zondag 29 augustus 2010

Undersyk

Soe it sa wêze dat der de lêste jierren wat te folle minsken op skiednis ôf studeare? Soe it sa wêze dat de ûnderwerpen fan in skripsje hast op binne?
Ik tink it hast wol. Ik wurd net goed fan al dy ûnsinnige ûndersiken dy't dien wurde. No wurdt der wer oankundige dat ien of oare Tsaar opgroeven wurdt om te sjen at se noch ûntdekke kinne wêr't er oan dea gien is. Wie it no de pest of wie it al kanker?
No sa wit ik ek noch wol wat te betinken. Miskien dat de ûndersteande minsken opgroeven wurde kinne, sadat ik in ferantwurde antwurd krij op myn fragen.
Fan Jan Jarings Nooitgedacht, de man fan de redensfabryk yn Drylts en dy't ferstoar yn 1920, hie dy echt slappe inkels?
Grutte Pier, wie dy no wol of net homo?
Eise Jeltes Eisinga, hie dy lêst fan staar?
Casper Di Robles, wie dat in siameeske twilling?
It froutsje fan Stavoren wie dat wol in froutsje?

vrijdag 27 augustus 2010

Hynstetemmers

Fryslân is net bekend genôch yn Nederlân. Alteast, dat hat ien of oar djoer ûndersyk útwezen. En dus moat der aksje komme. "Fan Fryslân" is it biedwurd. Dy twa wurden moatte der foar soargje dat oer in oantal jierren in nij ûndersyk útwize sil dat it bekendheidspersintaazje mei 10 prosint stegen is en dat de profinsje tefreden werom sjen kin nei de start yn 2010.
Namme bekendheid dat waait je oan neffens mij. At je ien kear de namme hawwe om wat fan reden dan ek, dan kinne je moai lang foarút. Sjoch nei Volendam. Dizze simmer "fytste" ik der trochhinne, mar moast de hiele Dyk rinne omdat hûnderten, miskien wol tûzend toeristen harren fernuveren oer soevenierwinkels en fisksaken. Se wiene kommen foar de boaten en de kleandracht mar dat wie 60 jier ferlyn. Hielendal neat is dêr te sjen, mar Volendam hat wol de namme. De brân fan 2001 hat efkes foar in impuls soarge mar dat hie om harren net hoechd.
Frylân hat him ek aardich op de kaart sette dit jier. Ik tink dat dit net meinommen is yn it earder neamde djoere ûndersyk.
"Man leit 4 jier dea yn keamer". Yn Minnertsgea! In doarp yn Fryslân.
"Frou makket 4 poppen dea en bewarret se yn in koffer". Yn Nijbeets! In doarp yn Fryslân.
Nee, dan de gemeente Achtkarspelen. Dy meitsje belied en wolle in begjin meitsje om Fryslân te ûnderskieden fan de rest fan Nederlân. "Paardenstront mag niet meer op weg". It klinkt mij as muzyk yn de earen. Dat fertsjinnet in ferfolch.
It is dochs te gek foar wurden dat in hûnekeuteltsje fan in poedel net op de dyk mei en in 3 kilo stront fan in merje wol? Hynstetemmers dêryn yn de easthoeke fan Fryslân en dat fertsjinnet in ferfolch.

dinsdag 24 augustus 2010

Lee Child

Miskien haw ik wolris earder oanjûn yn in stikje, mar ik moat wer wat kwyt oer it skriuwen. En dan foaral oer it skriuwen fan in boek.
Myn dream of begjint it myn obsesje te wurden. Wat soe ik it graach wolle. It idee is der en ik haw der ek wol betrouen dat it mij slagje sil om in aardich lêsber boek te skriuwen, mar it ûntbrekt mij oan moed en geduld. Geduld om earst goed foarwurk te dwaan, om ûndersyk te dwaan en om gestach earne oan te wurkjen. Ik kin der net sa goed oer dat de dingen net ôf binne. Begjinne en ôfmeitsje dêr moat bij mij net te folle tiid tusken sitte. Mei stikje skriuwen slagget dat bij in boek skriuwe net.
De ôfrûne wike haw de Sluipschutter van Lee Child lêzen. Wat ik it aardige oan de haadpersoan fyn (Jack Reacher) is dat hij oplossingen siket troch logysk te redeneren en te analysearen. Him ferpleatse yn syn tsjinstanner en fandêr in strategy betinke.
En dat docht hij yn in foarm dy't in lêzer hieltyd wer ferrast. Ek al giet it oer yngewikkelde politike tema's, wat mij net it measte boeit, Lee Child bliuwt mij boeien. In machtich boek.
At ik in boek út ha, sjoch ik meast efkes op Crimezone, om te sjen wat in oar der fan fynt. Net omdat it mij wat útmakket, mar gewoan.
En wêrom ik Salty Dog fan Procol Harum hjir ûnder set is mij ek in riedsel.

zaterdag 21 augustus 2010

Lowlands

Dit wykein is Lowlands. Teater en in foaral muzyk. "Krekt wat foare dij" sizze se dan. Oh ja? At ik it programma sjoch en dan bedoel ik de muzyk, dan soe ik der sa wol hinne wolle. At it moat op de fyts. Der is allinne ien beswier. Ik wit net krekt hoefolle minsken dêr binne, mar at it 30.000 binne, dan binne dat der 28.000 te folle. Foar mij alteast. It liket mij hielendal neat om diel út te meitsjen fan sa'n massa. Oeral foar yn de rige stean. Om muzyk te sjen en te hearen, om munten te heljen, om in broadsje sûn en in broadsje frikandel te keapjen en om te pisjen en te poepen.
Ik soe ek gek wurde fan it plannen. Ik soe net folle misse wolle en soe foaral dwaande wêze om in strakke planning te meitsjen om foaral neat te missen. En ik bin der wis fan dat ik de planning net helje soe. Sosjale kontakten ûnderhâlde binne dêr faak debet oan.
Nee, Lowlands ik sjoch it op tv, ik folch it fia Twitter en ik sykje wat filmkes op You Tube. Sa as de tip dy't ik krige oer Against me. Trede sneintemiddei om 17.30 op.
Ek Mumford & Sons binne dit wykein op Lowlands mar dêr gean ik op 26 septimber al hinne. Yn in útferkochte HMH yn A'dam. Dat kin noch krekt wat it oantal minsken oangiet.

donderdag 19 augustus 2010

Link nei Llink

It is hast dien mei Llink. In feriening dy't mar koarte tiid yn it omropbestel wie. Ik sjoch net folle tv en kin mij ek net echt herinnerje dat ik ea nei Llink sjoen ha. It kin best mar dan net bewust.
Mei harren doelstellingen is lykwols neat mis.

De vereniging stelt zich ten doel een omroep te zijn die zich inzet voor:
a. rechtvaardige mondiale welvaartsverhoudingen,
b. een betere verhouding tussen economie en ecologie,
c. een duurzaam gebruik van de natuurlijke leefomgeving,
d. respect voor de rechten van mens en dier.
Tevens wil zij het praktisch idealisme uitdragen en stimuleren.


Hoewol ik punt d feroarje wol yn "respekt foar de rjochten fan minsk en bist mei útsûndering fan de hûn en de wesp, doch ik myn bêst om fan dy 4 punten wat te meitsjen.

Woansdeitejûn 18 augustus wie de lêste útstjoering en omdat Llink it net iens is mei it feit dat se ferdwine moatte fan de t.v., hiene se in soarte mei protest top 100 makke.
Dat klinkt net raar en mei de top 100 is ek net folle mis, mar ik hie gau myn nocht fan dy surrogaat artisten dy't protestlieten fan the Stones, Dylan of Johnny Cash songen.
Ik wie dan ek bliid dat de 100 protestlieten mei filmkes te finen binne op harren side. En no ek op dy fan mij. Sjoch hjir.
It is gjin dwaan om in goed, bêst of noch better nûmer oan te wizen. Ik gean se allegear harkjen en sil sjen at ik se op in DVD krije kin. Dan haw ik gjin tv mear nedich.
En om dit stikje dochs ôf te sluten mei in protest liet kom ik út bij Armand. Hij is allinne mar protestsjonger en oars neat. Hij spilet mûlharp en dat is de klank fan protest.

woensdag 18 augustus 2010

Hulde oan de gemeente

It wie mids maaie, doe't ik myn argewaasje útspruts oer it oerstallige boerd wat midden yn it lân stie efter Kûbaard. Sjoch hjir.
It boerd brocht mij orientaasje en dat wol ik dêr net.
Hoe't it kin, wa't it dien hat, wit ik net, mar it boerd is al in moai skoft fuorthelle. Ik kin jim sizze dat ik it net dien ha. Mar moai is it wol. Ik tankje de gemeente Littenseradiel foar dit flugge hanneljen.
Of is dit in earste oanset om de grinzen dochs mar te ferfagen en in begjin om mei Frjenteradiel en Harns ferkearing te sykjen?
Bah, wat bin ik wer erchtinkend. Se hawwe it gewoan foar mij dien.

maandag 16 augustus 2010

Drinten

Wat in gelok dat ik yn Fryslân wenje. Je sille mar in Drint wêze en seis wiken fakânsje ha en dy trochbringe wolle yn eigen profinsje. Neffens mij wolle je wer graach oan it wurk nei in wike as wat. Want fansels hawwe dy Drinten al in pear kear yn de bistetún west yn Emmen, se hawwe Orvelte al sa faak troch kuiere en de hunnebedden kinne se allegear bij namme. Deade dingen allegear (op de bistetún nei) en dy ferfele gau. Nee, ik haw begrutsjen mei de Drint.
Dan hawwe wij it hjir yn Fryslân al better oanpakt. Nee, net wij fan no, mar wij fan earder. Us foarâlden. Dy eardere Friezen dat moat in sportyf folkje west ha.
Fan alles wat hjir wie, wisten se in sport te meitsjen.
Se seagen it wetter, de marren en de boaten. Se betochten it skûtsjesilen.
Se seagen de sleatten en in stok. Se betochten it fierljeppen.
Se seagen de kij en de sturt en se seagen in stik lân. Se betochten it keatsen.
En at ik oerdriuw kin ik ek noch sizze dat se fûgels seagen, oan aaien tochten en se betochten it aaisykjen. En ik bin der hast wol wis fan dat Stoffel Bouma ek betinke kin hoe't it Frysk damjen hjir ûntstien is en net yn Drinte.
En sa sleep ik mij, sûnder folle muoite, de simmer troch. Fan it fierljeppen nei it skûtsjesilen en ek noch altiten nei it keatsen.
En at ik dêr bij it silen sit en oer de mar stoarje, dan tink ik oan de Drinten dy't harren kâns slûpe litten ha. Sij seagen troch it bosk de beammen net mear, want oars hiene se wol beamkeslingerje of beamkeferwikselje as sport betocht. Sij seagen harren hunnebedden wol, mar it kaam net yn harren op om dêr in sport bij te betinken. Se hiene de brûne beannen fan Bartje mar kamen net fierder as in stânbyld.
Nee, dy Drinten hawwe it hielendal sitte litten en sij binne simmers foaral dwaande om de grize golf it goeie paad te wizen op de fytspaden. Dy grize golf dy't bij alle paddestuollen stean bliuwt om te sjen at se echt net ferdwale.
Is der dan neat goed oan Drinte. Ja wis wol. De blues. Want "bluese" dat kinne se dêr goed.

vrijdag 13 augustus 2010

Freonen op de fyts

It is alle kearen wer in belibbenis. Fytse troch Nederlân en sliepe bij freonen op de fyts. Foaral dat lêste. Sliepe bij freonen op de fyts. Net dat it echte freonen binne en freonen wurde sille.
De stifting hjit no ien kear "Vrienden op de fiets". Foar in gaadlik priiske kinne fytsers en rinners in sliepplak en moarnsbrôchje krije op sa'n 3500 adressen yn Nederlân.
It binne oer it generaal alderaardichste minsken. En dy minsken hawwe allegear harren eigen reden om as gastgesin foar ien nacht (soms mear) op te treden.
Sa binne dêr de minsken dy't sels ek graach fytse, in grut hûs en in grut hert hawwe. Sij fine it moai om erfarings út te wikseljen. Sa binne dêr de allinne steande froulju; widdo wurden of skieden. It hús te grut, ferlet fan oanspraak en oandacht en in hûn is ek net alles.
Der binne ek guon dy't keamers oer ha, it hast net oan tiid ha mar it wol leuk fine om minsken te moetsjen en je dêrom alle fertrouen yn dy freonen ha troch sels de kaai fan it hûs te jaan at se sels al wer oan it wurk binne en de sliepers noch útsliepe. Se hiene noch krekt tiid fûn om in geweldich stikje iten klear te setten.
En der is in kategory dy't it om it jild docht. De man op de pleats of de tûnkerij, de frou docht de ôfdieling freonen op de fyts. Mei kuolle saaklikheid, "strakke rigels" en ôfmjitten moarnsiten: foar beide ien beskút, foar beide ien stikje tsiis, foar beide ien krinteboltsje en foar beide ien stikje ham. Mar al dy ferskillende kategoryen meitsje it in feest om bij freonen op de fyts te sliepen.
Wij geane hast op nei ús 50ste adres tink ik.

dinsdag 10 augustus 2010

Freule

Wêr bliuwt de tiid? Dat freegje ik mij ôf at ik oan de Freulepartij tink dy’t dizze wike holden wurdt. Want die ik yn 1970 net mei oan dy Freule . Foar Wommels fansels. Mei Jelle de Boer en Pieter Sieswerda. Gjin priis. Derôf tsjin Grou dy’t letter twadde waarden. Spannende dagen wierskynlik, hoewol ik mij dat net echt herinnerje kin. Ik stie foaryn en sûnder nap koe ik amper boppe. In middelmatige keatser mar goed genôch om mei te dwaan.
Sels yn 1971 mocht ik noch in kear meidwaan. Mei Hessel Hovinga en Tsjipke Joustra. In iets better partoer mar yn de tredde omloap derôf tsjin Ljouwert. Amsterdam ferslein dat kin net elkenien sizze want dy keatse hast nea mei op de Freule.
Dit jier slaan ik in Freulepartij oer. Wol dit jier de Suderseeroute noch in kear fytse. En dat kin it beste dizze wike. It is net oars.
Letter witte je pas at je it mist ha. Ik tink it net. Der giet hast neat boppe in moaie fytstocht troch it lân en sliepe bij “vrienden op de fiets”.

maandag 9 augustus 2010

Auto's



Yn 8 oeren riden wij mei de auto fan Wommels nei Basel yn Switserlân. De soan riidt (ik bin net sa rider) en ik sjoch om mij hinne. Wij fleane (neffens de soan riden wij reedlik oan) oer ferskillende A diken. It langste oer de A67 dy’t ús djip yn Dútslân bringt. De soan let op de dyk en ik let op oare dingen. Sûnder dat ik it fan doel wie foel myn each foaral op auto’s mei auto’s. Bij de measte frachtauto’s sjogge net wat der yn sit, omdat se in tichte laadbak ha, mar bij auto’s is dat oars. Ik ha mij ferbaasd oer it oantal auto’s dat oer de dyk fan it iene nei ito are plak ferfierd wurde. Yn dy 8 oeren binne wij fêst fol 70 frachtauto’s foarbij gien, folladen mei auto’s. En wij binne fêst wol 100 auto’s tsjinkaam, folladen mei auto’s. Auto’s fol Mini’s wurde Dútslân ynsleept en auto’s fol Opels geane it selde paad mar dan de oare kant út. Wat in gesleep, wat in gesleep.
Fanút Basel binne wij werom fytst. 13 dagen hawwe wij gemiddeld sa’n 6 oeren op de fyts sitten (lein bedoel ik) en dy 78 oeren sochten wij de rêst fan de Rijn op. In hast hielendal autofrije route. Hoewol wat is autofrij. Wij wiene noch mar krekt bûten Basel of wij kamen de earste boat al tsjin mei hûnderten auto’s as lading. En it duorre net lang of wij hellen de earste boat mei hûnderten auto’s al yn. Kinne je neigean hoe langsum dat ek mei de stream ôf giet. Ek op it wetter wurdt der hiel wat auto’s fersleept.
Ticht bij it wetter rint ornaris ek it spoar. Dat wie no ek sa. En yn Dútslân wurdt in soad guod ferpleatst mei guodtreinen. En it sil jim gjin nij dwaan dat op de treinen fan noard nei súd mar ek fan súd nei noard foaral ek auto’s ferfierd waarden. It is mij wol dúdlik. Nije auto’s hawwe al in moaie reis hân mei de auto, de boat of de trein.

zondag 8 augustus 2010

Leugens

Grutte skrik yn Nederlân. Saken dy't allinne yn it bûtenlân barre, komme no ek hjir foar. En Fryslân krijt dêrbij flink op syn bealch.
Broer X dy't 4 jier lang dea op syn keamer leit, Sint Anne wêr't in oanslach plakfynt en no Nijbeets wêr't 4 deade poppen fûn binne. Yn 4 ferskillende koffers! Hoe betinke je it sa. Wat fan betsjutting hat dy koffer? Wêrom net begroeven sa dat it út it sicht is? Hoe kin it dat de omjouwing krekt as yn Minnertsgea dochs net skerp genôch is om sokke rare saken op te merken. Werom docht in skynberb normaal famke fan 25 dat? Wat is de rol fan de âlders? Hoe sit it mei de spermajouwer?
Psychologen en psychiaters hawwe ek smoardrok om op te draven yn alle praatprogramma's dy't der mar binne op radio en tv. Sij dogge allegear ferûnderstellingen mar witte it ek net. Sij sitte ek mei fragen en sij sadelje ús op mei noch mear fragen.
Omrop Fryslân wit ek net goed om te gean mei sokke saken. Tusken 2 en 4, yn ôfwachting fan de parsekonferinsje litte se buorlju en doarpsgenoaten oan it wurd, mar dy witte it ek net en krije de gelegenheid om allegear ferûnderstellingen de wrâld yn te slingeren. Ik haw leaver allinne feiten yn byld en ik hie it net slim fûn dat de omrop oant 4 oere wachte hie mei it wurklike nijs.

vrijdag 6 augustus 2010

20 boeken mei

De byblioteek makke op dit stuit reklame om een super abonnemint te nimmen. "20 boeken mei op fakansje" is dêrbij de oandachtslûker.
20 boeken mei op fakansje?
Dat wurdt in hiel gesleep. 20 boeken mei gemiddeld sa'n 350 bledsiden makke 7000 bledsiden. Dan moat je wol in hiele lange fakansje ha. Of binne der minsken dy't trije wiken lang oars net dogge as lêze? It liket mij dat je dan krekt sa goed thús bliuwe kin. In lekkere stoel yn de tûn en lêze mar.

Al jierren nim ik mar ien boek mei op fytsfakansje. "Voordeliger per dozijn" in hylarsk boek oer in grut gesin wêrbij alles draait om alles sa effisjent en ekonomysk mooglik te dwaan yn de húshâlding. Alle hannelingen wurde analyseard en besprutsen en alles giet dêrnei flugger.
Hoewol de test mei it skearen mei twa meskes tagelyk gjin resultaat oplevere: "Ik kan er 24 seconden met uitsparen, maar ik heb vanmorgen twee minuten verkwist met de pleisters, die ik op mijn keel moest plakken."
Dit boekje fan Frank en Ernestine Gilbreth is net allinne grappich mar it hat ek ta gefolch dat ik begjin te tinken lyk as harren at ik wat dwaan moat.
It hat in bytsje fan "nea mei lege hannen rinne" mar dan 20 kear slimmer.

donderdag 5 augustus 2010

In grutte griemerij

De PC fan 2010 sil ik mij heuge kinne oan it wurd "griemerij". In grutte griemerij sels. It keatsen en dan mei namme it opslaan wie ien grutte griemerij. Ut, út, foar, foar, kwea, út, út en nochris út. Fansels kaam dat foar in part fan it fjild, want dat lei der nei wat buien bij as in modderpôle. Mar it is net allinne it fjild. Der binne ek te folle keatsers dy't sa ûnwis binne as de DSB bank.
It fjild wat opkreasje nei in bui dat wie ek in grutte griemerij. Der stiene wierskynlik in pear Ammerkes mei sân klear. De organisaasje koe dochs ek net witte dat it sa reine soe, ûndanks dat Piet P it wol foarspeld hie. Mar wa nimt dy man noch serieus. De PC sa't it liket net. Want trije ammerkes san levert net echt gjin resultaat op.
Wêr't foarhinne seachsel in oplossing wie foar wiete plakken, skynt dat net mear te kinnen of te meien.
"wij gean op syk nei prikkers" sei de organisaasjes nei mear as in oere omgrieme en oerlizze.
Foar it publyk bij ferskriklik wiete plakken gjin pellets om oer te rinnen. Sij mochten harren troch de drek grieme.
Moai dat it terras fan de Bogt ferhurde is en dat it wat heger leit. Neist in sitplak yn de tribune ek in bêst plak.
En it hintsje fan Krijn? Ja, dat is ek altiten in grutte griemerij, mar wol lekker.

maandag 2 augustus 2010

PC

Ik wit net wat mij besield. Woansdei nei de PC.
Werom giet dit mins miskien wol 40 jier de 5de woansdei fan july nei Frjentsjer. Dochs net om it komfortabele sitplak. Want binne je in bytsje op lingte, dan sitte je je in breuk sa'n dei. Te krappe kontromte en te min romte foar de knibbels. Je geane dochs net om it keatsen nei de PC. Want dat is der alle wykeinen op meardere plakken. Ik gean der net hinne omdat ik hopp ha dat myn favoriten winne. Nee, ik sjoch de 7 favoriten allegear net yn de prizen fallen.
Ik gean der seker net hinne omdat ik it keatsen geweldich fyn. Nee, ik haw dit jier sa'n kear as 8 bij it earste of haadklasse keatsen west en haw it nea langer útholden dan twa en heale oere.
Mar wêrom sil ik mij, sjoen de waarsberjochten, dochs ferreine litte op dizze lange dei. Werom wol ik dit dochs net misse.
Ik wit it net.