vrijdag 30 september 2011

Blues

Harry Muskee is dizze wike ferstoarn. 70 jier. Hat Drinte op de kaart setten as blues provinsje. Miskien Nederlân ek wol. Mar Drinte yn alle gefallan. D♪6r ademje bepaalde kroegen in bluessfear.
Wat âlder ik wurdt, wat mear my de blues oansprekt. Lit ik sizze dat ik troch de jierren my ûntwikkele ha. Like folle rock mar mear blues.
Sneon 1 oktober is der in moai blues programma yn Easterein.
John Primer, Little Boogie Boy and the Bluesbusters.
En Laas Sijbesma op de mûlharp.
En nei dizze sneon de lêste snein fan de moanne ûnder de namme Blues Cruise yn Eastersnein moaie bluesmiddeis.
30 oktober, 27 novimber, 18 desimber, 29 jannewaris, 25 maart en 29 april.

Twa kikkerts



Hjoed woe ik de 1000 fytskilometers fan septimber fol meitsje. Ik hie genôch oan sa'n 30 kilometer. De Boalserter Trekfeart is mei dit moaie waar in lust om lâns te fytsen. En de feart tusken Iens en Boalsert wurdt opsierd mei it Fryske fersepaad.
Wybren Altena skreau in fers oer twa kikkerts. It stiet bij de Warntille en dat is de brêge tusken Wommels en Iens.

woensdag 28 september 2011

Dommel

 

Op in snein begjin augustus fytsend tusken Son en Breugel en Lottum oer de Dommel.
De Dommel? So what? Gewoan as leafhawwer fan Dommelsch bier wie dit dochs in momint om efkes bij stil te stean. Bij de Dommel. Om in foto te meitsjen. Yn de ferûnderstelling dat it mei Dommelsch bier te meitsjen hat. En dat klopt. Dommelsch bier komt út Dommelen en dat leit oan de Dommel.
Mear is it net. Gjin nijs mar sa hat de foto noch sin.

maandag 26 september 2011

Raar praat

De ôfrûne wike waard dúdlik dat de politike partijen elkoar net mear mei arguminten bestride mar mei skelwurden en beledigingen. In sjenânte fertoaning op it Binnenhôf. Fertjintwurdigers dy't it oer fatsoensnoarmen hawwe, geane raar oer de skreef.
It it dan ek net raar dat minsken elkoar foar fan alles útmeitsje tsjintwurdich!. Min foarbyld docht wol folgjen.
Dizze en ferline wike dogge se bij ús op skoalle in projekt om it gebrûk fan skelwurden te ferminderjen. It sil net tafalle om struktureel it gebrûk fan skelwurden te ferminderjen bij bern at se yn harren neiste omjouwing en op tv oerstjalpt wurde mei skellerij en flokkerij.
Sneon stie ik te flagjen bij Zeerobben Da1 tsjin SDS Da2. Der is hast gjin wanklank fallen. Ien kear wie de lieder fan Zeerobben it net mei myn flagjen iens en hij liet dat efkes heare. Net op in ferkearde toan mar gewoan fanút syn emoasje in opmerking. Yn it skoft kaam er al bij mij. Hij hie it net sa bedoeld. Eksuses sa sei hij. Sa kinne je it ek oplosse meielkoar.
Op it fjild dêrneist wie Zeerobben 3 oan it fuotbaljen tsjin Leeuwarder Zwaluwen 3 of 4. In wedstriid mei in enerfearend skoareferrin wêryn de skiedsrjochter troch beide partijen betiden ferrot skolden waard. Freeslike skelwurden fleagen oer dat en oer ús fjild. Grutte mannen dy't totaal gjin rem yn de mûle hawwe.
Nei ôfrin siet de skeids yn it sikretariaat oan in bierke.
"Drege partij", sei ik tsjin him.
"Ja", sei der," ik wit net wat mij mankeard. Myn hobby is fluitsjen, mar ik lit mij 90 minuten ferrot skelle. It is echt skandalich. Kin better ophâlde"
Ik seach him oan en fielde mei him mei. Ik bin benijd at er der sneon wer stiet. Ik wist it wol. Mij seagen se net wer mei de fluit.
Se kinne om mij de rambam krije meielkoar. En dan haw ik it hiel fatsoenlik sein fyn ik sels.


zondag 25 september 2011

Greidhoekfestival

Al wer in wike lyn wie it tige slagge Greidhoekfestival yn Wommels. Foar Stjoerder haw ik in stikje skreaun wat jim hjir lêze kinne.

En moai is it fansels at je in dei letter sommige optredens noch werom sjen kinne op You Tube. Sa as de echte jongefeinten út Boalsert, Allingawier en Lollum. En mei in nûmer fan de Foo Fighters ferfele se mij net.

vrijdag 23 september 2011

Rûntsje Wolvegea



It like wol âld en nij hjoed op de AlleFryskeDoarpeFytstocht. In prachtich rûntsje om Wolvegea hinne mei allegear twillingdoarpen. Of binne dit doarpen dy't foaral tsjinelkoar oan it konkurearjen binne. Ik bin wol benijd at yn Nijeholtpea in moai multifunksjoniel sintrum delsetten wurdt, at Oldeholtpea dat dan ek wer ha wol.
En hoe sit it mei "iisstriid" fan Aldlemmer en Nijlemmer.
Prachtige fytspaden lizze der neist en tusken de Tsjonger en de Linde. In hearlike route en ik kin wer 9 doarpen ôfstrepe.
En wat wie it rêstich op de 60 plus dei. Mar dat sil wol komme omdat Henk en Sietske Bloemhof sjonge: Stellingwervers kunnen niet fytsen, stellingwervers kunnen dat niet.

dinsdag 20 september 2011

Seis en ien is sân

Helaas binne der bij alle sporten strafkommisjes nedich. Dat kinne maklike kluskes wêze mar it kinne ek drege oerwagingen wurde.
Foar in strafkommisje fan de KNVB, dy't him dwaande hâld mei it betelle fuotballe is it yn prinsipe maklik. Fan alle saken dy't foarkomme binne bylden foar hannen. Der kin fanút alle hoeken en hennen sjoen wurde mei beweegjende en stilsteande bylden wat der no krekt oan de hân wie. Boppedat binne der tal fan sjoernalisten en analisten op tv west dy't harren ljocht der ek oer skine litten hawwe.
Dêrneist is it mooglik om de totale sfear fan de wedstriid te fielen en de bewuste oertreding ôf te setten tsjin oare oertredings en waarnimmingen fan it fjouwertal skiedsrjochters.
Bij it amateurfuotbal leit soks oars.

Ik stel mij efkes foar dat ik kommisjelid bin fan sa'n strafkommisje bij de KNVB ôfdieling Noard. It is moandeitemiddei en oer in oerke moat ik op it buro fan de bûn wêze. Kin noch moai de LC efkes trochlêze, want dêr kom ik meast al wat nammen tsjin fan dieders en misdiedigers dy't jûn in dossier ha.
Ah, dat is moai, de Lc helpt ús al aardich. Moai stik fan dy ferslachjouwer oer Heerenveense Boys 1 - SDS 1. Giet net oer de wedstriid oer it spul mar oer ûntefreden supporters en te hege ferwachtingen bij de Boys. En it giet in bytsje oer SDS. Reade kaart foar spiler Sjaarda.
Set dy ferslachjouwer der efkes kreas op papier in "dom, dom, dom" feroardieling bij. Dat wurdt seker in koade boppe de 21. Koades boppe de 21 dat binne de echte saken :"gewelddadige handelingen en ernstig gemeen spel".

Noch gau efkes sjen at der noch oare saken west ha yn dy wedstriid en at de ferslachjouwer ek in oardiel hat oer de skiedsrjochter yn it algemien. Want sa'n man kin fansels ek in strieminne dei hân hawwe en at soks der bij stiet dan wolle wij it noch wolris relativeare.

At wij de jûns as strafkommisje bijelkoar sitte, dan fleane wij troch de dossiers hinne. Hiel efkes hawwe wij it oer dossier 1429532: de hear D.Y. Sjaarda - oertreding: koade VE-25 A.
Gjin fersêftende omstannichheden.
Nee, wij witte neat fan it feit dat dizze selde skiedsrjochter in slaande of neiskoppende Boys spiler sparre foar in reade kaart (fan hearren en sizzen wiene syn wurden : net wer dwaan jonge). Wij witte net dat it mar in licht tikje wie en dat sels immen fan de Boys nei de kantine yn Easterein de tuskenstân trochjoech en gelyk sei dat it wol wat swier straft wie mei read. Nee, wij hawwe net heard dat sels de âdste supporter bij SDS him net in wedstriid yn it sin krije koe dat se ea sa'n minne, partijdige skeids hân hawwe.
Dus wat sille wij dwaan mei sa'n domme, domme domme oertreding neffens de LC?
De dobbelstien efkes smite: sjit, in ien!
Dan noch mar in kear: seis, dat is better!
Seis en ien is noch altiten sân. Want wij moatte wol earlik bliuwe.
7 wedstriden dus.

Tefreden gean ik nei hûs.

zaterdag 17 september 2011

Prûmkje

De miljoenen nota haw ik net lêzen. Dat dogge oaren minsken wol. En dy oare minsken litte ús wol witte wat foar lijen ús te wachtsjen stiet yn 2012. Efterút dat is it biedwurd. Wij gean der allegear op efterút. Alle moaie dingen wurde ús ôfpakt. En alle fergoedingen dy't loftse hobbyisten ea betochten besteane aansens net mear.
Mar dit kabinet wit ek wol dat je net allinne folsteane kinne mei saken dy't negatyf binne. Der moat ek wat posityfs bean wurde.
Mei muoite hawwe de oandachtige lêzers wat fûn. En sij litte ús witte dat der in ljochtpuntsje is.
"De belesting op prûmtabak wurdt ôfskaft". Jim lêze it goed "prûmtabak".
Dat is in flinke meifaller foar dy wierskynlik 821 prûmtabakkers dy't der noch oerbinne en wêrfan de helte efter de geraniums sit en dêrfan de helte wer demint is.
Dy tinke ûnderwilens dat se in kaugombol grigen ha en dêr op omkôgje.
Wauw, sa'n maatrgel hoe sil dit útpakke. Kin dit ús ekonomy rêde. Stappe rokers (en miskien ek wol drinkers) massal oer op prûmtabak?
Krije wij dan flybbakjes op tafel ynstee fan jiskepantsjes?

woensdag 14 september 2011

Rotterdam

It AD is in noflike krante om te lêzen. De sportbijlage, de goeie kollums, de humorfolle stripbledside en it nijs wat net al te sensjoneel brocht wurdt. Minder goed fan it AD is dat se miene dat se fan alles ûndersykje moatte en in top 100 gearstalle.
De oaljekoeken yn desimber, de nije hearingen yn july en no de sikenhûzen yn septimber.
It liket mij in ûnmooglike saak om mei in pear minsken sa folle ferskillen te priuwen sadat it mooglik is sifers te jaan op de skaal fan 1 oant 10.
At ik mij no rjochtsje op de oaljekoek dan priuw ik dy dingen in pear kear yn it jier en meast bij deselde kream. En wat mij opfalt dat se net altiten like lekker binne. Dêr jou ik dy oaljekoekbakker net altyd de skuld fan (se binne wol ris wat te fet of te droech), want ik bin der wis fan it it foar in grut part ek oan mij sels leit. In oaljekoek ite nei in sleat bier, op in nuchtere mage of nei it iten fan in hearing makket flink ferskil hoe't it ding falt. Je kinne der yn in kweade sitewaasje oeren lêst fan ha en de termen seker.
Wat mij no yn it lêste sikenhúsûndersyk opfalt is dat in Rotterdams sikenhûs wint. Mei de oalekoeken is dat al jierren in Rotterdamse kream en yn de top 5 fan de hearingen stean de Rotterdammers op plak 5.
Te opfallend neffens mij.
Ik wit wol seker dat se in ûndersyk dogge nei de beste betelle fuotbalklup dat Feyenoord der út komt as de ûnbetwiste nûmer ien. Nettsjinsteande de tsjinfallende prestaasjes. Mar yn dat gefal bin ik it der plan út mei iens.
Nee, sa min binne dy ûndersiken net. Der binne wol profesoren dy't der noch minder fjildwurk foar dogge.

maandag 12 september 2011

Bohemia

Al moai wat jierren lyn wie ik ôfheakke om nei it iepenloftspul fan Jorwert te gean. Te folle sjongerij. Musikals binne net myn ding. Ferskes fersteure yn myn belibbing de tekst en dêrtoch it ferhaal.
De lêste twa jier haw ik it paad nei Jorwert wol wer fûn, omdat it wer stikken wiene mei in ferhaal sûnder dat lieten dat ferhaal yn de war skoppe.
Dit jier Bohemia. In protte ferskes hearde ik fan Jorwertgeanders. Miskien bedoelden is wol te folle.
Mei de oankundiging fan dat de lieten fan ACDC en Bram Vermeulen de reade trie binne yn dit stik, binne myn ferwachtingen heech. En dat is altiten gefaarlik. Dan kin it dochs allinne mar ôffalle?
Ik haw letterlik en figuerlik op it puntsje fan de stoel sitten. It wie in prachtige muzykfoarstelling en sokke muzyk meie se mij wekker foar meitsje.
Ik haw ek mei nocht harke nei de subtile teksten yn it moaie Frysk. Neat mis mei.
"It ferhaal hat net folle om de hakken" lêsde ik as oardiel foarôf.
Soe best kinne dat hat mij net steurd.
Wat mij tsjinstiet is it feit dat der neist in oantal krêftige rollen, dy't prachtich bespile wurde, wat te folle " deade " rollen binne. De bijrolspilers sieten der mar wat, rûnen sa no en dan wat om en seinen sa no en dan wat.
Bij wat fan dy saaie sêenes, seach ik út nei noch mear ACDC en Bram. Machtich. Dy tsjinstellingen fan ACDC en Bram Vermeulen.



zondag 11 september 2011

Fryske Cash

De Fryske Cash is in projekt mei in ferskaat oan artisten dy't in oantal kearen meielkoar optrede, Johnny Cash spylje en sjonge en hoopje dat harren CD en Elpee kocht wurdt.
Doe't ik in skofke lyn de CD presintaasje yn it Bolwurk yn Snits op ynternet seach, wie ik net gelyk entoesjast mar ik fûn dat se in twadde kâns hawwe moasten yn de iepen loft.
Sneontejûn yn Starum dus. "Hast de ein fan de wrâld, in úthoeke" wiene regelmjittich weromkommende kreten fan presintator Jacco de Boer en ek meardere artysten liete wiette dat dit wol in hiel ein fuort wie. In skitterjende lokaasje mei it poadium op de brêge en it harkersfolk lofts en rjochts fan it wetter. En wat boatsjes yn de midden.
"Stagediven" wie tastien neffens ien fan de artysten, mar dêr waard net folle gebrûk fan makke.
It waard in prachtige jûn. It sjênre fan Cash is breed en dat kaam der op dizze jûn prachtich út. Rockabilly, country, ballades en gospel alles kaam foarbij. Utfierd troch in ferskaat oan artisten.
En it ferskaat oan nûmers en oan artisten dat soarge der foar dat it net in momint ferfeelde. Hast twa en heal oere Cashte de Voorstraat yn Starum en it lûd galme oer heal Starum hinne. It moaie wie dizze jûn ek dat it publyk echt oandacht hie foar de muzyk en wat minder foar de biertinten.
Fanôf in oere as tsien wie der ek noch in geweldige ljochtsjo bij yn de foarm fan bliksemskichten.
Kommende tongersdei binne se op AD yn Frjentsjer. Al wer op in Voorstraat en miskien sjoch ik der wol wer efkes want dit wie bêst genôch.

Bysûnder wie ek it optreden fan Baldrs Draumar en it liet Frije Friezen set ik hjir mei nocht ûnder. Al is it dan gjin nûmer fan Cash, foar sa fier ik wit.

vrijdag 9 september 2011

Ophysje en delbêdzje

Graach net oan oaren fertelle en seker net oan de skriuwster. Ik haw "Ophysje en delbêdzje" lêzen. In boek fan Wieke de Haan.
"Ferhaleboek foar froulju" stiet op it kaft.
En dêr haw ik mij net oanholden. Wat bin ik bliid dat de byb selbetsjinning hat. Mei al dy froulju efter de baly hie it oars in dreech kerwei wurden. Ik hie wol in leagentsje dwaan kind (it is foar de frou) mar tefolle lige is net myn ding. Sels skenne dus en sa koe ik ûngemurken it boekje meinimme.
In moai boekje moat ik sizze. Moai skreaune ferhalen oer de gewoane dingen yn it libben. En mei ferbazing mocht ik konstateare dat der ek mânlju yn de ferhalen foarkomme.
En mannen, ik kin jim sizze, wij wurde net ferkeard delsetten. Wij hawwe gjin prominente rol yn it boek (dat kin ek net altiten) mar yn bepaalde ferhalen binne wij wol ûnmisber om der in goed ferhaal fan te meitsjen.
Ik haw de 28 ferhalen út en sil besykje it wer ûngemurken yn de byb te krijen.
Moai dat it yn de bûse kin.
En mochten jim tinke dat ik gjin krityske kanttekeningen ha, dan ha jim it mis. Mar it stiet in man net om dat te uterjen, want it is op lêst in boek foar froulju.

Samar in rûntsje



Hast in droege freed. Net betrouber mar it mei hinnebruie hjoed. It liif efkes dellizze foar in goeie 50 km. In binnentroch route. De Kliuw, Wolsumerketting, Westhim (de kroech stiet te keap no't de eigner koartlyn ferstoarn is) lâns de Aldegeaster brekken, de Bombrekken en de Flakke brekken, útkommend yn Nijhuzum, wêr't it echt nei de boer stjonkt, fia Warkum nei Ferwâlde, binnentroch nei Gaast (wat is dat in moai fytspaad), nei Allingawier, Eksmoarra, Hichtum (moaie herinnering oan de trije jier wenjen dêr) fia trekpaad nei Wommels.
Moai en opfallend binne de trije ljochtmêsten mei sinnepanielen dy't oan it fytspaad tusken Gaast en Ferwâlde yn elke bocht steane. Der binne trije bochten dus.

donderdag 8 september 2011

Lêze

Moandei hearde ik de oankundiging op Omrop Fryslân foar de K-route. Ornaris in nijsgjirrich programma oer kultuer yn Fryslân. De oankundiding dat it nijste boek fan Jan Schokker besprutsen wurde soe troch it lêzerspennel, makke it dat ik sels útseach nei de woansdei.
Want boeklêze is iensum wurk. In boek belibje je op eigen wize en je meitsje foaral je eigen bylden der bij.
De útstjoering fan de K-route wie sa nijsgjirrich omdat ik tafallich dat boek krekt lyn lêzen ha. It boek hjit De Suc saak en de bonken fan Brongergea.
Ik wie benijd nei de miening fan it pennel.
Mar leafst in selskip fan in stik as 6 mannen/frouen wie gearkommen yn in kafêe yn it Fean. Omdat dat kafée neamd waard yn it boek.
Ik hoopte fansels dat myn miening op bepaalde punten wat oerienkaam mei de miening fan ien fan de 6 pennelleden.
Wat in teloarstelling. Der wiene fearen te min om yn de kont te stekken. Op alles waard posityf reageard en ik haw gjin krtyske noat heard.
Wylst ik.......it boek net útlêzen ha. Mei noch sa'n 20 of 30 siden hie ik myn nocht. Skjin myn nocht fan de tafallichheden en fan it gemis oan spanning en foaral fan al dy famyljerelassjes yn it ferhaal. Ik fûn it op lêst in geeamel om neat.
Yn it pennel kaame de namme Henning Mankell, de Sweedske skriuwer, nei foaren. Der waard hiel hoeden in fergelyk makke. Bijgelyks de minsklike eigensinnige plysjeman mei syn eigen stamkroech.
Asjeblyf tocht ik, doch dat net. De boeken fan Mankell bringe je yn in sfear wêrbij it ferhaal fan ûndergeskikt belang wêze kin. It boek fan Skokker is gewoan in ferhaal, wat mij hoe langer it duorre wat mear it mij ferfeelde.
Bin ik no sa'n krityske lêzer of sitte der minsken yn it pennel dy't gjin in krityske noat doarre te setten omdat it in Frysk boek is.
Ien treast foar Sschokker: ek syn folgjende boek sil ik lêze al is it allinne mar om te sjen at it better is.
Op 2 septimber skreau ik dit der oer.

woensdag 7 september 2011

Fytsfakânsje (2)

Us twadde dei begjint goed fiele wij gelyk yn de rêch. Oarsaak is de wyn.
Mei in strakke wolkeloft sette wij om 9.30 oer wer ôf.
"Lis it jild mar yn it húske," hie de gastfrou sein, "want wij binne betiid fuort nei ús wurk ta. De hûn is opsletten en sa kinne wij sûnder gefaar it hiem ferlitte. Oer fertrouen yn minsken sprutsen.
Binnen in pear kilometer sitte wij yn de dunen en ik kin jim sizze nei in pear kilometer ferfeelde dat ek al. Al dy lytse klimkes en dat saaie sân hat net myn foarkar.

 


 

It wurdt better at wij Petten foarbij binne. Bûtendyks fytst it hearlik nei Groet, wêr't ik beslút de tsjinkommende stânbylden yn alle gefallen op de foto te setten.

 

Bij Groet meie wij de dunen wer yn en sjogge mei ferbjustering de ôfbaarnde stikken heide tusken Schoorl en Bergen. Yn de brân stutsen. Wêrom docht sa idioat soks?

 

Hiel soms is der wat yn it gebiet tusken de heide en de dunen yn de omjouwing fan Bergen, Egmond en Wijk aan Zee. At de gersfretters harren sjen litte.

 


Moai flot berikke wij it Noardsékanaal bij Velsen. Bij it ponthûs efkes ite want it is in lust om al dy grutte skippen dêr lâns farren te sjen.
Nei Ymuiden kieze wij de "djoere"route. Yn Santpoort en Bloemendaal sjogge wij wer mei eigen eagen hoe ûnbidich grut hûzen wêze kinne en is it gjin ferrassing dat wij bij it stadion fan hockeyklup Bloemendaal lâns fytse.
Ek Aerdenhout en Bentveld pikke wij noch mei, foardat wij wer yn de gewoane wrâld komme bij Vogelenzang, de Zilk en Noordwijkerhout.
En dan gean wij bij Noordwyk op syk nei ús adres. In alderaardichte gastfrou dy't it "freonen op de fyts" gedoch oppakt hat doe't har man ferstoar. In bekend ferhaal wat wij folle faker meimeitsje.

 


De keamer is allinne mar om te sliepen. Wij kinne ús bêd noch krekt fine tusken ferhúsdoazen, âlde kastjes en de kompjoeterynstallaazje. Spitich dat dy it net docht.

 

Jûns in slach troch Noordwijk. Lege terrassen en dat yn de boufak. In alderaardichste bank stiet dêr wol. Oanbean troch de buert oan twa eardere wethâlders dy't safolle goed foar dy buert dien hie. Tige orisjineel.

Posted by Picasa

maandag 5 september 2011

Fytsfakansje (1)

In fytsfakânsje is foar ús net nij. It is it earste wêr't wij oan tinke at wij fakânsjeplannen meitsje. Nei in oantal bûtenlânske rivierreizen (Donau, Rijn, Weser, Loire) like it ús goed om it dit jier yn Nederlân it sykjen. Net dat wij it gefoel hawwe dat wij dat noch net genôch besjoen hawwe, mar om in bysûndere reis te meitsjen: Lâns de bûtenkanten fan Nederlân fia LF-routes. Dat binne Lange Afstands Fietsroutes te herkennen oan de griene buordsjes.


Omdat wij in oantal dielen fan it trajekt al in pear kear dien hawwe, geane wij fleksibel mei de foarskreaune route om.

Op moandei 25 july sette wij ôf fanút Wommels om op snein 7 augustus werom te kearen. At wij fuortgeane is it doel om te sliepen yn trekkershutten of bij freonen op de fyts, de stifting wêr't wij lid fan binne. Yn trekkershutten sliepe jout wat mear frijheid, mar betsjut ek dat wij mear bagaazje meinimme moatte wêrûnder in sliepsek en wat beddeguod.

Wommels - Schagerbrug 95 km
Wij wachtsje de buien ôf. Om 13.00 oere liket it wat droeger te wurden en wij sykje, at wij noch thús binne, in Freonen op de Fyts adres op bij Schagerbrug.
Op dat momint beslúte wij ek om earst nei "ûnderen" te fytsen. De wyn op de Ofslútdyk liket reedlik geunstich en mei alle respekt dy dyk is mei ôfstân it minste stik dyk yn Nederlân wat wij tinke te fytsen.
"Apart gedeelte" stiet der bij yn it boekje. Dat hat ús foarkar en ús gastfrou jout telefoanysk oan dat de blokhut noch frij is.
De lêste dripkes falle at wij yn de buert fan Penjum (ik haw goed nei it boerd sjoen hoe't je dat no krekt skriuwe) en fol goeie moed traapje wij de 32 kilometer lange dyk op. Ferfelende rit at je tsjin de wyn ha en in ferfelende rit at it drok is mei al dy jakkerjende auto's.
Wij ha net echt yn de wyn en boppedat ha wij it gefoel dat de brêgen op den Oever en op Koarnwertersân hiel lang omheech steane want it is betiden hiel rêstich.
It skeelde net folle of wij genoaten fan dit stikje dyk.

Bij it monumint stopje wij sa as gewoanlik efkes. Meastal pas ik dan op de fytsen en hellet Jellie wat kofje.
Foar de safolste kear set ik dr Lely mar wer op de foto, hij is op lêst ek in jier âlder wurden.
De Ofslútdyk dy wolle se oanpakke. Ik soe sizze begjin gewoan bij it monumint: meitsje dêr in echt oanstekkersplak mei útsjoch op beide wetters. Wat der no stiet is in oanfluiting.
Bij Den Oever sjogge wij buien foar en efter ús lâns gean en wij miene efkes dat wij droech bliuwe sille.


Eilaas krije wij ús earste stevige bui en moatte wij skûlje ûnder de beammen.
It duorret mar efkes en wij kinne wer fierder yn it moaie fytswaar.
Bij Oudesluis sykje wij "de Grote Sloot" en moatte op syk nei in nûmer fier boppe de 200.
De dyk is in kilometer as 6 en wij fine hast op de ein ús stekje.
In grutte hûn blaft ús in gefaarlik wolkom ta en ik bin mar wat bliid dat de gastfrou it bist ta de oarder ropt.


In prachtige blokhut efter yn de tún mei alles der op en oan. In gaadlik plak foar ús earste nacht.

Geiten binne ús buorlju en it liket der op dat de hûn sa fier net yn de tún komme mei.
Ik weagje mij net te fier op it hiem.

vrijdag 2 september 2011

Gjin tillegraaf mar boppe



Der binne fan dy dingen dêr hawwe je letter spyt fan. Foar mij jildt it feit dat ik in kear in "abonnement om te probearjen" hân ha op de Telegraaf. Ik wist wol dat it mij net foldwaan soe mar it oanbod wie sa rynsk dat ik it op dat momint net rinne litte koe.
6 wiken lang laam dy krante yn de bus en it foldie oan de ferwachtingen: hopeleaze sensaasje krante sûnder ynhâld mei fierstente grutte koppen. Ik wist it en krige it befêstige.
No besykje dy lju mij soms wer abonnee te meitsjen. Ek al haw ik dúdlik oanjûn dat it probearjen mij min foldien hat, betsjut dat noch net dat se it bij ien kear probearjen litte.

Ik fûn yn myn argyf in stikje út de rie fan de gemeente Hinnaarderadiel. PvdA riedslid Germ Okkinga (de heit fan Gerrit en Bennie) wie it der net mei iens dat in strjitnamme nei de freeslike krante (yn syn eagen) neamd wurde soe.
It is doe Boppe wurden ek in namme dy't mei it keatsen te meitsjen hat en wat mij oangiet in boppeslach fan Okkinga.

De Chinees en de Bonken fan Brongergea

De lêste twa wiken twa boeken tagelyk lêzen. Dat is gjin wizânsje mar soms nedich. Ik wie mei de Chinees van Mankell begong. Tige nijsgjirrich begjin wat úteinlik útrint yn in polityk ferhaal wêrtroch je hiel wat oer de Sjinezen te witten komme. Oer de lear fan Mao, oer de kultuer en foaral de hurdheid wêryn de Sjinezen libje en dus ek sels wurde. Wol in dreech boek en dat betsjut dat it nedich is om der boekje bij te lêzen.
"De Suc saak en de bonken fan Brongergea" fan Jan Schokker. In Frysktalige plysjeroman sa wurdt oanjûn en net al te folle siden.
De Chinees haw ik nettsjinsteande de swiere politike beskôgingen útlêze, de bonken fan Brongergea hawwe de ein net helle. It begong mij tsjin te stean al dy tafallichheden en it geëamel. Ik fielde gjin spanning en it steurde mij dat it hast in plysje/famylje roman begjint te wurden.
Hoe't it echt mei de bonken ôfrûn is, ik soe it net witte. En in boek net útlêze oerkomt mij net faak.

donderdag 1 september 2011

Slach om it Fryske Haagje


De fakânsje is hast om, wylst ik noch net alle doarpen yn Fryslân befytst ha. Der komme mooglik noch wat moaie wykeinen om de lêste 38 op te pakken. Want nei de fytstocht fan hjoed binne dy noch oer.
De slach om it Hearrenfean hinne levere de folgende bijskriuwingen op: Haskerdiken, Nijebrêge, Lúnjebert, Terbant, Tsjalbert, de Knipe, Oranjewâld, Nijskoat, Rottum, Sniksweach, Eagmaryp en Terkaple op.



De grutste (letterlik en figuerlik) ûntdekking wie hjoed de Uppsalagranyt bij Rottum. Neffens it ferhaal komt dizze stien út Sweden, hat hjir lang earne yn it lân lein en is op dit yn 1996 pleatst.
In goeie 100 km en de beste muzyk dy't hjoed út de mp 3 kaam wie fan Mike Ness.