zondag 25 september 2016

Folk yn Ljouwert


Ljouwert neamt him ek al Folkcity
seach ik yn in folderke:
It kommende winterskoft in stik as 6 jûnen op sneon
mei ûnder oaren Gerrit Breteler en freonen

In opwaarmer foar dit alles wie it folkfestival
op freed 23 septimber yn de Harmony

Wij wiene der bij 
en it wie alderaardichst,
en tige gesellich.
Dy gesellichheid kaam foaral troch in tsiental dûnsers
dy't neist in folksdûnswurkwinkel
bij alle optredens soeral trochhinne dûnsen.


Sels de muzikanten fan Fling
wiene ferrast mar ek fereard dat 
harren optreden
opfleure waard mei dûnsende steltsjes

It wie in moai gesicht
de grize golf dy't noflik yn stuollen efterút hong
en dat fleurige dûnsfolk der foar, efter en tuskenlâns


Fling, muzikaal sjoen in prima band.
en it waard in fleurige boel bij de dûnsers derbij



Dubh Linn, trije Ieren dy't tochten
dat it sjongen fan grutte Ierke hits 
en it meiklappen genôch wie
om de minsken in oere te boeien....nee dus


Stroatklinkers, gesellich en in ferskaat oan 
muzyk en ynstruminten en spile mei emoasje



Ad Vanderveen en Kersten de Ligny
wie adembenimmend moai.
Sij krigen elkenien yn de hal fan de Harmony stil
mei prachtige sang en syblym gitaar-en harpwurk
Wat in gemis at je dy noch nea sjoen ha.....

De Drops of Green mochten ôfslúte:
4 mannen út Ierlân
mei in goeie fariaasje tusken meisjongers en ballads
en dat gong der prima yn bij
de ûnderútsitters,
de hegetafelsteanders,
de barhingers
en de dûnsers

Al mei al in prima jûn
mei te min minsken

mar ja der is ek safolle

zaterdag 24 september 2016

Freed 23-9

It wie in moaie  freed

In rûntsje lisfytse en mei stoofparren thúskomme

De huldiging fan Liesette Bruinsma op de Terp yn Wommels

It Folkfestival yn Ljouwert mei ûnder oaren Ad Vanderveen en Kersten de Ligny
En wat kinne dy twa spylje en sjonge...

woensdag 21 september 2016

Greidhoekfestival


Prachtich fansels dy moaie resinsjes
yn de krante en op ynternet
dy't de mannen en froulju fan de organisaasje  krije
nei it sechsde festival yn Wommels

Ik doch der noch in grut komplimint bij,
út namme fan in hiel soad besikers

want wat haw ik in soad positive reaksjes heard
op de jûn sels
fan  minsken dy't altyd komme
of foar it earst de stoute skuon oanlutsen..
wat haw ik in soad fleurige minsken sjoen
op de jûn sels

En dêr docht de organisaasje it foar....
foar de minsken en de bern hjir yn de buert
sadat se net nei Lowlands hoege

It selde fermaak
de selde goeie muzyk
de selde bijsûndere dingen 
dy selde kreativiteit

mar dan allegear wat lytser
wat nofliker
wat koarter
wat fertrouder
wat goedkeaper
en folle leuker

At ik de foto's no besjoch
dan is der mar ien konkluuzje
it wie super goed

at ik de muzyk weromhelje yn myn earen
dan kin ik allinne mar sizze:
it wie geweldich.
der siet net in ferkearde band bij.

de moaiste twitts nei ôfrin kaam út Winsum fan 

Prachtige jûn hawn tn Wommels. Mei syn 4en Bob de fiets nei @Bob_Greidhoek Bierke, hapke, én ferrekte gezellig! pic.twitter.com/oQfEGLoWQz

omkomme per boat.......

binnenkomme mei 1000 kraanfûgels

the Blind Roovers

Jick Munroe & Amazing laserbeam

woensdag 14 september 2016

Fytse yn de Bildthoeke

Fytse yn de Bildthoeke
wie net echt populêr.
neffens mij.

it waait dêr
it waait dêr altyd
it waait dêr altyd hurd.....

en al hoe rom it dêr ek is,
mei de Waddensee op de eftergrûn,
al hoe moai it ek is
om op of lâns dy seedyk te fytsen,
en al hoe bysûnder dy AldeBildtdyk ek is,
mei syn ferskaat oan húzen;
en al hoe gesellich dy doarpkes ek binne,
fytse dat dogge je dêr net
want
it waait dêr altyd hurd........

Snein waaide it net hurd,
dus wij nei it Bildt.
in rûntsje fytse.

wij hawwe in prachtige middei.
en wij net allinne,
it is dêr in drokte fan belang,
mei fytsers
en foaral E fytsers

At er ien gebiet yn Fryslân
profitearret fan de opkomst fan E-bikes
dan is dat de Bildthoeke

want wat is der moaier
om noflik yn standsje 2 of 3
in hurde wyn te trotsearen yn it Bildt
en in stel út de Greidhoeke
op gewoane fytsen
foarbij te fleanen







dinsdag 13 september 2016

Noch twa pakken Brinta















“Bist al oan it ôftellen”,
freget mij wolris immen
It giet dan om it stoppen mei wurkjen.
1 novimber
2016
In nije útdaging wachtet
”prépensjoener”
Op de fraach oer it ôftellen,
Wie myn antwurd okkerlêsten
Ja,
ik bin oan it ôftellen:
noch 700 kilometer wenwurkferkear
en noch twa pakken Brinta.

(ik yt allinne Brinta at ik nei it wurk gean)

Fannemoarn kaam ik bij Minze thús
In kollega út Snits
wêr’t ik tiisdei meiriidt nei Beetstersweach.
Der stiene twa pakken Brinta klear…….
ik fertink Bouwien hjir fan
syn frou...

In hint?
Útstelle?

Dit wurde grutte boarden fol oant 1 novimber ta.....

zondag 4 september 2016

Feroarje


Ik rop it al jierren
en dan moatte se gnize
dy kollega's fan mij....

dêr ha je him wer......

no wittensiplik bewezen

( ik haw it altyd socht yn in oare baan)

vrijdag 2 september 2016

Goeiemoarn


Tongersdeitemoarn betiid,
ûnderweis nei Snits
nei it wurk
op de lisfyts
Altiid wer oars,
mar iets is it selde.....

dat is.....
"the man with the dog"
dêr earne yn de fierte,
dêr rint hij
alle moarnen betiid
ik tink al 17 jier lang,
sa lang ik nei Snits fyts
lit hij syn hûn út

en 17 jier lang 
hâldt hij syn hûn strak oan de line
at er in fytser oankomt....
...at ik der oan kom.
17 jier lang
4 dagen yn de wike
sizze wij elkoar "goeiemoarn"


Tongersdei haw ik efkes mei him praten,
dat like mij goed
foardat hij aansens ûngerêst wurdt
at ik net mear lâns kom
ûngerêst sa't ik dat ek wie
doe't hij in jierke lyn der moarns net mear wie....

wikenlang, moannenlang wie hij der net,
ik seach him net mear
"the man with or without the dog"

doe't ik syn buorfrou seach,
haw ik mar efkes frege:
"wat is der mei buorman,
ik sjocht him nea "

"mei buorman is neat,
de hûn is dea.........
it loopke is net mear nedich"

gelokkich hat er wer in nije hûn......
en sizze wij mekoar wer goeiemoarn.

foar it lêst sa'n bytsje
want ein oktober stop ik en no....
......krekt no


wurdt de brêge opknapt
en kin ik der net mear lâns...


noch ien kear en miskien wol foar de lêste kear
nei it wurk ta fia Reahús en Turns
want 1 novimber stop ik....

ik sil it fytsen moarns misse.........