dinsdag 29 september 2015

zaterdag 26 september 2015

In hoannekaam













Freed 25 septimber:
it is punkjûn
yn Snits

Hjir in dêr sjoch ik se:














de hoannekaam
it typyske byld fan de punker
ôfsette tsjin de maatskippij
mei it hier as bypassend byld
dat wie de punk
yn de goeie tiid

punk is gjin beweging mear
it is de muzyk dy't oerbleaun ís

Snits en omkriten
rint net echt waarm foar de 4 bandsjes
mei in  150 man hâldt it wol op.

wol moai fansels
foar al dy beweechlike punkers,
sij kinne harren mar útlibje.

en ik?
ik sjoch dat it goed is
sa'n tema punkjûn
en bleua wat wei
fan it getriuw

ferrassend optreden fan
de Surfing Caramba
út Sjili en yn it Spaansk

Fan kertier foar njoggenen
oant kertier oer tolven
4 bandsjes
it wie genôch

werom op de fyts
nei Wommels
geniet fan it moaie heldere waar
en ferdwine de neigalmjende punklûden
troch de muzyk út de fytsradio

Marcel Smit
mei omstekeard
Gurbe Douwstra mei
Wij Friezen
en troch Hûnekop
mei Jappie Kommando

in moaie jûn dus



vrijdag 25 september 2015

En dat wie Sult

Tongersdeitejûn
Nijhuzum
teatergroep Sult
mei Krang

Ferrassend en kreatyf
dat fyn ik fan Sult
altyd mar wer in bijpassende lokaasje fine 
om dêr in tema op typyske wize
foar it fuotljocht te bringen

sa as no....
oer de wynmolens
mei in aksjegroep en ferdieldheid yn it doarp.

de haven,
in fleurige pleats
in tryste pleats
in stik lân
in oar stik lân mei útsicht op de tsjerke

prachtige ferljochting oeral 
en alles wat der ek stiet,
oan de kant fan de dyk
hat in betsjutting

bijgelyks dy auto's
oan de kant fan de dyk
mei de ruten iets te fier iepen
en de radio lekker lûd
mei klanken fan
Blowin in the wind
en
the wind cries Mary

Ien dikke bui justerjûn
mar doe sieten wij gelokkich binnen
te sjen nei it deagean fan immen

dêrnei krekt wer droech 
om de slotsêne te belibjen
bij de tsjerke





donderdag 24 september 2015

Australie



Sa hie ik noch nei Australie sjoen..........

woensdag 23 september 2015

WTC


Godtank
se hawwe der goed oer neitocht
om it WTC gebou frij te jaan
foar flechtlingen de kommende winter

want alles goed en wol
dy Syriers
dy't harren lân útflechten binne
yn Nederlân fersyld rekke binne
en noch nea heard hawwe fan de alvestêdentocht.

mar gelokkich hearde ik
immen fan de pommeranten sizzeen

dat de 11 stêdentocht feilichsteld is.....
de start kin earne oars plakfine.
Godtank




dinsdag 22 september 2015

Wetterpoarte

Ik ha net folle mei wetter
dat mei bekend wêze.
Seeen en marren 
ik fyn it mar neat allegear
myn favorite wetter is miskien wol 
reinwetter.

Mei de wetter poarte
it úthingboerd fan Snits
haw ik ek neat.



Yn augutus stie dit stikje yn de LC
30 septimber komt er in spesjale krante út 
oer de Sneker Wetterpoarte.
De LC is op syk nei foto's fan breidspearen
dy't de troufoto's dêr makke hawwe...

Tsja,
wij skriuwe 1977
wij wenje yn Snits
tsjinoer de Wetterpoarte


En dan is it net raar dat de troufoto's
op lokaasje makke wurde 
bij de Wetterpoarte




Dizze hawwe wij ynstjoerd



zondag 20 september 2015

Ferhalen


Utjouwerij Fosfor hat him spesjalisearre yn it útjaan fan Longreads en E-books.
It giet meast om koarte ferhalen dy't basearre binne op wiere ferhalen
dy't tichtbij ûndersyksjoernalistyk sitte.

Haw de lêste wiken trije lêzen.
Alle trije tige de muoite wurdich.

Mear ynfo op https://fosfor.nl/


Rob Zijlstra

Het drama van Baflo

Een reconstructie




Een reconstructie van de aanloop, de fatale dag zelf en de nasleep van een drama: de dubbele moord op een jonge biologe en een politieagent in het Groningse dorp Baflo.

Frank Westerman

De moord op de boekverkoopster

Kun je je lot tegemoet lezen?




Het is dé literaire moord van Nederland: de vergiftiging van boekverkoopster Marian Heij uit Wageningen. Frank Westerman onderzoekt de zaak via Marians boekenkast.


Wiep Idzenga

Een klein kutsteentje

Hoe Michael Boogerd heel even dacht wereldkampioen te worden

Michael Boogerd beleefde in 1998 een geweldig fietsjaar. Tijdens het WK Wielrennen leek niets een overwinning in de weg te staan...

in samenwerking met wielertijdschrift De Muur

dinsdag 15 september 2015

Machtich dat Greidhoekfestival

Moaie moanne
septimber.....
it Greidhoekfestival

as muzykleafhawwer in muzikaal hichtepunt
en dat yn eigen doarp

en wat wie it wer bijsûnder dit jier,
in prachtich sfearfol terrein
in ûntspannen sfear
ferdivedaasje foar jong en âld
en machtige bands

Ik haw mij fernuvere oer fan alles mar yn it bysûnder oer....



























It entoesjasme dat Wiegels Wjukkel Masjine oerbrocht nei de bomfolle tinte.........



It spraakmeitsjend optrden fan Orgaanklap.......


























Dy machtige Aferpartees mei harren jankende gitaren


























It ferrassende optreden fan de Tigers fan Greonterp


Dy strakke set fan Professor Nomad


de sfearfolle tinte

En wat moai, as presintator op it grutte poadium mei Henk Koorn '(rjochts) op de foto dyt no trije kear op it festival west hat.


Foto's binne fan Hendrik Jellema en jim kinne se hjir allegear sjen


vrijdag 11 september 2015

Augustus yn Jorwert

At ik in boek lês
en der wurdt yn ien kear ynsjitten
dan kin ik dat noch wol ferneare.
At it fan de ordinaire sjitpartijen wurde
mei in deade hjir
in deade dêr
en ien dy't it allegear krekt oerlibbet,
dan is myn aardichhheid
oan dat boek
meast al fuort

Geweld, ek ferbaal is net sa myn ding

Dat gefoel oerfoel mij tiisdeitejûn yn Jorwert
bij it iepenloftspul:
ferbaal geweld fan de slimste soart...

it is in tryst ferhaal
mei safolle ûnbearingen yn in gesin,
dat kinne je hast net foarstelle,
it waard prachtich yn byld brocht
mei in boppeminsklike superrol fan
Wiepkje Castelein, de mem
mar ek fan Sjoukje Jager, de dochter
dy't gjin muoite hie om yn de fuotspoaren fan har mem te treden
wat it ferbaal geweld oan gie,...

Prachtich spile
moai dekôr
hearlik waar
in noflike sfear

Mar it hie mij krekt wat tefolle ferbaal geweld

Mar folgjend jier
bin ik fansels wol der wer!

woensdag 9 september 2015

Reine docht it hast net


In tige nijsgjirrich oersicht
fan de webside "hetregentbijnanooit"
Al 7 jier lang hâldt immen yn de buert fan Nijmegen dizze webside bij
as wen-wurkfyter bringt hij yn byld
hoe faak it droech is
en dat it minder as 8% fan de fytsritten reint
Dit is it oersicht fan septimber 2014 -septimer 2015.
Opfallend dat de minste moannen desimber en july binne

zondag 6 september 2015

Jentsje

Wij skriuwe 1982.
De kroade komt lâns
mei boeken.
Fryske boeken

Hildau is krekt 3
en Tsjeard is 1


























vrijdag 4 september 2015

Keunstroute Paradepaadje

In alderaardichst moaie keunstroute yn 6 doarpkes
Lytsewierrum, Rien, Itens, Boazum, Britswert en Wiuwert


Poezy yn de tsjerke fan Britswert

Byldhouwurk fan Jehannes Hibma yn Wiuwert

Skilderijen, nivelwurk en muzyk yn de tsjerke fan Wiuwert

in hynder op it dak bij de kroech yn Wiuwert

keunst op de boppeseal en in Radler op it terras yn Boazum

portretten yn in skuorre bij Boazum

en in alderaardichste komposysje bij Itens

woensdag 2 september 2015

dinsdag 1 september 2015

Roan







Wille makke mei Roan.......prachtich