donderdag 30 juli 2015

Reinpakken

Mei ferbazing seach ik koartlyn in nijsgjirrige statistyk.
fan it CBS,
it Centraal Bureau voor de Statistiek.
sij hawwe op in rychje setten hoefolle kilometers Nederlanners fytse,
doe't se dat hiene,
hawwe se it ek noch foar alle provinsjes apart berekkene.

Hoe't se soks berekkenje, is mij net dúdlik.
Der binne net folle minsken dy't it sa goed bijhâlde as mij,
alle kilometers wurde al tsientallen jierren yn tabellen en grafiken setten.
Mar it CBS hat mij neat frege....

Sa'n 1000 kilometer fytst de gemiddelde Nederlanner per jier,
dat is 2.9 kilometer per dei
ik fyts der 11.000 gemiddeld per jier,
en dat is sa'n 30 per dei.
dat is nochal in ferskil.....
hoe sit dit?

Ik nim de proef op de som.
ik doch in rûge skatting fan it eigen buertsje
trije huzen lofts en fjouwer huzen rjochts

ik skat yn dat der minsten 5 buorlju binne
dy't it doarp net útkomme op de fyts,
en dan giet it mei de kilometers net sa hurd.

ik konstatear ek dat er  2 bijsitte dy't ik noch nea fytsen sjoen ha.....
ik skat ek yn dat der trije binne dy't wolris fytse mar it lânlik gemiddelde ek net helje;
gelokkich is Jellie der noch
mei sa'n 4000 yn it jier  is dat suver lyk as mij in dissonant op de buert

al mei al:
miskien hat it CBS wol gelyk.......

Fryslân bliuwt wat efter bij tal fan oare provinsjes 
dus moat it fytsen stimulearre wurde yn Fryslân,
seit men.......
Stimulearje mei mear fytspaden?
Stimulearje mei bettere fytspaden?
Stimulearje mei snelfytspaden?

Ik leau der net sa yn.
Fytse is hjir synonym oan hurde wyn
en fytse is oeral synonym oan reinwetter.

Dy wyn kinne wij net folle oan dwaan: 
miskien wat mear lege begroeiïng hjir en dêr...

It reinwetter?
Statistiken fan fêste fytsers wize út dat it minder as 10 % reint.
Mar at it reinwetter it probleem is, soe ik sizze: 
Provinsje, jou alle ynwenners in goed reinpak, 
dan kin dat net mear de smoes wêze,
om net te fytsen.

En it bijkommend foardiel is dan dat paraplus ferbean wurde kinne op festivals en eveneminten lykas it keatsen,
Gewoan it reinpak mei, krigen fan de provinsje.....




dinsdag 28 juli 2015

Fluitsjend troch it libben


Snein in rûntsje om.
Burchwert-Hartwert-Kliuw

Hartwert dus....
Stoffel dus.....
Kommende woansdei mist hij syn twadde PC.
mear as in jier lyn ferstoarn

In moaie tekst op syn stien

Fluitsjend giesto troch it libben

en sa wie it



Heroine

Yn NRC dizze wike in artikel oer de heroine dy't de Amearikaanske eastkust bedriget.
Talrike jonge (mei namme fammen) wurde slachtoffer.
Alders steane machteleas  oan de kant.
Sij wolle altyd it goeie en steane betiden foar in lestige kar

Helpferlieners sizze tsjin dy âlders:

U staat voor een verschrikkelijke keuze,
U kunt haar in huis houden, en dan gaat ze zeker dood.
Of u kunt haar het huis uitschoppen, en ze heeft nog een kleine kans Dan krijgt ze misschien nog een prikkel om iets te proberen


zondag 26 juli 2015

Omfytse


De Moezel,
in prachtige rivier om lâns te fytsen
mei goeie fytspaden, leuke stedsjes en net te min wynfjilden.

De Moezel,
in rivier mei bochten
slingerjend troch it lânskip

De Moezel
307 kilometer lang
en sûnder te klimmen
is ôfsnije hast net mooglik

Sjoch de foto hjir boppe
bij Punderich...
De blaue line is 500 meter
in oerstek troch de heuvels
stiging fan 15 %
net te fytsen mei bagaazje
daling fan 15 %
net te hâlden dy fyts mei bagaazje

de reade line is it fytspaad
11.5 kilometer

wij fytsten lâns read
yn de wyn, sydwyn en foar de wyn.

typysk de Moezel




De Spar yn Ens

Ik freegje mij wolris ôf wat der gebrûk fan makket,
gebrûk makket fan in kofjesetapparaat,
yn in winkel.
Sjoch bij Jumbo Wommels wolris guon stean
op sneontemoarn
op deselde tiid
kofjetiid sis mar,
wêrfan ik tink: dy sparje thús de kofje út......

ik sjoch mij dat sels net sa gau dwaan .....
Hoewol...

Wij sliepten fan tongersdei op freed
op in kamping yn de buert fan Kampen.
In kamping sûnder foarsjenningen en dat betsjut
moarns gjin kofje en gjin farske bôle.

Regele is dan dat wij fan de earste de beste (horeka) gelegenheid gebrûk meitsje.
Dat wie dus Ens.
Alles ticht útsein de Spar
Ek goed.....
Farske broadsjes wie it  begjin en....
jawol, in kofjetafel mei in krantsje derbij.

En sa sieten wij dus yn Ens
yn de Spar kofje te drinken en it krantsje te lêzen.

En as ekstra tsjinstverliening mochten wij ek noch gebrûk meitsje fan it húske,
want  twa bakjes kofje dat wurket goed.....

Us winkel fan it jier is de Spar yn Ens.....




woensdag 8 juli 2015

Boris

Ik haw it altyd sein:
in hûn deryn, dan ik derút
en no is it sa fier.....


Dit is Boris,  in Dútske herder
hij wennet no yn ús hús;

hij is sljocht op
bratwursten,
schweinefleis
und karbonade
mar dy krijt hij net de kommende trije wiken...

hij sil it dwaan moatte mei
hingjende knakwoarsten,
slappe frikandellen
en mjitske kattebrokken

Hij is ek sljocht op ynbrekkers
en dat komt moai út.

want wij binne der net
wij dogge in rûntsje Koblenz:
fytsfakânsje

de kommende trije wiken
dogge wij ús te goed oan
bratwursten,
schweinefleis
und biefstuk

Oer trije wiken giet hij der wer út
en kom ik der wer yn,
alteast dat hoop ik....

(dit berjocht is fia de Google oersetter  maklik oer te setten yn it
Roemeensk, Poalsk, Bulgaarsk en Nederlânsk)




dinsdag 7 juli 2015

Wat in dei sa'n Frysman dei



Ik hoop dat jim der allegear wat fan mei krigen ha:
de Frysman, it triatlonspektakel,
mei start en oankomst op it Reaklif.

At jim der net west ha, wie dat in miste kâns,
om te sjen wat dizze triatleten presteare
hoe't se dat dogge en
om te sjen wat der foar nedich is om te mooglik te meitsjen


Trije dagen hawwe wij Helden Helpers west, mei in hiel soad genoegen;
wat wie dit geweldich om mei te meitsjen.

Sneintemoarn, de wekker op 5 oere
om miskien noch in hantaast te dwaan foar de start;
de start mei 22 graden op de thermometer
wat in prachtich gesicht fanôf it Reaklif

















3,8 kilometer swimme
de snelsten binnen it oere,
de lêste nei in oere en 40 minuten of sa

En dan op de fyts foar 4 rûntsjes fan 45 kilometer,
troch de prachtige súdwesthoeke
mei al syn bultsjes.

Moarns mocht ik wetter fulle  foar de fersoargingsposten
en de trochkomst fan de fytsers meimeitsje
en fanof 1 oere stie ik op Laaksum
om de dravers fan wetter, kola, snoepkes en dropkes te fersjen
en fan oanmoedigings fansels.....

Seis kear kamen se lâns
om de 42,2 kilometer te folbringen
en bij alle trochkomsten
seagen wij se wurger wurde.
wurger, mar net sagarijniger
laitsjend en fleurich en tankber,
dat wij der stiene,
en mei it kredo: "blijf lachen"

wat in atleten dy tri-atleten
wij libben fansels mei harren mei
yn de striid tsjin de betiden ferskriklike waarsomstannichheden
en sij libben mei ús mei....
wylst wij oan de tinte hongen yn in fûlendige stoarmbui.

Wij seagen alle rûntsjes wer út nei Hielke,
de fryske reus dy't it sa dreech hie...

wij seagen út nei dat Dútske fromminske,
dy't de iene rûnte "ein bier" woe, de oare rûnte "zwei bier"
en de lêste rûnte om in  "pizza" rôp...

Of nei dy Belch, dy't fier efterop rekke wie troch lekke bannen
en dy't op tiid oankomme woe,
mar sa relakst bleau
en alle ronden tiid hie foar in praatsje,

of de twa dútsers, dy't ús broadsjes "kase und schinken" opieten
omdat se flau wiene fan de bananen
en sa fleurich de lêste rûntsjes diene...

fleurich bin ik ek wurden fan de Vries,
in spontane frijwilliger út Warns
moaie ferhalen en sa entoesjast
en in goeie soarch foar de atleten:


syn "wûnder" hannen massearden of drukten der op los
sadat se wer fierder koene.

Acht oeren stiene wij dêr op de dyk bij Laaksum
en it ferfeelde nea..

it wie sels wûnderbaarlik dat al dy dielnimmers ús gewoan persoanlik tank seinen
tidens harren lêste rûntsje



Ik nim  myn Frysman pet ôf  foar de organisaasje,
dit kin allinne mar opsetten en trochsetten wurde troch befleine triatleten,
mannen en frouen dy't in doel foar eagen ha,
dy't witte wat it is om ôf te sjen
en dy't it mei leafde diene foar harren sport

Wij hawwe it sjoen oan ús soan Tsjeard dy't dit in part fan syn libben makke hat
en ek in part fan ús libben no, troch syn entoesjasme

Dizze organisaasje fertsjinnet takem jier in hiel soad frijwilligers,
sadat it foar harren wat lichter wurdt.

Ik bin der wer bij en "myn deifreon" de Vries fan Warns ek,
ik tink mei in massaazjetafel.......

vrijdag 3 juli 2015

Never to old to rock


Mei dit sjurt gie ik juster op stap
nei de Ziggodome yn Amsterdam.
It slacht in bytsje op mij sels,
mar it slacht foaral Pete en Roger.
of te wol Townsend en Daltrey fan the Who

"Never to old to rock"
dat lieten ze sjen justerjûn
Daltrey (71) Townsend (70) kleunden der yn
as yn harren beste tiid
der waarden noch krekt gjin gitaren stikken slein
mar de gitaarswyp fan Townsend liket noch like linich as sis mar 40 jier lyn,
en net te ferjitten dy geweldige drummer yn syn glêzen húske op it poadium

It konsert begong yn feite al om goed 6 oere,
hûnderten fans soargen fan te foaren al foar in moaie ûntspannen sfear
op it plein foar de Dome
dat wiene net allinne âlderen,
mar ek de jeugd wit de mzuyk fan de Who op wearde te skatten

In prima foarprogramma mei "the Last Internationale"
en dêrnei prachtige âlde bylden fan the Who
op de super grutte skermen

Om 9 oere gie it los en troch in fantastyske resjy efter de bylden
waard  it gewoan in intym feest
en wat foar feest mei al dy meisjongers
lykas Pinball Wizard, See me, feel me en My Generation

In machtich moai konsert dat tsjin alven dien wie
gewoan sûnder tajefte, want se hiene alles al jûn
en it wie genôch.
It wie best genôch.