dinsdag 29 oktober 2013

Frysk Museum

26 oktober wie de Rabo museumdei. Klanten koene gebrûk meitsje fan in bon yn it Raboblêd en mochten fergees nei in museum. Wij keazen foar it krekt iepene nije Frysk museum yn Ljouwert. It byld fan it âlde Frysk museum mei syn keammerkes, huêzen, trepkes, opstapkes ensf. binne je gau fergetten at je dit museum trochgean. Ald en nij komme hjir goed bijelkoar en de brede sealen en hege muorren meitsje it ta in rom gehiel. In soad fariaasje en leuke fynsten op wat sjen te litten. It hat ús skoan foldien, útsein de lange rige foar it binnekommen.
11 oere gie it iepen en bij beide yngongen stiene hûnderten minsken rom fan te foaren,
 ek al omdat der wat misbegryp wie oer de iepeningstiid. 


It museum hat in protte leuke boartlike fynsten sa as in oantal muorreskilderingen
lykas dizze fan de Slachtedyk

in hiele muorre mei tegeltsjeswiisheid

tsja..........

alle portretten op ien grutte reade muorre...je soene der benaud fan wurde

en doe't wij it allegear besjoen hiene, stiene der noch lange rigen te wachtsjen.....it wie ommers fergees.

maandag 28 oktober 2013

Koade read

Koade read hjoed.
Dat betsjutte hurde wyn, buien en wynpûsters mei útsjitters fan wynkrêft 11 of 12.
It hichtepunt wie tusken de middei waard der sein.
In goeie foarsizzing.
Koe fannemoarn "gewoan"op de lisfyts". It waaide doe noch mar in 8 mei útsjitters nei 9 of sa.
Sa no en en dan wie it in hâlden en kearen mar it wie te dwaan.
Tusken de middei "genoaten" fan wat dy wyn allegear docht yn de stêd en wat wij der fan sjen koene.
Ferskearsbuorden dy't spontaan lizzen gyngen, it wetter yn de feart dat gewoan oppakt waard troch de wyn en it skodzjen fan it gebou mei klapperjende platen.
Om 5 oere in nijsgjirrige reis werom. In lichte 7 of sa en oeral wie der wol wat te sjen. Alles wat net goed fêt siet, hat belies jûn.
In bysûndere dei.



zondag 27 oktober 2013

Fytse yn de drokte

Fiif dagen taholden yn de buert fan Hillegom. In pear plaatsjes fan úd fytstochtjes.
Us appartemint huize Dina mei frij útsicht oer de dalia fjilden

In kilometer as 10 en wij wiene yn Noordwijk oan See

De wike fan strontrees, dus efkes op it kearplak sjoen

Dit wettergebied stiet fol mei moaie molerns

Wij wiene it haske want de pont farde net en moasten in moai ein omfytse

Al hast twa jier stiet dizze brêge iepen....problemen mei de oannimmer, it jild ensafuorthinne

Sneintemiddei yn de buert fan Amsterdam feteranen rugby.

Op de fyts lâns Schiphol, it is in kommen en gean fan fleantugen




Op de Dam net folle dowen mar wol in kermis



Het Rembrandtplein yn Amsterdam


De fyts koe yn fergese stalling neist Paradiso


It programma fan it wykein yn Paradiso


Tsjin de jûn dochs noch in dielnimmer sjoen fan de strontrees op de hichte fan Hillegom

vrijdag 25 oktober 2013

Zaanse Schans

Snein 20 oktober wiene wij ûnderweis nei ús BenB adres bij Hillegom. It wie kreas waar sadat de fytsen bij Purmerein wol efkes fan de auto koene. Efkes in slach troch de Purmer en de Wormer. Je komme dan fansels út bij de Zaan. En wa't de Zaan seit, wit dat dêr de Zaanse Schans is. In toeristysk plak mei al syn mûnen en houten húskes



It bliuwt foar de toerist in machtich barren, efkes op de balustrade omrinne fan in mûne. 


In bekend byld bij soksoarte dingen.......se sjogge mear mei de kamera as mei de eagen


doe't de Jappanners of Sjinezen útfilme wiene seagen wij dit.

Hjir begie Albert Heijn dus yn 1887







zaterdag 19 oktober 2013

Bij de strôt

Marius de Boer  hat sûnt in oantal jierren in oantal goeie muzikanten "om him hinne" at hij optreedt. Dat hie hij bij Reboelje ek mar dêr wie de rek út. Trochûntwikkelje tocht Marius miskien wol.
Hoe en wêr Marius de Boer ek optreedt hij nimt syn eigen lûd mei. Syn eigen sound. Lit ik it de Reboelje sound neame. Dêr kots je fan of dêr kom je net mear los fan.
René van de Laan is in ferneamde toanielspiler dy't foaral yn grutte (bûten) produksjes  mei dien hat. In prachtige spiler dy't emoasje oerbringe kin.
Freedtejûn waard foar de twadde kear it stik Swart Langstme spile. In rockopera oer de Frânske band  Noir Desir. Oer de sjonger is in dramatysk ferhaal te fertellen.  Dat bart yn Swart Langstme. Betocht en skreaun troch Bart Kingma.
René van der Laan fertelt it ferhaal fol mei emoasje en it ferhaal wurdt ôfwiksele mei de lieten fan Mariusz en de muzikanten.
It wie freedtejûn yn Iduna in intym barren. Wij stiene allegear ticht tsjin it poadium oan en René rûn foar ús del, rûn lâns ús del en liet ús opgean yn syn ferhaal.
Foaral nei it skoft doe't it ferhaal in dramatyske ommekear makke (deaslach) wie der gjin ûntkommen oan. De spanning fan de muzyk, it ferhaal, it hie my en mear bij de strôt.
Wat in alder merakelst moaie jûn.....Wat in lieten, wat in emoasje wat in ferhaal.
Dea en dea sûnde dat net mear minsken de kâns krije om dit te sjen. Want dit skynt de twadde en lêste útfiering west te hawwen.




In moaie jûn

Foar Tryater moatte je de doar út. Foar Tryater moatte wij tsjintwurdich it doarp út. Omdat wij graach wolle dat de foarsjenningen wat kultuer oangiet yn de doarpen bliuwt, moasten wij op syk nei in lokaasje earne oars. Bûten de stêden.
It is Ysbrechtum wurden. Mei omdat wij it stik "In moaie jûn"graach sjen woene at Jorrit van der Velde út Itens meidien. Hij is ien fan 5 jonkjes dy't de rol fan Pelle dielt.
"In moaie jûn" waard ek in moaie jûn. In bysûndere jûn oer relaasjes, ferhâldingen, lokkich en ûngelokkich. En at it allegear wat te dreech wurdt dan is dêr Joop Wittermans". Mei syn "wolst ek wat drinke", "ik haw it hûs ferkocht" soarge hij der foar dat it ek noch fermaaklik waard.
90 minuten toaniel yn ien stik it hat ús goed foldien.
En Jorrit dy die syn rol mei oertsjûging en hij hie it efter de skermen drok mei ferklaaie wat hast alle kearen dat hij op komme moast wie it wer oars. Jorrit syn pake siet neist út te strielen as in grutske  pake en dat makke de jûn noch moaier.

vrijdag 18 oktober 2013

Hichtum 33 jier lyn

Ein jierren 70, begjin jierren 80 wennen wij yn Hichtum. In moaie tiid dêr yn ien fan dy tsjerkehúskes. Tegearre begûn dêr en úteinlik mei ús fjouweren nei Wommels ferfearn. In grutter hús.
Yn dy tiid fûnen wij dêr fan alles út om foar te kommen dat it in dea doarp wurde soe. In blik yn myn plakboek seit genôch.









woensdag 16 oktober 2013

40 jier 't Diekje



Yn de Boalserter Krante fan hjoed stiet de boppesteande adfertinsje. Dy adfertinsje ropt herinneringen op bij mij. Krekt wat earder as 1973 gyngen wij faak út yn Boalsert. Op sneontejûn holpen wij  Bram yn it Park oan in goed ynkommen. Dêr treden meast bands op lykas : Earth & Fire, BZN, the Cats en Dizzy Man's Band.
Om goed 12 oere wie it dan meast dien (de ljochten oan je waarden der gelyk útfage) en nei de fette hap op de Bargefenne besochten wij noch binnen te kommen bij de Hof van Holland.  Dat is no de Prins.
Efter de bar stie doe Ruurd. In noflike, belangstellende barkeeper. 
Ek op sneintejûn siet der regelmjittich in busritsje nei Boalsert yn, want de kontakten dy't je sneons soms opdiene, moasten de sneins gelyk ûnderholden wurde. Oan de bar yn it Hoffie......
De adfertinsje jout oan dat it yn 1973 dien wie mei Ruurd efter de bar yn it Hoffie. Hij gie nei wat doe de kofjebar Sik wie en naam syn nije kafêe it 't Diekje.
Ik haw ek faak yn it Diekje sitten. Dat wie it kafé wêr't se goeie muzyk draaiden (de leafde foar blues komt dêrwei?) en wêr't Ruurd efter de bar stie. Yn de rin fan de tiden wurdt it kroechrinnen allegear wat minder mar soe ik yn Boalsert noch efkes stappe wolle dan sil ik wol yn it Diekje bedarje
Dat Ruurd dêr noch altiten de man is, is fansels prachtich. 40 jier lang.

Doe't ik der noch ris oer nei tocht fannejûn, seach ik in foto foar mij, mei Ruurd der op. Myn alder earste plakboek (1968 en wat jierren dêrnei) derbij socht en yndie. Ruurd wurke noch yn it Hoffie, dus sil it foar 1973 west ha en hij wie in topper yn it bierskinken. Dat hat wierskynlik grutte yndruk op mei makke want safolle haw ik net bewarre fan dy jierren. Op de foto lofts in noch jonge Stevens.





De brief

Op 13 maart wie ik ek yn Ljouwert bij de lêzing fan Henk Mous en Jantien de Boer. It soe net gean oer de saak Vaatstra mar it gie der wol oer.
Irritaasje bij beide minsken at it gie oer de komplottinkers.
Ien fan de fragenstelsters wie Akky van der Veer. Komplottinkster.
In fraach oer it gewisse fan Jantien de Boer, sjoernaliste fan de LC, mei in ûnbefreedigjend antwurd
Nei oanlieding fan dy jûn skreau Akky van der Veer in brief oan de Fryske parse.
Neat fan sjoen en neat fan heard.
Dêrom hjir noch mar efkes de brief fan Akky van der Veer oer har gefoel oer de saak Vaatstra.




Lyts oantinken




No't strewelleguod opromme is oan de dyk Wommels Easterein falt in lyts pears buordsje
as oantinken oan Mickey better op. 
Mickey?  


maandag 14 oktober 2013

Moody Blues

Foar mij is dit de wike fan de Moody Blues. Dat kin soms samar. Prachtige muzyk en foar mij allegear meisjongers fanút de ein jierren 60 en de begjin jierren 70.



Earst kom ik yn de platenbak in dûbel elpee tsjin "This is the Moody Blues"
Hearlike muzyk en sprekwurdelik haw ik him dit wykein mar wer ris griisdraaid.



Yn de DVD la fyn ik "The lost performance , Live in Paris 1970 .Stive poadium bylden, (dat wie sa yn dit tiid mei útsûndering fan de Who) mar  goeie muzyk.


myn nûmer 1

myn nûmer 2

En dan komt der dizze wike ek noch in moaie link binnen fan ClassisRockmag.nl  Mei in geweldige top 10 fan the Moody Blues. Wat sij op 9 hawwe set ik op ien, wat sij op 7 sette, is foar mij de nû 2.





zaterdag 12 oktober 2013

BlackBoxRed

Freedtejûn, myn fuotbaljûntsje. Mar ek it Poadium Asteriks jûntsje.
Altyd mar kieze. Meastal fuotbalje ik.
Efkes goed switte is in goeie saak.
Mar dizze wike bleau it mij wat dwaande halden.
It kiezen tusken muzyk en fuotbal.
Op de agenda fan Asteriks yn de Blokhúspoarte:: BlackBoxRed.
Dit jier al fjouwer kear sjoen en flouwer kear krige ik dêr fan twa dingen fan.
Enerzjy en in goed sin.
Machtich optreden wer. Knetterlûd en bikkelstrak.
Ek noch wol in CD presintaasje justerjûn.
Iets fan: dêr binne se te keap en no gean wij wer ram...ram..bats...bats
Goeie presintaasje sa.
Haw ik leaver as geeamel. Gewoan spylje.
Gjin CD kocht. Sokke muzyk moat ik sjen, moat ik fiele.
Dêr moat ik bijwêze.
Nei in oere hiene Eva en Stefan it swit mear as op de bealch fan dat hurde wurkjen op it poadium
Ik wie ek dweiltroch. Waarme seal en waarme muzyk.
Dêr kin it Efkes Baljen hast net tsjin op.

Tank  sij Arriva koe ik op tiid bij it foarprogramma sjen: Tududuh.
Elektroanyske trashpop. Goed om dat in kear te sjen. Klonk ek net ferkeard mar it eaget net as in muzykband mei dat gesko oan wat knoppen fan wat apparaten.

En tanksij Arriva koe ik de lêste band net sjen. Dy ferrekte lêste bus giet al om 23.03 en dat is in oere te betiid. Spitich mar Psycho 44 hâld ik noch  te goed.
En BlackBoxRed, dêr bin ik suver fen fan.










vrijdag 11 oktober 2013

Wommels - Easterein - Wommels

Wommels- Easterein of Easterein Wommels.
In moaie dyk wie it altyd.
In tichte haach oan strewelleguod oan beide siden.
Grutte troch wyn skeefgroeide beammen makken it ta in smûk gehiel.
Yn de goeie âlde tiid, doe't ien auto op it hiem ek al in útsûndering wie, wie it dêr in drokte fan belang mei Puch, Kreidler, Zundapp en Tomos brommerriders, mei fytsers en rinners.
De auto's dy't der lâns moasten pasten op  fatsoenlike wize de snelheid oan.
Der wie respekt foar elkoar.
Doe't der mear auto's kamen en mear drokte op de dyk mei mear kâns op ûngemakken waard der in fytspaad oanlein.
Oan de súdwest kant fan de dyk.
Dan wiene je der as fytser yn alle gefallen wis fan dat je net folle rekkenje koene op lijte.
Mar hawar, it wie feilich, want de dyk Easterein- Wommels waard troch dizze fytsfrije status in echte reesbaan.
Je hoege dêr as autorider nearne rekken mei te hâlden.
It grutte ljocht kin op sa lang der mar net in tsjinlizzer oankomt. Want dy hawwe dêr in hekel oan. Dy knipperje mei de ljochten at it nedich is.

Anno simmer 2013 leit de dyk der gâns oars bij.
Oan de kant fan it fytspaad is alles wat plat wie fuorthelle. Grutte iepen romten tusken de beammen dy't noch altiten like skeef stean of noch skever.
Foar de lijte  fan de fytsers makket it net sa folle út want de wyn komt dochs meast út súdwest of west.
It ferskil sit him no yn dizze tsjustere moannen foaral yn it ljocht.
Dan bedoel ik net dy lantearnepeallen dy't der steane.
Dan haw ik it oer de auto's dy't mei grutte gong en safolle mooglik mei grut ljocht fan Wommels nei Easterein of fan Easterein nei Wommels fleane.

Ik kin mij foarstelle dat dy autoriders net sjogge dat op it fytspaad ek rinners of fytsers binne, mar soene se dêr sels rinne en fytse en in auto tsjinkomme mei grut ljocht dan soene se krekt as mij sa no en dan flink skelle op dat grutte ljocht of op dy autorider.
Dan soene se graach efkes knipperje wolle mei it ljocht.
Ik bin der efter dat knipperje mei it fytsljocht neat jout.
Dus sille de auto's de gong wat oanpasse moatte en wat mear mei lytsjocht ride moatte.
It is mar in tip hear.....




zondag 6 oktober 2013

De wike fan de opfieding

It is alle dagen wol in dei fan en it is alle wiken wol in wike fan.
Op twitter sjoch ik dat it no de wike fan de opfieding is.
De profielen op twitter wurde hjir en dêr oanpast mei jeugdfoto's en sa kom ik telâne op de CD-rom mei ús jeugdfoto's.
In moai momint om in pear sjen te litten...

Dit sil yn de buert fan de Hofkamp yn Wommels west ha. Dêr wennen wij op nû 47. It is dúdlik dat ik net in lachebek wie en ek net wurden bin......ha...haha..

Op dizze foto dy't nommen is foar it hûs wêr't no Eelke en Fokje Malda wenje hingje ik mei âldere broer Hessel yn de earmen fan ús heit Jan.

Ik haw in freeslik hânskrift, hoe't dat kin, ik wit it net. Wij ha twa katten op dit stuit.


Dizze foto is nommen oan de Molewâl wêr't wij yn 1960 nei ta ferfearen. Ik wie mei dizze fyts hiel bliid sa te sjen en ik bin no mei al myn (lis)fytsen ek noch hiel wiis.


Ik gean net in lang ferhaal hâlden oer myn opfieding. Bern opfiede wie doe, wie letter en is ek no noch  in drege klus. Der wie doe noch gjin wike fan de opfieding miskien hat dat it wol west dat ik soms wol tink fan....sommige dingen hiene oars kinnen.
Mar och, dat sizze ús bern fêst oers ús opfiedingskwaliteiten.
It hat sa west en it wie net ferkeard.
Miskien is trooch de opfieding myn profyl úteinlik wol ta stân kaam. En dan hat it seker goed west. Sa't it hjir ûnder stiet sa wol ik my fiele en sa wol ik wêze. En dat slagget goed.

Ik wol wêze wa't ik bin
myn woartels hoedzje dêr't ik kin
myn wjukken útslaan nei eigen sin
it libben boartsje sa't ik bin





zaterdag 5 oktober 2013

Strieminste fytsstêd

At je it as stêd  goed dogge mei it fytsbelied en de útfiering dêrfan dan kinne je yn oanmerking komme foar de titel "fytsstêd fan it jier". Nei myn betinken neist popstêd fan it jier de heechste titel dy't te heljen is.
De stêd Houten is al jierren in foarbyld foar oaren en it is yndie sa at je dêr fytse dan hawwe je it gefoel dat alles dêr yn it earste plak betocht is foar fytsers en dat dêrnei sjoen is wat der foar auto's dien wurde moat.

Yn Snits is it krekt oarsom. Dêr dogge se alles foar auto's en boatsen en at dat allegear betocht, úttekene en útwurke is dan is it in spultsje fan: "oh ja no sitte wij noch mei de fytsers en moatte wij noch efkes wat foar harren betinke. Gelyk giet haadrigel ien yn: Fytsbelied mei net gean ten koste fan wat wij krekt betocht ha foar auto's en boatsjes.
Dizze wike stiet yn de rubryk "Rare Fratsen" yn it ledenblêd foar de Fietsersbond in beskriuwing fan de rare fratsen fan de gemeente"Súdwest Fryslân. It bewiis dat it de gemeente net in soademiter útmakket jout it wurd "fietstunnels" yn de kop al oan.
Op dit stuit leit der al in freeslike fytstunnel ûnder de A7 troch , wêr't elkenien fan seit hoe betinke je it. Sels de gemeente, bij sizzen fan de wethâlder, jout oan dat it doe net oars koe, oars hie it oars moatten.
No op noch gjin 500 meter fan dy tunnel wurdt itselde nochris betocht, omdat it net oars kin, fanwege de boatsjes.

De reden dat dizze tunnels op dizze wize oanlein wurde moatte, hat te meitsjen mei prestyzje om ien of oar wetterplan fan de grûn te krijen. Yn Snits jildt no ien kear earst it wetter dan de dyk en dan it fytspaad.

Lemmerdyk
Op dit stuit wurdt der hurd wurke oan de Lemmerdyk. Dy wurdt ynrjochte mei in hiel breed rinpaad, romme parkearplakken en in smelle dyk omdat se der leaver gjin trochgeand ferkear ha wolle. Op dy smelle dyk en hiel drokke dyk meie aansens de fytsers tsjinje as auto remmers. Faker as je wolle binne de fytsers just autofersnellers. Noch krekt efkes om de fytsers hinne komt hast faker foar as efter de fyts bliuwe en je beurt ôfwaahtsje om yn te heljen.
Noch slimmer is dat je nei de rotonde bij it plysjeburo rjochting de stêd sûnder "beskerming"de drokke en smelle dyk op moatte. It is wachtsjen op it earste ûngelok dêr, wêr't seker fytsers bij belutsen wêze sille..

Mocht de titel "Strieminste Fytsstêd" útjûn wurde moatte dan hat Snits sûnder konkurrinsje der wer in titel bij.


donderdag 3 oktober 2013

Nei bûten koekeloere

Fan amtners wurdt sein dat sij in soad tiid ferdogge troch nei bûten te sjen. Sels sjogge se dat net sa. Dat wit ik út erfaring. 9 jier wurke ik bij de gemeente Snits en ik kin jim sizze dat it útsicht sadanich wie dat nei bûten sjen de lêste opsje wie.
Mar wês no earlik at je in moai útsicht hawwe as kantoarman dan is nei bûten sjen sa logysk as wat. 
Om foar te kommen dat ik op skoalle de hiele dei nei bûten sjoch (treasteloas plat dak) haw ik no it rút tichtboud mei mappen.  

woensdag 2 oktober 2013

Bob Dylan

Yn de agenda fan Heineken Music Hall seach ik in konsert oankundige fan Bob Dylan. Op 30 oktober en troch de grutte belangstelling ek noch op 31 oktober. Bob Dylan giet mei in band hiel Europa wer troch. De man is ûnderwilens 72 en dat hast in gemiddelde leeftyd fan de muzikanten. Hoe is mooglik dat dy (eardere) protestsjonger noch altyd in folle seal lûkt.
Yn 1976 wiene wij der bij yn de Kuip en dat wie wol in goed konsert.
Mar yn myn plakboek fyn ik ek noch in resinsje fan 1987. In kaartsje fan 45 gûne en in optreden fan Tom Petty and the Heartbreakers mei Bob Dylan.
De kop yn Trouw seit genôch.
Ik gean dus net nei ien fan dizze konserten.