zondag 31 januari 2016

Ad Vanderveen















Starum
sneontejûn 30 jannewaris,
kertier oer njoggenen stappe wij kaf'é Max binnen,
wij, dat binne Jellie en ik.
wij wolle op tiid wêze foar in optreden
fan Ad Vanderveen and the 3 Piece

wij binne sawat de earsten,
wij stappe tagelyk binnen mei in oprjochte
Advanderveen fen...... myn broer Lolke,
wij oerlizze no ien kear net alles binnen de famylje.....

in sfearfolle romme seal
mar noch net drok
en dêrmei liket it ús ta
dat it grutte publyk net yn de gaten hat
hoe goed Ad Vanderveen is.

Hoe goed hij is, merkbite wij
yn de twa sets dy't hij spilet,
in moaie ôfwikseling fan akûstysk en elektrysk

The 3 Piece wiene mar 2,
de bas die net mei mar wol in

autoharp.....

Underwilens wiene der sa'n 50 man/frou binnen
en wie it efkes sykjen om stilte
mar it bandsje dwong it foar it grutste part sels ôf,
mei prachtige nûmers fan Ad sels, mar ek fan Dylan en Young.

Twa klipkes...de earste akûststysk en de twadde elektrysk fersterkt, en de dy twadde is opnommen yn dit selde kafe Max yn 2010








Topklasse

Op myn syktocht nei in fuotbalwedstriid
op sneontemiddei
kom ik dizze kear út bij ONS BOSO Sneek.

De Topklasse dat sjoch ik foaral om it fjild hinne
stewards,  feilichheidsminsken, fotograven met hesjes,
videokameras, "folle" tribune, ballenjonges en de fjirde man......

Fierders in gemoedlike sfear en freonlike minsken.



Oer it fuotbal moat ik mar net te folle sizze,
"wij binne dit jier bij SDS net ferwend"
joech ik bij in oantal ONS supporters oan, "mar dit is ek net bêst"
Sij joegen  it gelyk ta.....
ek sij prottelje oer de ynset, de belibbing  en it gemis oan fertrouen

Dat jilde foar de earste helte.....



Sa'n skoft kin in ploech dus goed dwaan, want yn de twadde helte
wurdt it boeiend, iepenener, fûler.....mar noch altiten net geweldich,
spannend is it wol.

Ien spiler springt er wat mij betreft út.
De spits, Ramos, wat in ynset en it liket wol of moat hij it gebrek oan ynset
fan twa oare oanfallers kompenseare.
Hij krijt lestige ballen mar wit him der goed mei te rêden 
en just hij is de ienige dy't it breed hâldt op de fleugels...

de 1-0 dy't falt is op dat stuit lean nei wurkjen.
ONS wint en miskien kom ik wol werris om in goeie wedstriid te sjen......

























en thús seach ik de tv bylden noch efkes en krige it bewiis dat ik der wie....

vrijdag 29 januari 2016

GrootSneek



Ien kear yn de moanne hat de BN in bijlage.
BN stiet foar Bolswarder Nieuwsblad
foarhinne neamden wij dat it Suffertsje.
It Suffertsje wie foaral ek  bekend fan syn moaie rubryk
"wat hat Gabe Skroar hjoed te sizzen"

De Boalserter is der net mear,
it Nieuwsblad is der foar yn it plak kommen.
Sûnder sportferslagen de lêste jierren
en dat misse in soad minsken

It moaie fan Bolswards Nieuwsblad is de bijlage
dy't ien kear yn de moanne
it blêd ta in tsjok en swier pakket makket.

GrootSneek hjit dat blêd
en it blinkt út yn moaie ferhalen
oer minsken.
net allinne oer minsken dy't op de foargrûn aktyf binne
mar ek gewoane minsken
dy't allegear harren eigen ferhaal ha.

Dit liket mij de takomst fan de krante

Groot Sneek is in moaie krante om te lêzen


zondag 24 januari 2016

Puzzelje

At je dan dochs in pear dagen binne bliuwe moatte
en de hiele dei lêze gjin opsje is,
dan is dêr ynienen in puzzel
in lispuzzel,
oanbean troch Anne-Marije




500 stikjes......


te begjinnen mei de râne



En sa de hiele wrâld yn elkoar puzzelje

Dankjwol Anne-Marije,
ik hie tiidlik efkes dizze hobby

vrijdag 22 januari 2016

Gryp

It is in wûnder dat de gryp mij al jierren besparre bliuwt.
Skoallen binne in boarne foar baksillen en firussen ...

Dit jier ûntkaam ik der lykwols net oan.

Al mear as in wike lyn oanjûn
nei bepaalde kollegas
dy't sa siik as wat omrûnen op skoalle
dat ik leaver ha dat se thúsbliuwe want.......

Nee dus,
ik dus de gryp
snein, it waaide mij oan...
moandei wol nei it wurk 
want oaren dogge dat dochs ek..
tiisdei wol nei it wurk 
mar it waard per oere minder

woansdei dus siik thús
flink siik
tongersdei ek

beide dagen foaral dwaande mei allegear (hynste)middels
om hiel fluch op te knappen

freed al wat better
sneon en snein wat útsykje

Ik sjoch it wol wer sitten moandei
bin benijd hokker kollega ik moandei en tiisdei oanstutsen ha

Siik wêze, ik wurd der sa wurch fan...


Dea yn 2016

It begjin fan 2016 is net flitsend
wat it oantal deaden
oangiet yn de popmuzyk

De deaden fan de popmuzyk krije in soad oandacht
op radio en tv falt mij sa op.

Mear oandacht  as bij de dea fan  in politikus
Want begjin jannewaris ferstoar ek Piet Steenkamp
foar it CDA  en dus ek foar Nederlân in wichtige politikus
mar hast gjin oandacht yn de parse

Muzyk docht wat mei minsken
en deade muzikanten hawwe wat tastbers neilitten
en dat wolle wij dan allegear heare.

Ik haw op Spotify in eigen spyllist makke
"Ferstoarn yn 2016"
fan elke deade twa nûmmers....



it is suver al in moai listje


Jannewaris

5, Paul Kantner (sjonger,gitarist) 74 jier

4. Dale Griffin (drummer Mott the Hoople)  67 jier

3. Glenn Frey  (Eagles)   (67 jier)

2. David Bowie  (69 jier)

1. Lemmy  Kilmister fan Motorhead  (70 jier)


dinsdag 19 januari 2016

Eksen fan eksen

In prachtich ferhaal út it AD





zaterdag 16 januari 2016

Muzyk út Spanje, Denemarken en Ingelân

It grutte festival yn Grins
de útrinners dêrfan yn Ljouwert.

Trij hearlike bandsjes op poadium Asteriks freedtejûn,
bandsjes dy't je miskien wol nea wer sjogge,
wamt se komme fan Spanje, Denemarken en Ingelân
en dat foar 5 euro.....


Nuria Graham, in Spaanske sjongster mei in prachtige stim,
moaie lieten ek,
folle steviger as de oankundiging
it bytsje publyk wat er om kertier foar njoggenen is
wurdearret it mei entoesjast hantsjeklappen

spitich fan it útfallen fan de stroom,
it ferlet de boel en hellet de band út it ritme



Twadde band is de Underjordiske út Denemarken
hearlike relakste muzyk
mar der misse wat útspattingen...
it bliuwt wat flak
wat ek opfalt is twa gitaristen mei in bytsje emoasje of in bytsje sin spylje
want se wisten net hoe gau se fan it poadium ôf komme moasten:
noch foardat it lêste nûmer dien wie

der wiene al de helte mear minsken


De tredde band wie geweldich,
mar fierstente koart
Sy waarden de dupe fan it programma wat útrûn wie
5 nûmers wie harren bijdrage

Power út de teannen wei
seker fan dat lytse opdonderke
dy't song

Nei ôfrin koene wij fan dy lytse opdonder heare
wat sij der fan fûn
en oars noch wat saken

It wie net útferkocht en dat wie spitich
want it wie seker de muoite wurdich.

En foar Teade, Sjoerd en Pieter Jan noch efkes it lêste nûmer dat se spilen
as moaie herinnering.
En foar Hennie fansels dy't ús entoesjasme wer oanheare mocht yn de auto werom...


dinsdag 12 januari 2016

Spar - Jumbo




Sa  grut wie de adfertinsje fan Jumbo yn op 'e Skille...
In goeie idee fyn ik,
om al dy minsken te neamen
dy't meielkoar de Jumbo binne

in moai bedriuw foar Wommels,
fan alles te krijen en goed fan kwaliteit;
en dan safolle minsken dy't dêr wurk troch hawwe.
mei namme jongelju 
dy't as bijbaan de fakkenfulle, spegelje of efter de kassa sitte.

doe't ik dizze adfertinsje twittere
krige ik in reaksje fan Rients Sape Smeding:

"Dat binne mear minsken dan wat wij oan produkten ferkochten" 
sa twittere hij werom.

Moaie reaksje, in moaie herinnering, want
Rients is op dat plak berne doe't syn heit en mem,
Sape en Rely dêr de Sparwinkel hiene

foar Rients in moaie herinnering,
mar ek foar mij......

Ein jierren 60, begjin jierren 70,
hie ik dêr myn bijbaan
sutelje troch it doarp mei de grientekarre,
 helpe efter de kassa,
bijfulle,
opromje
ik haw in prachtige herinnering oan dy tiid
doe't Sape en Rely dêr wennen
en Antsje en Rients berne waarden
en Boukje wat letter

Oan maaie 1974 ta
 bin ik dêr fakansjes, freeds en sneons oan de slach west,
dêrnei makke ik in transfer
fan de Spar fan Wommels
nei de Spar fan Flylân
en noch letter nei de Spar fan Langwar.....

Sa seach it der út doe't ik dêr begong,
iets letter waard it omtoavere ta in Sparwinkel







maandag 11 januari 2016

4 en 0


kleurje mei Jelske...
4 jier ...
krekt nei de basisskoalle
en it kleurjen wurdt al hiel fersoarge dien

Roan.. 
0 jier
wol 11 moanne hast
in libben is ien grutte ontdekkingsreis
en in wille dat er latyd hat

zondag 10 januari 2016

Stil

Ik wie hjoed bij in optreden fan Di Gojim,
in klezmer band dy't swingt as in tyt,
oansteklike toetermuzyk
dy't raast tsjin de fuotten: 
beweech.....beweech...dûnsje....dûnsje.....

der waard net beweechd,
dizze middei,
inkel de hannen gyngen efkes opelkoar,
at in nûmer dien wie:
hantsjeklappe

Myn oandacht foel betiden wat fuort
en ik tocht, ja ik tocht .....

Stel no ris dat sa'n klezmerband 
op in freedtejûn yn Poadium Asteriks spilet,
dat soe samar kinne,......

dan springt en dûnset de helt fan de helt 
dan stiet de helt fan de helt te harkjen en is stil


mar ek.....


dan stiet de helt fan de helt mei de hân en de tillefoan omheech
en stiet de helt fan de helt te praten oer auto's, oer wurk of fuotbal....

Hjoed wie dat net sa,
yn Boalsert.
der wie gjin gedûns (sels Geartsje doarde it net oan)
der wie gjin gepraat
der wie gjin tillefoan yn de loft

der wie allinne mar stilte
ien en al ear foar de muzyk
en der oandacht en wurdearring

Ik doarde it net iens oan
om in foto te meitsjen foar dizze blog....

Wat in ferskil..
wat in stoel al net dwaan kin...


zaterdag 9 januari 2016

Koeke



Wij kinne se allegear wol.
dy stimulearjende koeke,
of is it gewoan  koeke 
mei in stimulearjende tekst.....

In Snelle Jelle mei yn de fytstas,
jout efkes de illúsje dat ik ek fluch bin
en in Vlugge Japie , dy moat it selde gefoel jaan,
tink ik......
want dêrom wurde se sa neamd

En at se op binne
en myn  fytsen sit er ek op.
en ik thús bin e
n dochs sin oan wat ha......

....dan leit er klear:
de koeke fan Bolletje

mei al wer in goeie tekst



vrijdag 8 januari 2016

Oer de flier


Wij hiene hjoed wer in alderaardichst fleurich jonkje 
oer de flier (figuerlik) en op de flier (letterlik)


donderdag 7 januari 2016

Fytst yn 2015



2015 wie wer in goed fytsjier
10.470 kilometer totaal,
ferdield oer 12 moannen sjocht it der sa út:
de simmer fytsfakânsje soarget foar de pyk...




De ôfrûne 22 jier 211.734 kilometer fytst.....
twahûndertalvetûzensânhûndertfjouwerentritich dus

zondag 3 januari 2016

Lêzen yn 2015



In boek per wike wie it doel yn 2015
dat is slagge,
mar ik hie der wol twa koarte E-boekjes foar nedich
oan de ein fan it jier
om it te heljen

In list dy't mij  moaie oeren besoarge ha.
Lestich te sizzen wat no it moaiste boek wie,
mar toch mar in top trije;
Nr 18, 31 en 25 dan mar...
Nee, trije is te min,  nr 39 heart er ek noch bij

Hjir boppe in kaartsje wêr de boeken spilen
en ûnderoan is it útsplitst

1 Indridason, Arnaldur Doodskap
2 Simsion, Graeme Het Rosieproject
3 Brown, Clare Meegenomen
4 Baldacci, David De ontsnapping
5 Calbraith Robert Koekoeksjong
6 Patterson, James Het dertiende ongeluk
7 Kreukniet, Esther Carte Blanche
8 Vallgren, Carl Johan De man in de schaduw
9 Mark, David De mazen van het net
10 Koryta, Michael Het stille uur
11 Jungstedt Mari Dubbele stilte
12 Lackberg Camilla Predikant
13 Eriksson & Sundquist Het hongervuur
14 Indridason, Arnaldur Schemerspel
15 Rendell, Ruth De grafkelder
16 Connelly, Michael De zwarte doos
17 Stroud, Carsten De vermissing
18 Dicker, Joel De waarheid over de zaak Harry Quebert
19 Francis, Dick Moordbaan
20 Lubach, Arjen IV
21 Seierstad, Asne Een
22 Alsterdal, Tove Vrouwen op het strand
23 Cornwell, Patricia Rood Waas
24 Roslund&Hellstrom Made in Sweden
25 Eriksson Kjell De man uit de bergen
26 Nesbo, Jo De zoon
27 Dankbaar, Wim Het Vaatstra Complot
28 Connelly, Michael De interne jury
29 Riessen, joop van De bonusmaffia
30 Child, Lee Persoonlijk
31 Riemersma, T. De fûgel
32 Olczak, Martin De academie moorden
33 Slikker, Margreet Hemelsblauw
34 Westerman, Frank De moord op de boekenverkoopster eb
35 Idzinga, Wietse Een klein kutsteentje eb
36 Hut, Arjen Goeie
37 Kepler. Lars Slaap 
38 Roslund&Hellstrom Twee soldaten
39 Williams, John Stoner
40 Uitzinger, Marjolein Een fatale primeur
41 McDermid, Val De vrouw die niet opgaf
42 Valk, Leendert vd Duivelsmuziek
43 Zijlstra, Rob Zittingszaal 14
44 Zijlstra, Rob Bevroren grasland
45 Baldacci, David De schuldigen
46 Heijden, A.E.Th. Tonio
47 Diverse Nederland leest
48 Karstkarel, Peter Mijn lieve moeder
49 Waal, Simon de Bureau Raampoort
50 Eriksson, Kjell Open graf
51 Boomen, Tijs van der Doodstil naar Boerengat eb
52 Hulst, Auke De man uit het dorp eb

De boeken dy't yn Amearika spilen binne aardich ferdield
oer Noard Amearika

It oersicht fan Europa

Op Londen lei de klam wat de boeken oangiet

it oersicht fan boeken dy't yn Nederlân spilen

Stockholm moat in ynspirearjende stêd wêze foar boeken
dy't mij oansprekke