zondag 30 januari 2011

Bloed op snein

It is hjoed 30 jannewaris. Dat falt dit jier op snein. Dat wie 39 jier ek sa. 30 jannewaris 1972. Bloody Sunday. De Britten dy't Ieren deasketten. Minsken deasjitte omdat se demonstreare. Minsken sûnder wapens. Dy Ingelsen moatte alle jierren goed herinnere wurde oan dizze dei. In swarte bledside opnimme yn it skeidnisboek. Fol skreaun mei eksuses oan de âlders en famylje fan dy 14 meast jonge minsken.
U2 (de Ieren) makke der in hit oer: Sunday Bloody Sunday, mar ek John Lennon (in Ingelsman) liet protest heare. En ta eintsjebeslút in filmke fan Paul mc Cartney wêr't hij besjongt hoe't it wêze soe at the Beatles Ieren west wiene.






zaterdag 29 januari 2011

Fytspaad

Justermiddei wat frijwilligerswurk dien foar de "Fietserbond" ôfdieling Fryslân. Mei doarpsbelang Burchwert te fytsen west en om de tafel sitten. Tidens it fytsen lieten se ús sjen wat sij oan problemen sjogge. Myn eigen idee oer it fytspaad nei Boalsert kaam folslein oerien mei harren ideeën. It paad foldocht net mear oan dizze tiid. It is te smel, it oan grut ûnderhâld ta en it is op plakken gewoan gefaarlik.
In moaie útdaging foar de nije gemeente Súdwest Fryslân. Want is it net sa dat foar de fúzje de âlde gemeenten harren potsjes leech makke hawwe oan it opkreazen fan allegear diken? Wie it net sa dat yn de lêste trije moannen fan it jier de measte doarpen yn Wûnseradiel en Littenseradiel net te berikken wiene fanwege wurksumheden?
Dan kin no it each en it jild rjochten wurde op fytspaden. Te begjinnen bij Burchwert. Want it is dochs te mâl foar wurden dat wannear ik nei Boalsert fyts ik Burchwert lizze lit en fia Hichtum fierder gean omdat ik gjin sin ha om "de striid oan de gean mei de ûnfeilige eleminten" fan it paad tusken Burchwert en Boalsert.



Bij it heechhout bij Boalsert is it gewoan gefaarlik om te fytsen troch in te smelle opgong en gefaarlike rânen.



It prachtige winterwaar mei in fytser fanôf Djiplân nei de Boalsertertrekfeart. Dit stik is smel en hobbelich.

vrijdag 28 januari 2011

Gedichtendei

Juster, 27 jannewaris wie it de nasjonale gedichtendei. Fierders as in Sinterklaas gedicht kom ik net mear en dat hat der sels noch wol oan.
Myn byld fan in gedicht wie altyd dat it rymje moast. En ik moat ek tajaan dat at ik no ris in gedicht lês, ik it beoardielje mei goed en min at it wol of net rymket. It is wol in hiele simpele benadering mar it is net oars.
It skriuwen fan gedichten is mij te folle gesyk om wurden. It is in soarte mei taalarsjitektuer. Hoe wurdt de foarm en wat past dêr dan allegear bij.
It hat wol wat fan puzzels meitsje. Past dit stikje yn de puzzel en past dat wurd yn it skema.
Yn 1976 haw ik dêr wol wat mei oan it prutsen west. Stimulearre troch de LC. Gedichten ynstjoere en at it moai genôch fûn waard, dan kamen se yn de krante.
Jim sille begripe kinne dat ik in stikje krante fan 1976 bewarre ha, at ik jim sis dat ien fan myn "gedichten" bekroand waard: Ik leau fan 25 gûne en fansels ivige eare.




In master tekstdichter is Ivo de Wijs. Hear nei dit prachtige fers

woensdag 26 januari 2011

Titus Brandsma

Ik bin net katolyk. Ik haw der fierders ek neat mei. Fyts wol alle dagen twa kear troch Reahûs, in katolyk doarp. Mar dat makket mij noch gjin katolyk. Ek net in bytsje. Aardige en freonlike minsken dêr. Yn Reahûs.
Bij Boalsert stiet it Oegekleaster.


No in pleats mei, sa te sjen in raar útbouwsel. Dêr stiet ek in tinkstien foar in ferstoarne pater. In sillich of hillich ferkleare pater. Ik wit it ferskil net. Titus Brandsma. Neffens Wikepedia is dit oer him te sizzen. Wikepedia is net altyd de wierheid hawwe wij okkerdeis wer lêzen kinnen. Lit ús mar sizze dat it measte wol wier is. De man is yn 1942 ferstoarn yn Dachau. Dan wit je it wol. Wrâldkriich II.
Dy deade Titus is no oan it twitterjen. Ik mei graach oannimme dat de man altyd goed bij de tiid wie, syn tiid miksien ek wol fier foarút wie. mar dit rooit igge noch seam. Trije moanne lang kinne wij him folge op twitter as in "spannend" ferhaal, wêrfan de ôfrin bekend is.
In goeie wike haw ik it prebearre. In deade man folge yn de lêste moannen fan syn libben. Tusken al dy oare tweets fan nijsgjirrige minsken en aktuele saken. Net dus.










Al dizze tweets wurde ûnderwilens folge troch 760 twitteraars. En hjoed dus ien minder. Want foar mij hoecht dit net. Lit ik mar sizze omdat ik de spanning mis.
Ik sjoch ek noch dat de Pater sels net ien folget. Frjemd.

zondag 23 januari 2011

Moai mar ek argewaasje

Krekt werom fan it optreden fan Gerry Wolthof yn Jimbar yn Wommels. De man út Veendam dy't Neil Young spilet. De man dy't yn 1985 yn de Soudmixshow de tredde priis helle. Wat in geweldige Neil Young stim hat dy man. 3 sets lang hat er ús meinommen yn it grut ferskaat fan lieten. It gefoel dat Neil syn lieten mei joech, wie yn de Jimbar. De perfekte omjouwing om in geweldich konsert te jaan, sa fûn de Grinser sels ek.
Mar ik soe ik net wêze at ik gjin argewaasje hie. Twa sels dizze kear. Wêr't de measte argewaasje tsjin giet wit ik net. Tsjin de minsken dy't der net wiene en dus hiel wat mist ha of tsjin de minsken dy't der wol wiene mar gjin respekt foar de muzyk hiene en net 3 kear 30 minuten harren praatfolume net wat oanpasse kinne.
Ik tink tsjin de lêsten, want fan de earsten hie ik gjin lêst mar fan de lêsten wol.
Namkje Koudenburg makke in filmke, wêr't jim Gerrie net echt sjen kinne, mar dan hiene jim der ek mar wêze moatten. Te hearen is dêr de stim fan Gerrie, it meisjongen fan de leafhawwers en in gepraat fan de respektleazen.

Ten years after

"Utferkocht" hong der sneontejûn op de doar bij poppoadium it Bolwerk yn Snits. De 4 jonges fan Ten Years After hawwe noch safolle namme dat sij in seal fol krije mei keale koppen, grize hierren en (te) lange burden. Allegear leafhawwers fan it kompakte lûd fan Ten Years After. Allegear is krekt wat te folle sein, want efter yn de seal wiene der te folle dy't mear foar it praat kamen as foar de gitaar. En dat jout yn it Bolwerk swierrichheden. De desibelmeter stiet dan wol kreas ôfstimd op 90 sa wat, mar it is dan efteryn net goed te hearen. Alteast je krije dy jankende gitaar net fol yn de bealch, je fiele de drums net yn de lea, de bas docht je net triljen en it lûd fan de sjonger komt net oer.
Doe't wij ús troch de mannichte nei foaren wraksele hiene (dêr is "vader Abraham" net populêrder fan wurden en syn broer ek net), omdat wy wol foar de muzyk komme (eamelje kin letter wol), seagen wy it entûsjasme en hearden wy it folle lûd, dat hielendal klopt.
Oan de mannen op it poadium lei it dus net. De wite hierren fan basgitarist Leo Lyons wapperen as wie hij in jonge God fan 67 en hij wie it symboal fan entûsjasme. De âldsjes yn de groep diene it noch bêst. De tradisjonele jierren 70 drumsolo wie der fan Ric Lee en Chick Churchill sloech op de keyboards of wie it in waskboerd.
Allinne sjonger Joe Gooch wie ynbannich en at dat no troch syn karakter komt, troch syn leeftyd (hij is noch mar 33) of troch syn sichtbere rêchklachten, it past hielendal bij in sologitarist. Machtich om te sjen hoe't hij hingjend op in kruk (hij wie hielendal stikken) Going Home spile. Doe waard dúdlik hoe goed dat nûmer is en wat der yn in gitaar sit en wat der út te heljen is.
Twa oeren lang Ten Years After en dêrnei noch in oerke lekker nei-eamelje mei Ate, Ype, Elly, Lolke en Johannes, dy't der ek hielendal trochhinne siet, mar dêrtroch maklik yn te passen wie as 4-de man op de efterbank.
Hearlik.

zaterdag 22 januari 2011

Lekker ite



Myn maach of termen wiene de lêste dagen wat oerstjoer. Seker wat ferkeards iten tink ik dan al gau. Efkes tinke. De opbakte jirpels fan moandei dy sille dochs net 13 sekonden te lang bakt wêze. Of haw ik der sûnder opset 3 kuorrels sâlt te folle opsmiten. En de sla wie dy wol biologysk dynamysk wosken yn in lofts draaiende skjinmakbak. Of wie it miskien it Mona neigerocht. Wie dat hast oer datum miskien. Nee dan de soerekoal fan tiisdei de skuld mar jaan. Mei spek. Dat sil it grif wêze. Of wiene it dochs dy grutte mega krinteballen dy't ik woansdei iet, dy't fol sieten mei rezinen dy't mij net sa lizze.
Op freedtemoarn betiid wie der foar Omrop Fryslân in wol hiel entûsjaste kok (Marco Poldervaart) dy't op absurde wize it der oer hie, dat "hij en syn team der klear foar wiene nei in jier hurd wurkje om de striid oan te gean yn in itensieders"keunst"wedstriid earne yn Europa".
Jasses tocht ik en myn termen fielden dat oan, want ik wie samar it bêd út.
Jasses, wat in freeslike droktemakkerij oer in kuorrel sâlt mear of minder of oer in blêdsje peterseelje lofts of rjochts op it fleis. Ik tink net dat ik ea te iten gean bij de Gastronoom. At ik wit dat it allegear sa krekt komt, dan yt ik al net lekker mear. Wat kin iten klearmeitsje dreech wêze.
Ik tink dat ik ynkoarten mar wer in kear yt yn it wyksintrum fan de Lemmerdyk west yn Snits. Ek dêr wurdt it mei in soad leafde makke, mar sûnder babbelegûchjes. Nije wike stamppôt. Trije soarten: boerekoal, soerkoal en hutspôt. Allegear yn ien panne (fan myn kollega moat ik board sizze, mar dêr bin ik it net mei iens). Wat kin itensiede maklik wêze.
En is it wat minder lekker, dan leit dat oan myn eigen smaak. Want oer smaak falt net te twisten. En smaak falt seker net te beoardielen. Bah, wat in wedstriid fan neat.

vrijdag 21 januari 2011

In ferlern stikje fytspaad

Ik bin gjin autorider en dat hat ta gefolch dat ik wolris wat muoite haw mei ferkearsbuorden. It ferkearsdiploma fan 1965 hat mij in flink ein op wei holpen om wat kennis op te dwaan, mar wurdt net ûndersteund troch praktykerfaring. Want sis no sels de measte ferkearsboerden hawwe mei auto's te krijen. Der is ien ferkearsboerd wat ik hiel goed kin. Alteast dat tocht ik. Mar ik haw hjoed dochs noch mar efkes opsocht wat it betsjut.



Myn idee wat it betsjut komt aardich oerien mei de wurklikheid. Ik twifele efkes omdat op de Burchwerterhoeke ek sa'n boerd stiet. En dêr wurde je as fytser net bliid fan. In smel paad fan ûngefear 100 meter, mei mear ûnkrûd as stiennen. Ik haw dêr noch nea immen op fytsen sjoen.
In ferlern stikje fytspaad. It sil net faak foarkomme dat ik tsjin in fytspaad bin, mar yn dit gefal bin ik der poer op tsjin dat dit as fytspaad oanjûn wurdt. Fuort mei dat boerd. Gemeente Súdwest Fryslân jim hawwe in boerd oer. Wat sis ik: twa , want 100 meter fierder fanôf de oare kant stiet ek ien.



dinsdag 18 januari 2011

Jongesnammen

Ik lês 4 wiken it Parool. Net om te prebearjen mar omdat dat de ienige krante is dy't ik op myn winskbonnen noch bestelle koe. No ja de Telegraaf koe ek wol, mar dy wol ik hjir net wer yn é hús ha.
Mar werom nei it Parool: 4 wiken foar 10 euro. Ik wit net hoe't se dy krante hjir bij mij yn de bus krije, wa't dat ding rûnbringt at der mear Wommelsers binne dy't him lêze. Wat ik wol wit is dat it in tige lêsbere krante is, mei in moai lettertype, sûnder razende koppen en mei goeie ferhalen.
Yn dy kommende 4 wiken sil ik in goed byld krije fan Amsterdam. Want it Parool is in echte Amsterdamske krante. Sa stie der sneon in list yn de krante mei de populêrste Amsterdamske jonge en famkesnammen.
Bij de jonges leit it der sa hinne:
1. Mohamed
2. Adam
3. Rayan
4. Max
5. Noah
6. Mohammed
7. Lucas
8. Olivier
9. Benjamin
10.Jayden
Dit listje seit genôch. Opfallend is dat der seker twa Moham(m)eds binne. Of hat de iene kategory net op taalkursus west. Adam op twa? De Joaden dy't bij Amsterdam heare of wurde der safolle bern ferneamd nei de stêd.
"What is a name", sei Shakespeare mar Jan Rot sjongt hoe ferfelend in ferkearde namme is.

maandag 17 januari 2011

Hipperhapke

En sa binne der wer tal fan nije wurden bij lies ik op ynternet. Fryske wurden. In stik as 20. Yn 2011 tweintich derby en yn 2010 fiiftich der bij wei. Want sa is it dochs?
Der ferdwine safolle Fryske wurden. Dat docht it Fryske hert sear. De Fryske taal ferearmet hurd. Moaie wurden wurden allinne noch brûkt yn de poëzij wat gjin minske lêst, of yn de boeken, dy't al net mear mei de kroade bij je thús brocht wurde. In taal mei en moat feroarje mar mei dizze 20 nije wurden sjitte wy net folle op.
Lit mij it moarn in kear besykje op it wurk.
"Ja, freed nei Utert west, yn in lange rige autos stien fansels."
"In file"
"Ja in lange rige auto's troch in ûngemak op de oare baan. Mar wij stiene yn de koekeloerrige".
"Yn de wat.....?"
Ik bin benijd at se mij noch foar fol oan sjogge.

"Oh ja, ik wie op de beurs yn Utert en dêr wiene pilsmokkeltsjes en wij krigen in hipperhapke"
Ik wit net at it dan wol goed komt mei mij.
At ik dan ek noch freegje at se mij net mear Grutte Pier mar Griene Pier neame wolle ( ik ha mear mei it klimaat as mei it swurd) dan bin ik bang dat se my in flinke winterdip taskriuwe.

zondag 16 januari 2011

Fryslân op de beurs




Op fersyk fan in goeie Jobbegeaster (net Algra) moast ik efkes kritysk sjen nei de Fryslân stand op de fakânsjebeurs. De grutte bal mei fideobylden wie al fan te foaren wiidweidich besprutsen. Ik haw der efkes bijsjoen, foar it skerm stien, mar it spruts mij net echt oan. Wat der no krekt barde is mij ek net dúdlik wurden dêr, ûndanks it feit dat der genôch Fryske famkes of kreaze jonges omstapten. Dat Fryske famke en dy kreaze jonge stie efter op it sjurt wat se oanhienen.
Dat der ek minsken yn de stand it sjurt net oan hiene wie terjochte. Want doe't wij oanjoegen dat wij gewoan efkes seagen as belangstellende Friezen en net fan doel wiene om de fakânsje thús te fieren of yn eigen omjouwing, besocht se noch al wat. "Heeft u de elf steden al gefietst", begong se. "Ja", antwurden wij yn it Nederlânsk, want se hie ús al witte litten dat se gjin Frysk ferstie. "In vier of vijf dagen kun je dat doen", gie se fierder. "Ja en it kin ek yn ien dei" joech myn frou oan. "Dat bestaat niet, dat is onmogelijk". Tsja, twadde pinksterdei noch nea yn Fryslân west dus.



En dit is it byld wat wy de Hollanners foar hâlde. Farre mei molkbussen yn de boat. Wêr kin dat?
It wie net drok yn de stand. At dat in goed of in min teken is wit ik net. Dat hinget der fan ôf fan hokker side je it benaderje. It hoecht hjir om mij echt net drokker en dan bedoel: kin it ek wat minder.

zaterdag 15 januari 2011

Fakânsjebeurs

Yn de moanne jannewaris komt de hiele wrâld byelkoar op de fakânsjebeurs yn Utert. In dei as fjouwer kinne je in "wrâldtoer" meitsje en je oriïntearje op de kommende fakânsje. Ien kear yn de safolle jier geane wy der ek hinne om nei de tiid te konstatearjen dat it in slitaazjeslach wie foar de rêch (en dit jier ek foar de knibbel) om dêr 4 oeren om te toffeljen, dat it ien grutte papier fergriemerij is en dat it neat foar ús is, sa'n fakansjebeurs.
Wij binne better te plak op de Fyts en Rinbeurs dy't ein febrewaris yn de Rai holden wurdt. Mar soms is it ek goed om te sjen wat der allegear yn de grutte fakansjewrâld is en hokker kant it út giet.
Kampeare liket yn te kommen mar dan yn sokke lúkse "tinten" dat it neat mear te krijen hat mei kampeare. Unbidich grutte tinten mei in húske, in brûs, in keuken en leunstuollen der yn.



Der binne húskes op bungalowparken dy hawwe minder lúkse. Ik neam it net kampeare.
It wie freed betiden in keunst om earne bij te kinnen. Want al dy standhâlders binne op jacht om emeeladressen te krijen. Dus jong en foaral âld fulle in formulierke yn, omdat se in priis winne kinne, en jouwe harren adres en tillefoannûmer op. En letter mar seure dat se allegear spam krije en ferfelende tillefoantsjes.
Oh ja der moat fansels wol in fraach beändere wurde, want oars meie je net samar in reis fuortjaan. Oars is it lotsjen en dat mei net. Sa moatte je om in reis nei Nepal te winnen riede hoefolle a's der yn Nepal steane, foar in reis nei Egypte is de fraach at de Rijn of de Nijl in rivier is yn dat lân en at je antwurd witte op de fraach yn hokker wrâlddiel Súd Afrika, dan meitsje in kâns op it trip nei dat lân.
De kâns dat ik wat win achtsje ik hiel lyts. Mei ien gokje bij in stand mei in goed doel hoop ik dat it immen takomt dy't der mear ferlet fan hat as ik.
It wie betiden libbensgefaarlik om tusken de stand troch te skarreljen. At je efter ien lâns rinne woene, moaste je earst wol goed útsjen at der net in koffer op tsjillen efteroan kaam. Want de trend is ek om nei sa'n beurs te gean mei in lege koffer en thús te kommen mei in koffer fol folders. It byld is meast dat man de koffer meisleept en dat de frou oeral folders wei pleurt en de koffer besiket sa fluch mooglik fol te krijen.
Begrutsjen hie ik mei de standhâlders fan Dordrecht mei de Mariapolder as efterlân. De folders wiene noch net oanpast oan de nije sitewaasje: In rûnrit troch spútsjefjilden dy't oantaast binne troch de gemy.


Nee dan Tuneezje. Dy lju dêrwei hawwe ynspile op de politike sitewaasje. Mei in negatyf reisadfys hiene sij oan trije boekjes wol genôch.



Mar om net mei de rotsoai sitten te bliuwen yn harren lân hiene se it hjir mar hinne sleept.
En ta beslút: je koene hjir en dêr ek noch wat priuwe. Dêr haw ik mij ek ien kear oanweage. In bultsje riis, mei wat krûden en wat wjirmkes der op. Sis mar in hipperhapke.
Kâns is oanwêzich dat ik mij dêr noch in kear oan weagje.

vrijdag 14 januari 2011

Seasick Steve

3 snaren, in Missisippie trommelmasjine te betsjinjen mei de foet, in houthakkersjurt, in tûnbroek, in pet en in burd. En in bluesstim.
Oandacht foar Seasick Steve.

woensdag 12 januari 2011

Net seure graach



At je in hús bouwe litte wolle dan wurdt der skerp op tasjoen at it wol foldocht oan bepaalde betingsten en at it wol eaget. De polityk hat spesjale kommisjes ynsteld dy harren drok meitsje moatte om de fraach at iets yn de omjouwing past of at it net yn striid is mei ien of oar artikel yn in wet fan 1949 of iets letter of earder.
Wij witte allegear wol dat oer smaak net te twisten falt, dus wat de iene moai fynt, de oare as freeslik beskriuwt.
At dizze regear besunigje wol, dan soe om mij dit ûnderwerp wolris op de aginda komme kinne. Der falt hiel wat te besunigjen op dit soarte fan ynstânsjes.
Seure dat rútsjes net 90 bij 90 mar 85 bij 88 wêze moatte en dat grienbrún better is as brúngrien moat sa gau as mooglik ophâlde.
Ik tocht hjir oan doe't ik snein bij de Himert lâns fytste. Dêr stiet in hús te keap. Of better sein bougrûn mei in ruïne fan wat earder in hús wie.
Hoe is it mooglik dat dizze rotsoai dêr salang sa lizze koe. Ik haw gjin idee hoe lang it lyn is dat dit hûs ôfbaarnd is. Ik skat wol 20 jier. En sa lang leit it der hinne sa't ik it no op de foto set ha.
Je witte mar nea, mar miskien is der immen dy't dizze bou kavel mei in flink stik grûn keapet foar 399.000 euro.
En miskien is der dan wer sa'n saakkundige bemoeial dy't bij de earste tekening kommentaar hat op it ûntwerp. "Dat it net goed yn de omjouwing past." . Myn reet, 20 jier leit der in binde dy paste wol goed yn de omjouwing seker. Alles wat dêr boud wurdt is better as wat der no 20 jier of sa leit. Ophâlde te seuren dus.

maandag 10 januari 2011

Fûgels

Fan efter it rút komt in lekker sintsje binnen. It liket wol foarjier efter it rút wei besjoen. Dus der mei de fyts op út. In flink wyntsje docht bliken. Earst mar yn de wyn. Burchwert, Boalsert Eksmoarra, Allingewier, hast Makkum en dan binne it ynienen allegear fûgels yn it lân. Ha fierders gjin ferstân fan fûgels mar it lykje wol grut útfallen einen of lyts útfallen guozzen. Dan nei Skraard, Longerhou, Skettens, Wytmarsum, de Himert, de Bieren op Wommels.




zondag 9 januari 2011

Wike 1

En foar je it witte is wike 1 wer foarbij. In wike mei meifallers en tsjinfallers, mei hichte en djiptepunten. Ik sjoch werom.
Neffens de persintaazjes op "het regent bijna nooit" soe ik dizze wike ien kear wiet op it wurk of thús oankomme moatte. Dat klopt. De lêste middei soarge in mizerich reintsje foar wiete klean. Ik beskôgje in wiet pak seker net as in djiptepunt. It heart der gewoan bij neffens de statistiken.
Ik krige in goed gefoel oer ús gemeente. Tiisdeitejûn in "lytslijen" melding dien oer de betonreed op Slyp bij Reahûs, wêr't it paad oer grutte lingte hieltyd ûnder wetter stiet of in iisbaan is. Woansdei al in tasizzing fan de gemeente dat it ynkoarten oplost wurdt. In hichtepunt?
Minder bliid waard ik freed fan de tintelbonnen en de wensbonnen. Yn 2009 en 2010 krigen bij ditsjes en datsjes en it waard no tiid om se om te setten yn produkten. En dat falt noch net ta kin ik jim sizze. At je alles wol ha. Ik kin binnenkoart it Parool 24 dagen ferwachtsje, in sinne oplader, wat fytstiidskriften, in nije mikser en boksen foar de mp3.
Echt bliid waard ik pas fan de earste oanblik fan it skriuwen fan Reaal. De lêste jierren is myn libben in stik minder wurdich wurden want de wearde fan de libbensfersekering is flink sakke. Mar no sjoch ik de kop: winstoverzicht 2010.
Ik sitear:
In deze brief informeren wij u over de aan uw verzekering toegekende winst.
Over het afgelopen jaar bedraagt de winst voor uw verzekering: € 0

De nijjiertaspraak fan ús boargemaster lês ik altiten mei nocht en wille. Foaral it stikje oer de weryndieling sprekt mij tige oan. Miskien wie dat dizze wike wol it hichtepunt. Of bin dat dy 236 kilometers dy't ik dit jier al wer op de teller ha. It earste boek yn 2011 (Geheimhouding fan John Lescroat is in hoopfol begjin yn it nije jier.

vrijdag 7 januari 2011

10xlifte

It sil jim net ûntgien wêze. De liftwedstriid hat mij wer in skoftke fan de dyk holden. Wat in prachtich spektakel is it alle kearen wer.
Wat machtich om te sjen dat sa'n groep jonge minsken op aventoer giet. Dy't harren sels wiismeitsje dat it in wedstriid is. Dat it relativearjen al gau begjint at der lang wachte wurde moat op in lift. Dat meidwaan ek leuk is.
10 jier lang ha se no liften. 10 jier lang bin ik der ek bij belutsen west. De earste kear nei Milaan frege ik harren om mij jûns tusken 7 en 8 te beljen om oan te jaan hoe fier se wiene. Dat nijs sette ik doe op myn SibedeSeefûgel blog.
De jierren dêrnei is it útwreide. Fan tillefoantsjes nei sms-kes, nei emails , trackr en nei tweets. In moai ûntwikkeling. En dat allegear op side fan in fuotbalferiening.
De lêste wedstriid wie ien fan de moaiste wedstriden om yn byld te bringen. Machtich moaie berjochten mei genôch lokaasje meldingen.
De jongelju komme altiten optein werom. Machtige dagen, hearlike sfear en lekker bier.
Ik moat bekenne dat ik dy liftdagen misse sil. Want harren wille, wie myn wille.
Hjoed kaam Sytse lâns út namme fan de alle lifters mei in prachtige doaze mei Vino Liquoroso Dessert wine en Cantuccini Alla Mandoria Crisp Almond Cookies.
Allegear tige tank, ik haw it mei in protte nocht dien en ik sjoch út nei jim boek.

donderdag 6 januari 2011

Taal

Op woansdei 5 jannewaris skreaun Martsje de Jong in moai stik op har blog. Oer it fertutearzjen fan de Fryske taal troch tadwaan fan ûnder oaren de omrop.
In pear wike lyn krige van Sjoerd van Beem, in jonge tritiger, in needgjalp:

De lêste tiid haw ik in protte argewaasje oan minsken om my hinne dy't (faaks sûnder dat se it sels witte) ús taal nei gichem helpe.
It giet dan om minsken fan myn leeftyd en jonger, mar ek âlder.
De measten binne thús opfieden mei de taal dy't ús sa nei oan it hert leit, mar troch dat se tsjinwurdich oeral en nearne yn it Hollânsk prate (moatte), fertink ik se der fan dat se ek hyltiid mear sa tinken gean.
Dit liedt ta (mis)brûk fan ús taal op in wize dy't by my regelmjittich de grize oer de grauwe lûken docht.
In oantal foarbylden:

# Wy hienen juster thús moatte fuotbalje
# Dat soe toch oars moatte kinne
# Ik wit net as ik sneon kin komme.

En gean sa mar fjirder.
Aant, ik bin sels ek net altyd like suver, mar wit al dat it my dwaande hâldt.
Hoe is dat by dy en kinne wy dêr miskien ek ien oft oare ludike aksje foar op tou sette?


Ik haw de meel efkes lizze litten. Mar hij stiet noch as in aksjemeel yn de boks. Ik haw noch gjin idee om dit oan te pakken.
Ik krige fan Wybren Jorritsma nei oanlieding fan Sjoerd syn foarbylden in "aardich" stikje.

Stel, dat wy it der nea wer út kinne krije,
dan bliuwt it dus sa
en dan sille wy der dus mei akkoart moatte gean
dat se yn de takomst sa sille prate.
En dat net alinne,
mar wy sille ek noch moatte ferkropje
dat se der wis fan sille wêze
dat dejingen binne
dy't mar net kinne begripe
dat it moderne Frysk sa moat klinke.
Ik hoopje dat ik it net mear
sil meimeitsje.


Ut: Ik woe dat ik in Drint wie, (Carla van der Heijde en Rients Gratema). Utjun by gelegenheid fan it 75-jierrich jubileum fan de Afuk 2003.

Potferdoarje tocht ik. Foar 2003 seach Rients Gratama dit al oankommen. Wat doe as as grappige tekst sjoen waard is no de tryste wierheid. 8 jier fierder en je heare net oars mear.
Wa kin ik de skuld jaan?

woensdag 5 januari 2011

Folger

At je twitterje is it wol aardich dat je ek wat folgers ha. Net it oantal is lykwols wichtich mar de kwaliteit dêr fan giet it om. Oare twitteraars krije fêst lykas mij ek regelmjittich in berjocht fan in nije totaal ûnbekende folger. En dy folger hat mar ien doel: har of him ek folge. Moai net dus.
Sa as dizze hjir ûnder dy't hopenlik gau har nocht hat fan mij. Beste frou Cory boatright, wat geweldich fan jo om mear as 33000 folgers te hawwen.

maandag 3 januari 2011

Fûgels

At it winter is bij ús yn de tûn dan is it meast ek winter bij ús yn de buert. En winter betsjut neist lijen foar fytsers (en oar ferkear) ek in minne perioade foar fûgels. It iten en drinken is net goed te finen.
Us tún rint normaal net oer fan fûgels, mar sok waar jout mij de kâns om dêr wat oan te dwaan.
Ik haw de simmertafel stean litten en smyt der itersresten op, foaral sa fier geskikt foar fûgels. Ik wit no dat se net sljocht op oanbakte ierpels binne en dat de oerbleaune krystbôle ek net favoryt is.
It fûgelhokje hinget al oan de muorre en ik ha mij altyd al ôffrege hoe't je dêr as fûgel ynkomme. Simmers gjin sukses, winters ek net dus.
At der in poat ûnder in hokje stiet en it is iepen dan is dat in fûgelhúske. Dêr komt de oerbleaune riis yn, de plaskes bôle en de apenuten. Ut de dop haw ik okkerdeis lêzen want oars moatte de fûgels der te folle foar dwaan yn dizze barre omstannichheden.
Fierders hinget der in fetbal, wat pitsjeboel en apenuten yn de dop (foar de domme fûgels) oan dat fûgelhúske.
En dan haw ik de kroade fierderop ek noch yn de tún delsetten. Mei in plaat derop sadat ik oerbleaune oaljekoeken, seane ierpels en makaroni ek kwyt kin.
Ik kin jim sizze dat myn ynset sukses hat. Ik besjoch mei nocht al dy fleanbewegingen, ik sjoch mei nocht nei de lytse en grutte fûgels dy't harren lekkerste hapke útsykje. En ik sjoch fûgels fjochtsjen om in Bildstar, dy't wij net opkoene.
Ja myn oandacht gie de ôfrûne wiken foaral út nei de fûgels. En wierskynlik bin ik de katten doe in kear fergetten. Juster tink ik. En dat hawwe se mij oanrekkene.
Der komt yn alle gefallen ien fûgeltsje minder. In fûgeltsje dat der goed útseach. In búkje noch goed fol mei apenúten, tink ik. Dy't ik út de dop helle hie. Ik sil de kat mar net straffe mei minder iten want dan bleaut der neat gjin fûgelguod oer.





11196


It jier is om en dan kin ik wer sjen hoefolle ik dit jier beweecht ha. 30 minuten per dei dat moat neffens ús gemeentebestjoer. Ik helje it mei gemak. Op de fyts allinne al. Yn 2010 haw ik 11196 kilometer fytst. Dat is per dei iets mear as 30.5 kilometer. Ik bin gjin hurde fytsers, oars hie ik wol in reesfyts en ûndanks it feit dat ik sa'n "flugge lisfyts" ha. Dus oer 30 kilometer doch ik seker 5 kertier. Dat betsjut dat ik foldoch oan de noarm dy't Littenseradiel steld. Miskien moat ik wol sizze dat dizze omjouwing (Littenserdaiel) ek wol hiel útnoegjend is om te fytsen.
It hichtepunt lei dit jier op july, doe't wij fanút Basel nei Wommels fytsten, lâns alle bochten fan de Rijn. En fierders wat tripkes fan mear dagen yn Nederlân en foaral alle dagen op de fyts nei it wurk (30 km hinne/werom).



Dy 11196 kilometer passe aardich yn it rychje fan de lêst 17 jier. Der sit sels wer in opgeande line. Hoewol de "dipkes" fan twa jier hawwe mear te meitsjen mei in minder lange fyts fakânsje kilometers yn dy jierren. Yn Ierlân en Sweden te folle bulten.

zondag 2 januari 2011

42 boeken

It jier is wer om. Dus werom sjen. Weromsjen op it lêzen. Dat is maklik want ik haw sûnt 1998 myn boeken bij holden dy't ik lêzen ha. Of hie ik it der om dien want it binne der op ien nei 500. Ik liich der net ien bij.
Yn 2010 wiene it 42:





Myn eigen 8 befiningen oer myn lêsgedrach:
1. Sitte mar twa boeken bij dy't wat mei Fryslân hawwe.# teloarstellend
2. It oantal Skandinavyske skriuwers is grut # opfallend
3. Der binne 12 boeken dy't troch in frou skreaun binne # tafal
4. Ien fan de minste boeken wie fan Kluun # tryst
5. Wenje 100 meter fan de byb # maklik
6. Lêze doch ik lizzend # liketlui
7. Kom nea mei al lêzen boek thús # htc touch
8. Lês net yn de tobbe # wiet