woensdag 30 maart 2016

Amando

Peaskemoandei
Aaipop yn Nijlân.

it waait dat it rikket
mar tradysje is tradysje
ik gean op de fyts
fanút Wommels

mei wynkrêft 8,
pûsters fan 9
wrot ik mij troch de wyn hinne
bliid mei alle strewelleguod,
hoe keal it ek noch is,
bliid mei elke pleats
bliid mei elke kontainer dy't oan de dyk stiet

want ik ha ferlet fan lijte

foldien fyts ik nei trije kertier
Nijlân binnen
grutsk op dizze boppemjittige prestaasje,
sa hâld ik mij sels mar foar,
want oare fytsers seach ik doe net.

dweiltrochwiet bin ik ek,
fan it swit

dat is net nij foar mij
dat switten

mar ik bin der op taret,
mei in plastiktas ûnder de earm
meld ik mij bij de yngong

"mei ik dy tas ek besjen"
sa freget mij in jongfeint yn it giele jas
mei in ingelsk wurd der efterop

"dat like mij gjin probleem"
sis ik fol fertrouwen.
Syn gesicht belûkt
"dit is wol in probleem",
sa lit hij mij witte
en hâldt myn spuitbuske
Amando omheech

"mei der net yn", sa seit hij strang
ek mei in foarsichtich "Ja mar"
kom ik net ta in diskusje

ik ha gjin sin om mij op dat momint,
oan sokke saken drok te meitsjen
"stom" sis ik allinne
en lit him efter mei myn spuitbuske Amando.

noch in gelok dat yn de bierlucht
op it festivalterrein
de switlucht fan in fytser út Wommels
net te rûken is.



dinsdag 29 maart 2016

ZZ top
















In wike as fjouwer lyn
krige ik in muzykblêd LustforLife ûnder eagen;
nijsgjirrige ferhalen oer optredens en bands.

ek in priisfraach
"wa stjoert in leuke look-a-like foto op fan....
ZZ-TOP

De winner krijt twa frijkaartsjes
foar in optreden yn de Heineken Music Hall yn Amsterdam
op 27 juny 2016

mei myn omgekearde wintermûtse
myn sinnebril op sterkte
myn burd anno 1975
en mei de eftergrûn de fryske flagge
om de foto der wat útsrpinge te litten

goed slagge dus
dizze foto stie dizze moanne yn it blêd..






vrijdag 25 maart 2016

Kruif



De almachtige
Hendrik Johannes Cruijff
is ferstoarn op Wite Tongersdei

doe't ik it nijs hearde
tocht ik gelyk oan 
de ferlosser en oan it peaske wykein.

gjin tafal

de datum is ek gjin tafal, sizze guon,
want mei wat keunstich omtyskje mei sifers
kinne je mei de datum 24-3-2016
útkomme op 14.... (24-3-1-6)
sûnt de jierren santich it nije hillige getal

ek gjin tafal is
dat dy 68 wurden is:
6 en 8

It is wat, tocht ik sa krekt
neidat ik it AD troch bleddere ha...
jim tinke toch net
dat ik al dy ferhalen,
al dy mieningen fan bekende Nederlanders
en al dy âlde kij berjochten
trochlês.....?

nee dus, ik sjoch nei de 68 jier
dat is fierstente jong
en dat jildt foar him en ek foar al dy oaren
dy't jong ferstjerre 

Kruif wie in geweldige fuotballer,
in geweldige trainer
in geweldige rûzjemakker
geweldich foar de gehandikaptesport
en in geweldige famyljeman
mei oare wurden
hij wie ge-wel-dich...

Myn herinnering oan Kruif?

Dat is syn namme.
Wierskynlik haw ik yn it ferline
de namme ferkeard lêzen 
en oernommen
want it slagget mij hast nea
om de namme 
yn ien kear goed te typen:
alle kearen begjin ik wol mei de C
en jou ik in ferfolch mei in h......
ferkeard dus.....

Kruif,
ik skriuw it sa't ik it sis,
hat mij wierskynlik ek yn it ferline
fermakke mei geweldige fuotbalaksjes,
geweldige doelpunten
en in geweldich kampioenskip
(fan Feyenoord)
mar ik wit der neat mear fan.
Fuotbalsaken, ik bin it sa wer kwyt,
de emoasjoniele herinnering is der net
bij fuotbalsaken
nea.....
(of it moat al de tiid wêze dat van Brussel trainer wie bij sc Hearrenfean)

Ek net at ik yn myn plakboek fan 1971 
dizze opstelling fyn fan Ajax- NEC
mei Ch.. nee Kruif yn de spits
der hinne west mei Pier Alta,
soan fan de boargemaster hjir
en in grut Ajaxfan
Kruif is foar mij de man fan de taal,
drege saken werombringe ta ienfâldige sinnen.
en dêr hat Joop Visser in moai ferske oermakke



woensdag 23 maart 2016

Swart


Pakes meie graach wat pleagje
en grapkes meitsje.
Dat skynt yn syn algemienheid sa te wêzen.

Yn rou adfertinsjes sjoch ik it ek faak stean,
at in pake stoarn is
"nea wer in grapke"
en at dy fan de buorkerij komt
"nea wer op de trekker"

Ik bin ek sa'n pake.
mei graach wat pleagje
en in grapke meitsje

mei Jelske fan 4 dy't er hiel serieus mei omgiet.

sa wit se no hiel goed
dat myn favorite kleur swart is.

It wie bedoeld as in grapke
mar troch myn meast swarte sjurts
is it foar har de wierheid

At se freget wat fynst de moaiste kleaur fan de reinbôge
dan sis ik : swart
"nee pake, swart kin net"
en dan kies ik  "under protest" read...

Sij kiest altyd rôze
dat sil jim gjin nij dwaan.
alles wat oan Jelske linkt wurde kin
is rôze.    

bij it kleurjen,
wat se graach dwaan mei,
is de rôze stift al leech,
foardat de oaren oanrekke binne.

"Wol pake mei mij kleurje"
frege se hjoed, doe't wij efkes oppasten
"ik haw in kleurplaat fan K3", sei se der bij

K3, dan wit ik genôch....
dat wurdt it foaral rôse
en oare lichte kleuren,
tocht ik gelyk

"dat is goed" sei ik

"en do meist wol mei swart", sei se ek noch,
 wylst se mij de swarte stift oanjoech

Moai wurk,
it rokje fan de K1, K2, K3 yn swart kleurje
en sij de strikjes der bij yn pears
want rôze foel yn it neat bij dat hurde swart

Teamwurk



zondag 20 maart 2016

Samar in wike yn maart

Wer genôch fariaasje dizze wike., 
Op ien skoalle de Fryske wike ...wat in feest

en op de oare de Olympyske flaggedei.

hearde ik de earste skriezen op Skrok

ies ik it boek Broer thús en net yn de trein

yn de byb heake ik ôf foardat it haken begong

ferwûndere ik mij oer in moaie sammeling âlde ferpakkingen yn de byb

seach in B-junior fan SDS wol in goeie strafskop nimmen, 

fytse fia it Douwe Tammingapaad nei WPB-scJoure

seach ik dat in Nederlânner gemiddeld 2,79 km per dei fytst 
wylst ik dizze wike wer 30 km per dei helle


Balle ik freed mei net sa folle sukses en 

hiene wij in moaie muzikale jûn mei de Voskovs yn Itens


 ta beslút ferwûndere ik mij noch wat oer in krantekop.

woensdag 16 maart 2016

Kreative dei


It is de wike fan de leuke dingen op skoalle.
Op de Súdwester in Snits de Fryske wike,
en tiisdei op Skoalle Lyndensteyn
in Olympyske flaggen dei.

Prachtich wat  se yn de workshops allegear diene
mei de bern dy't allegear in beheining ha yn dwaan of tinken

se daagden de bern út om bijsûndere dingen te dwaan
en boppedat waarden se stimulearre
troch de oanwêzichheid fan in âld learling
dy't nei de Para-olympics giet yn Rio....
as fuotballer.

zondag 13 maart 2016

Fryske wike

Frysk stiet dizze wike sintraal op de Súdwester,
allegear aktiviteiten dy't mei it Frysk en de Fryske sporten te meitsjen ha

Se fregen mij foar de iepening......
omdat ik de djipfries bin op skoalle
omdat se my sportyf fine omdat ik alle dagen nei it wurk fyts
(en ek wer nei hús)
en omdat ik in spesjale fyts ha

in útdaging wêr't ik net foar wei rin


Wat ritsjes oer it parkearterrein en útdost mei in moaie Frysman sjurt

In praatsje fanôf de pikniktafel

mei foar en efter mij de 350 bern 

fertelle oer Grutte Pier en syn wize wurden

mei de Frieske flagge yn top





mei it prachtige koar fan skoalle dat song fan "wat bisto leaflik rizende simmermoarn"
en tal fan oare lieten


vrijdag 11 maart 2016

It riejouwend referindum












In oprop
foar it earste riejouwend referindum
op 6 april.....

It is noch net safier
mar it liket mij wol goed
om no alfêst te sjen at ik dit barren
yn myn agenda sette moat....

At ik it goed begryp dan giet it hjir om.
De Europeeske Uny hat al in gearwurkingsferbân sletten
mei Okkarine
Net om it lân ta te litten ta de Uny,
mar om de gearwurking wat mear status te jaan.

De Europeeske Uny hat al ja sein,
ek Nederlân....
En no meie wij der noch wat fan fine yn Nederlân,
wylst alle oare lannen der al definityf út binne
sij sizze allegear ja......

It wurd "riejouwend" komt mij hjir wat raar oer.
Rie freegje en rie jaan dat dogge je gewoanwei
foardat er in beslút nommen wurdt.

Jim kinne hjir in koarte útlús lêze wêr't it  dus om giet.

De senario's op 6 april

At der minder as 30 % in stim útbringt
dan stimt Nederlân definityf yn
mei it gearwurkingsferbân

At der mear as 30 % stimmers binne
en mear as de helte dêrfan is foar
dan giet it troch mei Okkarine

At der mear as 30 % stimmers binne
en mear as de helte stimt nee
dan nimt it regear dat mei yn harren definitive oerwegings
en dan beslute se dat it wol troch gean moat
fanwege de gearwurking yn Europa
en it foarkommen fan in isolemint fan Nederlân
en mei it each op de eksport ensafuorthinne...


Konklúzje: ik set it net yn de agenda.....


donderdag 10 maart 2016

Parkeare


At ik mij wat fermakke ha yn de foarjiersfakânsje?

Ja, seker, at it droech wie, gongen wij der op út..
en dat sil fêst wol in kear as 5 sa west ha...
treurich waar......

wat fytst yn eigen omjouwing
en op in "strieljende"middei hawwe wij efkes rûn.

Us rinlokaasje wie it Griene Stjêr gebiet,
krekt foarbij Ljouwert
at je yn Wommels wenje

Ek dêr wie it wiet en fochtich 
en foaral rêstich en ferlitten


It earste wat ús opfoel wiene de P buordsjes
Wij stiene op P3 

Minsken noch oan ta,
wat binne dêr in parkearterreinen
ik wit net hoe drok it der ornaris is 
mar it is gewoan in griis om te sjen:
safolle natoer opoffere foar auto's...

Is it dêr oars sa drok
dat der safolle parkearplakken nedich binne?
of is dat allinne foar festivals,
fregen wij ús ôf


De rinpaden hawwe dêr Fryske nammen
en ferkearsbuorden binne twakleurich



der stie ek noch in auto op P9

en hiel yn de fierte op P1 stiene ek noch in pear...

Wij hawwe ús 7 kilometer fernuvere...

dinsdag 8 maart 2016

Pynlik


Yn de kategory pynlike adfertinsjes ..........

zaterdag 5 maart 2016

Birth of Joy

Op 28 febrewaris 2014 wie ik yn Asteriks
foar in jûntsje
Birth of Joy,
We sell guns en
the Flying Trascals.
it wie in prachtige jûn
wêr't in (hammond) oargeltsje
sintraal stie.
en dat allegear foar 5 euro.

Op 4 maart 2016 wie ik wer yn Asteriks
foar in jûntsje
Birth of Joy en Silverfaces
en wer stie it oargeltsje sintraal
mei twa bands
en no foar 10 euro

Silverfaces:
in net oertsjûgjend earste nûmer,
mar dêr nei
in spetterjend optreden.
Foaral de uptempo nûmers
brochten it publyk yn in boppestebeste stimming
de jûn wie gelyk al slagge

Birth of Joy.
wat in muzykfeest,
wat in power
wat in lûd
wat in enersjy en
wat lûd

it like wol of hiene se de seal hast stil
en dat is in keunst yn Asteriks

Moaie jûn
mei echte Birth of Joy leafhawwers
of moat ik miskien sizze Doors fans....

en krekt as twa jier lyn
koe ik wer mei werom ride
mei twa fan dy Birth of Joy fans:
Simon Paul en Peter tige bij tige

vrijdag 4 maart 2016

It makket mij neat út

"It makket mij neat út"
klinkt wat ûnferskillich....

Yn de diskúsje oer in needopfang
foar asylsikers yn Wommels,
is dat myn reaksje.

It betsjut yn myn gefal
dat ik net tsjin bin.

at ik sis fan "foar"
dan soe dat betsjutte kinne
dat ik it graach wol.

dat is it dus net.
ik bin gewoan net tsjin.

"Tsjin" binne foaral de minsken
dy't gefoelich binne foar dy negative stikjes yn kranten
dy't bang binne dêrtroch

ek minsken dy't er flak bij wenje
en foar harren eigen gefoel en eigen belang opkomme
is it begryplik dat sij net tsjin asylsikers binne,
nee, dat foaral net,
mar tsjin asylsikers op dat plak.

hie it gemeentehûs leech stien
en dat wie geskikt achte  foar needopfang
dan wiene wer oare minsken
in oare snútboekside begong.

Ik bin it mei Ultsje Wiersma iens
"wat is in getal no?"
200 sûnder problemen of 50 mei problemen

ik bin ek foar in maksimale termyn fan 2 jier,
want 2 jier lang wurdt it hjir oars,
it praat sil hiel faak gean oer "dy" asylsikers
yn goeie en minne sin.

dat se hjir aansens wenje,
it makket mij neat út






donderdag 3 maart 2016

ZZTop


San adfertinsje freget om in reaksje........



.....dus op goed gelok dizze mar ynstjoerd
en de datum alfêst yn de agenda setten