maandag 29 april 2013

Goeie rie

Yn de bijalge Letteren en Geest fan Trouw stie sneon in tige nijsgjirrich artikel oer Dirk De Wachter, in Belgyske psychiater. Hij skreau it boek Borderline Times, het einde van de normaliteit.
In lyts stikje tekst:

......en dêrom sitte wij dizze wike dus op de Veluwe.......





zondag 28 april 2013

Eigenskipswurden

Untlede dat wie myn favorite fak yn de heechste klassen fan de legere skoalle. Ik tyske graach om mei de haadnammen, de eigenskipswurden, de ûndergeande foarmen en  it namwurdlik part fan it stelde.
It binne yn it bysûnder de eigenskipswurden dy't de taal en de boadskip meitsje.
Wat soe der oan taal wêze at je gjin eigenskipswurden brûke.
Eigenskipswurden jouwe foaral ek oan wat je fan iets fine.
Sûnder eigenskipswurden krije je in neatsizzende taal.
Ik brûk in hiel soad eigenskipswurden. Dat slút ek oan bij "datfynik" mei de klam op ik.
Ik skiruw myn hiele libben al op dizze wize.  Op dizze side mar ek op www.vv-sds.nl en earder op www.wommels.nl. In eigen miening hawwe en mei eigenskipswurden oanjaan wat ik der fan fyn.
At ik in konsert matich fyn, dan skriuw ik dat, at ik in fjild min fyn dan skriuw ik dat ek en at ik in miening ha dat druk ik dat út mei eigenskipswurden. Dat seit neat oer dat de minsken dy't it matige konsert joegen of oer de minsken dy't foar it minne fjild ferantwurdelik binne en harren bêst dogge om it better te krijen,
Wêrom ik dit skriuw? Wa't in noas hat dy kin rûke!

No mar efkes in prachtich stikje muzyk dan mar fan dy hearlike Flogging Molly.band





zaterdag 27 april 2013

Miami






Wa fan de trije soe ik sizze wolle. Wat is dit in hearlik nûmer fan Counting Crows. Trije ferskillende útfieringen .

vrijdag 26 april 2013

Kaarten

Ik haw de lêste tiid al meardere minsken heard oer wat ik as oplichterij betitelje. Stel je heare wat oer in konsert fan je favorite groep/artyst , dy't optrede sil yn de Ziggo Dome.
Om foar te kommen dat je te let binne mei kaarten nimme je net de muoite om op de side fan Ziggo Dome te sjen mar je gûgelje nei Ziggo Dome kaarten John Mayer.
As rissultaat sjogge je dan yndie Ziggo Dome boppe oanstean en de omskriuwing "online ticketshop". Troch de haast dy't je hawwe sjogge je sa gau net dat it in adfertinsje is (giele flak en it stiet der ek bij) en je geane gau op syk nei kaarten fan John Maijer yn oktober 2013.
"Gelokkich se binne der noch" tinke je earst  "en wat binne se ferrekte djoer" tinke je twads.
120 euro per stik.
Mar omdat it in unike kâns is, omdat it fakânsjejild hast komt, omdat it noch sa fier fuort is, bestelle je 4 kaarten. Dat is dan 480 euro.
Nei in dei komt de klap. Ziggo Dome kundigt no sels oan dat it konsert der is en dat de kaartferkeap moarn begjin. Moarn? Hoe kin dat no? Haw dochs al 4 kaarten besteld?
De klap wurdt foaral feroarsake troch it feit dat de kaarten 45 euro per stik kostje. 45 euro en gjin 120 euro.

Dit neam ik oplichterij. Konsumentenbûn sei, "helaas nútsjesmoar".  Gelokkich holp it dat der drige is mei plysje, publisiteit en justysje.
De online ticketservice keas de aaien foar it jild: "Geachte klant, wij hebben geen kaarten beschikbaar gekregen voor het concert en boeken het geld terug".

Dus in warskôging: gean altyd nei de echte side fan de seal wêr't it plakfynt en sykje fan dêr út wêr't de echte kaarten te bestellen binne foar de normale priis.
Helaas is it myn kollega net slagge om de echte kaarten te krijen. It konsert wie yn 10 minuten útferkocht.
Dat hie miskien oars west at de kaarten wol 120 euro koste hiene........


woensdag 24 april 2013

Blowin 'in the wind

Op de deikalinder lês ik dat op 16 april 1962 it nûmer foar it earst te hearen wie. It wie yn in lyts teater yn Greenwich Village. De skriuwer en komponist fan it liet song it sels. No 51 jier letter is it nûmer noch altyd net ûnder it stof ferdwûn.
Hij skreau it yn 10 minuten en hie fansels net tinke kinnen dat syn liet mei dy bysûndere sin sa'n grutte hit wurde soe.

How many roads must a man walk down,
before you can call him a man?

The answer is blowin in the wind.


dinsdag 23 april 2013

Tommy Cash


Oeral steane op dit stuit fan dizze buorden. 2 maaie Tommy Cash yn sealen Schaaf (Schaaf  moat bliuwe). Tommy Cash, ik hie der efkes net in goed gefoel bij. Tommy Cash?  Krije wij aanst ek  Silvy Joplin , it suske fan Janis op de planken yn Schaaf, of komt Dean Morrison, it bruorke fan Jim, noch wat lieten fan the Doors sjongen?
Myn gefoel, doe't ik dizze foto makke yn it Noard yn Wommels, wie erchtinkend.
Wikepedia is foar mij in noarm yn sokke saken. At der immen de muoite nommen hat om wat fan Tommy Cash op dy grutte enseklopedy te setten dan soe it wat wêze kinne. Alteast ik gean út fan it goeie fan de minske en dat Tommy sels net tekstskriuwer is op Wikepedia.
En sjoch, thús moat ik tajaan dat Tommy yndie sels artyst is. Myn minne gefoel mar oan de kant setten. Ik jou him it foardiel fan de twivel. Ik gean der net hinne mar it klinkt net ferkeard. Cash is dea, lang libje Tommy Cash.

zondag 21 april 2013

Irritant

It hie sa moai wêze kinnen op sneintemiddei bij SneekWitZwart - Hollandia. In wedstriid yn de Topklasse, bij moai waar op in prachtich fjild.  D eboarding is dêr wat heger as bij de measte klups en je kinne hearlik mei twa earms hingje op de brede râne fan dy boarding.  
Mar al hiel gau wurdt it aaklik irritant. De firma UYTHOF hat foar dizze amateur klup in systeem betocht sadat ek dizze reklameboadskippen wikselje.  Bij it betelle fuotbal merke je dêr net folle fan mar hjir wol. It docht, it skoddet en it makket lawaai. Alle minúten wer. Wat in argewaasje. Om no te sizzen dat ik net wer nei dizze klup gean giet wat te fier mar lit ús hope dat dit ûnrêstich gedoch net yn Easterein bij SDS komt. Dan mar in stek wat krekt wat te leech is om lekker te hingjen.

Oer de wedstriid kin ik koart wêze. Snits makke net folle klear tsjin in bettere tsjinstanner. De mannen út Hoorn fuotballen makliker, hiene fisyk wat oer en it spitsen duo wie libbensgefaarlik. Op minút 86 bin ik fuortgien om op tiid Feyenoord-Vitesse sjen te kinnen. De stân yn Snits wie doe 0-2 mar de einstân wie 0-4.


Foar de fytsers op paad

Wij binne mei in 40 tal frijwilligers dizze moannen op in paad om de fytsknipepunten yn byld te bringen. Mei namme giet it om de hinderlike pealtsjes en oare obstakels dy't wij allegear op foto sette en gelyk yn Google maps bringe op it plak wêr't de foto makke is.
Mei alle technyske middelen is dat net echt dreech.



Dus freedtemoarn wie de opdracht om Eksmoarra, Allingawier, Gaast, Skuzum en Burchwert te ynfentarisearen. Ik kaam mei sa'n 20 foto's thús wêrfan ik beoardield hawdat it in knipepunt is.
At it echt sa is dan sjogge de deskundigen letter wol.
De foto's meitsje ik mei de tillefoan mei GPS en sadré't ik it eigen hiem op fyts, wurde de foto's automatysk op myn kompjûter setten.
Neat gjin geseur mei kabels of Bluetooth.
Thús in heal oerke efter de kompjûter om se te plak te setten op in Google maps kaart.

Noch fjouwer doarpen te gean: Lollum, Arum, Rien en Lytsewierrum. Dan haw ik 20 doarpen en ien stêd (Boalsert) dien.

Sneontemoarn moast ik op fersyk fan it Seniorarenplatfoarm Littenseradiel, wêr't ik sels wat leeftyd oangiet ek bijhear mar wêr't ik mij noch fierstente jong foar fiel, in E-bike route útsette.
Earne yn maaie krije de senioren E-bike les en se sille gelyk de keunsten in de praktyk bringe op in route bij en yn Wommels.

Dan leit der noch ien opdracht. In fytsroute dy't ik yn sa'n 7 jier lyn makke ha foar de gemeente Snits moat kontrolearre wurde op aktualiteit. De 11 binnenpaden route fanút Snits is 70 kilometer lang en foel doe goed yn de smaak. Ik hoop dat yn dy sûn jier moai wat fytsende amtners keazen hawwe foar wat earder pensioen, sadat it foar de measten nij is. Miskien dat ik dy 70 km it kommende wykein efkes fytse kin.

It muzykje fan de freed wie Radiohead. Earne tusken Skuzum en Gaast op myn eardopkes.......




Hoe is it mei Amalia?


"Koartlyn frege immen mij" hoe is it mei Amalia. Hast har al sjoen".
Skamread fleach mij op en del. Amalia, ik haw der al in pear wiken net nei omsjoen. Sjoch myn blog fan 21 maart
Amalia, ien fan de de skriezen mei in sinder dy't te folgen is op ynternet.
Amalia, de earste skries dy't har fanút Súd Spanje yn Fryslân melden hat. Omstreeks 18 maart doe't it noch glûpende kâld wie. Sij struts del bij Britswert, Kleasterdyk 4 om krekt te wêzen.
It byld fan no fan myn favorite skrieske.is dat sij allegear fleanbewegingen docht bij Skrok en Skrins yn de buert.
Sjoch op dizze webside mei in prachtich byld fan de stân fan saken en selektear bijgelyks Amalia, Ljouwert en Amsterdam.
It is bysûnder om te sjen dat Amalia op 23 maart flakbij Wommels west hat. Ik nim mar oan dat it neat mei mij te krijen hat en mij myn blog. Se hat myn yn alle gefallen net op de kop skiten.
It is grappich om te sjen dat Amalia twa dagen lyn yn de buert fan Easterein wie,
Dat Eddy de Boer en Marco Hoekstra dêr wenje is tafal, sille wij mar sizze.

De Amsterdam is ek yn Fryslân oankommen. Snits wie syn earste oanstekplak mar dêr wolle je seker as fûgel net wêze. Nei wat sykjen yn de buert fan Nijlân is sij dochs ôfsetten nei Amelân.

Skries Ljouwert hat it mar drok mei fleanbewgingen yn de buert fan Aldegea. Sij flocht wat bij de Brekken om.
Sa, ik haw it wer in bytsje goed makke en notear yn myn agenda dat ik nije wike wer sjoch.

(18 septimber sille wij nei in konsert fan Leonard Cohen yn Ahoi)



zaterdag 20 april 2013

Gjin twivel

Sa foar it each is it no dien mei saak Marianne Vaastra. It is de abbekaat (sis mar de man dy't dy rol boarte) net slagge Jasper S te helpen. It is de rjochtbank net slagge om de wierheid boppe tafel te krijen.  It kloppe allegear sa moai.
En sa soe it best wolris wêze kinne dat der wer in ûnskuldich man jierren efter de traaljes komt. Oant it momint dat der in stille tsjûge lêst fan it gewisse krijt.

Sjoch hjir

vrijdag 19 april 2013

Poezie-album

Gewoan omdat it sa moai is dat dit digitaal bewarre bleaun is. Ut it poezie album fan myn mem.



donderdag 18 april 2013

Oerrock

Dit binne no de moaie dingen yn it libben.
Ferline wike tongersdeitejûn.
In kratsje bier keapje.  Sa as sa faak. Mar dizze wike krekt oars.
It stiet yn de reklame. Dy pear euro is moai meinommen.
Se jouwe ek noch 90 * 2 kaarten fuort fan Oerrock. Dat is echt oars.
"Wolle jo de kassabon ek" is de fraach tsjintwurdich fan alle kassajuffers.
"Oars net, mar no wol" jou ik oan.
Ik fiel mij hast al beswierre.
Dan in pen sjtterje.
It formulier ynfulle. Maklik oars net as adres.
Kassabon moat derbij.
Yn de doaze. Meidtingje nei frijkaartsjes.
Ofwachtsje.
Sil wol neat wurde.
Dêr wol dochs elkenien hinne.
Woansdei
De post
In brief.
Hoera hoera : 4 frijkaartsjes foar twa ferskillende jûnen.
Leafhawwers genôch yn de famylje. Ja ek foar Guus Meeuwis.


woensdag 17 april 2013

Boudewijn de Groot

"Waar kan je liggen in het zand, totdat je hele lijf verbrand, waar kan je zuipen als een beest, waar vind je vrienden voor een feest" dat wiene de earste rigel fan it earste liet wat Boudewijn de Groot sneintejûn song yn de Harmonie yn Ljouwert. Dit nûmer stiet neffens mij as earste op in âlde elpee dy't ik no net bij de hân ha. Wat haw ik dat wat mei songen as"sebeare protestsjonger thús op de souder mei de biezum yn de hân".
Wat in geweldich optreden haw ik snein sjoen. Boudewijn hat in topband en dat betsjut topmuzikanten. Dêrtroch is it in tige ôfwikseljend programma mei de flugge nûmers, de rêstige nûmers, it Indië ferhaal yn meardere nûmers, de meisjongers en de toppers.
Fan kertier oer achten oant 11 oere ta haw ik mij net ien tel ferfeeld. De stim fan Boudewijn is noch krekt allyk as yn 1964 doe't der begong.
Earder skreaun ik dit op myn blog oer Boudewijn.
Om in yndruk te krijen fan dizze jûn de ûndersteande fideo wêryn Boudewijn in oantal saken út syn karriere besjongt.




maandag 15 april 2013

Pankoek

Der wurdt wolris sein fan "Wat je jouwe krije je ek werom". Ik leau net dat soks altyd opgiet. Mar yn dit gefal giet it wol op. Hjoed  15 april in jierdeifeessie. De bertedei fan soan Tsjeard. Dy wurdt 32. Soe der syn âlde plakboeken trochblêdere hawwe en in útnoeging tsjinkommen wêze fan 1986 of sa.......
Hearlik, pankoek ite en dat ik net thús brocht wurde sil makket neat. Ik haw krekt in nije fyts sjoch.....
Fan herte lokwinske.... en foar dij de nûmer 1 fan de top 40 fan de wike fan 15 april 1981. Wierskynlik kin hij him dat net mear herinnerje.



woensdag 10 april 2013

Myn nije freon

Ik skat yn dat ik troch de jierren hinne al ris in Union, in Fonger, in Batavus, in Sparta en in Halfords fyts hân ha. De Gazelle Medeo kin ik mij noch herinnerje, lykas de Koga en as lêste de Raleigh. Ik bin seker net bûn oan in merk. Ik betraapje mij der sels op dat ik hieltyd in oar merk wol.
Sûnt 1998 bin ik lisfytser en haw ik der altyd in bukfyts bij. Foar yn it doarp, foar de glêde omstannichheden, foar de bûtenlânske fakânsjes mei heuvels en omdat it makliker mei nimt op de auto en je ek wolris yn de wâlden fytse wolle.
Salang de belesting meibetelje wol oan in nije fyts keapje ik alle trije jier in nijen.

Ik kin wer trije jier foarút en yn mocht de fytsregeling ôfskaft wurde dan ferwachtsje ik dat dizze it noch wol wat langer útfytst.  De RIH Z900 moat in kwaliteitsfyts wêze neffens TweewielerdeJong yn Wommels en ik leau it gelyk. Lit it foarjier no mar komme.

De RIH wurdt foar in grut part makke yn Amsterdam

Al hast 100 jier in fytsemakker

maandag 8 april 2013

Fjoertoer (2)

de speltsjes fan eardere fjoertoertochten, helaas mist der ien........
Fiif jier kaam Jellie mei entúsjaste ferhalen werom fan Skylge nei it Fjoertoerwykein. Sfearfol, gesellich, ûntspannen en genôch ljochtfariaasje ûnderweis, dat wiene sa bytsje de kreten.
Ien kear hie ik mei west, net om te rinnen mar om dy sfear te priuwen.
Dat sfearpriuwen slagge net. At je net meidogge dan mist er wat. Dan hawwe je op sneon net dat gefoel fan "talibje nei de start", dat omhingjen, dy tas mei startersguod helje op West, dat gefoel dat je net te folle ite wolle  en, seker net lekker tafelje kinne. Sis mar de wedstriidspanning misse je.
Je hingje der mar wat bij en krije it net allegear mei.
It wie dêrom tiid om it echte Fjoertoer gefoel te krijen.
De Izeren Man joech mij it lêste triuwke yn de rêch om 2013 mei te rinnen. 21 kilometer ôfsjen sa stelde ik it mij foar want at ik nei de byb tsjinoer ús moat, pak ik de fyts. Dit jier ien kear 10 kilometer rûn en dat foel net mei......

It is no moandei at ik dit skriuw. It liif, de skonken wolle mar net stiif wurde fan de ynspanningen. Blierren binne net te finen. It is dus allegear gelyk as oars. Der is lykwols in grut ferskil mei oare jierren.
Ik haw de fjoertoer rintocht rûn, ik haw de sfear preaun, ik haw 21 kilometer rûn wêrfan 7 kilometer yn it mulle sân, ik haw oeren de blik op ûneinich hân, ik haw mij meardere kearen ôffrege wêrom ik dit doch en ik ha erfaren dat it swier, útdaagjend en sfearfol is..
In grut komplimint oan de organisaasje dy't der yn slagge mei ljocht keunstwurken ûnderweis, op it goeie momint ús efkes moed joegen om troch te gean.
Wat in wurk en wat in kreativiteit.
Nei 21 kilometer en 600 meter siichden wij del yn in stoel yn Ytkafe "de Storm". Om te drinken: bier, bier...bier.
Fjoertoer 2013 haw ik noflik en goed rûn mei Jellie, Albert en meidebutant Norman.
Wij hawwe allegear op ús eigen wize it lijen meimakke op ferskillende mominten. Wij hawwe ús alle fjouwer stoer holden sadat wij nei de tiid sizze koene: it wie best te dwaan.


de beleanning nei 3 stimpels
Wie alles goed tidens de tocht? Nee dat no ek wer net. Ik hie ferwachte dat je wat mear romte hiene om frij te rinnen. Dat wie net sa, it wie konstant rinne yn ien lange kolonne mei flink wat argewaasje fan myn kant foar it paad efter Hoorn wêr't alles fêst rûn omdat je allinne mar efter elkoar rinne koene. Minstens 20 minuten rûnen wij yn in soarte fan begraffenisstoet, stapke foar stapke. En at je it swit al flink op de bealch hawwe, dat is dat hiel ferfelend.
2014 sille se it wer sûnder mij dwaan moatte. Moai sa'n útdaging foar ien kear, mar ik moat der net oantinke om takem jier wer oer dat selde paad, troch dat selde bosk, mei al dy selde minsken en oer dat selde strân te rinnen.
Ik jou it stokje graach troch......


vrijdag 5 april 2013

Fjoertoer


Fol goeie moed binne wij ôfsetten nei Skylge. 
Op de fyts nei Harns en dan nei Formearum.
De fjoertoer tocht rinne.
Normaal al in pittige tocht troch bosk, oer paad en strân, troch dún en op de dyk.
En dat ek noch wol bij nacht.
Hoe betinke se it?
Mar somtiden dat moatte je grinzen ferlizze.
En wêrom rin ik mei? ........omdat fytsen bij nacht noch minder leuk is.



woensdag 3 april 2013

Rock bij Attema

Opmerkelik affysje, seach ik moandei hingjen bij Aaipop.
Net dat it wer rocke sil bij Attema, mar wol om ien fan de nammen op it affysje.
O.a. Frans Krassneburg stiet der op.
Wa wit it noch dat Frans Krassenburg de eardere sjonger fan Golden Earrings wie.
Oant 1968 ta.
44 jier lyn.
Al dy tiid nea wat fan him heard. Net wer yn in band spile. útsein in skoftke yn After tea.
En dy Frans dy komt nei Heech bij Attema syn Rock skuorre.
Foar him net sa fier, mar hij sil wol yn de buert oernachtsje moatte want wat lês ik op Wikipedia:

In 1968 was Krassenburg een tijdje zanger van After Tea uit Delft. Daarna begon hij een eigen artiestenbureau. Op zaterdag 20 december 2008 nam Krassenburg met een concert in Musicon in Den Haag afscheid van de muziekwereld en ging op het Waddeneiland Ameland van zijn pensioen genieten.



Metal op Aaipop



der lei noch krekt gjin snie, mar it wie yn ien fan de tinten like kâld as snie

 It wie earst wol aardich drok bij de Frysktalige Metalband Baldrs Draumar, mar wat langer it duorre wat mear it dúdlik waard dat de boerenrock der bij de measten better yngiet.
en sa koe ik moai foaroan stean en in inkele foto meitsje fan dat langhierrich "túch"


Fierders haw ik sjoen bij: 

Bagger - baggerrock
Skraal - blues
Babaliv Band - pop rock
The Hangouts  - spylje the Stones
Sipke en Band -  altyd ferrassend ..altyd goed
Koartsluting - net myn ding mar wol moedich

Glimkes opfongen en stikjes heard fan
Doelleazen (je moatte der fan hâlde)
Xigatze (it sweefde iets te folle)
De Kast (tiid om nei hús te gean)


Adri de Boer (op Tsjoch al heard)
Marcel Smit (helaas mist, want je kinne net alles)
Ebele ( wie wat te betiid)
Chickens go mad (helaas mist want je kinne net alles)