donderdag 21 juni 2018

Freeslik

Hjoed fytste ik wer troch Hichtum,
dat doch ik altyd mei nocht.
Fan 1978 oant 1981 wennen wij dêr
en moaie herinneringen bliuwe mij bij.

Om âlde nammen libje te litten
doch ik in slach oer it tsjerkhôf

Ik sjoch nammen fan minsken dy't ik kin
en dy't meastal yn âlderdom stoarn binne

Mar ik sjoch ek bernegrêven,
tefolle, fierstentefolle


Ik wurd troffen troch twa stiennen
neistelkoar
twa famkes,
Trijntje en Tryntsje
13 en 11 jier

Ferdronken,
dêr ha ik wolris wat fan heard.....

Thús pak ik der mei om
en begjin te sykjen yn de kranten fan doe
en lês it ferhaal

Wat in freeslik drama
wat in freeslik ferhaal
hertferskuorrend, sa't it beskreaun wurdt yn de krante





woensdag 20 juni 2018

84 oeren



Google hat syn eigen wize fan berrekkenje
simpel, neffens in fêste formule
Fan Bazel nei Middelburg fia de Loire?
Oke dat is 1565 kilometer, tinkt Google
jim fytse gemiddeld 19 kilometer, tinkt Google
dus komt Google út op 83 oeren....

Wij tinke mear oan 3 wiken:

Sneon gean wij fuort
fia twa nachten bij Reaklif (Frysman)
in nacht bij Amsterdam,
tiisdei mei de trein nei Switserlân.

en dan sjogge wij wol Google
wij ha ommers fakânsje!

zondag 10 juni 2018

Rocke en role

It wie de njoggende kear:
it Rock & Roll festival yn Frjentsjer

It is altiten in fleurich en kleurryk  barren
mei middeis mei âlde auto's en muzyk yn de stêd
en jûns in moai festival op it Sjûkelân.


In houten dûnsflier wêr't de perken oars lizze
en de rest fan it hillige fjild
is oerdekt mei platen

in soad rockabilly muzyk
en dêr moat je fan hâlde....

it wie wol gesellich en boppedat
sjogge je oan dizze muzyk
dat it fleurich in fit makket

It wie in pracht gesicht,
dat âlder stel op leeftyd
mei in stoel setten se harren te plak
oan de râne fan de dûnsflier,
de strikjes yn it lange ferware hier

en doe't it koe,
kamen se oerein en
dûnsen se op de rock & roll
fan Elvis Presley 


Boys Named Sue wie der ek,
gelokkich mar
want dy setten in lekker stevich setsje del
mei Johnny Cash muzyk
mei in hearlik elektrysk gitaarke

vrijdag 8 juni 2018

In tsjerkepaad

Lytsewierrum
in gat yn Littenseradiel,
de moaiste gemeente
fan de fierstentegrutte gemeente SWF




Lytsewierrum,
dat moaie gat
mei de auto te berikken oer in  smelle dyk,
en te ferlitten oer dyselde like smelle dyk

Lytsewierrum
ek te berikken fia in paad troch it lân;
it tsjerkepaad
fanôf Rien,
oer smelle betonblokken
troch knoffelige bochten
oer in ynsakke feeroaster en
oer mei grien oergroeide brêchjes.


Dat paad
suver n attraksje foar toeristen,
dy't harren ferwûnderje
oer sokke moaie plakjes yn Fryslân

Sneins sil der fêst net folle tsjerkefolk mear wêze
dat út Rien wei,
op wei giet nei it hûs fan God
foar bemoedigjende wurden

Woansdei wie dat oars,
in begraffenis yn Lytsewierrum.


Wylst de auto's in lange rige foarmen
op de dyk nei  Lytsewierrum
wie it op it binnenpaad,
in drokte fan belang
mei allegear rinnende en fytsende minsken
ûnderweis nei in routsjinst
yn de tsjerke

oer it tsjerkepaad,
sa't dat ea bedoeld wie....



dinsdag 5 juni 2018

Oertinking Tiede Lanting


Eten  Feesten  Activiteiten Catering
dat stiet op it boerd
at je it Dielshûs yn Wommels ynrinne.

Ik sko langsum ûnder it boerd lâns,
krekt as hûnderten oaren
ûnderweis nei in "aktiviteit"
in oertinking,  in tanktsjinst
of hoe't je mar neame wolle

It libben fan Tiede Lanting oertinke.
stoarn,
noch mar 52 jier âld

Tiede,
doarpsgenoat en buertgenoat
muzykman fan Reboelje
en muzykman yn ieren en sinnen
en dat lêste wie it praat wat wij hiene
at wij elkoar moeten.

In moaie oertinking.

Wat soe Tiede grutsk wêze
op syn bern
dy't allegear harren wurdsje diene
dat it gemis útbylde troch moaie wurden
troch moaie herinneringen

Wat soe Tiede laitsje
om de anekdoates dy't broer Sake fertelde
dy't sij belibben op de pleats oan de Slachte

Wat soe Tiede grutsk wêze
op syn freonen fan Reboelje
dy't him in earbetoan brochten
mei âlde nûmers
en nije,
spesjaal makke foar him

Wat soe Tiede genoaten ha fan de oare muzyk:
de Rolling Stones (mei syn dochter yn it Stones sjurt)
en fan  Echo & The Bunnyman
de muzyk dy't hij ûntduts en dielde mei oaren

Wat soe Tiede fertriet hawwe
at hij syn mem sitten seach
dy't no har tredde jonge nei it grêf bringe moast.
Wat soe hij noch graach efkes mei har prate wolle
om it fertriet te dielen

Wat soe Tiede it moai fine
dy treastrike wurden fan de dûmny
en hoe lûd soe hij it Glorie Halleluja meisjonge?
en hoe grappich soe hij it fine
dat de dûmny ymprofisearjend
sels efter de piano krûpte.

En Tiede soe knikke
at hij de prachtige herinnering hearde fan Sebastiaan de Haan,
oer hoe't it fierder moast mei Tiede,
nei mindere mominten;
"sa is it"...soe hij sein hawwe

Tiede iensum?
hoe is it mooglik
mei al dy minsken hjoed
dy't er wiene,
spesjaal foar him
en ek foar dyjenen dy't efter bliuwe.

In moaie bijienkomst,
in sinfolle oertinking
mei n soad jonge minsken dy't in stipe wêze wolle
foar syn bern

Tiede soe it prachtich fûn hawwe,
in grôtfolle seal yn it Dielshûs
sa't dat meast ek wie
doe't  dat it plak wie foar popkonserten
ek sa'n "Activiteit"
en sa't ik him dêr likernôch 16 kear optreden sjoen ha mei Reboelje

Tiede ,
do wiest in bysûndere jonge,
in artyst;
do hiest in langer libben fertsjinne
mei de minsken dy't dij leaf hawwe
en wêr asto fan hâldst

Myn muzyk as oantinken oan Tiede.

Trije
it meast rock & roll nûmer fan Reboelje











Traine



It seizoen sit er wer op,
it trainen is wer dien.

Foar it earst sûnt jierren
wer in hiel seizoen training jûn
foar it earst wat âldere jonges

foarhinne oant 11
no oant 15 jier ta

It hat mij best foldien
en dat komt troch de jonges.
wat in prachtich folkje meielkoar
sa't se der tiisdeis en/of tongersdeis swiene

ik fyn it moai te sjen
hoe't yn sa'n groep giet
mei lieders en folgers
mei stillen en "grutbekken"

ik kin allinne mar kompliminten jaan
oan de jonge fan JO15-1 fan SDS/Nijland

Dus fan myn kant:
tige tank jonges, it haw it mei in soad nocht dien
tanksij jim......