donderdag 30 januari 2014

In app of playmobyl?

Pake en beppe gean mei de tiid mei. 
Beide in tablet en dat foldocht mar skoan.
Pake- en beppesizzer Jelske  sjocht altiten earst nei de hoes en at sij in Frysk flagje sjocht, seit se: fan Pake.
Jelske is no krekt twa jier en fynt in tablet tige nijsgjirrich.
Der is ek neat mis mei dat bern dêr sa jong al wat mei ompiele.
Jelske hâldt (noch) net fan twitter, feestboek, email, google en spotify.
Jelske wol in 'pultsie dan".
Spultsje dwaan dus.
Dus soarget pake foar in berne app op de tablet.
Mei wat puzzels, mei wat bistegelûden, mei wat memory en in mooglikheid om mei de finger te tekenjen.
It giet mei dy spultsjes krekt as mei oare dingen wêrbij konsintraasje nedich is.
It duorret mar in pear minuten.
"Oar pultsie dan" seit se dan.
Ferline wike freed hie se nei minder as in kertier har nocht.
En ik ek. Want spultsje dwaan is seker net myn favorite bezichheid.


Wierskynlik haw ik bij it delheljen fan de app net krekt lêzen wat it gefolch is fan gebrûk.
Dêr bin ik dizze wike efterkommen.
Ik krige in email.
Mei sis mar de toetsrissultaten.
Wat hat dat lyts kertierke oplevere oan kreative, kognitive ûntwikkeling en hoefolle minuten sosjale feardichheid hat se dien.
At har mem en heit har oer 2 jier oanmelde bij de basisskoalle dan wurdt yn it ramt fan Passend Underwiis foarôf beoardiele at krekt dy basis skoalle wol it goeie plak is.
Heit en mem kinne dan fertelle wat harren  befiningen binne en se kinne mei it tabletrapport fan pake fêst goed oantoane hoe't Jelske der foar stiet.



Moarn komt se wer in dei. Pake past op en pake hat op souder de bak mei playmobyl helle. 25 jier lyn it favorite boartersguod fan soan Tsjeard en dochter Anne-Marije. Benijd wat dit mei Jelske docht.

Nei in flinke waskbeurt binne se der klear foar. Moarn sil it as boartersguod tsjinje foar Jelske. Haw der mar in pear hynders bijdien, dan kin it hast net misgean liket mij.
En moarntemiddei meitsje ik myn "eigen rapport" op.
Op basis fan wat ik sjoch. 
Ik haw der yn alle gefallen sin oan want sjen nei in famke dat mei playmobyl boartet liket mij folle leuker as it sjen nei in famke dat oan it  "pultsie dan" is op in tablet.



vrijdag 24 januari 2014

Wybren

Op twitter wie it hjoed wrâldnijs like it wol: Wybren Jorritsma amtner fan it jier.
Wybren in alsidige jongfeint, dy't hikke en tein is yn Wommels.
Wybren, fan herte lokwinske.
Ik wit wat it is om amtner te wêzen.
In gewoane grize amtner om samar te sizzen.
Ien dy't op é tiid efkes nei bûten seach en ien dy't djippe laden hie (om te foldwaan oan it byld fan de bûtenwacht).
Ik haw njoggen jier amtner west bij de gemeente Snits en dat hat prima foldien.
It hat mij mar ien titel oplevere: fytser fan it jier fan de gemeente Snits.
In hegere titel kin hast soene je sizze mar wat Wybren no berikt hat nei hast twa jier is boppe-ierdsk.
Ik haw gjin stim op Wybren Jorritsma útbrocht.
Dat komt omdat ik de oare kandidaten net kin.
Stimme foar iets betsjut wol in kar meitsje.
Dat slagget net at je mar ien kandidaat kinne.
Dat Wybren hiel goed is as amtner en boppedat in aardige fint is, dêr is gjin twivel oer.
Om te stimmen moatte je ek op Linkedin sitte.
Ik sit net op dat medium.
Dus stimme koe al net.
  

Sjoch at der stimd wurde moast om de bêste lifter dan soe Wybren bij mij in hiele grutte kâns meitsje.
En at der stimd wurde moast oer de gearstaller fan it leukste Fryske boek dan soe ik it ek wol witte.

Want miskien wisten jim it noch net mar dizze amtner fan it jier is ien fan de haadrolspilers fan it it machtich moaie boek "Lift" oer "10 jier op é tomme troch Europa".
Foar de net lêzers mar de harkers sit der sels in lústerskiif bij.....
Dus wa't lêze (of harkje) wol wat dy Wybren mei al syn freonen en freondinnen belibbe yn Europa, dy soe dit boek (mei in hiel soad foto's) ha moatte.
Dat boek, dêr binne noch in hûndert fan te keap.
De jubileumpriis (fanwege Wybren syn oerwinning) is 10 euro. Oars hie it 15  euro west.
Bestelle kin troch in mail te stjoeren nei redaksje@tsjeard.nl .
Dan komt it fêst foarelkoar.
At de boeken tenminste net te gau útferkocht reitsje. Doch it wol gau want der komt gjin twadde printinge.

zondag 19 januari 2014

Feiliger?

Wat fytsen oangiet mei ik mij sels wol erfaringsdeskundige neame. 
Alle dagen sit of lis ik op ien fan myn 3 fytsen. Yn de wurkwiken yn eigen omjouwing en yn fakânsjes faak yn it bûtenlân.
Berjochten sa as hjir boppe roppe dan ek altyd myn nijsgjirrigens op.
En dan giet it ek noch oer Wommels.
Wat mij opfalt yn dit stikje wat yn de L.C. stiet, is de sin: Voor automobilisten geldt dat ze de fietsers voor moeten laten gaan.
"Voor moeten laten gaan" wat is dat?
Is dat it selde as dat de fytsers foarrang hawwe?
Of giet men der fan út dat auto's dy't mei in gonkje fan 80 km oanriden komme fanút Easterein, de fytser dy't fanút Skrok oerstekke wol, foar gean lit út fatsoen?
Ik wit it net. 
Ho.
Ik wit it wol.
Dat bart net.
It liket mij sa ta dat al dy strepen dy't no op de dyk kalke binne de fytsers it idee jouwe dat se foarrang hawwe en dat auto's stopje moatte.
Mar al dy strepen jouwe de autorider net it gefoel dat it giet om foarrang ferliene oan fytsers.
Of wurde de blombakken dy't no tichter bij Wommels op de dyk steane, ferpleatst nei dat punt, sadat auto's wol ôfremje moatte?

De oplossingen dy't no keazen binne op de van Sminialeane komme mij net echt fytsfreonlik oer. It idee dat auto's mij foar gean litte moatte, wylst it net dúdlik oanjûn is, komt mij wat te gefaarlik oer.



vrijdag 17 januari 2014

Hofkesjonge


Ik wit net at der no noch hofkesongen wurdt,
ik tink it hast net,
hofkesjonge, dat wie in moaie bezichheid eartiids,
spannend,
en sûn, want it gie wol om fruit!
te hurde parren en te soere appels,
sûn ek fanwege it draven...it hurde draven

Wommels yn de jierren 60,
moaie hofkesjong adreskes.
Yn dûmny syn tún oan de Terp,
in grut ferskaat oan fruit,
spannend dêr oer dy muorre hinne op it Aldhiem,
jatte en op tiid werom,
mei fansels it risiko fan de hel,
want it wie úteinlik wol bij dûmny.
Bij Klijnstra yn it Bosk mei syn prommebeamkes,
mei noch in grutter risiko,
it gefaar fan de sel,
Klijnstra wie úteinlik wol de plysje.
Op de Hofkamp, meardere adreskes....
yn it hôf oan de van Sminialeane ......

Op ien plak mei in hiel soad beammen kamen wij net,
dat wie it hôf oan de grutte feart,
it hôf fan Willem Postma.
Dêr doarst ik net te kommen.
Dat wie allinne foar echte weachhalzen
De hel en de sel wiene neat at je it fergelykje
mei de driging om yn dy  grutte hannen te fallen fan Postma,
Postma dy't net ien kear warskôge,
Postma dêr hiene je as bern respekt foar.

Op alle plakken yn Wommels haw ik wol west,
as bern, as jongfeint of as âldere,
mar yn it hôf fan Postma wie ik nea,
dat bleau ferbean
ek doe't hij ferstoar bleau it "it hôf fan Postma"
it hôf fertuteaze wat romte joech oan de fûgels

De ferhalen wiene der al in skofke
in oare eigner, feroaringen
wat soe der barre?

Wat hie it moai west at ik dêr dochs noch in kear sjoen hie
gewoan omstappe op it ferbeane, stikje grûn fan Wommels.
tusken de tsjokke beammen,
mei it tichte strewelleguod
mei it heal ynsakke hok
mei in "Postma" dy't miskien wol fanút syn himmelstoel der altyd noch driigjend op tasjocht

It kin net mear,
it is opromme
keal
spitich foar dy fûgels, mar dy fine wol wer in oar plakje, dy hawwe der faak genôch west.
spitich foar mij, in Hofstra dy't nea hofkesong yn dit hôf en der sels ek nea west hat en dy kâns ek net wer krijt.








donderdag 16 januari 2014

The Frames

Dizze wike pakte ik de CD fan the Frames mar wer ris út de kast. In Ierske rock band dy't ik no twa kear live yn Nederlân sjoen ha. Al wer wat jierren lyn want se geane net folle op toernee mear.
Mar ik hâld se yn de gaten.....
Wat in geweldige CD en wat bleau ik dit in moai nûmer finen. Mei safolle spanning en gefoel songen.
Dit filmke is opnommen yn dy prachtige seal  oan de Vicar street yn Dublin, wêr't ik ferline jier bij the Dropkick Murphies wie.









dinsdag 14 januari 2014

Freonen op de fyts

30 jier bestiet de stifting "Vrienden op de fiets".  Ek it kommende jier binne wij wer stiper. Sûnt 2003 is dat al sa. Alle jierren meitsje wij der gebrûk fan. Underweis op de fyts foar ús in prachtige oplossing om sa mei in bytsje spul op paad te gean.
Sliepe bij ûnbekende minsken yn in ferboude garaazje, yn in oerstallige karafan, op in souderferdjipping tusken de wekflessen of gewoan op in sliepkeamer dy't oars dochs net brûkt wurdt.
Freonlike minsken oer it algemien en allegear mei in eigen reden wêrom se dit dogge.
Sliepe en dan it moarnsiten en dan wer fierder. Op nei it folgjende adres.
Wij sjogge no al wer út nei de maaiefakânsje. Lekker in rûntsje troch Nederlân of sa.
Donatuer wurde kost 8 euro per jier en dêrmei krije je adressenboekje en in routekaart en de ynlochgegevens om de wepside te besykjen en te sjen wat de ferskillende adressen te bieden ha.




It boerd


It hat moai west. It hat lang genôch duorre. It is net slagge. Nettsjinsteande dit boerd mei ark dat yn ús garaazje hong. Al hoe moai it der ek útseach mei skroevedraaiers, kaairingen, hammers, in seage, wat tangen, in skjirre, in tomstok, in wetterpas, in seage, in file, in potlead en meardere dingen wêrfan ik nea witten ha wat je der mei kinne.
Ark oerkrigen doe't myn heit ferstoarn sa'n 15 jier lyn. Oerbrocht fan syn hok nei myn garaazje.
Dat it sa kreas yn de garaazje hong en foar it gripen hong, hat neat feroare oan myn twa lofter hannen (ûn)handichheid. Ik haw sa no en dan myn fingers weage oan wat kluskes wêrbij ik dit ark nedich miende te hawwen. It wie altyd wer in gok.
"Je moatte it goeie ark ha en je moatte dingen dwaan mei it goeie ark" waard der sein.
Yn de teory maklik yn de praktyk net útfierber. Foar mij dan.
Dizze wike de hiele hannel opromme. It hat gjin sin dat it sa'n prominent plak yn nimt yn de garaazje. Fuort der mei. Yn de nije arkkiste. Op tsjillen. Maklik at ik "in klus" efter yn de tún ha en de goeie skroevedraaier sykje moat. Hoech net 5 kear te rinnen.
Nostalgy? Herinnering? Nee hear.. sels de enseklopedy dy't myn heit as in wier besit beskôge hat hjir gjin plak mear.
Tiden hawwe tiden.




maandag 13 januari 2014

Schemeruur



It wie it debútboek fan de Sweedse skriuwer Johan Theorin. It is al fan 2008.Hij hat ûnderwilens al in stik as 4 boeken skreaun.
In bysûnder moai boek. Lêzen op tablet en net yn de gaten dat it in boek fan dik 400 siden wie.  In prachtich skreaun ferhaal oan de lêste side ta.
It boek brocht mij hielendal yn de sfear fan it eilân Oland, wêr't wij yn 2008 in pear dagen op fakânsje west ha.

Noch efkes wat foto's opsocht dy't nommen binne op dat (skier) eilân. Want in dyk ferbynt it eilân no mei de fêste wâl.


prachtige loften , dêr seagen wij jûns nei út

Wij troffen it, der wie in Yogafestival op de kamping dêr't wij wiene,
 en der waardfrjemdgenôch fan útgien dat wij dêr ek foar kamen.

Der wiene Nederlânske eigners en de kamping wie doe oansluten bij Rondje Zweden,
in gearwurkingsferbân fan Nederlanners yn Sweden mei in kamping.

zaterdag 11 januari 2014

Kroechkwis



Mei it grutte gefaar beskuldige te wurden fan minne ferliezers (Lolke, Willem, Ype, Durk, Popko en Aant) moat ik dochs mar wat skriuwe oer de tige gesellige jûn yn Noflik Easterein bij de Fryske kroechkwis.
Fan te foaren hie in anonime Eastereinder yn in briefke bij de Afûk oanjûn wêrom it oan de protters raasde dat it no krekt dêr holden waard (gjin kroech en in eigner dy't net Frysk praat). Wij waarden lykwols wolkom hjitten bij de doar troch eigner Ab mei de dochs tige fryske wurden "goeiejûn allegear" en de (grutte) seal like echt op in hiele gesellige kroech. Al mei al azeme it de goeie sfear út om der wat fan te meitsjen. De muzyk fan Baba live die gelyk in flinke oanslach op de earren mar dêr hâlde wij wol fan.
Fan te foaren hie ik fansels heech fan de toer blaasd (dy fan Easterein is fan de 11de ieu witte wij no)  mei útdaagjende teksten op twitter nei de Aaipopkes en de Grodzemodzers út Wommels. Bij de útslach koe ik dan ek fêststelle dat it tige goed holpen hat. Troch de útdaagjende en prikkeljende teksten binne sij boppe harren sels útstegen en einigen beide ploegen op in tige fertsjinstlik tredde plakje.
Dankje wol Aaipoppers en Grodzemodzers ik haw dat graach dien.
Sels sille wij einige wêze op in plakje tusken de 4 en 23. Wij rekkenje der op dat ek de net winnende ploegen te witten komme op hokker plak se einige binne. Dat it frouljusteam út de 4 doarpen (Itens, Rien, Hinnaard en Lytsewierrum) as twadde einige is ús ek bekend.
"Wêrom binne jim dan net earste wurden? dy fraach stelle jim no fansels.
Wij kamen te koart sa't it skynt en wisten foaral te folle ûnnoazele fragen net en in oantal hiene wij graach nei de tiid oer diskusearje wollen.
Foaral de kategory muzykfragen wie net wat wij der fan ferwachte hiene.
In fraach as "yn hokker auto dy Twa ride " hat neat mei muzyk te krijen.
Ik frees foar de folgjende edysje mei fragen as "hoe hjit it hynder fan Gryt Wiersma" , "wennet Hendrik Hasjies noch yn Houtigehage" en "hoe heech binne de Cliffs fan Moher"
Mar hawar, ús diktee wie ek midsmjittich.
It kin oan de leeftyd, oan de foarlêzer, oan it tiidstip, oan de kennis of oan it bier lein hawwe. Of in kombinaasje fan dy fiif. Wa sil it sizze.
It komt yn dizze digitale tiid selden mear foar dat ik sokke lange sinnen opskriuwe moat dus hie ik mear it gefoel dat ik meidie oan de Fryske kampioenskippen hurd Frysk skriuwe.
Dat in groepke Fryske skriuwers nei Easterein ta kaam wiene om mei te dwaan fertsjinnet alle lof.
Dat sij ek mei de priis nei hûs giene is oan de iene kant net ferrassend oan de oare kant wol. Want fragen as wa is de foarsitter fan de folkstúnferiening fan Easterein binne fragen fan in tige lokaal nivo.
It wie dus in tige slagge jûn, want at der neat te protteljen is, dan hie it wis neat west.
En nei de tiid wie der muzyk en tiid foar in bierke..........en wij hawwe noflik sitten yn dizze kroech.



donderdag 9 januari 2014

Boeken 2013

Yn 2011 en 2012 kaam ik ta 43 boeken.
Yn 2013 kom ik "mar" ta 37. Hie ik net tocht, foar myn gefoel in soad lêzen. Sitte wol in pear tsjokke boeken bij, sa as de twa fan Stieg Larsson.
Fan de 37 binne der 6 fryske boeken bij.
De moaiste is lestich te sizzen, mar it boek Skios fan Michael Frayn fûn ik geniaal betocht, mei sa folle humor en sokke moaie sinnen.
Hast alle boeken haw ik bij de bieb út Wommels en nûmer 35 en 37 haw ik digitaal lêzen. En dat hat mij poerbêst foldien.


1 Royen, Heleen van Bloed, zweet en tranen 2013
2 Keenan, Brigid Van Trinidad tot Kazachstan 2013
3 Egmond van Michel Gijp 2013
4 Boer, Eize de It sicht is withoefier 2013
5 Een licht in de duisternis de Waal & Baantjer 2013
6 Dahl, Arne Europablues 2013
7 Arghis Klaaikluten 2013
8 Dahl, Arne Verdwenen onschuld 2013
9 Dahl, Arne Requiem 2013
10 Schiffart, Sipke de Wat is it om bang te wêzen 2013
11 Thompson, James Engelen van sneeuw 2013
12 Zwaan, Peter de  De vuurwerkramp 2013
13 Hollander, Loes den Loslaten 2013
14 Zwaan, Peter de  De voeder 2013
15 Adler-Olsen, Jussie Het Marco Effect 2013
16 Eisma, Dick Dat kin de brune net lûke 2013
17 Rothenberg, Jess Het rampzalige verhaal van jou en mij 2013
18 Macbride, Stuart Verbrijzeld 2013
19 Terpstra, Arjen De hearen fan Fryslân 2013
20 Appel, Rene Goede vrienden 2013
21 Dittrich Boris De waarheid liegen 2013
22 Higgens Clark, Mary Neem mijn hart 2013
23 Larsson, Stieg De vrouw die met vuur speelde 2013
24 Meijer, Deon 7 dagen 2013
25 Rijnvis, Dennis Savelsbos 2013
26 Meijer, Deon Onzichtbaar 2013
27 Larsson, Stieg Gerechtigheid 2013
28 Meulen, Johannes vd Fan Harns nei Goutum fia Malta 2013
29 Jong, Ferdinand de De lêste trúk 2013
30 Edwardson, Ake Kamer 10 2013
31 Frayn, Michael Skios 2013
32 Kellerman, Jonathan Skelet 2013
33 Hornby, Gill Het regime 2013
34 Baldacci, David Vergeten 2013
35 Tol, Iwan Hans Kraay 2013
36 Dijkstra, Klaas Killers 2014
37 Siebelink, Jeroen Voetbalgenen 2013

Sûnt 1998 haw ik no 628 boeken lêzen.

woensdag 8 januari 2014

Sinner


Mei ik mij efkes foarstelle. 
Ik bin de Sinner Demon. 
In lisfyts sa't jim sjogge.
Ik bin in Grinzer.
Makke yn Garsthuizen.

Dat leit yn it prachtige lânskip boppe Grins.
Bij Readeskoalle yn de buert.

En jim witte der giet neat boppe Grins.
Yn 2000 haw ik foar it lêst yn Grinslân west.
Ik waard dat jier op transport setten. 
Earst nei Ljouwert en doe nei Wommels.
Wommels!!
Yn novimber 2000. 
Yn al dy jierren yn Wommels hat hij 22412 kilometer op mij lein.
Dat is sljochtwei 1600 kilometer per jier.

Mei hichte en djiptepunten.


jier  km
2000 416
2001 6200
2002 2441
2003 1306
2004 1423
2005 416
2006 154
2007
2008 32
2009 1707
2010 2240
2011 1602
2012 1470
2013 3005
totaal 22412

It begong sa moai yn 2001.
6200 kilometer
mar wat te tinken fan de jierren 2005, 2006, 2008 
en net te ferjitten 2007 
It absolute djiptepunt. 
Ik waard yn dy jierren skoudere.
Stie efteroan yn it hok.
Neist in Nazca.
Myn konkurrint.
Al dy jierren
De Nazca wie alles en ik wie neat.
Ik wie yn dy jierren meast in sliepplak foar de poes.
Oant 2009.
Ik krige in oar stjoer en ynienen mocht ik wer meidwaan.
Mei as hichtepunt 2013.


3005 kilometer mar leafst.


Berikt op de Berkwerterleane,
(dat is tusken it deadekrúspunt en Kramershoeke)
op moandei 30 desimber

Mear kilometers as de Nazca, dy't foar wen-wurk is.
dy't sa no en dan in buike op de kop krijt

Ik wurd nea wiet.
Ik bin foar de frije tiid ritsjes.
de moaiwaar en droege ritsjes

Ik tel wer hielendal mei.
Ik gean takem jier foar de 25000 kilometer totaal
25000 kilometer yn Fryslân.
En dat foar in Grinzer.



maandag 6 januari 2014

Leechsteande sinne

De earste snein yn jannewaris 2014....de earste foarjiersdei

zondag 5 januari 2014

Fakânsjeboeken

Dit wie tidens dizze krystfakânsje myn digitale boekenkast. 6 boeken delhelle fan de byblioteek.  Genôch foar dizze fakânsje. Want tusken it fervjen, it opromjen, it garaazje leechmeitsjen, it garazzajeynromjen wie der gelokkich tiid foar in boek.
Ien haw ik net útlêzen. Tafalligerwize it Fryske boek. 
Griene simmer, haw ik foar de helte trochwraksele en hie te folle muoite om de oergongen yn it boek in plak te jaan. Mei oare wurden ik hie betiden gjin idee wêr't it en oer wa't in gie.
In lestige foarm fan ferhaal oerbringe.


donderdag 2 januari 2014

De sosjale top 100

Ik haw hjir al ris earder wat skreaun en sein oer de Fryske top 100. Net myn ding. It leit er allegear sa dik boppe op. Wat in presintator graach wol bart. Dat sjogge je no ek al wer.
It is ûnbegryplik at je nei de Top 20 fan de Top 2000 sjogge, dan binne dat hast allegear legendaryske pop en rock songs. Ik haw begrepen dat Fryslân ek goed meistimd hat.
Foar de Fryske top 100 jilde sa't it bliken docht hiele oare muzyknoarmen.
Dêr giet in om sosjaal stimme.
Lit ús it asjeblyf net fierder fertelle oan ús buorprovinsjes. Dan wurde wij net mear foar fol oan sjoen.

Jeetje, myn neetje..... de Wiko's op 1. Ik wurd der tryst fan.
En ik foarsis jim foar de kommende jierren in oantal  nûmer 1 kandidaten
Eddy Dijkstra at hij beslút nei Kanada te emigrearjen, komt syn Fryslân op 1
Griet Wiersma, at har Fryske hynder rêst fûn hat yn it slachhús
Tetman de Vries mei Elts mei graach ris fiskje at it fiskjen hielendal ferbean wurdt







woensdag 1 januari 2014

Folle lok en seine


Foto is makke yn de earste Dútske Radfahrerkirche, dy't oan de Elbe leit en wêr't wij dizze simmer wiene. Sjoch hjir foar mear foto's