donderdag 30 juli 2020

Keatse en jild

Keatse mei wer.
Te grut is ûngemaklik
dus wurdt de PC lestich.

Myn ferbjustering is grut,
at ik de agenda sjoch
dat keatse op plakken mei histoarje,
mei in protte taskôgers
 net troch gean:
Arum, Wytmarsum en Minnertsgea
hawwe hjir gjin sin oan.

At er neat te fertsjinjen is
mei de merke derbij
dan jouwe se net thús.

Alle jierren der grou jild oan fertsjinje
en at it dan om it keatsen sels giet, heakje se ôf

De Hommerts en Jutryp pakten it op dit wykein,
Reduzum en Easterlittens komme letter oan bar.
Sij tinke oan it belang fan it keatsen
en net allinne oan jild.

Giel foar Arum, Wytmarsum en Minnertsgea
de loftrompet foar de Hommerts

Fierljeppe



Sa seach it der justerjûn út yn Winsum:
in earste klas fierljepwedstriid
mei Ysbrand Galama yn de haadrol.
As earste springer yn de topklasse
yn syn earste sprong kaam hij yn it sânbêd del
op 21 meter 53......
mar 15 sentimeter minder as it Frysk rekôr.

Dy earste sprong krige in ferfolch
mei syn twadde poging;
hij kaam del op 21 meter presys.

Dêrmei sette hij de wedstriid nei syn hân
en koene wij foaral "genietsje" fan wietsprongen
yn de finale.
Alle risiko's waarden nommen 
en it slagge net ien
om yn de buert te kommen fan de 20 meter

Gjin echte spanning dus.

Mei myn oare each seach de froulju 
op de lytse skâns.
Marrit van der Wal kaam ta 16.45 en 15.90
en dat like op fierljeppen.
De oare froulju hiene in soad muoite
om de feart rjocht oer te kommen.
It wie betiden gjin gesicht....


woensdag 29 juli 2020

De rode loper


Dit boek is geweldich.
Wat in prachtich ferhaal.
Tragysk.
Om te glimkjen
Orisjineel
Iensumheid
Narsisme
Rock & Roll

maandag 27 juli 2020

De riem




Dizze riem,
krekt foar de fakânsje
"elste"ik der in gatsje bij.
Net omdat de broek te stiif siet,
mar just oan de oare kant.

Nei 14 dagen Denemarken
kin ik wol wer oan de slach.
Noch mar in gatsje der bij......

......wer oan de goeie kant

Trije kilo ôffallen yn twa wiken tiid;
nea wie ik sa licht
en dat allegear troch fytse
mei bagaazje 
op "rolling of hilly terrain"
sa't it ek yn it route boekje stiet

Gemiddeld sa'n 68 kilometer per dei
sa'n 391 hichtemeters per dei
en maksimaal op 120 meter hichte

It hat ús skoan foldien.













dinsdag 14 juli 2020

Underweis



At alles goed gien is
dan binne wij ûnderweis op fakânsje.
Wij fytse dizze route.
820 kilometer oer 12 eilannen
mei 5 boatoerstekken

donderdag 9 juli 2020

Hûnestrontpaad



Om en yn Wommels hinne stiet er.
Ik bin benijd at it paad nei Iens der ek ûnderfalt.
Wat er op de earste 200 meter fanôf de Warntille leit
is net te beskriuwen.
Fytsen en rinnend moatte je yn in slalom
om al dy hûnebultsjes te omsilen.

It is skandalich (en dan druk mei súntsje ús)
dat immen dêr ien of mear kear per dei
syn/har hûn útlit en dy skite lit op it paad
en dat gewoan lizze lit......

Tiisdei koe ik wol mear as 20 plakken oanwize
wêr't wat lein hat.
Troch it reinwetter fan juster en hjoed
sil it der iets better útsjen,
mar nei in oantal droege wiken
dy't er oan komme
is it fêst wer ien grut strontpaad.

Of de hûnebesitter moat op fakânsje gean
of it ljocht sjen.

Dat in hûntetoilet hjir helpe sil,
ik frees it net 







dinsdag 7 juli 2020

Beste keap



Yn it AD is in rubryk
wêryn minsken oanjaan moatte
wat harren beste keap is.
De antwurden rinne aardich útien.
 
At se ús dy fraach stelle soene,
dan soe it antwurd wêze:
ús bernestoel.
In mobyl eksimplaar dat je oan de tafel hingje
en sa ek wer opromje kinne.

De stoel skynt ek noch lekker te sitten,
want alle 5 de pake- beppesizzers
sieten/sitte der mei nocht yn.

Wij kochten de stoel yn Blauhûs








zondag 5 juli 2020

Sûn?



Allecijfers is in nijsgjirrige wepside.
Oer alle doarpen wurde sifers yn byld brocht
oer wenjen, wurkjen, ynkommen en de ynwenners 
fan in bepaald doarp of bepaalde stêd.

De sifers binne no bijwurke oant 2019
en dit diel fan de sifers foel mij op.
It giet oer Wommels

Dat er mar 47% sporter is falt mij wat tsjin
dat er 84 % drinkt ferbaasd mij ek wol wat
dat er 44 % oergewicht hat, ferbjustert mij
dat er noch 19 % smookt is stom
en dat 14 % mantelsoarger is, is moai
mar kin ik net op wearde ynskatte

Alle nijsgjirrige dingen binne hjir te finen

donderdag 2 juli 2020

Bunder

Hawwe jim dat no ek?.
Fytse en lâns lân fytse,
wêrfan je net witte wat se dêr ferbouwe.

Gers en mais dat herken ik wol.
Tulpen en gladiolen kin ik ek útelkoar,
jirpelplanten dat sjoch ik ek
en sipels dy rûk fan grutte ôfstân

Mar dan fytse wij earne
en freegje wij ús ôf wat soe dit wêze?

Us kennis is net sa grut.

Ik krige in moaie tip. (dankjewol Anne-Marije)
Boerenbunder is in webside
wêr't je alle stikjes lân oanklikke kinne
om te sjen wat er ferboud wurdt

Sa as dit stikje lân tusken Surch en Harns.
Dit jier sjalotten, lykas ferline jier
en yn 2018 biten.

Tige nijsgjirrich......







woensdag 1 juli 2020

Koroanaputsje

Fyts skjinmeitsje 
is net ferfelend wurk.
Is somtiden nedich,
want ik hâld net fan in smoarge fyts.

De fyts poetse is wat oars.
Alle hoekjes bijlâns is in hiele klus
en freget ek wat mear geduld

De koroana, 
it droege waar
tiid
nocht
dat wiene de arguminten
om alle fytsen in kear goed oan te pakken.
Myn eigen fjouwer (?)
twa fan Jellie 
en sels de twinny is poetst

In projekje fan in pear wiken