zaterdag 31 oktober 2015

Reunyfeest

At je yn it stadion net mear fermaak biede
dan der mar bûten,
sille se tocht hawwe yn it Fean

op P3 dus
it pakearterrein nonken Abe syn stadion
in reuniefeest mei as motto
de bekende tune:
"Herinnert u zich deze noch??

Wat in formule en wat in feest!
om goed healwei njoggen is it al smoardrok
hûnderten fytsen en al ferskate auto's op P3
in moai ynrjochte tinte
mei sitsjes,
soleksen,
âlde auto's
nostalgyske printen
âlde bylden op in skerm
âlde muzyk
en in gesellige disjockey

5 bands
de earste (Straight on Fire) net sjoen
mar de twadde makke wol,
fan de earste oant de lêste toan
Tax en the Outsiders
twa man fan de âlde band: Leendert en Appie
trije jonge hûnen, wêrfan twa Taxen
it wie de ferrassing fan de jûn:
moaie Outsiders muzyk....
en Appie Rammers?
dy moast sa no en dan efkes sitte.........

Mirage wie de tredde band
in tribute oanFleetwood Mac
de froulju skodden hieltyd mear nei foaren
smarden de kielen noch efkes
en songen út folle boarst
de bekende lieten mei
Little lies en fansels Go your own way,
Neat mis mei wie ús konkluuzje....

en doe......
De net dûnsjende froulju wat nei efteren
de dûnsende froulju nei foaren, wêrûnder Geartsje
de rockers op feilige ôfstân ek foaroan, wêrûnder Lolke en ik
want
Bintangs, it's only rock and roll...
Machtich optreden wer
en je fielden de ferbazing om je hinne
fan in soad âlde en grize koppen
dy't harren miskien wol 40 jier lyn foar it lêst sjoen hiene.

as fan âlds ramden se der op los
Bintangs op syn best
de jûn wie slagge
de jûn wie folmakke

stadichoan skooden wij wer wat nei de kant
in bytsje nei efteren
want foar Help
in tributeband fan the Beatles
waarden in hiele soad miskien bllid
ik net
ik krige wer de befestiging
dat the Beatles (op in inkel nûmer nei)
myn ding net is.....
foar de twadde set fuort
want it goeie gefoel moat wol bliuwe
it Outsiders en Bintangs gefoel.

Reunykonsert yn Hearrenfean:

in geweldige sfear
prima muzyk
noflike minsken
wier,
it wie in muzykfeest
foar al dy âlde en grize koppen....






donderdag 29 oktober 2015

Fytse op e gong


Meast op tiisdei wurkje ik yn Beetstersweach,
op skoalle Lyndensteyn

in skoalle mei bern dy't lange tiid siik binne
of  meardere handikaps hawwe.

yn skoalle wurdt troch de bern
in soad gebrûk makke fan allegear helpmiddels
lykas rinstekjes en trijetsjillers

moaie brede gongen hawwe wij dêr,
en it is hielendal net frjemd
dat der in fyts bij it  kantoar stiet
fan in meiwuker út it revalidaasjesintrum




dinsdag 27 oktober 2015

Postsegel


1946
2015


"Postsegel djoerder
brief ferdwynt hieltyd mear"

dat is in kop yn de krante fan hjoed

de postsegel
dat ferneukeratyf lyts plakbriefke
wêr't in 1 op stiet.

yn 1946 stie  der ek in 1 op in postsegel
en dan wie it ek 1,
1 sint wol te ferstean...

dy 1 fan no
dat is gjin 1
dat is 73,
73 sint mar leafst
wat sis ik,
73 eurosinten ek noch wol

in gûnen omrekkene?
dan is it sa'n 162 sinten

Fan de iene 1
nei de oare ien:
in ferskil fan 161 sinten
yn 70 jier

Logysk dat it stjoeren fan in brief of in kaart
minder wurdt....






zondag 25 oktober 2015

Gelf

In foto pronkt op de kast
midden yn de keamer
in foto fan Pjirkje
dy't stoar yn juny dit jier

it is sneintemoarn
en ik sit bij Gelf Eringa
yn Spannum

Sûnt 1998 doch ik dat,
de Treffers, it klupblêd fan SDS,
fan Spannum en Winsum
bij Gelf en Pjirkje bringe
want sij bringe se dêr rûn

No sit ik bij Gelf allinne
Sa as altyd prate wij efkes 
yn de keamer

oer it fuotbaljen
scHearrenfean, wêr't it net sa goed giet,
SDS, herinneringen oer de moaie tiden dy't wij hiene
Oranje en de oer it hynder tilde fuotballerkes
oer it keatsen
oer Spannum
oer it kuorkebaljen
oer it oargelspyljen
oer pypkesmoke

oer de dea
oer Pjirkje

oer it libben
dat Gelf noch talaket
want
"ik sit hjir net te wachtsjen,
ik doch noch fan alles wat ik moai fyn
en lichaamlik dwaan kin
want it wurdt wol allegear wat minder"
seit Gelf

"At ik net mear fleurich bin, 
is it dien" 
seit Gelf
en hij laket

Nei in lyts oerke
stap ik wer op
de Treffers efterlittend

Ik hoop dat de folgjende Treffer wer gau útkomt

nee, dat hoecht  net
ik gean der in kear hinne sûnder Treffers
gewoan foar in praatsje
nei Gelf

en dan prate wij wer
oer sc Hearrenfean, 
oer SDS
oer Spannum
oer it smoken fan in piip
oer de winter
oer it oargelspyljen

oer it libben
wat him hopenlik ek dan noch talaket


Gelf en Pjirkje yn 2012, 
mei de plastikpûde fol Treffers 



zaterdag 24 oktober 2015

Lêze yn de bus

Wommels leit yn Fryslân,
Montecatini yn Italie
yn de Toscane om krekt te wêzen.
dêr tusken lizze sa'n 1500 kilometer.

Dy moasten wij ôflizze 
yn de bus
de nachtbus
hinne 
en werom

Dat is gjin ferlerne tiid
seker net
dat is lêstiid....

Lêze op de tablet
en fan papier



te keap bij Fosfor,
dit digitale boekje
fan Rob Zijlstra
oer de rjochtbank yn Grins
prachtige ferhaaltsjes
lêzen op de tablet
út.....

it ferfolch
noch mear prachtige ferhalen
lêzen op de tablet
út

Ut de byb yn Wommels
Mear as 700 siden
foar de ôfwikseling
in moaie plysjetriller
spilet yn Stockholm
lêst net maklik
noch net út
noch 200 siden trochbite


in begjin makke mei dit digitale boekje


woensdag 21 oktober 2015

Poezy album

(út it archyf)


Yn 1935
yn Dedzjum
skreau pake Aant Boerstra,
wêr't ik nei neamd bin
iets yn it boekje fan
pakesizzer Hiltje Boerstra
myn mem


maandag 19 oktober 2015

Bolwerk

Poppodium Het Bolwerk,
yn Snits
bestiet dit jier 40 jier.
It is prachtich dat sa'n echt poppoadium
him steande hâldt yn Snits.

Ik mei der graach wêze
fanwege de goeie sfear
en in moai ferskaat oan myn favorite muzyk
(hurde) rock, metal, blues en punk.
It jubileum wurdt fierd mei in oantal bijsûndere 40 jier Bolwerk konserten.
Sa as op op 28 novimber.
Dan komme the Toy Dolls en dat wurdt in fêst in punkfeest

Der ek hinne lykas mij?
dat wurdt lestich
it is al hast in jier útferkocht.... 


donderdag 15 oktober 2015

Fytssifers

Ek bin sljocht op siferkes en statistiken.
It CBS (Centraal Bureau voor de Statistiek)
 is dan ek  myn favorite oanjouwer fan sokke oersichten

Sij garje fan alles bijelkoar
wat nijsgjirrich is
en meitsje dêr fergelikende oersichten fan.

Oer it fytsgedrach bijgelyks.......

fytse jim gemiddeld wol 2,9 kilometer per dei?
helje jim 25 % wen-wurkferkear?
hawwe jim ien fan dy 1,4 miljoen elektryske fytsen?
hawwe jim ek in fyts 'ut Azie, lykas 40 %?
binne jim ien fan dy 558.000 Nederlanners dy't slachtoffer west hat fan fytsedieverij?

Sjoch dizze link en lûk jim konkluuzjes


maandag 12 oktober 2015

Mankell ferstoarn
















Ien fan de grutste Sweedske skriuwers is op 5 oktober ferstoarn
Henning Mankell
67 jier âld
foaral bekend om syn Kurt Wallander boeken
de inspekteur yn it stedsje Ystad

In goeie skriuwer,
dy't sfear brocht yn syn boeken;
haw der 16 boeken fan lêzen

Yn 2008 wiene wij yn Sweden
en fansels fytsten wij efkes nei Ystad
it havenstedsje yn súd Sweden
om iets fan de boeken te sjen, te fielen.


en sa  stiene wij op it doarpsplein mei syn winkeltsjes
en kroechjes

It lêste boek dat ik lêzen ha
wie Daniel, zoon van de wind
oer it earste donkere jonkje yn Sweden......


Mankell, Hannes  Moordenaar zonder gezicht 2004
Mankell, Hannes  De jonge Wallander 2005
Mankell, Hannes  Graf 2005
Mankell, Hannes  Honden van Riga 2007
Mankell, Hannes  De terugkeer van de dansleraar 2007
Mankell, Hannes  De man die glimlachte 2004
Mankell, Hannes  Midzomernacht 2005
Mankell, Hannes  De witte leeuwin 2003
Mankell, Hannes  De blinde muur 2008
Mankell, Hannes  Labyrint 2008
Mankell, Henning  Dwaalsporen 2008
Mankell, Henning  Italiaanse schoenen 2008
Mankell, Henning  De Chinees 2011
Mankell, Henning  De gekwelde man 2012
Mankell, Henning  Kennedy's brein 2012
Mankell, Henning  Daniel, zoon van de wind 2014


zaterdag 10 oktober 2015

Erwin is gjin Bruce

 Lekkere muzyk
dat makket Bruce Springsteen
"moaie ballades"
"lekker deuntsjes"
 "de stim wat rau"
"koarte, oersichtelike gitaarsolos"
"meisjonggehalte"

Net dat ik der no gelyk hinne gean soe,
nei in konsert fan Bruce.
Dat is it krekt net foar mij,
of lang net....

Toch op dizze freed nei it Bolwerk
yn Snits
Erwin Nijhoff docht Bruce...
nijsgjirrich

Mei in stel goeie muzikanten
kin der sân jûn hast neat mis gean;
dat is ek sa, alles giet goed,
nee, hast alles

Gesellich fol, dat net
lekker nûmers, dat ek net
reedlik entoesjast publyk, dat is it ek net
twa oerkes lang, ek net ferkeard

nee, it is de stim
de stim fan Erwin
dy't it yn de ballades prima docht
mar dy't yn de rockende nûmers
raast en skreaut
him en Bruce oerskreaut

At ik trije kertier
troch in tsjustere nacht
nei hûs fyts
hâldt dat net op.....
op bêd ek net.....
dat geraas

dat haw ik noch nea hân
sels net nei in jûntsje hurde rock of metal

en dan dit noch:
ik hâld er net sa fan
dy artisten dy't ophâlde
en dan in tajefte jouwe
nei in meager ropke
"wij wolle mear
en dan noch 5 of 6 nûmers spylje








donderdag 8 oktober 2015

Troufoto

Dêr wiene se al
De troufoto's bij de wetterpoarte fan Snits.
Ien stel komt mij hiel bekend foar.

Sjoch dizze link

dinsdag 6 oktober 2015

Minder wurkje?



De PvdA wit it ek net mear,
no moatte wij ynienen wer koarter wurkje fan harren
neidat se der earst mei foar soarge hawwe
dat wij langer wurkje
koarter dat is oan de iene kant dus 4 dagen
en langer is oan de oare kant oan 67 ta.

4 dagen
ik doch it al jierren
ideaal

dat is in grut ferskil
mei al dy mannen yn de ( diken) bou
it moat klear...
de hakbile leit op.....
subsydzje net misrinne.....



Ik seach se sneon wer dwaande
bij de brêge yn Wommels
wrotte omdat de oannimmer  tasein hat
dat it allegear begjin novimber klear is
sadat de gemeente in bijdrage
fan de provinsje krijt....

Frjemd allegear
minder wurkje,
langer wurkje, 
oerwurkje 

sis it mar
PVDA

ik haw der hjoed  40 jier opsitten!1
mar it is noch net genôch.

maandag 5 oktober 2015

Feiten kontroleare

Sommige minsken sizze mar wat,
dat samar wat sizze
dat kinne je yn ferskillende kategorien pleatse
liege,
oerdriuwe
gokke
of ûnnoazelheid

Ien fan dy sommige minsken
dy't ik bedoel
is Gerard Joling
in BN'er
hij sei wat oer flechtlingen
in hiele blog fol.

Mar kloppe syn útspraken?
Wa kontroleart dat?

"Factchecke" hjit dat mei in djoer wurd.
NRC Next docht dat alle wiken
ûnder de namme "waar of niet waar"

it AD hat syn wurden op in skûle lein,
in foarbyld:

Wat seit Joling?
6. ,,Mijn moeder moet straks op de fiets om een kerk te vinden en de Islam kan in iedere stad lopend naar de Moskee!"

De feiten binne:
Moeder Janny woont in Schagen. Volgens gemeentegegevens zijn er in Schagen achttien kerkgenootschappen en nul moskeeën. Voorlopig moeten moslims uit Schagen dus een behoorlijk eindje lopen, 14 kilometer, naar de moskee in Zuid-Scharwoude bijvoorbeeld.

Mochten jim Joling
serieus nimme
en dat sa hâlde wolle
dan soe ik dizze link net oanklikke.

Der bliuwt net folle oer fan syn ferhaal.


vrijdag 2 oktober 2015

Wytze

Ein july
of begjin augustus
yn Frjentsjer
de PC
keatsen sjen en minsken moetsje

Alle jierren wer
hij fanút Hylaard en ik fanút Wommels
muzyk erfaringen diele
en herinneringen ophelje

Wytze Lanting
alle kearen sei hij it wer
"wist it noch"
sei hij dan,
"1977
Frank Osingapartij
dat wie ús omke
en
do , Sake en ik
de winners!"

"Wij wiene net de besten,
mar wol de tûksten
en omke woe  sa graach
dat twa Lantings wûnen
en ien kening waard
Sake"

Ek dit  jier wer
kaam ik him wer tsjin
Wytze
oan de lange side
steand yn de rein
en wij hiene it wer oer
omke Frank dy't hiel lang oan it wurd wie
bij de priisútrikking
en wij hiene it oer War on Drugs
Wytze syn nije favorite band

Wytze
ik ha mei him keatst
mei him fuotballe
mei him nei Reboelje west
en mei him oan it lisfytsen west
want dat like him ek moai......

Wytze is 29 septimber 2015 stoarn
noch mar 57 jier jong

...wat in fijne fint wie dat......

Sneon wie de betinking yn Hilaard
in moai weromsjen op syn libben
mei in prachtige foto op de kiste
in laitsjende Wytze
sa't wij him kinne

Moaie wurden fan broer Sake
fan in omkesizzer
fan syn skoansuster
fan twa freonen

en wij harken nei prachtige muzyk.
fan the War on drugs,
fan Reboelje
fan Johnny Cash
en fan Mike Oldfield







donderdag 1 oktober 2015

Twa nammen


 Sa'n 17 jier fyts ik wykliks 6 of 8 kear lâns dit kafe,
it kafe fan Reahús
Der is nea net folle drokte,
der is gjin terras
en dochs libbet it....
mei dat Heineken úthingboerd
sa neist de katolike tsjerke

 Sa'17 jier fyts ik wykliks meardere kearen
oer dit brêchje,
it brêchje tusken Reahús en Tirns,
in brêchje mei in buordsje
in brêchje mei in namme
fytsend net te lêzen....

ik hie alris in foto makke
mar koe der net efter komme
nei wa dit ferwiisde

Al 17 jier fyts ik ek oer it twadde brêchje
ek mei in namme
ek net dúdlik wêrom?























Op 24 septimber in aardich ferhaal
yn it tige lêsbere GrootSneek
in ferhaal
oer wat Snitsers dy't alle sneinen in rûntsje rinne
oer Turns en Reahús

Oan stekke yn it kafee
en efkes stilstean bij harren brêchjes.

sa sit it dus.
Moai.......