maandag 26 augustus 2013

Sponsers

Ik  kin mij de earste sponseraksje noch wol sa ûngefear herinnerje. Ien fan de bern (ik tink fan Tsjeard) kaam thús fan de basisskoalle mei in ynfulbriefke. Dat sil dus begjin tachtiger jierren west ha. Wij moasten oanjaan hoe faak hij in bepaald rûntsje drave soe en foar alle rûntsjes moasten wij dan twa kwartsjes jaan. It sil foar in goed doel earne yn de wrâld west hawwe  mar it kin ek like goed foar in nij boarterstastel op it skoalplein yn Wommels west ha. At it ús Tsjeard west hat dan tink ik dat it ús net sa'n fermogen koste hat. Dat wie net in draver. It like ek wol dat hij net maklik draafde. Fan wa soe hij dat ha?
Hawar, it sil ús skat ik 3,50 koste ha en dat wie it dan. Ik tink net dat wij it ôfronden hawwe nei  4 gûne want dan hie hij mar 8 rûntsjes drave moatten. 
Dy earste sponseraksje wie leuk. De twadde in heal jier letter wie al minder leuk en yn de jierren dêrnei is it hieltyd minder leuk wurden.
No't je alle moannen wol konfrontearre wurde mei ien of oare sponseraksje is it hielendal net mear leuk.
It hat der no mear fan dat elkenien dy't in berch beklimme wol of sa nedich in oare prestaasje levere wol, dat dêr in goed doel foar útsocht wurdt en dêrnei moat der socht wurde nei sponsers. Bedriuwen sjogge de sportivelingen sa stadichoan oan kommen en ek wij wurde hoates en toates benadere fia mail, twitter of feesboek.
Ik haw dêr hielendal neat mei.
At ik wat jaan wol oan in goed doel, dan meitsje ik gewoan jild oer omdat ik fyn dat it in goed doel is.
At in oar in berch beklimme wol, dan moat dy dat foaral dwaan. Ik soe sizze goed traine, de berch opfytse, wat ôfsjen en foaral, foto's meitsje litte.  
Dat it mei al dy sponsere aksjes net hielendal goed giet docht ek bliken. It stikje yn de krante fan sneon seit al wer genôch.




Mar no it goeie nijs. Us soan Tsjeard en syn freondinne Berber hawwe de Alp d'Huez beklommen sûnder sponser en goed doel. Sij hawwe ferline wike gewoan samar besluten nei de bergen ta te gean en binne op ien en de selde dei de Col d Órnon en de Alp dHueze opfytst. De oare dagen hawwe se noch in berchje opsocht, mar dat heare wij allegear noch. Sûnder de druk fan sponsers en de bijdragen fan heit en mem binne de prestaasjes poerbêst te neamen.
Oh ja, noch wat oars: goed drave dat kinne je dus leare. Want dy matige draver fan doe ( 7 rûntsjes mei muoite)  is no in topatleet dy't sels in komplete triatlon net út de wei giet. 
En it fytsen, tsj dat sil der wol fan syn heit en mem ha.


zondag 25 augustus 2013

Pink Faces


Hoe moai kin in lokaasje wêze. De teatertún yn Riis dus. Sfearfol dêr bij it bosk efter it ferneamde hotel Jans. Sneontejûn wiene se der allegear wer: de troue leafhawwers fan de Pink Floyd muzyk en wij. Wat griis hjir en krakkemikkich  dêr. Mar allegear fol fjoer at de earste klanken fan de band Pink Faces begjinne om 21.30. De sjurts mei ferwizingen nei bijgelyks de The Dark side of the Moon trip binne wer út de kast helle.
Pink Faces is n prima band sa sil bliken dwaan. It Pink Floyd publyk (tusken de 300 en 400 man/frou skat ik yn) geniet mei folle teugen en wat langer de jûn duorret wat mear men los komt. Der wurdt swaaid en it ritmysk meibewege op de muzyk is in aardichheid om te sjen. Der wurdt tusken de stuollen sels dûnse.
Ik bin net de grutste fan fan Pink Floyd mar der sitte fansels wol in oantal masterwurkjes bij dy't ek mij reitsje. Foaral de wat steviger nûmers kinne mij it meast bekoare. Krekt foar tolven is it dien en wij sjogge werom op in prima jûn. In prachtige akkomodaasje, in prima band en in organisaasje mei allegear frijwilligers dy't der nocht oan hiene om hjir oan mei te dwaan.
Yn it foarprogramma spile Blue June en dat  wie al in prima begjin fan de jûn.





zaterdag 24 augustus 2013

Starum oh Starum

Der is earne in ferske fan "Starum oh Starum". Fan wa dat ferske is en wa't it sjongt wit ik net en wat der fierder no krekt besongen wurdt wit ik ek net. Ik kin mij sa foarstelle dat it giet oer de see, it froutsje fan Starum, de haven, de boaten, de Schuttevaerrace, de seedyk, it strân, de fisk, Doede, de slús en miskien wol de trein dy't dêr net fierder kin. Freedtemiddei en -jûn op in prachtich plakje sitten fuort bij de haven.

Foar hûs op balkon mei sicht op de haven wêr't it in kommen en gean is fan boaten

wêr't letter op de jûn de rêst weromkeart

Mei efterhûs op eigen terras sicht op it Iselmar, wêr't it like dat der in sylwedstriid útein sette.

en dat wie dus ek sa, sa die bliken út de krante fan sneon

woensdag 21 augustus 2013

Polderjonges

Op 14 septimber is it Greidhoek'festival yn Wommels. Twa jier skreaun is dit oer dit unike barren.

De polderjonges hawwe goed wurk levere Wommels,
Ik ha mij wol ris ôffrege wat in oantal jonge mannen út Wommels en neiste omjouwing beweecht, om alle simmers sa healwei augustus nei de polder ôf te reizgjen. Yn mij sels neamde ik se al de polderjonges. Ja dy jonges fan Lowlands. Ik seach it al wat foar mij: wat bier drinke yn de Grolsch groppe, in fette mûle opdwaan yn HappyHappeHenne en hjir en dêr wat muzyk belibje.
Dat se der foar de muzyk hinne gean, kin ik noch wol begripe mar mei al dy toeters en dy bellen der om hinne, like it mij mear ynspanning as ûntspanning.
Sneontejûn tsjin achten, krekt neidat in groue reinbui mij dúdlik makke hie, dat ik better op klompen nei it Klompterrein koe as op myn sneinske skuon, seach ik ynienen dat it ôfreizgjen nei de polder Wommels wat oplevere hat. It waard mij ynienen allegear dúdlik.
It byld wat ik fan ik fan dizze jonges hie waard folslein oan de kant fage. Dizze kultuerdragers hawwe al jierren harren eagen goed de kost jûn, se hawwe jierren op de sneup west op it festivalterrein yn de polder en se hawwe jierren lang temûk neitocht oer plannen foar in festival yn Wommels. En se hawwe fantaseard en filisofeard mei noch in bierke yn de Grolschgroppe. It wachtsjen wie op in goed momint.
Op it stuit dat ik oer de brêge fan it festivalterrein stapte, kaam ik op in sêfte tekken fan strie en it fielde ik gelyk as in nije wrâld. Ik kaam eagen en earen te koart om alles te belibjen. Mei in sublime miks oan muzyk en kultuer wie it betiden in geflean fan de iene iepen nei de oare tichte tinte. Der wie hast gjin tiid in fette hap te nimmen en krekt noch wol wat tiid om wat te drinken.
De jankende gitaren, de strakke trommels, de âljende sjongers, de spyljende en sjongende troubadoers en de foarlêzende dichters it gie gewoan yn elkoar oer of wie in jûnfullende film mei allinne mar goeie sênes.
Wat langer de jûn duorre wat mear respekt ik krige foar dizze polderjonges dy’t in swimbadterrein omtoavere hiene ta in festivalterrein wêr’t muzyk en kultuer bijelkoar brocht waard foar sa fier muzyk gjin kultuer is.
Wat is it moai dat der jûns om 11 oere noch harke wurd nei Elmar Kuiper syn bijdragen as dichter, wylst krekt dêrfoar de ferrassing fan de jûn, de groep Nicsz, in produkt fan de greidhoeke, ús fersteld stean die fan harren keunsten op de gitaar, de drums en yn de mikrofoan.
En wylst wij hieltyd minder gers mar mear drek ûnder de fuotten hiene, wisten de Boys named Sue der foar te soargjen dat it oan de ein drokker wie bij harren optreden as bij de bar. En grutter kompliment kin ik de minsken fan de organisaasje dy’t it programma makke ha net jaan.
Goed ien oere of sa haw ik myn klompen wer thús brocht. De oare moarns seach ik yn de garaazje in moaie herinnering (at je nachts thúskomme lette je dêr wat minder op): in pear klompen dy’t ea giel wiene mar no fan binnen en bûten swart en in spikerbroek mei twa boksen mei blaue drek oan de knibbels ta. Ek op dit stik fan saken is dizze organisaasje der yn slagge om ús in stikje Lowlands belibje te litten.
It Greidhoekfestival kin om in soad minsken wol in ferfolch krije dêr bin ik wol wis fan. En dan kinne de thúsbliuwers ek noch in nije kâns krije om dit unike barren mei te meitsjen. Mar sis it net tsjin elkenien want sa fol as Lowlands hoecht it no ek wer net.





Dit jier is der wer in prachtich programma. Mei û.o.  dit groepke

De waarheid liegen

Boris O. Dittrich is in eardere politikus fan D'66. Hij hat nei syn politike karriere ynspiraasje fûn om in boek te skriuwen en ik moat sizze dat it in alderaardichst boek wurden is. Hiele bijsûndere en nijsgjirrige opset wêr yn minsken sintraal stean. It boek spilet yn New York. Prachtich om te lêzen hoe't hij beskriuwt wat minsken soms bijelkoar bringt. In oanrieder.

maandag 19 augustus 2013

Relativeare

"Moai" sei myn kunde ferline wike,"in sulveren medalje bij it WK fierspringen."
"Hoesa, in sulveren medalje", frege ik tsjin better witten yn.
" Nederlân", liet hij mij witte, "Gaisah"
"Gaisah? Hoe hjit Gaisah noch mear,"woe ik witte.
"Dat wit ik sa net, mar it is in wurd mei mear lûden as bijlûden"
"Moai", sei ik, "mar ik fiel neat, gjin grutskens, gjin wille, neat".

Gaisah is in Ghanees, dy't ferdomde fier springe kin. Dat hat er fanút syn natoer al. Dat hat er ôfsjoen fan kangoeroes of herten.  Gaisah hie syn nocht yn Ghana en socht yn 2001 syn heil yn Nederlân.
Formulieren en prosedures, wachtsje en wachtsje, noch mear formulieren en in nije prosedure.
Sa sil it wol ûngefear gien wêze.
Underwilens trainde hij, sprong hij hieltyd fierder en helle hij meardere wrâldtitels.
Foar Ghana wol te ferstean. Wylst hij dêr net mear kaam.
Wat in gelok, yn july 2013 krijt hij in Nederlâns paspoart. Sa kin der moai meidwaan oan de WK yn Moskou. Foar Nederlân.  Prachtich fansels dat dy jonge hjir bliuwe mei omdat it hjir in stik better is as dêr.
Mar meitsje mij net wiis dat it in Nederlânner is. Hij is in Ghanees mei in Nederlâns paspoart.
En ik kin mij herinnerje dat ik ea út de skroeven wie at in Ghanees wûn.
Myn konklúzje : Nederlân hat gjin medalje helle bij it fierspringen. It wie Ghana.


zaterdag 17 augustus 2013

Sân en blau

Al mear as 25000 besikers en ik haw der noch net west. Dat moat wat oan dien wurde tocht ik freed. Ik hie wol in lyts oerke oer en dus freedtemiddei de sânfoarstelling efkes besjoen yn Snits. In binne allegear prachtige keunststikken. Sa moai om te sjen hoe't je wetterlibben yn Fryslân  útbyldzje kinne mei sân.
de VW dy't mei in Pow Wow bân yn it sân stiet

De wettersky boat opsierd mei in  Fryske flagge

 it jonkje yn de tobbe
Nei dat lytse oerke, wêryn elkenien fansels drok dwaande is om moaie foto's te meitsjen, bin ik nei Lokaal 55 west om mij te bewegen yn in jierren 60 feessie mei kollega's wylst wij meielkoar de hapkes klearmakken dy't wij letter nei binnen wurken.

blindersmoaie útnoeging
It is yn sokke gefallen ôfwachtsje at elkenien meidwaan wol om de jierren 60 sfear te kreearen. Der binne altiten guon dy't net komme, dy't it ferklaaien net oan doare of der gjin ferwachtings fan hawwe en dêrom mar "gewoan" gean.
De thúsbliuwers wiene der helaas, mar foar it oare wie it in grut sukses. In moaie lokaasje ( âld slachthûs) , sfearfolle sealen en in trochtochte formule om lekker meielkoar dwaande te wêzen.
Ik moat sizze dat it ek moaie plaatsjes oplevere hat al dy flower -power klean.

jierren 60 iten klearmeitsje is in serieuze saak

of wurde je sa stoned as in garnaal fan dat gesnúf

ik hear bij de kategory dy't neat hat mei "kleankoades" dus sandalen en gekleurde hierbân en
foaral in blau burd joech noch wat kleur oan myn úterlik






maandag 12 augustus 2013

IntotheGrave

Sneontemiddei nei in lekkere lisfytstocht efkes it skûtsjesilen en it fierljeppen sjoen op t.v.
Dêrnei wie it tiid om mei de bus nei Ljouwert te gean. Nei it Oldehoofsterkerkhof mei it metalfestival IntotheGrave.
Fanôf in oere as 5 koe ik noch 4 mei bands meinimme. In prachige sfear mei allegear lykstemden. Hâlde je net fan hardrock of metal dan is thúsbliuwe de beste opsje. Fine je it moai dan hawwe je in noflike jûn.
It eage lekker swart yn de stêd doe't ik nei it terrein rûn en op it terrein waard it mij hielendal swart foar de eagen. Allinne Jacob Haagsma (LC) rûn yn in brún jaske.

Bob wie der ek......


Dy hie in prachtich plak. Stie lekker te loeren bij de froulju dy't wachtsje moasten bij it húske.

En Bob woe fan it lûd neat misse en dat slagge mei it poadium op de eftergrûn

Neffens it ferhaal wiene der hast 4000 man/frou

In swart teajurt is moai mar der moat al wat opstean

en foaral sjen litte dat je al hjir en dêr wat metal meimakke ha.

Sjoen:
Devildriver
Sodom
Satyricon
Paradise Lost

Om klokslach 23.00 oere wie it dien. Dat wie de planning ek. Goed regele dus. De weromreis wie ek goed regele. Tanksy Tiede en foaral Margje. Kertier foar tolven thús ôfsetten nei in moaie jûn.

Amsterdam


It is ien fan de moaiste paden om Amsterdam binnen te kommen. It fytspaad fanôf Landsmeer en Purmerein ademt de stilte noch út. Bij it boerd Amsterdam is it net oars. Lâns it wetter komme je Amsterdam Noord binnen en sa fytse se je in pear kilometer in "rêstige" route lâns it wetter nei it IJ.

Foardat je it goed en wol yn de gaten ha, sitte je ynienen yn de drokte. Snelle skooters, hastige fytsers en dravende forensen nimme besit fan it pont nei Centraal 

Op de grôtfolle pont  kin men dan in pear minuten ta rêst komme en dan kin elkenien syn twitter en syn mail noch mar efkes sjekke.
Posted by Picasa

zondag 11 augustus 2013

Knoop- of knipepunt 69




Hjoed in knooppunten route fytst. Start Goutum. Fia Zuiderburen en Hempens-Teerns kamen wij út bij de Wâldwei. In prachtich stikje Ljouwert is dat.
Wij hiene de route thús wat útdoktere en neffens de twa fytsrouteplanners (Fytsersbûn en Falk) koene wij fan knooppunt 70 nei 69. 
Dat soe in nij stik fytspaad wêze wêrtroch je úteinlik útkomme foarbij Warten. As reedlik betúfte fytsers en buordsjelêzers reitsje wij it paad efkes bjuster. Want hoe moatte wij fan 70 nei 69 komme? 
Op lokaasje wurdt dúdlik makke troch it boerd en in hurddraver dat de route nei 69 noch altiten net klear is. It duorret mar en it duorret mar, wylst it noch om in koart stikje giet, sa wist de hurddraver ús te fertellen.
Spitich, no moasten wij de gewoane dyk del oer Weargea en Warten. 





Mei de pont oer fan Warten nei Earnewâld en ek noch mei de pont oer fan Garyp nei Súwâld.
De twa pontsjes dy't farre op sinne-enersjy geane beide oer it Prinses Margriet kanaal.


Fia Burgum kamen wij bij in opfallend bouwurk lâns. It stiet bij de ernesjy-sintrale en liket wol in boufal fan in toer.

Nei Noardburgum, Feanwâlden, Feanwâldsterwâl, Hurdegaryp en Tytsjerk kamen wij yn de Groene Ster en wiene wij werom yn Ljouwert. Spitich fan dy ferfelende en foaral ûnferwachte reinbui. En fan dat iene buordsje: 69 is gjin knooppunt mar in knipepunt






vrijdag 9 augustus 2013

De grins


Wol wat in brede middenline tochten wij  earst, doe't wij lâns de Elbe fytsten.  It is lykwols de grins tusken Dútslân (lofts) en Tsjechie ( rjochts). En sa koe it barre dat wij neist elkoar yn ferskillende lânnen fytsten


Posted by Picasa

donderdag 8 augustus 2013

Aju paraplu


At dy âlde Egyptenaren en Grieken der weet fan krije dat de Freulepartij yn Wommels yn 2013 ferpest is troch de paraplu's dy't sij útfûn hawwe, dat wiene se nea mei sokke reinkearders op de proppen kaam. Hûnderten egoistyske keatsleafhawwers soargen der foar dat hûnderten oaren neat sjen koene. Neat lutsen se harren wat oan at der ropt waard paraplu's del.
Foar minder as 50 sint binne der wettertichte plastik reinkeeps te krijen bij û.o. Action. It liket mij in lytse muoite at je nei in evenement geane sa'n "keep"efter de hân te hawwen foar it gefal it begjint te reinen.
It wurdt tiid dat paraplu's bij alle eveneminten wêr't wat te sjen is ferbean wurde. Bij muzyk festivals is dat al it gefal. Je komme der mei in paraplu net yn.
Op it krekt holden festival Welcome to the Village yn Ljouwert krigen sels alle 3000 besikers op sneon fan de organisaasje in reinkeep doe't in bui kommende wei wie.
Aju paraplu soe ik sizze wolle tsjin alle paraplus op it keatsfjild.



woensdag 7 augustus 2013

Lêze foar de Freule

In moai affysje, iets om nei út te sjen. Hûnderten minsken kamen der wer op ôf. It koe ek net better waar wêze. In moaie ûndergeande sinne soarge foar it goeie byld en trekzakgroep Wommels soarge foar de 9de kear foar it muzikale lûd.
Piter de Groot wie sichtber grutsk dat hij sânhazze Freark Smink strikt hie foar dit optreden.  In sânhazze dy't ek net folle mei it keatsen hat. Freark fertelde oer syn keatserfaringen yn Hidaard en Jorwert wêr't hij wenne hat en it wie dúdlik te merkbiten dat hij neat mei keatsen hat.
Ek fertelde hij noch oer syn fuotbalperioade bij SDS. Dat se dêr lêst hiene fan it keatsen omdat dy fantastyske loftsbûten Pyt de Jong ek iets te goed keatse koe en dêrtroch trainingen miste. De tiid is dus net feroare.
Freark Smink hold him oan de haadrigel fan dit barren. It hjit net foar neat: lêze foar de Freule.
Freark lies it ferhaal fan de striid fan Bitgummers en Ouwe Sylsters op in wize foar dat je it byld alhiel je foar seagen.
Harkje nei in foarlêzer moat gewoanwei net langer duorje as in heal oere. Dit hie suver wol wat langer duorje mochten.



 


maandag 5 augustus 2013

Skiep, hynders en seefûgels




Moandeitemoarn de spieren mar efkes los fytst. Moai waar en foaral dan sjogge je wer hoe moai de greidhoeke fan Fryslân is. Fiergesichten, bisten en in moai nij fytspaad.

Tusken Mantgum en de Swette moasten wij efkes ynhâlde omdat de boer en boerinne de skiep op de fyts nei in oar lân brochten en dat diene yn it tempo fan de skiep

oan dat selde paad in prachtich plaatsje want safolle hynders bijelkoar is in moai gesicht

it nije fytspaad lâns de Swette, wêrbij opfalt dat der hast twa  Swettes binne. 

der wurdt wer hiel wat lân oer de kop helle en dan witte de seefûgels krekt wêr't se wêze moatte

Keatse op de freule

Wêr bliuwt de tiid? Dat frege ik mij  ôf doe't ik oan de Freulepartij tocht dy’t kommende woansdei holden wurdt. Want die ik yn 1970 net mei oan dy Freule? Foar Wommels fansels. Mei Jelle de Boer en Pieter Sieswerda. Gjin priis. Derôf tsjin Grou dy’t dy dei twadde waarden. Spannende dagen wierskynlik, hoewol ik mij dat net echt herinnerje kin. Wat ik mij wol herinnerje binne de reaksjes fan it publyk tidens de wedstriden.
Dêr hie ik lêst en wille fan.
In goeie bal fan mij, folge troch hantsjegeklap die mij goed. Ik kin mij foarstelle dat keatsers dêr fertrouen fan krije. It oooh en it aaaah nei in misser dat wie net goed foar myn selsfertrouen. Dêr waard it minder fan.
Ik stie foaryn en ik koe (sûnder nap) amper boppe. In middelmatige keatser mar goed genôch om mei te dwaan.
Sels yn 1971 mocht ik noch in kear meidwaan. Mei Hessel Hovinga en Tsjipke Joustra. In iets better partoer mar yn de tredde omloap derôf tsjin Ljouwert. Wol yn de earste omloap Amsterdam ferslein en dat kin net elkenien sizze want dy keatse hast nea mei op de Freule.


zondag 4 augustus 2013

Sneintemoarn

It is goed 10.00 oere. De tsjerketsjinst op it keatsfjild is krekt begûn dus is it rêstich yn it doarp. De kroechbaas hinget de flaggen wer út foar hopenlik wer in drokke dei op it terras.
Bij de brêge wachtet de wipper geduldich op wat boaten. Mar goed dat sa'n man geduld hat want bij gemiddeld sa'n 25 boaten op in dei moatte je dat wol ha.
It is 20,1 graden neffens Meteo Hûns en ik gean op paad  foar in rûntsje. De blaue lisfyts is myn maat en ik haw noch gjin idee wêr't de reis hinne sil. De fyts ek net. Fia de Bieren, Hichtum, Boalsert, Tsjerkwert, Parregea en Nijhuzum kom ik úteinlik út bij in pontsje.
It is de oerstek tusken Nijhuzum en de Lytse Gastmar. Neffens de tekst op it boatsje bin ik ûnderweis nei in gouden plakje.

De namme fan de boat jout mei yn alle gefallen in goed gefoel. De pontbaas wit mij sûnder problemen foar 1 euro nei de oare kant te bringen.
Fanút dit gouden plakje fyts ik fia de Lytse Gastmar, Aldegea, Abbegea, Nijlân en de Kliuw werom nei hûs.
Op sa'n moaie sneintemoarn yn de fakânsje sjogge je hoefolle lytse rekreaasje der is yn dy omjouwing. Boatsje, fytsers, boerekampings, terraskes wat al net mear.
At ik de fyts nei 48 kilometer it garaazje paad opstjoer is it 24,7 graden. It is waarm wurden en seker op in lisfyts hoecht it net waarmer.





In moai plakje oan de Elbe

Der binne minsken dy op opmerklike plakjes wenje. Ek yn Fryslân kinne wij dat. Ik tink dêrbij bijgelyks oan de fjoertoer tusken Warkum en Hylpen.

Wij seagen yn Tsjechie ek sa'n "prachtich" plakje. De Elbe giet lofts en rjochts oan it hús foarbij. It plakje is allinne mei in boat te berikken.
It like allegear sa moai út de fierte. Rêst op it eigen eilântsje

Mar wat tichter wij bijkamen wat dúdliker waard hoe heech it wetter stien hat.
De skeve beammen jouwe ek oan dat it der aardich om wei gien is mei it wetter 
Neffens in hicktewetterpeal hat it oan tenminste de earste ferdjipping ta west


. De timmerlju wiene dan ek drok dwaande om de skea te herstellen.



Posted by Picasa