zondag 28 november 2021

Smeding


Jumbo is in begryp yn Wommels

en dat is moai.

Ik seach freed in sjoffeur alle war dwaan

om dy frachtauto bij it laadperron te krijen.

Dat foel net ta,

hij moast wol 10 kear hinne en wer.

Ik stie te sjen en tocht gelyk oan de jierren 70

Op it plak fan de Jumbo fan no 

hiene Sape en Rely Smeding harren Sparwinkel.

De loads mei grientekarre stie yn it Bosk

Op it plak wêr't dizze frachtauto efterút riedt

ride Sape syn grientekarre en syn VW bus efterút it loadske yn

Dat gie gâns makliker

Dizze Smeding komt fan it konsern út Sint Annaparochie

earder Harns en de earste baas wie in broer fan Sape


Fingertútsje

 


Wat sizze jim der fan, 

sille wij tenei mar fingertútsje brûke 

ynstee fan dat freeslike high five

woensdag 24 november 2021

Búkgryp

De búkgryp is der, dat hear ik om mij hinne.

Beroerd en mislik en foaral kotse 

Ik haw der gjin lêst.

Ik haw seker genôch werstân.

Tiisdeitemoarn draaf ik myn 5 kilometer.

Ik helje wer in moaie tiid

Nei it bekommen, it útswitten en it brûzen

fiel ik swiere wurgens yn de fuotten

Dat haw ik oars net, dan fiel ik mij fitter.

Haha tinkt it firus, dat ik fêst al bij mij haw,

in ferminderde werstân, dus slaan ik ta.

Binnen it oere rin ik om mei dat spuigefoel,

it sit mij oan de strôt ta,

bin net mear foarút te brânen

en lis de rest fan de dei op de bank of yn in luie stoel,

mei in hongerich gefoel kom ik de dei troch

want ite liket mij net ferstannich

Dat frekte firus, taslaan at je op je swakst binne.

It giet no wol wer.

De pake fan Samme

 


"Ik wit wol wasto bist,

seit er al wer in jonkje tsjin mij.

"Do bist de pake fan Samme",  

Op 'e dyk, bij de byb en bij skoalle

Dat sil net minder wurde,

no't dit affysje oan it stek hinget bij de skoalle

vrijdag 19 november 2021

Moanne

 


In bysûndere moanne seach ik freedtejûn

Heal wurk

 


De helt is skjin, de rjochterhelte fan it kajút

Ik hoop dat jim it sjogge, ik seach it wol.

In kluske op hichte fanôf it platte dak, dat giet noch wol

No noch ien fine foar in lofter diel.

Fanôf in ljedder

donderdag 18 november 2021

Keunst?

 


Der binne hichtepunten sa'n wykein op Amelân bij de keunst.

Dêr haw ik al wat fan sjen litten.

Der binne ek djiptepunten.

"Dat is dit" rôp ik gelyk, doe't ik dit seach.

Rotsoai dy't oerbleaun is fan in ferbouwing

en wat ynelkoar prutst is.

Sa besjoch ik dizze keunstwurken.

Der hinget ek noch in priiskaartsje oan.

Ik wit it net mear en wol it ek net mear witte

Tiisdei bin ik efkes bij pakesizzer Roan.

6 jier en hij mei graach prutse

Hij hat in hammer en in boar 

en alle oare reau brûkt er fan syn heit.

Syn materiaal fynt hij ûnderweis

en sa komt er meast in auto fol rotsoai werom yn Wommels.

Rotsoai, dêr't hij keunstwurken fan makket

Mei ien grut ferskil:

der hinget gjin priiskaartsje oan


👍👍👍👍👍👍




Keunst bij de fleet (2)

Ferwûndering wie der ek op Amelân.

Iets moai fine is subjektyf

Wêrom je it moai fine, ik wit it ek net

Hjir in samling foto's fan keunstwurken 

dy't ik moai fûn, dy't mei oansprutsen


















dinsdag 16 november 2021

Keunst bij de fleet

 Novimber is der keunst op Amelân.

Wij binne fêste besikers.

Noflik in oantal dagen oer it eilân fytse

en ús fernuverje oer de keunst.

"Kom der mar op" dat is soms wat ik tink

at ik wat nuveraardichs sjoch

Bij de projekten dy't yn de dunen stiene

hie ik dy tinzen.

De teksten dy't er bij stiene

makken it ek net altyd tagonkliker











woensdag 10 november 2021

Byld

 


Dizze foto kaam ik tsjin op Facebook

Ik fyn it in fantastysk byld.

It stiet yn Switserlân oan it mear fan Geneve

It byld út it fertriet en de iensumheid nei it ferlies

Sjoch hjir wa't it makke hat

maandag 8 november 2021

Wâldsein

 Buien hjir en dêr.

Hjir wie Wommels en dêr wie Waldsein

Beide like wiet, mar wij moasten der efkes út.

"de 11 stegentocht" stelde Samme foar

want dat fûn hij earder prachtich 

en syn broerke hie dêr noch net west

Learzens oan en in slach troch Wâldsein.







zaterdag 6 november 2021

Drugs

It is freedtetmiddei en droech
Kûbaard noch efkes om, op de fyts.
Ik fyts oer Swarte Beien rjochting Krabbedyk
en sjoch myn eagen út

Wat sjoch ik no?
Wol 40 pûden mei plestik tûntsjen yn de berm?

Dat sil dochs net troep wêze foar drugs?
Hjir iepen en bleat oan de dyk, dat kin dochs net?

Ik twitterje der oer mei twa foto's.
Trinus Hoekstra, wykplysje, pikt it op
en befestigt dat it drugsôffal  is

In pear oeren letter stiet it op omrop Fryslân






 

donderdag 4 november 2021

Boartsje

 

Krekt bûten Hartwert, op de dyk nei Burchwert boarte foarhinne de jeugd fan Hartwert. 

Sleatsjespringe en mei it tou nei de oare kant slingerje. 

Sa no en dan mei in wiete bokse thúskomme. It kin ek net altyd krekt goed gean. 

Sa te sjen hjoed wurdt dêr net mear boarte. 

Of der is gjin jeugd mear yn Hartwert. 

De natoer docht syn wurk. 

It is in moai oantinken oan it bûten boartsjen

maandag 1 november 2021

Moai


Ik mei dit wol lije......

Fierders mar net tefolle wurden oan smoarch meitsje


Bosk

 


Nei it bosk is foar bern altyd leuk.
Om foar ien of twa oerkes bosk nei Gaasterlân te riden
is hast út miljeu oerwagingen net mear ferantwurde.
Dus nei it bosk wat net te fier fuort is.
Spannum liket mij wat oan de lytse kant.
Wytmarsum dus,
dêr hiene wij noch nea west.
Mei in slach troch it doarp hinne,
wie it in moai loopke