donderdag 28 april 2022

Tribute

 Keningsdei yn Boalsert,

yn goeie tiden is dêr in tributefeest.

Dat wit ik noch....

It binne wer goeie tiden dus woansdei nei Boalsert



Sommige lju gean allinne nei in tribute band of de tribute artyst

at dy net mear bestiet of at dy dea is.

Bruce libbet noch

dy fan Fleetwood Mac hawwe spul en spylje net mear

de Stones binne noch mei harren trijen

Queen libbet as ea dêrfoar, sûnder de deade Freddy Mercury

en Brood, ja Brood, dy  is echt dea.

De Brood tribute band is it hichtepunt dizze middei

( Bruce en Queen haw ik net sjoen)

In perfekt lûd, strakke drummer en bas

in hearlik ôfstelde gitaar 

en in prima entûsjaste springlibjende deade Brood


It wie dêr tige gesellich bij it Veerhuijs. 

Sichtber genietsjen troch jong mar foaral wat âlder


zondag 24 april 2022

Pake sil der wurde

Ik wit it noch goed

foar de earste kear pake wurde.

2012, ik lis yn in hut op de boat fan New Castle nei Ymuiden

It slotstik fan in fuotbaltripke.

It waait hurd, it sliept lekker 

en gjin tillefoan  dy't mij nachts wekker krijt

Moarnsbetiid sjoch ik dat Hildau belle hat.

Dy rint noch net op alle dagen, mar......

Jelske isberne, ''ús earste pake-en beppesizzer"

In bysûnder momint. Prachtich.

Der komme mear bijsûndere mominten.

Roan, Samme, Nyck en Brecht.

In hânfol en dat is noch net iens alles

23 april berne SYB

soan fan Anne-Marije en Jelmer.

Wij binne al wer grutsk en bliid


woensdag 20 april 2022

Mozaieken

De blommedagen yn Anna Paulowna.

Wij sjogge der meast efkes ein april.

Blommefjilden en wat útbyldingen

hjir en yn Breezand

Dizze stiet yn Anna Paulowna

"Paint it black"mei de fjouwer Stones yn byld


Wat in wurk, dat wurdt hjir ûnder beskreaun


Roan en Jelske binne mij

sij hawwe frij fan skoalle en sa fulle wij ús oppasttid yn









dinsdag 19 april 2022

Boere-aaipop



Aaipop 2022 

it sit er wer op.

Ik sil net, ik sil net, mar ik gean úteinlik wol.

Gjin spyt, it is gesellich en 

hjir en dêr en sa no en dan

ek noch muzyk dy't ik wol lije mei.

Mar ik bin ek wat kritysk dizze kear.


Folaai


2500 man en útferkocht

moai foar de organisaasje 

en moai foar de sinten.

Minder moai foar myn mage.

Sa om in oere as wat is in fet hapke net ferkeard.

Ik sjoch lju stean, hûnderten om de grutte "bar" hinne

hongerich, wachtsjend en mei ûngeduldige eagen

yn fjouwer rigen dik.

Hjir skynt de ienige "fretterstinte" te stean.

Ik haw gjin idee hoelang de wachttiid is, 

mar foar mij is 5 minuten lang genôch.

Dat wurdt net ite.

Pisje en dat oare kin wol.

Gjin iten, dus is dat oare net nedich

Gelokkich mar, ik fang in pear glimpen op fan sa'n diksie,

in bargestâl is der neat bij.

Mar hawar ik moat net seure,

bin ek jong west en seach doe miskien ek wol net sa krekt.


De muzyk


It folk komt foar de boererock 

en dêr is fierders neat mis mei,

sa no en dan in lyts healoere meistampe 

op de muzyk fan  "Normaal yn it Frysk"

en sjen nei it útlitten folk om mij hinne is prima.

Dit is TrijXniX en dat wie net 3 kear niks

fol gas mei Folgas


TrijeXniX en Folgas boererockten der lekker op los.

Om in festival hielendal yn de stimming te bringen

is dêr altyd wer Jitizer.

Wat in feest en wat enerzjy. Hearlik.

Feest liket it ek bij Joop Obama & The Presidents.

It Frysk is ynienen bijsaak, 

in medley mei de tintefeestmeisjonghits

yn oare talen, it makke it folk neat út.

Mij wol en hopenlik de organisaasje ek.

Sjoerd ensa en NNB hawwe foaral lêst 

fan it minne lûd yn de Teneftertinte


It Rockhok


In ideale romte om dêr efteryn wat steantafels en krukken del te setten

omdat dêr it meast serieuze en âldere publyk komt te sjen,

en omdat it fan 14 oant 22 oere in lange steansessy is op Aaipop.

Dy pear bankjes bûten yn de brânnende sinne is gjin sitplak.

Tip sjoch nei it Bolwerk yn Snits
Sij hawwe it dêr no ek 
en dat is in hiele ferbettering

Yn it Rockhok sjoch ik de Vocal Roses, 

it is net myn sjênre,

mar it is wol lekker enersjyk mei in band derbij.


Weima en van der Werf jouwe efkes rêst mei in gesellich optreden.



It absolute hichtepunt fan dizze Aaipop is Farsk!.

Myn sjênre, myn favorite bands, myn nûmers

allegear oersetten yn it Frysk.

Foo Figters, Neil Young, Volbeat, Nothing but Thieves

it komt allegear foarbij yn in spetterjend optreden.

"Better wurdt it net hjoed", sis ik tsjin de soan


Tsjin tsienen sette wij wer ôf

op de fyts nei Wommels yn in flink tempo

want soan Tsjeard fytst altyd efkes flugger 

as at ik gewoanwei dwaan soe


Om 2 oere wurd ik wekker.

Klearwekker,

fan de honger, 

wat haw ik sin oan in broadsje  kroket

ik set de frituur mar net oan........



zondag 17 april 2022

Klokkestuollen yn Fryslân (11) - Follegea

 Underweis nei hûs komme wij ek troch Follegea

Dy stiet op myn klokkestuollelist dus rinne wij oer in hiem

nei it iepen hôf mei klokkestoel










vrijdag 15 april 2022

Klokkestuollen yn Fryslân (10) - Jistergea

 Tusken de Lemmer en Follegea leist Jistergea.

Wij fytsten der lâns en dy kâns koe ik net gean litte











Rûntsje Iselmar

 


Twa oernachtingen

goed 300 kilometer

ien buike.

Sjoch dêr ús rom rûntsje Iselmar dizze wike.

De foto's yn omkearde folchoarder



In do op de kassa bij de fiskboer op é Lemmer

Yn Urk in monumint mei nammen fan de fiskers dy't op see efterbleaunen

Yn Spakenburg witte se wat de lêstposten binne op fytspaden


Amsterdam

De Zaanse Schans, mei fierderop wer hiel wat toeristen mei selfiesticks

moai keunstwurk bij Graft

In unike B& B, sliepe yn treinwagons

Net yn Stompetoren mar yn Hoogwoud

Noard Hollân yn bloei

Mei de fytsbus de Ofslútdyk oer, it hoecht net wer oars







maandag 11 april 2022

Foetelen

Fytse op in elektryske fyts dat is gjin fytsen.

Dat ferkundigje sommige "echte" (rees) fytsers hjir en dêr.

In jier lyn hie ik dat ek sizze kinnen, mar dat is net sa.

Op reis troch Itaalje yn 2021 binne wij fan de 40 fytsers

2 fan 10 op in gewoane fyts.

Wij (de 10) hawwe it betiden dreech (heuvels) en sij net?

Nee, dat wie net sa. 

Ik seach de ynspanning dy't ek sij leverje,

allinne it gie harren wat makliker ôf.

Maklik ôfgean dêr is neat mis mei.

Dat wie ek sa doe't de ienfersnellingfyts 

oergie yn in trije fersnellingsfyts

en noch letter yn in 27 fersnellingsfyts.

Doe't de swiere logge fytsen mei alles der op en oan

plak makken foar supersoanyske licht reesfytsen

Dy't bij it it âlde hâldt, hat it dreger 

en sizze soms ek, gjin keunst mei al dy fersnellingen.

Fan al dy fersnellingen nei in elektrsyke fyts is ek sa'n stap.

Werom begjin ik hjir oer?

Net om mei te ferdigenjen.

De E-fyts befalt mij prima en it makket it fytsen leuker.

Ik begjin hjir oer omdat ik in prachtich stikje tsjinkaam yn it blêd FietsActief






donderdag 7 april 2022

Tivoli

Samar wer in jûntsje fuort.

Trije ôfsizzers foar it konsert fan Fontaines DC

en sa koene trije oaren mei nei it konsert.

Want ja, de kaartsjes wiene noch fan maart 2021.....

De Ierse postpunkband Fontaines D.C. is met hun gejaagde grotestadsrock een van de opwindendste nieuwe bands van dit moment. De leden delen een voorliefde voor poezie, en dat is duidelijk te merken aan de beat poet-achtige teksten. Ook niet mis: de stuwende voordracht van frontman Grian Chatten, die geregeld doet denken aan iconen als Ian Curtis en Mark E. Smith (The Fall). Fontaines D.C.’s debuutalbum Dogrel (2019) bevat natuurlijk de ijzersterke singles Boys In The Better Land en Too Real en is volgens de Volkskrant ‘een plaat waarvan je nu al weet dat het een klassieker gaat worden’! 

En met de nieuwe plaat A Hero’s Death, waarvan we al op voorproefjes I Don’t Belong en titeltrack A Hero’s Death getrakteerd werden, op komst belooft het een legendarische avond vol nieuwe muziek te worden.

En it is in legendaryske jûn.

Hearlike muzyk yn in grôtfolle seal

It fielde as hiene se de seal ferline jier útferkocht

en no noch in kear......






In hantekening

Jochum Myjer yn it doarp en op skoalle.

De bern allegear entûsjast.

Us pakesizzers komme ek bij ús

mei in briefke mei foto en hantekening fan him.

Wij beare omraak, wat leuk fan Jochem,

wat leuk sa'n hantekening.

Samme fan 5 oefent ek op in hantekening

want hij begrypt no dat in hantekening net samar iets is.

Nyck fan 4 is bij ús en wol kleurje.

Hij hoecht gjin stik papier.

Dat hat er al.

Jochum syn eagen wurde bewurke,

syn kin krijt in burd en syn hantekening

dy rekket ûnsichtber troch krassen en kleuren

"Sjoch pake, sjoch pake"

Hij is grutsk op syn eigen kreaasje fan Jochem syn briefke


dinsdag 5 april 2022

De skiednis herhellet him

Myn oerpake wenne earder op Spyktille.

Sjoen fanôf Iens, it hús mei wurkpleats oan it wetter.

Oerpake wie dêr timmerman.

Myn pake is dêr berne en wenne dêr yn 1912

It wie doe dik winter, mar 



Teake Hofstra wie 16 jier en ferdronk yn de Leeuwardertrekvaart.

Yn 1961 ferdronk Meindert Hofstra yn de Baolserterfeart.

Dat is it selde wetter


Amer

 


Snein de audiotour dien,

it loopke fan "de râne fan de tiid" troch de Súdhoeke

Ik bin benijd hoe faak dit skiep en har freondinne

op de foto kommen binne.

Se stiene yn in kampke lân fan van der Valk

Wêrom se de ammer oan de holle fêst ha,

ik haw gjin idee

en Jellie wist it ek net

zondag 3 april 2022

vrijdag 1 april 2022

Skiep

Inductie is een manier van abductief redeneren waarbij er op grond van een aantal specifieke waarnemingen tot een algemene regel, generalisatie geheten, wordt gekomen. (boarne Wikepedia)

It klinkt wat filosofysk en dat is it ek.

Sa no en dan lês ik wat filosofysk.

Sa as no, it E-boekje

"Het leven als tragikomedie" fan Tim Fransen.

Ik kom yn dit boekje in moai foarbyld tsjin fan Ïnductie


ik fyn him fermaaklik