fryske top 100!
wêrom soe ik dat dwaan?
De Omrop oan in ien Fryske muzykdei helpe
wylst se it 364 dagen net wichtich fine?

ik tink it net!





woensdag 26 december 2018

Krystkuier



De regel bij mij is
dingen dwaan dy't leuk binne;
sa no en dan doch ik aktiviteiten
dy't in iets mindergehalte hawwe:
sa as "in ferrekte ein" rinne

Lykas hjoed
de Krystkuier yn Bakkefean
en omjouwing

Mar leafst 10 kilometer stroffelen
wij troch bosk en oer de heide,
mei noch inkele tûzenen

Mei de organisaasje wie neat mis,
mei de route wie ek neat mis
mei de foarsjenningen ek net

en oer de snert nei ôfrin
haw ik ek gjin klachten

Mei oare wurden:
dizze boppeminsklike prestaasje
hawwe wij goed trochstien
en hat ús reedlik goed foldien

10,3 kilometer
15375 stappen
59 meter klommen
en dat allegear yn
binnen 2 oeren en 26 minuten
wêrfan 2 oeren en 1 minút beweging

tsja....dy sifers
dat makket it wol wer nijsgjirrich




















dinsdag 18 december 2018

Froeger

Pakesizzer Roan fan 3 wie juster en hjoed in diel fan de dei bij ús.
Wij eamelje wat ôf sa'n dei want hij praat as Brugman.
 It falt mij wol op dat hij it hieltyd oer froeger hat.
Meast is it 3, 4 of 5 moannen lyn mar foar him is it froeger.
Froeger dat is bij mij in hiele oare tiid.
Dus seach ik efkes yn myn plakboek fan froeger.
Bijgelyks 1977 (23 jier)


doe't Ierlân ús fytsfakânsjelân wie,


wij noch in "Cultureel Jongeren Paspoort" hiene,

doe't ik ek al nei it Bolwerk yn Snits gie,

doe't it kafee yn Rien in sintrum fan barrmhertigens waard,

doe't wij ek al yn Jorwert ûnder de parrebeam sieten,

doe't ik it middenfjild noch berinne koe,

doe't wij Frysk songen yn Easterein,

doe't de Kliuw noch iepen wie,

doe't de Frico noch poeiermolke yn de flessen die,

doe't Samar noch kabaret wie,

doe't wij ek al noed hiene oer de identiteit fan Fryslân,

doe't wij in húske yn Hichtum op it each hiene

en doe't wij de 11stêdentocht noch fytsten mei in FNP pet op.

 
 En ik noch lekker lang hier hie













Claw Boys Claw


We wurde opwaarme troch the Dolltones
justerjûn dêr yn it Bolwurk yn Snits..
foardat Claw Boys Claw optrede sil..

It opwaarmhealkoerke is in prima begjin
fan in prachtige jûn
mei de altyd stevich rockende Peter te Bos
oan de mikrofoan

Wêr't de iene jeugdsentimint neistribbet
meitje oare besikers harren debút
bij dit optreden fan Claw Boys Claw

Der giet wer fan alles mis
mei gitaar, mei drums, mei mikrofoan,
mar alles wurdt oplost tidens it optreden
mei de bekende laits fan Peter te Bos

Der giet safolle goed
en sa wurdt in prachtich optreden
dêr't  debutant en superfan allinne
mar loovenjende wurden foar oer hawwe

en Peter dy giet de seal noch efkes yn
sjongend, swingend, rockend
en hij komt fansels efkes bij mij lâns

donderdag 13 december 2018

Hinnaard

Moarns earst wurkje ik in oerke oan Fryskehannen,
in projekt fan Tresoar
Akten fan ferstjerren, út de gemeente Hinnaarderadiel
yn in database bringe.
Akten fan1900 oant 1940 sa ûngefear.

in soad út Lytsewierrum,
omdat Rien dêr ek ûnder foel
en in soad út Hinnaard

Safolle deaden,
en sa'n lyts tsjerkhôf om dat klokhús hinne,
dus frege ik mij ôf hoe't dat krekt sit dêr

In moaie tiisdeitemoarn
mei in opkommend sintsje
brocht mij yn Hinnaard

Net folle grêven
wol wat bekende nammen:
Wiersma, Rispens, Boschma en Hofstra

Neffens dizze side 121 grêven
ik haw se net teld en betwivelje at se der noch allegear stean.
Opromme miskien?

Mar moai dat saken digitalisearre wurde
oars is der letter neat mear te finen




Jan Ynte Hofstra (oerpake) en Durkjen Simons Visser (oerbeppe)










dinsdag 11 december 2018

Assistint

De assistint fan Apple hjit Siri
en dy fan Google Assistant

in Assistant dy't yn de tillefoan sit
en (hast) alles docht watst seist. 

Dy Assistint is nij sûnt dit jier
en it is noch in fier fan myn bêd dinkje
foar in soad minsken

Dat murk ik koartlyn
yn it Digitaal Kafé:
jonge en âlde senioren kinne dêr telâne
foar help mei alles 
wat laptops, tillefoans en tablets te bieden ha
en mei nije ûntwkkelingen
lykas de Assistant dus en Siri..

De ynteresse is net djipgeand,
de measten fine it ferfelend
om tsjin dy tillefoan te praten,
Se grieme leaver wat om
mei dy triljende, te grutte fingers 
op te lytse toetsebuordtsjes

Nee, dan pakeisizzer Samme,
goed 2 jier no
en fol fjoer oan it 
praten mei de Assistant

"Joe Tjoep openen"
mei de klemtoan op alle lettergrepen

ja, ik tink dat wannear hij hjoed of moarn wer lâns komt
hij bij de doar al ropt "Joe Tjoep  O P E N E N
sels foardat er de jas út hat..


Hij krige it aardich ûnder de knibbel
en begrypt hiel goed
dat at je net sa best type kinne
en wol prate
dan moat je dat brûke




vrijdag 7 december 2018

Ate en Chris

De tiid hâldt gjin skoft,
dat ûnderfyn ik alle dagen.

Nim no Ate Vellinga,
stoarn yn novimber 2017,
al wer mear as in jier lyn.

Ik tocht er oan
doe't Mojo oankundige
dat Chris den Burgh optrede sil
yn Amsterdam, yn Carré
yn desimber 2019

Chris den Burgh
noch altiten populair
en in grutte favoryt fan Ate




donderdag 6 december 2018

Gjin freonen


It loopke nei de brievenbus
is meastal in loopke om neat.
Echte post
wij krije it net folle mear.

Hoewol
de Vriendenloterij,
mei harren berikten wij dit jier in djiptepunt

hast alle wiken krije wij in brief
mei al wer in nij oanbod
mei al wer in paske
mei al wer in dwingende oprop

Meastal hellet dizze rotsoai
ús hûs net,
de kontainer komt bij ús earst
en dan pas de doar

Nea meidien oan dizze klup
en dochs alle wiken in brief....
belachlik...

ik haw it hjoed weromstjoerd
mei de opmerking

"uit adresbestand halen, please!
betrokkene is bijna overleden"




woensdag 5 december 2018

Posityf

Lars van der Werf is in ferseskriuwer.
Koart, grappich en posityf.

Yn 2017 soe hij komme
op it Greidhoekfestival yn Wommels.

Helaas it gie net troch.
Sa no en dan kom ik him wer tsjin
op twitter at hij ûnderweis dwaande is
in fers te skriuwen

Hij hat no ek in kalinder
dêryn dit prachtige fers






dinsdag 4 december 2018

Segeltsjes


Wolle jo ek segeltsjes
en de bon?
it is in standertsin bij de JUMBO

Segeltsjes wol
de bon net,
dat is myn fêste antwurd

Ik begryp ek net wêrom wij segels sparje foar

  • in dei út  (fyn ik neat oan)
  • in  Wiebe van der Zee puzzel (fyn ik neat oan)
  • sopkoppen (hawwe wij genôch)
  • bakpannen (hawwe wij genôch)
  • en al dat oare wat west hat 

Boppedat,
foar je it witte
is de datum fan bestellen foarbij
en hawwe wij te min kocht
want de kaart is net fol.

Allinne de segels fan Max
dêr wiene wij sljocht op
dy moaie reesautos
meie de pakesizzers hiel graach lije
en dan hawwe de segels in nuttich doel hân.

Jumbo,
fierders in prima winkel
yn ús doarp
mar de altyd trochrinnende segelaksje
fan de Poiesz,
wêr't je gewoan wat útsykje kinne, 
at je wat kaarten fol hawwe,
en dat sûnder iets bij te beteljen




zondag 2 december 2018

Yn 'e war

Bij ONS Snits binne se wat yn de war.
Dat is al jierren sa, mar it falt no echt op.
ONS, in klup dy't sa graach meidwaan wol
yn de top fan it amateurfuotbal
mar hast gjin publyk lûkt at je it fergelykje
mei de echte grutte amateurklups.

Ik kom net faak bij ONS,
it is mei allegear wat te patserich
en wat te poenerich
ik stean leaver bij SDS, WPB,, Nijland of Scharnegoutum efter it stek

ONS is dus yn de war
want it fúzjetrajekt
mei Sneek WitZwart rint net lekker

No hawwe se in brief skreaun
nei de wethâlder mei dêryn in blabla ferhaal
om dy wethâlder te oertsûgjen
dat se hiel wat binne en wurde wolle

De brief kinne jim hjir lêze.

Der binne twa passaazjes
dy't mei opfalle
en dy't mij yrritearje

Ook parkeerruimte is voor ONS Sneek een bepalende factor. ONS Sneek heeft de beschikking over ca. 50 parkeerplaatsen achter de kantine die gebruikt worden door bestuursleden, medewerkers en spelers. Op zaterdagen kunnen sponsoren hier parkeren op een speciaal afgezette parkeerplaats. Supporters kunnen aan de voorzijde van het sportpark parkeren op de daar aanwezige 225 parkeerplaatsen. Totaal beschikt de vereniging dus over ca. 275 parkeerplaatsen.

De club speelt ook met enige regelmaat bijzondere landelijke KNVB bekerwedstrijden. Wedstrijden met vaak meerdere duizenden toeschouwers met alle logistiek van dien.

Kom no gau,
275 parkearplakken at dat genôch is foar in gewoane sneon
dat wit ik net mar dat liket mij wol sa ta.

Mar om dan te ferwizen
nei dy inkele kear (sij neame dat "met enige regelmaat")
dat se tsjin in betelle fuotbalklup spylje
foar de beker, is wol wat wrâldfrjemd.

Wij hawwe alle jierren in Freulepartij
yn Wommels
foar dy tûzenen dy't dus alle jierren nei Wommels komme
is in eintsje fierder rinne as gewoanwei
gjin probleem,
want is it net sa dat we wat mear bewege moatte
en nei in sportwedstriid past dat hielendal

De twadde passaazje yn de brief
dy't mij noch mear yrritearret is

Daarnaast zijn we druk doende ons voor te bereiden op een overgang van lokale naar regionale certificering van de KNVB waarbij we de verwachting hebben ook richting andere voetbalclubs in SWF een rol van betekenis te kunnen spelen t.a.v. samenwerking.

Wat is dit foar ûnsin?
Hokker rol, bij hokker klups?
Of bedoele se
sneontemoarn de fjilden yn de regio ôfstreupe
om de jonge fuotballers
oer te heljen nei ONS te kommen
en der op dy wize foar te soargen
dat de regionale klups aansens gjin besteanrjocht mear ha?

Beste wethâlder fan de hiele gemeente,
traapje net yn sokke arguminten
want de klups op it plattelân yn dizze selde gemeente
wolle graach ek wat op nivo spylje mei eigen spilers
en dêr hawwe sij ONS net foar nedich,
want dy binne der allinne mar op út
harren eigen ambysjes wier te meitsjen


vrijdag 30 november 2018

10.000 km























Myn tiid fier foarút, sjoch ik wol
Want mei noch in moanne te gean
helle ik hjoed de 10.000 km
yn 2018
op de fyts fansels.

Bij de Burchwerterhoeke
mei in opkommende sintsje
fûn dit,
foar mij altyd heuchlik feit plak.

Alle dagen efkes fytse
of efkes langer
dan komme je fansels op 10.000 kilometer






maandag 26 november 2018

Privacy

"Wilt u niet op de foto,
meldt dit dan bij de organisatie"

sa'n soarte fan tekst
hinget yn it Bolwerk yn Snits,
sa seach ik sneontejûn
bij it konsert fan Green Lizard
dy't de bettere muzyk út de jierren 90 spile.

Privacy
dêr giet it dus allegear om.

Sneontemoarn
bij de start fan de Slachterin
yn Wommels.
Mear as 250 dravers...
ik ha se net frege
at ik se op film sette mocht,
ik haw it gewoan dien
op standsje "donkere opname"



zondag 25 november 2018

Yn 'e lijte fan...

It wol noch net winterje,
gelokkich mar,sis ik dan,
ik haw der neat mei,
hielendal neat.

Reedride,
myn tiid hat west,
de redens hingje al mear as 10 jier
yn de bekende wylgebeam

ik tocht  oan reedriden
doe't ik dizze wike fytste
tusken Lytswierrum en Rien

Moai fytspaad
mar noch moaier is de reidwâl.
Reiden dy't der net weihelle binne
en no, at it winter wurde sil,
soargje foar lijte
sels op it fytspaad,
dat in meterke heger leit
priuwde ik dat genot