donderdag 29 november 2012

Feilich fytse

Feilichheid foar fytsers je soene tinke en wolle dat it foarop stiet bij oerheden.
Je soene tinke dat feilichheid net bûn is oan grinzen.
Net oan provinsjegrinzen en seker net oan gemeentegrinzen.
Je soene it tinke......
De praktyk is oars.
At ik fanút Wommels nei Snits fyts kin ik foar de "feilige" binnenpaad route fytse fia Reahûs en Turns.
At je de gledde feeroasters, de drek paden en it altyd mei grutte plazzen oerstreamde betonpaad krekt foarbij Reahûs foar leaf nimme wolle.
Dat wol ik meast wol, mar no't se Reahûs op de kop hawwe en it dêr ien grutte drekboel is en seker net geskikt is foar lisfytsen, kies ik wolris foar de auto route nei Snits (fia de Kliuw).
Fanút Easterein kom ik op in moaie autofytsdyk.
It bliuwt altyd gefaarlik yn it tsjuster omdat je hope dat autosjoffeurs je sjogge; mar mei de reade fytsstroken en de goeie wite linen dy't dêrbij heare , jout it je as fytser dochs wol in reedlik in feilich gefoel.
Hoe oars wurdt at ik de Kliuw foarbij bin en de gemeente Súdwest Fryslân binnenfyts.
Ynienen hâldt it op.
Gjin reade fytsstrook mear oan beide siden mar in hiele suterige wite line yn it midden.
Gelyk krij ik dat ûnfeilige gefoel.
Ik wol hurder om sa gau mooglik wer in feilich fytspaad bij Tsjalhuzum te berikken.
Mar hurder giet net. It giet langsumer want it grize fan de dyk en it grize fan de berm liket wol hiel bot op elkoar. Ik fyts mear nei de midden en besykje de wite strepen te folgen.

It soe moai wêze dat in feilige dyk foar fytsers net ophold bij in gemeentegrins.
Of is der hope nei 2016 at de Gemeente Súdwest Fryslân bij in stik fan Littenseradiel komt.
Dan moat in feilige fytsdyk der wol ynsitte. Ek yn Sudwest Fryslân.


woensdag 28 november 2012

Begrutsjen

Ik haw sa'n begrutsjen mei dy Kickbokser wêr't ik de namme efkes fan kwyt bin. Komt ik dat ik altiten wat muoite ha mei Marokaanskes nammen. Al dy bijlûden efterelkoar oan meitsje de útspraak net makliker en dêrtroch myn ûnthâld ek net.
Ik neam him dus mar Man Estelle. Want dat wol hij graach wurde. Hij wol ek fan ûnbesprutsen gedrach wurde.
Dat sei hij doe't hij efkes frij kaam.
In grutte blunder fan de rjochtbank.
Net mei tsjûgen prate en net yn de horeka komme.
Dat is it selde as de paus ferbiede in krús te slaan en Matthijs van Nieuwkerke ferbiede oimmen net yn de rede te fallen.
Dat bestiet dus net.
Sa moat man Estelle wer yn 't gefang.
Liket mij logyske at je immen ynelkoar ramme.
Gjin begrutsjen.
Syn sit efter de tralies duorret oant 2013 ta.
Dat is net leuk (foar him).
Kryst fiere yn it gefang.
Dat hat Hazes ek al ris dien tink ik.
Oars kinne je dêr net sa moai oer sjonge.
Foar Man Estelle dus in joetjoepke fan Hazes, oanbean troch mij,


En fan @tsjeard mei hij harkje en sjen nei the Beastie Boys Fight for your right


Ek oanbean troch @Tsjeard  Neat it fan Michael Jackson



En omdat der ek dit jier fansels wer twa krystdagen binne kin My own prison fan Creed der ek noch wol bij.


@Jortvan Zutphen fynt Prodigy foar him wol stoer muzyk en dan spesjaal it nûmer Smack bij Bitch


En nei al dat geweld is der tiid foar rêst. Mei John Prine slagget dat wol.








maandag 26 november 2012

Muzyk agenda oanpast

Rjochts op myn blog stiet myn muzykagenda.
Dy pas ik regelmjittich oan.
Want moaie konserten binne der altyd.
Je moatte der allinne efkes tiid foar meitsje.
En dat doch ik graach.
De bluesjûn mei de Blues Busters yn Noflik Easterein hat wer west.
Sneontemiddei om goed 4 oere oant healwei njoggen oer ta.
It wie wer in feest.
It swingde de pan út ek, mei troch in gast mûlharpspiler.

Nij yn de agenda iets hiel bijsûnders.
Op de ferlanglist fan soan Tsjeard en mij stiene de Dropkick Murphys.
Wêr kinne je dizze Amerikaanske punkband dy't safolle hat mei Ierske folk better sjen as yn Ierlân.
Yn Dublin dus op 12 jannewaris 2013.
Twa nachten Dublin mei in konsert fan the Dropkick Murphys.

In lekker drok nûmer
 
In hearlike ballad

zondag 25 november 2012

Drave

Hurddrave is troch de jierren hinne aardich populêr wurden.
It oantal ringroepkes is flink groeid en sa komt it ek dat je oeral minsken draven sjogge.
De technyske ûntwikkelingen hat dêr yn ek in rol spile want ûnderweis mei hertslachmeters, kalorymeters, stappetellers en gps is it mear as wat drave.
11 jier jier wie de earste Slachterin.  In parkoers, diels oer de Slachte, fan 2, 5, 10, 21,1 kilometer.
11 kear bin ik no west te sjen bij de start en de finish.
In moai byld is foaral it healoere foar de start.
Oeral yn Wommels riede se harren ta op de rin. Yndrave, opwaarmje, yn de stimming komme, it goeie ritme sykje en oerlizze mei de oare dielnimmers. "Wat draafsto, wat is it doel en hoe giet it".
Om 11 oere giet it los.
De sinne besiket der trochhinne te kommen want it is grou en griis en dizich. Mar de sinne moat de slach ferlieze, it bliuwt in draaftocht yn de mist.
Wylst de dravers harren paad en route drave gean ik alfêst al nei de finish want de 2 en 5 kilometer binne sa werom.

En bij de finish bin ik op tiid foar in prachtich taferiel.  Wybren Visser fan Harns (?) docht al jierren mei sûnder dat der sprake is fan draven. Efter syn rollator, mei trainingspak en sportskuon oan, skoot hij himsels de 2 kilometer foarút. Om as earste oan te kommen yn syn kategory.
Bij de finish meldt hij him bij de organisaasje en hellet út syn rollatorkuorke in presintsje foar de organisaasje.
Hoe tankber kinne je wêze dat je noch meidwaan meie en kinne.
En sa binne se allegear wer oankommen mei ik oannimme. 
Ek soan Tsjeard (koarte broek) dy't hjir sa'n 200 meter foar de finish draaft bij it hús (lofts) fan dochter Hildau lâns.


vrijdag 23 november 2012

Yn de ban fan.......

Sûnt moandeitemoarn 7.30 oere bin ik yn de ban fan de moard op Marianne Vaatstra.
Fanôf it earste momint dat ik it hearde wol it mij mar net oan oan dat dit de dieder is.
Miskien is dat wol raar.
Lês ik miskien tefolle misdied / rjochtbank thrillers , wêryn bewiis altyd en manipulaasje soms in rol spylje.
Wêrom wol it mij mar net oan dat in boer nei 13 jier ynienen de dieder is.
Ik wie gelyk ferbaasd dat de almachtige Peter R de Vries it nijs wrâldkundich makke.
Wat sit hjir efter?
Werom organisearret de offisier fan justysje sels net in parsekonferinsje en docht it nijs?
Myn erchtinken oer de rol fan PR krige ik ek befestige yn de útstjoering fan DWDD fan moandei en tiisdei. In walchelik optreden dy't fermoeden docht dat der mear oan de hân is.
Wie hij jierren lyn kritysk oer de rol fan justysje, no is hij harren wurdfierder.
Woansdeitejûn kom ik op twitter iets tsjin oer Klokkeluiders site.
In oantal ûndersyk sjoernlaisten hawwe al in hiel dossier oer de saak Vaatstra.
Mei hieltyd grutter wurdende ferbazing lês ik alles troch. Woansdeitejûn, tongersdeitejûn en ek freed oerdei.
Ik bin úteinlik ferbjustere.
Ferbjustere oer alles wat der bard is.
Wat ik lês is it ferrassende plot fan in spannende thriller mei alles der op en der oan: leagens, bedrigingen, manipulaasjes, doofpot, hege amtners, net hearde tsjûgens, sebeare ûndersiken, oerspande resjersjeurs en stratgyske setten fan justysje.

Konkluuzje: ik bin oertsjûge troch de ferhaal op de ûndersteande siden. Ik leau yn de ûnskuld fan boer J. Dit is folle grutter as in "deagewoane" moard.

Boublog

Rechtenkrom

Klokkenluiders.nl

Ik  leau yn de komplotteory. Ik kin it net helpe.


woensdag 21 november 2012

Wolkom

Ik wenje yn Wommels.
Dat leit yn de gemeente Littenseradiel.
Wommels is it haad plak. Dat is sa omdat it gemeentehûs hjir stiet.
It betsjoerssintrum dus.
Wij ha hjir fan alles yn ús doarp.
Skoallen, in bybliotheek, wat horeka, in swimbad, huzen oan it wetter, bushaltes, sportferienings, huzen net oan it wetter, in Freulekeatspartij, in brêge en wat brêgjes, in bakker, In Terp, in slachter en in moaie supermerke.
Wij binne dan wol it haadplak mar wij gedrage ús net nei oaren ta sa net.
Wij gunnen oare doarpen ek wol wat.
Wij gunne Winsum syn fierljepskâns, Weidum syn froulju's PC, Kûbaard syn keunstners, Littens syn pealtsje, Reahûs syn katolike tsjerke, Easterein syn sporthal. Boazum syn mjitte en Mantgum syn stasjon.
Al dy doarpen en doarpkes mei al harren eigen bysûnderheden meitsje de gemeente Littenseradiel ta wat wij no binne. 
Ik bin tige ynnommen mei ús moaie omjouwing, mei syn fiergesichten.
Ik bin  dus mei ús gemeente.
De gemeente sil oer in pear jier wol net mear bestean. Alles moat grutter sizze gelearden. En dan wurdt it  djoerder jouwe oare gelearden oan.
Us gemeente hat him lang fersetten mar dat ferset is no hast brutsen. It moaie is noch wol dat dy baaskes yn Ljouwert foar ús bepale soene wêr't ús takomst leit. Moai net. Dat bepale wij fan ûnderop.
De kommende winter fine der mear as 20 harksittingen plak. Yn hast alle doarpen is der in mooglikheid om mei te praten.
Underwilens giet it libben gewoan troch. Krekt of is der gjin ûnwisse takomst.
It gemeentehûs wurdt gewoan ferboud en der is in nij logo.
Dat logo kinne je no oeral sjen op de nije buorden dy't oan de dyk stean wêr't in grins is mei in oare gemeente.
Om myn tinzen te prikkeljen haw ik gjin Therme krême nedich, mar lis ik mij efkes del op de fyts.
"Kûbaard om". In goeie 7 kilometer en dat is krekt lang genôch om nije ynspiraasje op te dwaan.
Kûbaard om betsjut no ek dat ik bij Kramershoeke (tusken Wommels en Spannum) alle kearen dat nije boerd sjoch fan ús gemeente logo. 
Want frjemdgenôch dy bocht en in stikje dyk falle ûnder de gemeente Frjentsjeradiel. 
Moai is dat. Sûnder dat ik it yn de gaten ha, fyts ik dêr bij Kramershoeke de gemeente út. Nei sa'n 440 meter hjirt men mij wolkom yn myn eigen gemeente wêrfan ik tocht dat ik der noch yn wie.


maandag 19 november 2012

De banaan is de pisang

De Velomobielen ( yn de folksmûle bananen of raketten) meie net mear meidwaan oan de fyts11stêdentocht op pinkster moandei. Dat is it nijs dat sneon nei bûten kaam.
De fyts11stêden is foar twa tsjillers en it bestjoer hat jierrenlang de trije tsjillers wol talitten. Mar yn it belang fan de feilichheid is it net langer ferantwurde. Foaral toerfytsers hawwe der oer oan it kleien west.
Dat hawwe se ek dien oer de groepkes reesfytsers ( dy yn dy selde pakjes, dy mei dy lûde,razende en roppende stimmen) mar it reglemint kin sokke lju net útslúte.
De bananenfytsers wol, dat binne trijetsjillers.

Net bliid
De velomobielfytsers binne net bliid mei it beslút.
Sij fine it sels net gefaarlik at se tusken of lâns al dy oare fytsers reeze.
Want reeze dat dogge se foaral.
De lju dy't yn dizze giele bananen sitte hâlde foaral fan avenseare. Oars ha je net sa'n ding.
Foar oare fytsers op sa'n dei levert in velomobyl meast efkes in skrikreaksje op.
Ynienen is hij der. En fuort is hij al wer.
Konsintraasje efkes fuort en hoppa, dêr leit wer ien (of mear).
Tanksij dy velomobilen, is de ferûnderstelling blykber.

Sels bin ik al 14 jier lisfytser. Ik haw twa lisfytsen en dy sjogge der ûngefear sa út. Ien mei in boppestjoer en ien mei in ûnderstjoer. Gewoan op twa tsjillen.
Ik ha de 11 stêden tocht ien kear fytst op ien fan de lisfytsen.
Net op pinkstermoandei.
Dat is te gefaarlik. Dat kin ik foar mij sels goed genôch ynskatte.
It sicht efter-en yn dy grutte groepen is te min.
Kin der net goed bijlâns sjen.

Oare dei
At je de 11stêden sa graach op ien dei befytse wolle dan binne dêr 364 of 365 oare dagen yn it jier.
Dat ha wij dan ek in kear dien. Op in  moaie snein.
Gewoan lekker as lisfytsers mei goed sicht op alles.
Lisfytsers soe ik oproppe wolle, gean lekker op in oare dei mei syn allen as lisfytsers dy 11 stêden lâns.
Miskien bin ik dan noch sa gek te krijen om mei te dwaan

Goed beslút
Ik begryp it beslút fan it bestjoer wol.
It argument fan snelheid is wol wat diskutabel.
Want dan kinne der ek noch wol hiel wat reesfytsers  útband wurde.
Miskien dat it bestjoer dêr ek noch wat oandwaan kin.
Dan wurdt it foar dy toerfytsers miskien ek wer leuker.

.




zondag 18 november 2012

18 novimber

Krekt nei tolven bruts hjoed de sinne troch.
Sinne yn novimber beskôgje ik as in meifaller.
Sinne yn novimber op snein is in foltreffer.
Sinne yn novimber, op snein en hast gjin wyn is in wûnderke.
Fan dat wûnderke makken wij in deugd.
In sportive deugd.
In lisfytsrûntsje.
In moai rûntsje mei betiden ûnbegeanbere diken tusken de boulannen bij Winaam.
Unbegeanber dat jildt dan foaral foar lisfytsen.
It gewicht leit foaral efterop en de druk op it foartsjil is hiel lyts.
Mei al dy drek op de diken hie ik hâlden en kearen en mei losse hannen fytsen wie der net bij.
Yn Harns in fiskje.
Troch Kimswert en dêr seach ik mei oare eagen nei.
Want thús bin ik dwaande yn de brêgesitter fan Meindert Bijlsma.  It boek beskriuwt it doarp op in unike wize en dat besykje tidens de kilometer troch Kimswert werom te finen.



vrijdag 16 november 2012

Net alles leauwe

Je moatte net alles leauwe wat immen seit.
Jim hawwe fêst ek wol fan dy minsken wêrbij je it ferhaal mei in kerrel sâlt nimme moatte.
Je moatte ek net alles leauwe wat der skreaun wurdt.
Dat jildt foar rabbersblêden en foar de Telegraaf bijgelyks.
Hoe grutter it letterype, wat grutter de ûnwierheden.
Ik seach dizze wike thús yn de dûs in nij produkt stean.
Net dat wij altyd de selde flessen dêr stean hawwe, want meastal komme de flessen mij bekend foar en boppedat is it sa dat de minsken dy't op jierdeibesite komme oer it ginneraal bepale wat wij yn de dús stean hawwe.
Neat mis mei. It is net ferkeard om sa no en dan oars te rûken.
Sels haw ik sjampo tsjin fet hier, tsjin roos, tsjin krullen en tsjin katers brûkt. Ik haw net it idee dat it wat holpen hat. Utsein de sjampoo tsjin krullen.
Mar werom nei it nije produkt bij ús yn de dûs. It seach der sa út.














Omdat ik dochs ûnder de brûs stie, haw ik it mar efkes lûdop songen:
Therme Skincare
 Ylang Ylang Shower Satin

op de wize fan Vader Jacob en Leeuwarder Blues.
Myn dochter rôp noch "moatst op Ingelske les" en "kinst net sjonge".
Mar ik song it noch 22 kear lykas wij altyd diene mei it potsje mei fet.

Myn nijsgjirrigens nei dit produkt waard troch dizze prachtige hamoninieuze tekst ûnbetwingber. Mar de fraach bleau wat kin ik hjir no mei.
Kin ik myn hier en myn burd hjir mei waskje of is foar de hûd nei de wask.
De ferlieding wie te grut om it mar net efkes te preabearjen. Noch ien kear goed sjen.


Frek sis, "verleidelijk" it stiet der sels op. No dêr hawwe se yn alle gefallen gelyk oan.  
Ik kin it net weromsette sûnder it te brûken.
Wat stiet dêr: "Zeepvrij" , wat is dat no wer?
Ik wol mij waskje en troch swithûd liket sjippe mij net ferkeard.
Wat kin ik der dan wol mei?
Miskien wit de efterside fan de tube it wol.

De Nederlânske tekst jout folle mear dúdlikheid.
It is dus in douchecrême dy't fersoarget en as reamme smarret
De eksotyske aroma's komme fan de Filipijnen en hawwe ûntspannende eigenskippen......
en prikkelje de geast.
Dat lêste klopt dus...ik woe gelyk skriuwe neidat ik it efkes rûkte.

Ik nim oan dat it gjin leagens binne dy't der op stean. 
Ik soe noch wol leauwe kinne dat der gjin sjippe yn sit, dat it fersoargjend is dat it fan Ylang en Ylang blommen komt en dat dy planten op de Filipijnen groeie, mar meitsje mij asjeblyf net wiis dat it ûntspant en dat it myn geast prikkelt....
It jout allinne oanlieding om dit stikje te skriuwen.
Nee, je moatte net alles leauwe wat der op stiet.





woensdag 14 november 2012

Poesiealbum


Sneon in grappich artikel yn de LC oer de oerienkomsten en ferskillen tusken Facebook en it poesiealbum.
Jonges hawwe gjin poesiealbums, tink ik, dêrom dy fan myn mem mar efkes opsocht.
Dat is ûnderwilens in digitaal album wurden want bij it ferstjerren fan beide âlders hawwe wij alle foto's en oare nijsgjirrige saken digitaliseard sadat alle bern in CD krije koene mei in stikje ferline.

Myn mem wie ienichst famke fan in net troude mem en hat har heit nimmen kinnen leard. Sa gie dat doe mei boerefammen dy't de búk fol krigen fan in boer dy't de búk der ek al gau fol fan hie.


12 jier wie myn mem yn 1935 doe't beppe Dutsje dit skreaun hat.

Posted by Picasa

dinsdag 13 november 2012

Tribute the Doors

At de bledsjes fan de beammen falle wol de wanmoedigens wolris tasjaan. Foar minsken dy't dêr lêst fan hawwe in ferfelende perioade.
Ik haw gjin lêst fan dy trystens. Ik haw wol lêst fan it tsjuster. Moarns nei it wurk yn it tsjuster en middeis nei hûs ek wer yn it tsjuster.
Jim Morrison, sjonger fan de Doors hie neffens mij ek lêst fan trystens. Hij socht syn heil yn drank en drugs.
27 jier waard hij.
Syn muzyk is tiidleas. Dat seach ik ferline jier op 13 novimber yn Burgum doe't D'n Doars as tribute Doors band optreden yn Kiehoal.
Tafallich of net mar op 10 novimber 2012 wie ik wer bij in optreden fan tributeband fan the Doors. No yn it Bolwurk. In útferkocht Bolwurk.
Al wer in moai optreden mei in soad entûsjaste minsken. Foar yn de seal bij al dy fans dy't liet foar liet meisongen hie ik it tige nei it sin. Want je moatte wol foaryn it Bolwurk wêze om de muzyk goed mei te krijen. In útferkocht Bolwurk is net it beste plak om in konsert mei te meitsjen. De seal is te smel en it lûd is meager at je efteryn steane. Of mei ik dat net sizze?
It slotstik wie fansels foar the End. Yn dit gefal fan de echte Morrison.

zondag 11 november 2012

Tige tank

Nei in tarieding fan in heal jierke gie op 4 novimber 2002 de wepside fan SDS de loft yn. Wij binne no 10 jier letter en neist myn gesin en it wurk freget de side fan mij de measte oandacht.
Wa hie dat tinken kinnen. Ik kin mij noch herrinerje dat Willem Wijnia en ik út namme fan de Treffer redaksje in petear oangiene mei it bestjoer fan SDS.
Wij woenen in wepside en fregen tastimming fan it bestjoer.
10 jier wie dat net allegear sa gewoan en it bestjoer mei Rienk Wiersma as foarsitter stie der net negatyf tsjinoer, mar wiene noch net gelyk echt entûsjast.
Doe't wij dúdlik meitsje koene dat it net folle koste (Wouter Jorritsma mei syn bedriuw (no"Freeze it") woe doe graach in fergese bijdrage leverje), dat it mooglik jild opleverje koe (sponsers) en dat it de takomst wie, krigen wij it griene ljocht. 
" Iim meie jim gong gean" sei de foarsitter en dat hat wij oersetten nei : "jim dogge de wepside mar, dan hâlde wij ús wol dwaande mei de klup en it fuotbaljen".
Sa koene wij nei it earste berjocht (4 novimber 2002) de side ynrjochtsje en "nei ús hân sette".
Nei 10 jier binne wij beide noch altiten wepmaster en binne wij beide grutsk dat de side der sa bij stiet. Wat ynrjochting oangiet noch it selde, mar wat ynformaasje oangiet tûzem stappen fierder.
De gearwurking as wepmasters is in bysûndere gearwurking kin ik jim sizze.
Ik kin mij net herinnerje dat wij yn dy 10 jier in kear echt "fergadere"  hawwe oer de wepside. Op ien of oare wize dogge wij beide ús ding en dat hat resultearre yn in oantal aksinten dy't der út springe: Aktueel nijs, foar de hiele klup, Frysk at it kin en net frij fan kwinkslaggen.
Oerlizze oer nije dingen en feroaringen dat dogge wij at wij bij it stek at wij nei in wedstriid sjogge, op strjitte wannear wij elkoar tsjinkomme, bij de bar at wij in bierke drinke en at wij elkoar bij de muzyk treffe.
it bestjoer fan SDS hat ús net fergetten
Wij hawwe yn 2002 de frijheit fan it bestjoer krigen om der wat fan te meitsjen en dêr binne wij bliid om, want frijheid fan tinken en dwaan betsjut dat je de eigen kreativiteit alle dagen wer brûke kinne.
Yn dy 10 jier (3650 dagen) hat de wepside wat ynformaasje oangiet ûngemurken in ûntwikkeling trochmakke. Hoe lang dizze wepside myn libben noch behearst wit ik net. Lit ik sizze sa lang ik it noch leuk fyn en der mear piken (dat binne der in hiel soad)  binne as bedeltes (dat binne der gelokkich minder).
10 jier wepside is yn myn gefal foaral 10 jier gearwurkje. Mei de minsken dy't soargje foar de dingen dy't wij brûke kinne foar de side.
Mar 10 jier gearwurkje wie foaral gearwurkje mei Willem, fia de mail, bij it stek, oan de bar en op strjitte. Dêrom in wurd fan tank oan Willem foar in prachtige gearwurking fan 10 jier. Om mij kinne wij sa noch wol in oantal jierren foarút. Mar goed dêr hawwe wij it wolris oer at it sa útkomt oan it stek, bij de bar of yn it Bolwurk of sa.
En spesjaal foar Willem in fracht hearlike herrie.......






Jameimy

It Grand Theater (geef frânsk)  "de Buitenplaats"(geef Hollânsk) is yn oktober en novimber it plak wêr't it toanielstik "Jameimy"(geef Frysk) spile wurdt troch Klaasje Postma en Freark Smink.
Snein 4 novimber hawwe wij der hinne west en wij hawwe ús goed fernuvere.
Neffens de folder giet it oer de meganismen, libbenspatroanen en ferwachtingen, dy't der binne en fal alle tiden lykje.
Dat soe bêst wol kinne. Ik seach twa minsken dy't geweldich goed meardere rollen yn ien stik spylje kinne, ik hearde moaie teksten, seach in soad emoasje en haw betiden flink lake.
In moai stik sa op in sneintemiddei yn de buert fan Earnewâld..........

zondag 4 november 2012

Kings of Rock

Deep Purple en Led Zepplin binne de Kings of Rock út de jierren 70.
Deep Purple treedt noch wol ris op (desimber yn Heineken Music Hall) en Led Zeppelin tinkt der al hiel lang oer nei om it dochs mar net te dwaan.
Gelokkich binne der Tribute bands dy'it hiel aardich dogge.
It foardiel is ek dat it faak wat mear yn de buert is en dat it folle better foar de beurs is.
Freedtejûn wiene twa tribute bands yn sealen Schaaf. De jûn begong op in moaie âlderwetske tiid (21.15) en om dy tiid hinne wie der al in flink oantal rockers op leeftyd oanwêzich.
In alder machtichst goed optreden fan Stormbringer as Deep Purple.
Fol ferbazing seagen wij nei de band en fol ferbazing wiene wij oer de "sound"fan Deep Purple dy't echt klonk as in klok.
Sels it hege stimke yn Child in Time wie der. (sjoch minút 50 fan de ûndersteande fideo)
5 kertier rock fan de beste soart.
Om kertier alven sette Hats off útein. In Ingelske band dy't heech oanskrean is as tribute Led Zeppelin.
Wij koene dy dat noch krekt 4 nûmers oanheare, want de bus gie 12 oere werom. It klonk ek prima dus oare kear meie se om ús noch wol wol earder begjinne. Of de bus moatte in oerke letter werom gean.
Troch it sterke optreden fan Stormbringer in tige slagge jûn.
Sjoch nei dizze kompilaasje fan in jûn Stormbringer.

donderdag 1 november 2012

Releks

Wol grappich om te sjen dat tal fan minksen dy't ik folch op twitter jûns lekker op Joetjoep muzyk heare en muzyk ûndekke.
It moaie is dan ek dat se it diele wolle mei de folgers.
Sa tippe en ynspireare wij elkoar om bepaalde muzyk te hearen.
Sa hearde ik fol ferwûndering nei dat geweldige nûmer fan Swette Baboo. It sil wol oan myn muzikale opfieding lizze mar ik hie der noch nea fan heard.
Tanksy @KlaasLand moatte jim no de stoel op relekse sette, de famylje de garaazje yntriuwe en harkje nei dat prachtige gitaarwurk.