Je soene der benaud fan wurde.
De list mei bekeurings foar fytsers mei de bedragen der bij foar 2012.
In lange list en neffens mij is der hiel wat te fertsjinjen foar it plysjeapparaat en hiel wat te ferliezen foar alle fytsers.
Ik ferwiis jim graach nei dizze link
De meast fermaaklike binne dizze:
Niet stapvoets rijden binnen een erf: € 45,- - ............stapvoets fytse is soms in keunst
Zonder teken met arm afslaan: € 30,-............. sjogge jim wol ris ien in hân útstekken?
Kruispunt blokkeren: € 85,- ............dat like mij no sa leuk ta...auto's pleachje
Inhalen vlak voor of op een zebrapad: € 130,- ...........wa betinkt soks
Militaire kolonne doorsnijden: € 30,- .........lekker tusken de Leopards fytse..hearlik
Geen voorrang verlenen aan trein/overweg blokkeren: € 85,- ........ gjin foarrang ferliene?????.
Geen voorrang verlenen aan overig verkeer bij achteruitrijden: € 85,- ......dat sil ik moarn besykje: efterútfytse
Slechte staat van het frame: € 45,- ...........apk keuring?
Ondeugdelijk bevestigde trappers: € 85,- ........ it kreaket en it docht , no wat.....
Rijden onder invloed . Vanaf 235 ugl (0,54 promile): € 130,- ........ dat wisten wij allegear wol ..toch...of net?
datfynik
Ik mei oeral wat fan fine. Wat in hearlik gefoel is dat.
zaterdag 28 januari 2012
vrijdag 27 januari 2012
Pake
It feest fan it pake en beppe wurden is net oan ús foarbij gien. Tal fan kaarten mei lokwinsken kamen bij ús binnen. It pakke en beppe gefoel is der no hielendal. Seker at wij sjogge nei dat lytse mokkeltsje fan trije wike, dat no gelokkich ek thús is. Moai om te sjen nei dat únskuldige gesichtje at je har op de earm ha.
Ek moai dat se har net ynhâldt mei boeren, hikken,spuien en ôfskiten. En foaral dat lêste docht se as in grut keardel. "Krekt har heit", seit har mem.
Dat pake en beppegefoel is yn ús eigen hûs ek oanwêzich. Want trije kaarten dy't it sa moai oanjouwe: pake en beppe.

Labels:
pake
dinsdag 24 januari 2012
Group 1850
De skiednis fan Q '65 lêzen. Aardich boek om te lêzen. In Haagse band dy't op foel troch de hurde beat/rock& roll yn de begjinjierren '60.
Frjemde ferhalen en dêrtroch boeiend. In band dy't it net sa krekt naam mei alles.
Hiene je as sealeigner plannen om de seal te ferbouwen dan koene je it beste Q'65 kontrakteare.
Folle seal en dêrtroch in goeie resette en nei de tiid wie alles fan syn plak of stikken.
Net dat de band dat die mar troch harren muzyk en presentaasje ûntstie der sa'n byld fan "bij Q'65 mei alles"
Yn it boek komme ferskate leden oan it wurd. Twa binne der net mear. Stikken gien oan drank en drugs.
Yn it boek wurd ek oare bands besprutsen, omdat de besetting wolris wiksele.
Group 1850 wie ek in groep út Den Haag. Makken goeie muzyk en hiene de hit "Mother No head".
Yn dit boek nei safolle jier lês ik de útlis, wêrom it nûmer sa hjit. It kwartsje falt dus bij mij.
Ik soe sizze harkje goed nei dit nûmer, konstatear op hokker nûmer dat besearre is en it sil dúdlik wêze wêr't it "mother no head"hjit

The Kinks
The Kinks, foaral bekind fan de hits Lola en mr Pleasant, hawwe yn harren goeie jierren prachtige muzyk makke. Better as ik feitlik koe.
De band fan Ray en Dave Davies skynt net mear te bestean mar Ray Davies treedt noch wol op.
Dit wykein it hiele repertoire op You Tube trochwest. Twa moaie oerkes. Foaral Celluloid Heroes.
It skitterjend nûmer, hjir yn twa totaal ferskillende útfieringen.
Myn foarkar giet út nei de twadde. In nûmer mei in geweldich yntro.

zondag 22 januari 2012
Big Wheel
Der binne fan dy bands dy meitsje in plaat en dan wurdt it stil.
Yn it boek oer Q '65, wat verteld wurdt troch de ferskillende minsken dy't der diel fan útmakken en dy't net dea gien binnen oan drugs en drank, komt basgitarist Peter Vink ek oan it wurd. As jongste bandlid (16 wie hij doe't er yn de band kaam) hie hij it net maklik want hij waard mij dêr in partij pleage.
Dy selde Vink is de ienige dy't echt yn de muzyk trochgien is.
Nei Q 65 kaam hij yn Big Wheel. En dat is sa'n band dy hawwe ien prachtich nûmer.

vrijdag 20 januari 2012
Foar mij gjin slachterin 2012
Yn 2000 rûn ik de Slachte. Dat wie de lêste kear dat ik op in dei mear as 20 kilometer rûn ha. En dat soe ek best wol ris sa bliuwe kinne. Ik bin net sa'n rinner.
Yn 2000 rûn ik mei in teasjurt mei de sels makke tekst: "Rinne wij wol lyk". Nee dus.
Yn de Ljouwerter Krante stiene de oare deis 42 foto's fan dielnimmers. Op alle kilometers ien.
Dy foto fan mij waard makke nei dy freeslike 42 kilometers en 195 meters.
Op de blierretrochpriktafel. Blierren sa grut as de hakke, blierren sa grut as alle teannen. Op beide fuotten.
"Hoe giet it", hat mij doe immen frege.
Flits, in foto. Neist de foto fan de winner: Gerrit Kramer. In grutter kontrask koe hast net.
"Fan myn libbensdagen net wer" haw ik doe noch útbringe kind.
Alteast dat is de tekst bij de foto yn de krante.
Ik haw myn wurd holden yn 2004, yn 2008 en sil seker myn wurd hâlde yn 2012.
Ik haw mij wol alfêst in byld makke fan dizze rintocht. It sil in grut ferskil wêze mei 2000. Doe wiene de mobyltsjes yn opkommen en waard der omraak belle.
No sil der omraak twittere wurde. Op de Slachte sille tûzenen twitterje
#dat se aaklik betiid fan bêd binne
#dat se yn de file stean foar Easterbierum
#dat se lang op in bus wachtsje moatte
#dat de bus der einliks is
#dat se foar de start al bekôf binne fan it wachtsjen
#dat se hast starte meie
#dat der noch 9863 minsken rinne foar in goed doel
#dat it stik efter Boazum dreech is
#dat de sinne troch brekt
#dat de brêge fan Reahûs in kûtebrekker is
#dat ze nog nooit van de Kliuw hebben gehoord
#dat de Nije Kromme in flinke klim is
#dat het gigantisch gezellig is tussen al die Friezen
#dat it korps fan Wommels krekt ophâldt at wij der oankomme
#dat it de sinne trochbrekt
#dat wij bij Swarte Beien op de helte binne
#dat it suver wol goed giet
#dat it no wol hiel drok is op de dyk
#dat der irritante lju binne dy't foardringe bij de húskes
#dat de pisserij foar froulju tûkelteammen jout
#dat it no begjint te reinen
#dat Clinton net mear yn Achlum is
#dat wij de brêge bij Frjentsjer al sjogge
#dat de batterij hast leech is
#dat wij der binne
#dat wij wachtsje op dy en dy
#dat it in moaie dei wie.

slachterin
Slachterin
De Slachterin komt der wer oan.
Yn juny 2012.
Yn 2000 die ik ek mei.
Ik doch dizze kear mar net mei.
It wêrom lis ik letter út.
Yn juny 2012.
Yn 2000 die ik ek mei.
Ik doch dizze kear mar net mei.
It wêrom lis ik letter út.
"Belangstelling Slachtemaraton yn Wommels útsûnderlik grut", kopte dizze wike ús gemeentekrante Op é Skille.
Mar leafst 80 ynwenners hawwe kaarten besteld.
Allinne yn Ljouwert, Frjentsjer, Snits, Drachten, Harns, de Jouwer en it Hearrenfean wiene mear ynskriuwers.

Hoefolle minsken der no krekt meidogge út Wommels is no noch net te sizzen, want de ynskriuwers mochten 4 kaarten bestelle. 80 persoanen dy't kaarten bestelle foar gemiddeld 3 minsken út Wommels?
Dan komt it aardich yn de buert fan it jier 2000.
Want doe kopte dy selde op é Skille dit.
donderdag 19 januari 2012
Itensiede
Mei tank oan de achte frou Knor, frou Honig en yn Wommels frou Jumbo, kin elkenien hjoeddedei itensiede. Mei in goeie lêsbril moat it slagje om de oanwizigingen op de foar- of efterside fan in pak te lêzen en te begripen.
Nim 2 ytleppels fan dit en 150 milliliter fan dat, doch it sus en doch it sa. It stiet der meast allegear yn de goeie folchoarder op en at je it gefoel ha dat it ek oars kin dan moat je dat foaral dwaan. It is wol wichtich dat je yn de winkel wol goed sjogge wat der net yn it pak sit en wat der wol bij heart om der in smaakfol miel fan te meitsjen.
It wurdt al oars at je in miel klear meitsje wolle wat net in wrâldgerjocht of in pasta is. At je bijgelyks gewoane hollânske kost ite wolle lykas stoofparren, andyvje of stoofde sipels. En at je dy lekkere smaak ha wolle dy't je bijbleaun is út de goeie âlde tiid.
Bij sokke kost doch ik altiten in berop op it "kookboek" fan frou E. Nakken - Rovekamp. In lesboekskreaun troch in direktrise fan in húshâldskoalle yn de jierren 60.

De 12-de printinge haw ik thús lizzen. De 12-de dy't in ferskil makket mei de 11 dêrfoar.
"Op verzoek zijn de kopjesmaten vervangen door grammen"

Ik fyn sels dat ik goed itensiede kin, mar sûnder help fan frou Nakken hie ik moglik yn dizze tiid hiel wat ôfsneupt op ynternet om it goeie te finnen.
Soms is in boekje fan 63 wol sa handich.
Soms is in boekje fan 63 wol sa handich.
Labels:
itensiede
dinsdag 17 januari 2012
Deade swan
It iis yn de fearten, de ryp op it lân, de rúten fan auto's beferzen en winterske loften.
It liket hjoed wol winter.
At ik op de weromreis krekt foarbij Turns fyts, rjochting Reahús, dan fyts ik lâns in iisbaan.
Net samar in iisbaan. In eigen initsjatyf baan. Fan Joost Schaap.
Allinne om dy Turners soene je hoopje dat der sterk iis komt.
It wol mij net misse, mar der sit talint yn Turns.
Allegear fan dy lytse sportmantsjes dy't bij SDS fuotbalje mar neffens mij ek goed ride kin.
Bij it sjen fan de baan dwaal ik efkes yn tinzen fuort. Yn de fierte sjoch ik in wyt bultsje lizzen.
"Is der mij hjoed wat ûntkaam, is der miskien snie fallen en is dit bijelkoar fage"? sa flits der troch myn kop hinne.
In swan dy't wierskynlik al hiel hoaste en wêr't syn swannematen wierskynlik tsjin kweekten: "Ien nachtfroast en do bist der west."
Dy foarspelling is better útkaam as it foarsizzen fan de horrorwinter. En sa te sjen binne der wer oare fûgels dy't dit hielendal net slim fine en mei nocht en wille de swan in kopke lytser meitsje.
It liket hjoed wol winter.
At ik op de weromreis krekt foarbij Turns fyts, rjochting Reahús, dan fyts ik lâns in iisbaan.
Net samar in iisbaan. In eigen initsjatyf baan. Fan Joost Schaap.
Allinne om dy Turners soene je hoopje dat der sterk iis komt.
It wol mij net misse, mar der sit talint yn Turns.
Allegear fan dy lytse sportmantsjes dy't bij SDS fuotbalje mar neffens mij ek goed ride kin.
Bij it sjen fan de baan dwaal ik efkes yn tinzen fuort. Yn de fierte sjoch ik in wyt bultsje lizzen.
"Is der mij hjoed wat ûntkaam, is der miskien snie fallen en is dit bijelkoar fage"? sa flits der troch myn kop hinne.
Tichterbij sjoch ik dat it wat oars.
In swan dy't wierskynlik al hiel hoaste en wêr't syn swannematen wierskynlik tsjin kweekten: "Ien nachtfroast en do bist der west."maandag 16 januari 2012
Moai ritsje
"Wat soe it no moai wêze at wij ride kinne", sizze de reedriders. "Sok moai waar: wyn stil en in sintsje derbij." hearde ik se snein sizzen.
"Wat is it moai dat je gewoan wol lekker fytse kinne", sei ik. Lâns de trekfeart bijgelyks. Tusken de reiden. Oan de droege side fan de reiden wol de ferstean.
In hearlik rûntsje dus op dizze sneintemiddei.

En mei de Runtastic (bike) as kontrolemiddel haw ik besocht om wat in fêst "tempo" te fytsen.
En dat is goed slagge sa te sjen
En dat is goed slagge sa te sjen
Abonneren op:
Berichten (Atom)