zaterdag 30 december 2017

Goarre

Tongersdei krige ik in tillefoantsje:
Rudy Bouma fan Friesland Actueel
"een kollumn over 2017 en de oliebollen"
hoe lijkt dat?

"Moaie útdaging", sei ik gelyk,
dat doch ik.

Friesland Actueel is Nederlânstalich
dus ek dêr sit de útdaging yn.
want sûnt ik net mear wurkje
skriuw ik hast nea mear dy oare taal...

ik haw twa dagen
dat is net folle
want meast komt er in idee
at ik Kûbaard of Iens omfyts
en mei dit buiige waar is dat net folle wurdich

mar dan is dêr gelokkich de goarre...
dus waard it dit

Voor mij geen oliebollen dit jaar


De beste winsken


Foto is nommen op 24 july 2017
op de Ofslútdyk
tidens ús fytstocht rûn it Iselmar

vrijdag 29 december 2017

Ta oantinken oan Gelf


Sneontemoarn kaam ik him tsjin
foar de winkel fan van der Velde yn Wommels
Gelf Eringa,
stapke foar stapke  gie it
want "it rinnen wol net sa goed"
en hij wiisde nei syn knibbel

"wannear komst wer" frege hij
yn de wittenskip dat de Treffer,
it klupblêd fan SDS hast wer útkomt

Hast 20 jier doch ik dat ritsje nei Spannum
mei in lyts doaske Treffers foar Spannum en Winsum,
dy't Gelf dan teplak bringt.

Meast kom ik binnen
en prate wij efkes

"it kin best wolris hjoed wurde"
jou ik oan.
"bist dan thús" freegje ik noch
"ja, mar ik lis meast wol efkes plat", jout hij oan..
"want it kopke is noch goed mar de poat wol net"

Middei fyts ik nei Spannum
en yndie
Gelf leit plak
en ik hingje de Treffers oan de doar
sa as wol faker de lêste twa jier

Gelf Eringa is stoarn
samar....
ynienen.....

"want it kopke is noch goed mar de poat wol net"
dat wiene dus syn lêste wurden
dy't hij tsjin mij sei


Gelf
ik sil dij misse
ús moaie moetings
bij dij thús of oan it stek bij SDS 1

ik haw prachtich mei dat fuotballe
ik ha prachtich mei dij praten
do wiest in prachtige wize man
en joechst fleur oan it libben.

Fierders
ferwiis ik nei myn blog fan 2015
want sa't doe wie
sa wie it no noch.....




donderdag 28 december 2017

Lemmy Lives

Klitsklatsklander
fan de iene rockhit nei de "ander"

de tredde Krystdei dus
yn it Bolwerk yn Snits
it projekt "Lemmy lives"
mei Death Alley as basis
en leden fan de Heideroosjes (Marco)
The Deaf (Janneke), Indian Askin,
 the Charm the Fury en Peter Pan speedrock.
en fansels Dikke Dennis dy't it oanelkoar eamele

en dan wie dêr noch dy drummer,
Bob Hogeneist fan Birth of Joy
wat in ritme, wat in power wat in enerzjy..
(it wurdt ek wer tiid om dy band in kear te sjen)

sân kertier lang in muorre oan lûd,
rock fan Motorhead,
it lûd fan Lemmy, twa jier dea no,
brocht mei safolle leafde foar dizze muzyk
foar in moai fulde seal

it wie machtich
en it in weardige ôfslúter
fan dit prachtige muzykjier






woensdag 27 december 2017

Krystkuier Sint Nyk

It aardige fan de Krystkuier yn Sint Nyk is
dat je it doarp 
en de neiste omjouwing
wat better kinnen leare;
en soks mei ik wol oer

Goed 6 kilometer rûn
mei muzyk en oare ferdivedaasje
troch doarp, bosk, lân en.....


......troch de tserke...de katolike ...mar dat sjogge jim sels ek wol

.......troch it it âlde hynstetramstasjon...... is no in jongereinhonk...

....lâns meardere muzikale ûnderbrekkingen 

.....troch in stikje bosk  en dat fyn ik net slim at it mar net te lang is....

.....troch it lâns en lâns beamswallen

....bij in fermaaklik (koart) alternatyf krystspul op lokaasje lâns

oan alles wie tocht...broadsjes woarst, foetham en fansels poeiermolke

wij dangelen wat om it opknapte Wilhelminaoord hinne...in pronkje

mei in hûn, in baaske wiene it allegear makke skiep.

mei kettingseage in beam omtoverje ta in moai keunstwurk...

zondag 24 december 2017

Nirvana




Nirvana
de band fan fan Kurt Corbain
wie aktyf tusken 1987 en 1994

Soan Tsjeard is fan 1981
en hij siet fol fan Nirvana,
fanút yn keamer boppe
koene wij ûnder meigenietsje;
hûnderten keare hearden wij 

Nirvana bestie net lang
want Kurt Corbain makke der
op 27 jierrige leeftyd in ein oan:
it wie doe 1994

Freed wie der in Nirvana jûn
mei de band Green Lizard..
de earste dyt rôp "dêr moatte wij hinne"
wie Tsjeard.
Syn band, syn muzyk
Ik gean graach mei
en komt yn in útferkochte seal
yn Neushoorn yn Ljouwert

In geweldige sfear, 
entûsjast publyk
en in fantastyske band
want Nirvana libbet noch altiten
yn de herten fan hiel wat jongeren
fan dy generaasje
en ek bij in inkele âldere 

Machtige jûn.....


zaterdag 23 december 2017

De moaisten fan 2017

Google foto's kin hiel wat,
sa witte wij sa stadichoan allegear.
Oan de ein fan it jier sjogge sij alle foto's troch
en meitsje dêr oersichten  fan.
Sa as de fleurichste foto's wêr't elkenien op laket
of gewoan de foto's dy't sij moai fine

Dat is hiel wat oars
as wat ik moai fyn

Al dy foto's fan de pake-en beppesizzers
binne fansels de moaiste
dat sil jim gjin nij dwaan
en dêrnei 
dêrnei
komme dizze foto's
mei in herinnering oan it jier 2017


Moarns op de fyts Iens efkes om....bij it opkommen fan de sinne....sa moai

Yn Kroatie...oan de kant fan de dyk....lokale ferkeapers as wichtige boarne fan ynkomsten

Fytsfakânsje ...hjir op it strân bij de Middellânske see...efkes in bakje

Fytsfakânsje......35 graden.....goed foar de sinneblommen.....beammen, goed foar it skaad....foar ús

Kroatie......oerdei hiene wij prachtich waar....en jûns  moaie loften 

De Frysman...de triatlon yn de buert fan Warns....de kombinaasje fan sportyf ôfsjen en hurde muzyk op é romte

De Ofslútdyk.....dit jier twa kear fytst en dat is unyk, want sa leuk fytst it dêr net

Fytsrûntsje Nederlân......bij Swol....de pontbaas dy't mei hânkrêft de pont betsjinnet ....en op bleatte fuotten

Fytstocht yn de buert fan Janum en Lichtaard.... ferkeap oan de dyk

Kroatie......fanút hotel en prachtich útsicht op de see en moaie loften

Kroatie ...tidens in moaie rintocht oer it Franz Josef rinpaad yn de buert fan Opatja

Kroatie.....Sibe

Fytsfakânsje....ek wolris in bui

Fytsfakânsje...yn Súd Frankryk....Canal du Midi....soms hie it neat mei fytsen te krijen ....

maandag 18 december 2017

Swimme


Jelske, 5 jier
pleage mij sa no en dan al,
troch te sjongen:
"Pake kin net swimme"
Dat hie ik har sels ferteld
om har wat te stimulearjen

Hjoed wie it sa fier
ôfswimme foar diploma A
yn in swimbad yn Ljouwert

Ik stie oan de kant
mei ôfgrizen te sjen
nei al dat wetter yn har eagen,
yn har mûle,
dat swimmen op é rêch
grggrggrg...
ik moat er net oan tinke

se seach nei mij ûnder it swimmen
en se glimke wat, want se wist
dat sij dat diploma aansens echt hat
en pake net


Ik bin grutsk op dij Jelske





zondag 17 december 2017

Teater

Sûnt 10 oktober 2010 draait er al:
de mjûsekul Soldaat van Oranje.
"je hawwe der west of sille der ynkoarten hinne"
dat is sa'n bytsje it lûd om mij hinne
"jim noch net west", hear ik wol gauris

"Nee, wij net"
en dat wurdt it him ek net..
Omdat elkenien der hinne giet
wol dat net sizze dat ik der ek hinne moat;
miskien wol krekt dêrom
gean ik net
miskien is dat wol reden ien dus;
reden twa is dat ik net fan mjûsekuls hâld
en as lêste haw ik neat mei
fjlms, toanyl, boeken ensfuorthinne
oer de oarloach

Genôch redenen dus....


Ik betocht mij dit doe ik dit berjocht seach,
en ferwezen waard nei Soldaat van Oranje.


in takomst ferhaal,
noch fier fuort









vrijdag 15 december 2017

Volvo Oceon Race



In pear kear per dei
sjoch ik op dizze wepside
dêrmei folgje ik de trackers  fan de sylboaten
dy't meidogge oan de Volvo Ocean Race.
7 boaten binne der
dy't no mei de tredde etappe dwaande binne,
fan Kaapstad nei Melbourne.

de webside bringt net allinne yn byld
wêr't de boaten krekt binne,
hokker keuzes se makke ha,
mar ek hoe't de omstandichheden binne
wat de wyn oangiet;
oan de kleuren kin ik it ferskil yn wyn sjen.

De filmkes, sis mar de prachtige bylden
fan de sylboaten
meitsje it ta in fermaak fan heech nivo

En dit giet troch oan july 2018
hearlik....


dinsdag 12 december 2017

10.000 km














Je moatte altiten doelen stelle
want útdagingen moatte der bliuwe;
10.000 kilometer fytse
yn ien jier,
dat is alle jierren
bijgelyks in doel






Hjoed 12 desimber
ûnderweis nei Boalsert
foar twa flessen Beerenboarch
(dus in nuttige reis)
helle ik de 10.000 fan 2017




Soe ik 10.000 km nei it súden fytse
dan wie Angola myn doel berikt


10.000 nei it westen ta fytse
soe betsjutte dat ik it fierde
mei in buord babi pangang

Dûnsje

Op syk nei alle bandsjes
dy't spile hawwe yn it Dielshûs
troch de jierren hinne
kaam ik dit tsjin

In prachtige adfertinsje
earne út febrewaris 1969
doe't "verloofden" ek wolkom wiene

ik wie 14
en hie yn dy tiid
allinne mar suertsjeferkearing


Dizze adfertinsje hjirûnder
is ek fan 1969.

Ik bin der wis fan
dat ik dêr wol west ha...
BZN doe in rockband


zaterdag 9 december 2017

Veronica


Sneupe yn âlde Ljouwerter Kranten
dat is sa'n bezichheid
dy't tiidrôvend is mar foaral boiend

Sa fûn ik in stik
oer myn favorite stjoerder fan doe
Veronica..

skriuwer wie in doarpsgenoat
en dêrom foel it mij op.

It kin hast net oars
dat ik argewaasje hân ha
oan dizze miening.

Herre Faber,
at ik mij net fersin..
wenne oan de Walpterwei

de Ljouwerter kranten fan doe
stiene der fol fan
ÿnstjoerde stikken fan H. Faber,
allegear fan dit nivo


vrijdag 8 december 2017

Oscar Benton Blues Band


Fan de Oscar Benton Blues Band,
hearde ik dizze wike in nûmer op radio Súdwest
tidens it programma Butenstaanders fan Doede Bleeker
alle tiisdeis fan 20 oant 22 oere

In moai muzyk programma
fyn ik dat.

Fan de Oscar Benton Blues band
haw ik it plakboek fan 1970 in foto,
of better sein,
5 foto's op ien A-4
fan de leden fan de band,,,

Dat betsjut dat ik se in kear live sjoen ha,
mar der stiet helaas net bij wêr.

Myn sneupen yn de âlde LC kranten
levere net it resultaat op
wêr't ik om socht

wol in oar nijsgjirrich stikje
oer de drege "besluten"
dy't wij doe nimmen moasten
wêr hinne te gean...
op sneontejûn.



CCC Inc yn Bakhuzen?
Dizzy Man's Band yn Warkum?
Oscar Benton Blues Band yn Beetstersweach
Mailer Mc Kenzie band yn Wommels?

De foto fan de Mailer Mc Kenzie Band
sit yn myn boek...
moai ticht bij,
wol sa maklik
en ek noch wol in aardicge band.

Fan de Oscar Benton Blues Band
in klipke
"The sun is shining"



woensdag 6 december 2017

Spotify




Spotify
foar mij de útfining
fan de lêste jierren.

Sa maklik
sa moai
sa handich
om nei alle soarten  muzyk te harkjen
op alle momint en alle plakken

Sels ûntdekke,
of my liede litte troch de tips fan Spotify,
want dêr binne se hiel goed yn;
myn harkgedrach wurdt bijholden en analisearre
sadat se mij noch better beynfloedzje kinne.

Oer 2017 hawwe se bijholden
wêr't ik it meast nei harke ha..

Ferrassend
nee, efterôf net ferrassend
is dat Hintsje Kokkelintsje
op nûmer ien stiet.

Tanksij Samme,
steane der noch 3 tophits
fan de famylje van der Meer
yn de top 10.....






dinsdag 5 december 2017

Ljocht



Us pakesizzer Samme
hat wat mei ljochtknopkes...

doe't er begong te krûpen
wiene de knopkes fan lampen
syn earste doel
en sûnt er begjint te rinnen
wurde alle ljochtknopkes meardere kearen prebearre
oan....út...oan...út

grappich te sjen
hoe't syn belangstelling
dêr nei utgiet

grappich...?

oant pake in flater makke,
in grutte flater

pake hat in nije fyts
en lit Samme sjen
hoe't je dat moaie reade efterljocht oandogge,
want foar fersnellingen en sok sa wat,
hat er noch gjin belangstelling,
tink ik

dat reade ljochtje
efter op de fyts
hij fynt it prachtich
en alle kearen oft er bij de fyts lâns rint
drukt hij mei dat lytse fingerke
op dat lytse ljochtknopke
en sjocht er grutsk nei pake

en dan giet pake út te kuierjen mei Samme.
in rûntsje om it Trochpaad hinne,
twa skoallen,
sa'n 50 fytsen
sa'n 50 reade efterljochten
sa'n 50 knopkes

bij hast alle fytsen hâldt hij stil
dy lytse eachjes sykje nei it knopke
dy lytse fingers drukke der efkes op
en út syn mûle komt: oan...oan

en pake?
dy rint er efteroan
en drukt se allegear wer út

folgjende kear mar in oare route


zaterdag 2 december 2017

Bierpul

Ik tink dat hast elkenien
it wol herkend:
op fakânsje yn it bûtenlân
en dan as herinnering
in bierglês of bierpul meinimme..



Yn de simmer fan 1977
gongen wij nei  Ierlân
foar in  huiftocht fan 14 dagen
yn de buert fan Cork



wij kamen thús
nei in bysûndere erfaring,
mei in protte Ierske muzyk,
belestingfrije sigaarkes
en ......
in bierpul,
in prachtige bierpul
dy't yn byld bringt wat wij dêr diene

no is drinken út in pul
net sa myn ding
(ik haw leaver in glês)
dus is dy pul wat efterôfsetten
en hat dy sa troch de jierren hinne
úteinlik hast 40 jier,
tsjinst dien as as pennebeker
yn myn skriuwromte thús.
hjoed foel hij mij echt op
bij it opromjen
fan al dy lege en ûnnedige pennen,
want skriuwe, dat doch ik net folle mear