maandag 30 oktober 2017

Efkes Fuort - Sint James park

Oan de kust yn Kroatie
leit de stêd Opatija.
Yn Opatija leit it Sint James park,
blommen, beammen, strewelleguod,
it sjocht er allegear kreas út...

Lykwols
echt leuk binne de muorreskilderingen

ik haw der mei grutte bewûndering nei stean te sjen

















vrijdag 27 oktober 2017

Efkes Fuort - Stuolledûns


Wij wiene fuort mei Effeweg
yn in bus nei Kroatië.
Wij wolle wat sjen fan it lân
wêr't wij noch nea wiene.

Effeweg regelt dat allegear
mei busekskurzjes fan hjir nei dêr,
fan see nei berch,
fan mar nei grot

Fan de 10 dagen sitte wij 9 dagen yn de bus
en dêr giet dit oer.

Yn Nieuw Dijk,
flakbij Didam
bij restaurant Juffrouw Tok
dêr begjint it allegear mei
"in plakje sykje yn de bus".

In wichtich putsje,
want
foaryn
wolle se hast allegear graach sitte.

Mar Effeweg hat rigels
sa as de "stuollewikselrigel".
De sjauffeur leit it allegear út
oan de ein fan de earste dei,
at wij yn Súd Dútslân oernachtsje.

Lju oan de linkerside fan de bus
gean moarn twa plakjes nei foaren.

Lju oan de rjochterside fan de bus
skowe twa plakjes nei efteren,

Moai betocht
en it wurket fêst prima
at elkenien meidocht

dizze kear net dus......
4 Amsterdammers
twa yn de linkerrige
en twa yn de rjochterrige
dus suver sa wat neist elkoar,
hâlde net sa fan rigels

"wij blijve sitte"
"mijn vriendin heb me nodig"
"der zijn al te veel regels"

mis,
dit falt net goed
bij regelmjittige Effeweg reizgers,
dy't wol fan rigels hâlde;
lykas 4 Limburgers,
dy't yn in frijwol  ûnfersteanber dialekt
de diskusje oangean:
sinleas

emoasjes komme omnheech
skelle....
misledigje....
triennen......
de stimming sit er gelyk yn....

wêr binne wij yn bedarre,
freegje wij ús ôf!

It komt net mear goed
dizze wike.
De Limboargers
wolle ek net mear wikselje
en geane lilk efter yn de bus sitten.

it wikselsbelied wurket net mear
want ek oaren reitsje yn de war
no't  minsken wegerje
en net meidogge lykas sij wend binne.

it konflikt ferhurdet ek noch
at 4 Amsterdammers
en 4 Limboargers
elkoar minstens 4  kear deis tsjin komme
bij it út- en ynstappen.

dêr giet it noch mear mis,
wat útrint op bedrigingen .....

De sjauffeur moat yngripe
mei in belearend drigement:
no ophâlde of...........

gesellich
sa'n busreis.

wij gean lâns alle obstakels
gewoan troch mei wikseljen,


sadat wij op in moaie dei foaryn sitte,
mei alle ellinde en oarloachsdriging efter ús.

en binne wij yn de katedraal fan Rovinj
dan sjoch ik se stean:
earst de Limboargers
en letter ek de Amsterdammers,
3 kuna yn it bakje
foar in waksineljochtje

foar Maria,
of foar Ajax
of foar Andre Rieu
of miskien wol foar de frede yn de bus........


donderdag 26 oktober 2017

Efkes fuort - kleuren


Dit boerd hong yn Denkendorf
yn in hotel yn Súd Dútslân

Hjerst betsjut moaie kleuren
mar hjerst is soms ek moai waar,
neisimmer waar

en dat hien wij
moaie blauwe loften
mar ek kleurrike beammen

Op it eilân Krk

Sels ûnderweis troch Eastenryk fanút de bus wiene it moaie plaatsjes

de Adriaktyske see, fanôf it balkon fan ús hotel

Bij de marren en wetterfallen yn it Nasjonaal park fan Plitvice...

Ek yn it Nasjonaal park fan Plitvice...

Underwei bij in delgeande sinne

yEk yn it park

bij eilân Krk blauw wetter en blauwe loften

moarn gelyk de sinne op it dak

in goed klimaat dêr......

net folle sân mar wol in hiel soad stiennen oeral

Underweis

Yn de grotten fan Postonja yn Slovenie

de lêste dei begong it iets mear te waaien....

woensdag 25 oktober 2017

Efkes Fuort - Unkrûd

Underweis nei hûs
oanstekke yn Gmund,
in doarpke oan de Drau yn Eastenryk
mei it Porsche museum

Mij wol goed
dy auto's,
in dea doarpke op sneintemoarn,
ik dangelje leaver wat om,
op in tsjerkhôf 

Kleurryk dêr
mei in hiel soad famyljegrêven
grut en opfallend
tsjin de muorre fan it stedsje oan





en dan sa'n buordsje:
it ferbot om ûnkrûd dea te meitsjen
op it tsjerkhôf
mei in ferdylgingsmiddel





dinsdag 24 oktober 2017

Efkes Fuort (1)

Krekt 10 dagen yn Kroatie west
mei in busfol oare reizgers.

In soad sjoen,
in soad heard
oer it lân en syn skiednis
Tige nijsgjirrich allegear.

Prachtich waar,
it wie in lust om dêr te wêzen.

de kommende dagen
alle dagen
in stikje
oan de hân fan ien of mear foto's
of ien of oare herinnering

en .......ús meireizgers,
dy hawwe it mij maklik makke
der is in hiel soad te skriuwen

stikjes dus
ûnder de titel EfkesFuort







dinsdag 17 oktober 2017

Dropkick Murphys

Febrewaris 2018
binne se der wer,
yn Amsterdam,
Dropkick Murphys
de Ierske punk/rock/folkband út Boston

dizze kear mei Flogging Molly
út Ierlân
ek net ferkeard

dizze lytse fan soe miskien wol mei wolle
mar dat moat letter marris





zaterdag 14 oktober 2017

Kroaasje


Simmers op de fyts mei tinte en al
en yn de hjerst mei de bus
en yn alle gemak

Derop út om wat te sjen
yn Kroaasje

De kommende wike dus....

dinsdag 10 oktober 2017

11Dikentocht

It is de wike fan de duorsumheid
en hjoed de dei fan de duorsumheid.

Foar  2018 leit er in plan
om 14 dagen it ferfier yn Fryslan
fossylfry te dwaan:
fan 1-14 july: de Elfwegentocht

Op dit stuit wurde bedriuwen
en ynstansjes benadere om mei te dwaan.

Snein, moandei en tiisdei
is der in fytstocht troch Fryslân
bij bedriuwen lâns
dy't al dwaande binne mei dit tema
en soms foaroprinne

Wij fytsten snein mei op de earste etappe
fan Grou nei Ljouwert
fia in bysûndere route lâns in achttal bedriuwen





Start wie bij de Kringloop yn Grou...mei in taljochting fan in Groster wat se allegear dogge oan enerzjy behear yn it doarp

hjir giet it dus om yn 2018 en letter fansels


earste stop bij de wynmûne fan Reduzum: wat it betjsut foar it doarp en hoe lestich it is om dizze mûne te ferfangen troch in iets gruttere

Reduzum

Yn Reduzum gie de diskusje noch efkes fierder en wie der in hapke en bakje

In enerzjy neutraal hus wie de folgjende stop.... 


It stedsstrân hat ek in foarútstribjend enerzgy belied


Prachtich ferhaal bij de Mannen van Staal fan Theunis Bakker...... hij die it yn it Frysk (hjim binne bij mij te gast!) en nimmen út Hollân sei der wat fan.......  hiel bijsûnder

it frane fan de Maxmobyl wurdt hjir makke


En sa gongen wij noch nei Schenkenschans
mei it prachtige ferhaal fan Dijkstra en Draaisma
oer de enerzjy dy't dêr úthelle wurdt
en brûkt wurdt foar de iishal


ek yn de iishal waard ús ferteld wat er allegear oandien is
om it sa enerzgjy neutraal mooglik te krijen

It wie in tige learsume dei






En tiisdei gie it wer fierder yn Akkrum......sûnder ús mar wol mei Tsjeard








zondag 8 oktober 2017

Hofkamp

yn ien fan dizze húske bin ik berne (nû 47)


Sneontemiddei 8 oktober wie der in reuny op de Hofkamp en it Stroek. Der wie mij frege om as âld Hofkamper wat te sizzen bij de iepening.
Op fersyk fan de tahearders is de tekst hjir ûnder te finen.


Beste lju fan it Stroek
Myn ferhaal giet oer de Hofkamp en dat is wat sneu foar jim. Want ik hearde juster op in lêzing dat it Stroek der al folle earder wie as de Hofkamp. Dus ynstee dat jim it sydstrjitsje binne, is de Hofkamp de sydstrjitte . Wêrfan akte

Beste Hofkampers fan no en Hofkampers fan earder.

Foardat ik de wide wrâld yngong (oare kant fan de brêge, Hichtum en Wommels Noard) wenne ik op de Hofkamp.  Dat wie fan 20 july 1954 oant 28 april 1961.
Ik kin mij noch in soad herinnerje fan dy earste libbensjierren.  Dat sil ik wol kloppe want it skynt sa te wêzen dat oft in bern begjint te praten de erfaringen foar in part yn it geheugen opslein wurde. Ik koe al hiel betiid prate sei ús mem altiten.….
Hofkamp nû 47, as twadde soan fan Jan en Hiltsje. Yn dat lytse húske wêr’t sij op 6 juny1952 (harren troudei, sa gie dat earder) ynkamen en wêr’t wij yn 1961 mei syn seizen (4 bern ûnderwilens) yn wennen.  Dy Hofkamp dy tiid dus, dêr sil it it oer ha….neffens myn geheugen….

Myn legere skoalle, op nûmer 9, wêr’t ik 5 jier nei ta gie, mei syn plein fan grind, de trije fertutearze beammen yn de hoeke, twa putsjes, in reinwettersbak dat wie allegear krekt genôch om in spultsje ferlos te dwaan.
It gymsealtsje op nû 11 , wêr’t letter neffens mij wastobben makke waarden. Dy gymseal wêr’t al gau dúdlik waard dat myn gymfermogens net fierder gong as in koprol. In skeve koprol.
De drokte op de Hofkamp. Nee net de autos, mar de middenstân. Want wij koene ús sels rêde yn dy tiid…Dat byld haw ik gewoan. Yn Den Haag soene se wolle sizze “jullie zijn zelfvoorzienend”
Wij hiene in bakker (op 5), in slachter (2 ), de koekje en snobberijke winkel  (op 1) de petroaljemân (ek op 1), wij hiene teminsten trije timmermannen (gerifformeard, herfoarme en iepenbier, sadat elk te plak koe bij de goeie soarte. Katoliken hiene wij hjir net, dus sa’n timmerman wie ek net nedich.
Wij hiene de ferver (op 55) wij hiene in elektricien (op 12), en wij hiene twa molkboeren op 53 en op 25, beide fan it selde geloaf …..
Foar it fruit koene wij telâne op nr 6 want dy hie in hôf earne oars en griente en jirpels hellen wij allegearre út eigen tún.

Offal hiene wij yn dy tiid net want de beantsjes dy’t wij fan de tún heljen treaune wij net yn plastik mar yn wekflessen. De hiele winter ieten wij sneins beantsjes mar wol ut eigen tún. De skilen fan de jirpels dy’t wij minstens 6 kear per wike iten kamen bij us eigen skileman

Wie der hiele grutte need helle wij it gehak út de slachting fan op nr 50, de needslachting en wiene de molkboeren ûnderweis yn de rest fan Wommels dan koene  wij foar molke telâne bij 68  of 70
En oft wij mei syn allen op de Hofkamp de ko net opkoene dan gie de bel troch it doarp: Fannemiddei om 2 oere is der fleis yn de needslachting, papier meinimme…
en dan seagen wij de rest fan it doarp mei gong nei de needslachting fytsen mei it papier yn de hân… Want safolle wie der meast net oer, want it wiene grutte húshâldings op de Hofkamp.

Woansdei gehakdei en freed soms fisk.
Dêr hiene wij op de buert wol streupers foar dy wat foekjes hjir en dêr delsetten yn de opfeart of Boalserterfeart. Nee, nammen en nûmers neam ik mar net
Wij hiene gewoan alles sels. Wij koene ús hjir sels rêde. Zelfvoorziend, wer dat wurd..
Beste bewenners fan no, jimme witte it miskien net mar wij hiene hjir de earste bioskoap fan it lân.
Waonsdei en sneontemiddei sieten wij ús te fernuverjen foar in swart wyt tv foar Swiebertje en Ivanhoe. En dat foar in reedlike priis fan in stoer en letter in dûbbeltsje. Op nû 12 wie dat

En hiene wij dochs wat út it doarp nedich, dan klauterden wij bij de lichte op, De Keatsebaan. En werom nei de Hofkamp wie in makkie, sûnder te traapjen kamen wij oan nû 41 ta… at de wyn wat geunstich wie fansels
Beste Hofkampers fan no, jimme kinne der neat oan dwaan dat yn 1960 der betocht waard dat er in dyk troch de Súdhoeke komme moast. Allegear fan dy grutte frachtauto’s mei sân (op nr 48 siet sa’n bedriuw, dus ek dat diene wij sels) en al dy buldozers en walsen en tarre autos riden oer de Hofkamp. It wie it begjin fan de ein. Wij mochten in skofke net op de dyk boartsje en neffens mij is it nea wer better wurden.
Boartsje op de dyk is ûnmooglik wurden .
Want potbaarnen dêrfoar hiene wij de hiele strjitte en alle tunen nedich hiene om fuort te kommen.
Potbaarne mei de Brandsma’s , ja betink ik mar ris. Mei  de Heinzen, de Kamstras, de Franekenas, de Bootsma, de Schreibers, de van der Meulens, de Okkema's, de Wiersma's en de Hofstra’s
En wat tochten jim fan it beltsje drukke bij Fokje Burd, tochten jim dat wij dan útseagen at wij yn sân hasten fuortdraafden efter in hege  hage of yn in  feilige steech
Myn Hofkamp dêr’t ik it fytsen learde en altyd miend ha dat je dat je hiele libben dwaan moatte.
De Hofkamp yn 1960 sûnder autos dat is myn byld. En stie der wol in auto dan treaune wij se eigenhandich nei de ein fan de Hofkamp.   Ja krekt dêr wie de autosloperij op nû 66.
Auto’s fersteure no myn byld.  Dat er fan de middenstân neat mear oer is begryp ik.
No ja…neat….
Der is  in auto opknapbedriuw en in autoskea bedriuw, mar dat is logysk mei al dy auto's. Foar de froulju is der in salon en in blommensaak. Dat is sa’n bytsje alles wat er oerbleaun is.

Ik slút ôf mei de taal.  Myn stokhynder. It Frysk, dêr meitsje ik mij yn tsjinstelling ta in hiel soad minsken gjin  soargen oer hjir op de Hofkamp. Wêr’t it op oare plakken en yn oare strjitten it Frysk tebekset wurdt , hâldt it hjir stân.   In Fryske dichter op de Hofkamp, in Frysk teaterman,  in Fryske sjonger en auto's mei Fryske teksten. It sit wol goed .
En boppedat at in Limburger op de Hofkamp al Frysk begjint te praten dan haw ik gjin noed.

As alderlêste noch dit.
Op 28 april 1961 ferhuzen wij fan de Hofkamp nei de Molewâl. Op 29 april 1961, ien dei letter, ferdronk myn 5 jierrich bruorke yn de Boalsertertrekfeart.
Myn âlden sille doe fêst tsjininoar sein ha…hiene wij mar moai op de Hofkamp bleaun..

Allegearre in noflik weromsjen tawinske.