donderdag 30 juni 2016

Ferkearsrigels

Ja, dat wie efkes skrikken foar dy jonge op dy fiersten te grutte trekker.
Soe der samar efkes om in auto hinne wylst ik der al hast neist  fytste.
Hij sil wol tocht ha, dy man op de fyts dy stoppet wol of dy giet wol op de stoepe .
Net dus..  mei ferburgen eangst foar dy grutte tsjillen, bleau dy fytser  moai op de dyk  en sakamen beide stilsteand tsjinoer elkoar te stean.
Krekt  neist de auto, wêr’t dy trekker  omhinne moast en wêr’t hij efter wachtsje moast.
Fanút syn machtige hege  posysje wiisde it bestjoerderke  nei de stoepe.
Fanút de bedelte joech  de fytser oan dat efterút ride de beste opsje wie en neffens de ferkearsrigels de goeie opsje.
Der barde neat.
It rút fan de trekker gie net iepen, der waard gjin wurd sein  en sa duorre it in minútsje foardat de fytser fanút syn machtsposysje yn de bedelte  romte joech.
De tiid menear de trekkerrider  miende te pakken sûnder respekt te hawwen foar fytsers, wie no al ferlerne tiid wurden.  Miskien in leske foar in oare kear….?

zaterdag 25 juni 2016

Niscz en Wiegels Wjukkelmasjine



Wat in prachtich en professioniel optreden fan Nicsz, de band út Boalsert en omjouwing op it strjitfestival Bolsstjurrich
Sa goed der oer neitocht wie wa't wat docht mei de Beatle lieten!
Want de 2 setsjes Beatles levert in grut ferskaat oan nûmers op mei in hiel soad fariaasje.
Moaie gefoelige nûmers as Black Bird en Here comes the sun waarden like moai brocht as de rûgere  Twist and Shout en  A Hard days Night....
Prachtige ôfwikseling fan ynstruminten en foaral fan stimmen.
In prima ôfsteld lûd dat mei ek wolris  sein wurde.....

It wie 90 minuten genieten........




Jaseker Jan de Boer, wij hawwe it sjoen. Op 24 july in festival yn Riis...
Spitich dat ik dan mei fakânsje bin


Heal muzikaal Boalsert dêrnei rukte út foar Wiegels Wjukkelmasjine.
Men trotsearde sels de rein.
In gesellich optreden, dat is de hearen en dame wol tabetroud.
It lûd wie betiden wat minder mar miskien kaam dat wol fan de rein


En nei  al dat stjitteater wie ek Wiltsje fan Peasens noch te hearen fanôf it wetter

maandag 20 juni 2016

Lets go Murphy




Selden sa'n strak konsert meimakke
as juster yn de Oosterpoort
9 oere begong it
10.30 wie it dien
90 minuten fol gas
it wie útputtend
it wie fermaaklik
it wie punk
it wie rock
it wie folk
it wie feest
foaral dat lêste

wij stiene foaroan
earst yn de midden
mar fanwege iets te entoesjaste leafhawwers
om ús hinne
binne wij wat opskood
nei iets mear fan siden
om bûten de springerij te bliuwen
wat ha we songen
wat ha we genoaten

en nei 90 minuten
stoppet it
en wurdt er net seurd om mear
it wie genôch
it wie bestgenôch

ik wie kapût
ik hie toarst




zaterdag 18 juni 2016

Generaasjes




Oppasse....op Samme. 
Machtich. 
Syn heit en mem sille wol tocht ha: pake altyd mij syn the Who sjurt en syn "my generation". 
Dy bliuwt mar hingjen yn dy âlde tiid. 
Dus krige hij in kreas teasjurt oan mei in tapaslike tekst doe't hij fannemiddei kaam......
Wij hiene it der efkes oer en hij seach mij oan of woe der sizze: 
dêr hast net fan werom ouwe.....

woensdag 15 juni 2016

Fytspaad

Ik mei mij sels best wol in deskundige neame
op it gebiet fan fytspaden;
dat wol sizze
de kennis oer
wêr't fytspaden binne.....

Sneon waard ik ferrast.
Underweis fan Hilaard nei Jorwert oer Hegens
like it ús wol aardich om in kear op te fytsen nei Fûns.
in útbuorren tichtbij Jorwert
opfytse, want it rint dea.....


Grut is ús ferbazing at dêr
oan de ein fan de twa huzen en twa pleatsen
in boerd stiet mei "fietspad"der op
en wat fan in fytspaad.
wij sjogge sa fier wij sjen kinne in lange wite slinger fan margrieten



wij beslute dy kant ut te gean en litte ús ferrasse wêr't wij út komme sille

margrieten mei hjir en dêr in klaproas



Wij komme út yn Bears
in alderaardichst doarp
mei folop fertier



zondag 12 juni 2016

De oare kant fan it stek

Anne Brouwer naam freed ôfskie  as lieder fan SDS 1,
25 jier lang wie hij dêr mei dwaande.
Ik spruts efkes út namme fan oare SDS supporters:

De leste wiken roppe de affysjes yn ús doarpen us fan alles ta.
Net mear whatsappe op de fyts,
in sirkus op de Terp yn Wommels
en........ Anne Brouwer nimt ôfskie.

Dat leste wie al gjin nijs mear mar toch.
Yn op é Skille stie it okkerdeis sa treffend yn de kop:

Nei 25 jier lieder bij SDS 1 stiet er tenei oan de oare kant fan it stek

Oan de oare kant fan it stek.
It plak wêr't wij as supporters al 25 jier stean.
Oan de oare kant fan it stek is foar Anne net in allinne  in simpel meterke nei efteren.
Nee, it is folle mear.
It is it ôfsluten fan in lange tiid in rol spile te hawwe bij SDS .
Bij SDS 1.
Yn it ferhaal fan op é  de Skille en en ek yn Diggelfjoer wurdt yn fûgelflecht  de hiele karriere as lieder trochrûn.
Ik tink sûnder plakboeken derbij, want Anne hie it allegear noch út é holle,
skat ik sa yn.
It sil in perioade west ha mei alles der op en der oan.
Begong yn 1991 mei Hylke de Vries as trainer.
1991,
wêr is de tiid bleaun?
Yn 1991 adfertearden de Gebr Vellinga yn de Treffer mei




Wie Ruiter noch aktyf as molkboer yn Womemls en Lollum en yn syn adfertinsje stie altiten











Fuotbalskuon en oare sportartikelen waarden noch kocht bij Harry Okkema en net fia in tsjuster websinkeltsje yn Sjina


Yn oktober 1991 dan is Anne noch mar in pear moanne oan de slach dan stiet dit yn de Treffer
Wisten jim dat......


Ik haw gjin idee wat dat lêste is, mar dat hij it 25 jier úthâlde soe..dat kin net at hij allinne troch de froulju op hannen droegen waard. 25 jier lyn 1991 in kompetysje mei:

25 jier lieder
mei djipte en hichtepunten,
mei degradaasjes en promoasjes.
Spilers kamen en gongen,
trainers kamen en gongen mar Anne bleaun.
Ek doe't de wrâld  twa kear stil foar de famylje Brouwer.

Anne dy't as lieder altyd krekt wat mear wist as ús efter it stek.
Dy’t dan krekt wol of krekt net wat fertelde.
Wolris wat geheimsinnich die.
It wol wist, it net sei.
Mar dêrom koe hij it ek sa lang úthâlde.
No is it 2016,
25 jier letter en is it dien. 
Ut namme fan  alle supporters
Anne,
fan herte wolkom oan dy oare kant fan it stek.

Petearke

Op tongersdei doch ik mei oan de pleinwacht
dat is meast in "drok" healoerke
want je moatte oeral eagen en earen ha.

Ik brûk myn earen it leafst foar moaie petearkes.

"Meester, weet je waar ik op vakantie naar toe ga"
freget in Marokkaans famke mij.
"Marokko"sis ik sûnder nei te tinken;
"Bijna", je mag raden, Belgie, Duitsland of Algerije
"Algerije" sis ik
"Ja", ropt se entoesjast, "hoe weet je dat?"
"It wurdsje 'bijna" ferriedt in hiel soad", sis ik har.
"Hoe lang, waarom daar na toe, ben je er eerder geweest"
allegear fragen dy't ik har stel.
Se giet nei har heit yn Algerije, se giet foar it earst
en se hat er sa'n sin oan, docht bliken,

Der ûntstiet in moai petear,
wêrbij ik it antwurd skuldich bliuwe moat
wat de haadstêd is fan Algerije
en dat ik ek net wit
wêr't de stêd leit dêr't se hinne giet leit,
it seit genôch oer mij.

"Drie weken naar Algerije
en nog twee weken op de kamping"
"Wêr is dy kamping?"
"In Oudemirdum" jout se oan
"Ah, de Wapse,"jou ik gelyk oan.

Ferbaasd sjocht se mij oan....
"ken jij die?"  

Ja, ik wit no ien kear mear
fan Aldemardum as fan Algerije....
tink ik


maandag 6 juni 2016

De kuolboks fan Klaas




In dei mei de bus nei Fortarock freget in goeie tarieding
kaartsje foar de bus
kaartsje foar it terrein
beurs en tillefoan
sinnebrân,sinnebril en in pet
en fansels  in hapke en in snapke

dat lêste is nedich
want it wurdt  in lange reis der hinne
en in lange reis werom.

en sa steane wij
moarns om 8 oere
oan de Terp yn Wommels
mei taskes fol snobberij
te wachtsjen op de bus
en dêr stiet Klaas Kamstra mei syn kuolboks
mei wat kâld bier
foar him en syn maten
foar de weromreis
want metal en rock makket toarstich en hongerich

"dizze bus bliuwt hjir net stean hjoed"
seit de sjoffeur at wij te plak binne yn Nijmegen
"jim kinne neat yn de bus efterlitte"

as in tongerslach en in bliksumskeet komt dit oan,
lichte panyk makket him master fan de groep
"hoe moat it no mei de woarst?
en de hite nútsjes,
de beleine broadsjes,
en it drinken,
hoe komt it mei de kuolboks fan Klaas?

En sa steane wij al foar tolven moarns,
foar de yngong fan it terrein
woarsten te iten
broadsjes te kôgjen
hite nútsjes te knabbeljen
en ....in kuolboks leech te drinken

mei folle búken,
it iten en drinken oan de strôt ta
kinne wij nei binnen;
lege tassen efterlittend
yn  de beammen
en in lege kuolboks ......yn it strewelleguod

jûns 11 oere is it dien
tiid om de bus wer te sykjen
en sjogge wij dat
de lege tassen der noch hingje
en sjocht Klaas dat syn kuolboks der noch stiet
leech
sa't Klaas him efterlitten hat
want it bier wie 12 oeren earder al opdronken.

Klaas is wer thúskommen mei syn kuolboks
dy kin oare kear wol wer mei...


Wat in dei sa'n metaldei


In lange moaie dei juster.
Moarns om 8 oere út Wommels 
nachts om 3 oere wer werom
yn de bus mei
13 man út de buert fan Easternijtsjerk
15 út de buert fan Wommels
en inkele losrinnende rockers/metalisten oppikt
yn Snits, Kampen, Swolle en Dolfijncity

21 optreden dêr yn Nijmegen
yn it tige waarm Goffertpark;
troch oerlap fan 4 bands neat sjoen
mar fan 17 oaren wol
en wat in ferskaat
wat in fermaak
parchtich en machtich
mei allegear gesellige minsken

wat in dei sa'n metaldei


Hjir bij de black metal fan Dark Funural út Sweden


hjir bij de Noaren fan Amon Amath....machtich

it ferrassend moai, suver yntym optreden fan de hardrockers Bombus ek út Sweden

It bysûndere optreden fan Babymetal út Japan, Se setten de grutte tinte op 'e kop mei harren oansteklike paskes, sûnskes, stimkes en strakke band

Fan tichtbij sjocht er sa út......


It gesellige optreden fan Eluveitie út Switserlân..Lekker folk metal....

King Diamond mei in folle bak 




Obituray



en allegear gesellige minsken
mei harren sjurts
dy't oanjouwe wat se al meimakke ha op muzykgebiet
en oare moaie teksten sa as : Wij sille nea knibbelje



vrijdag 3 juni 2016

vW


"Wist wol wat dat vW stoarn is"
frege myn frou juster middei doe't ik thúskaam.
"VW", doe bedoelst van Wermeskerken?
Se ferwiist mij nei  op'e Skille
en ja hjer dêr stiet it dus...

Peter van Wermeskerken,
better bekend as VW 
wie learaar op de Mulo yn Wommels

It wie menear van Wermeskerken 
sa't it yn dy tiid wie,
en it wie VW
at wij it oer him hiene
en at wij syn namme skreaunen

Learaar Nederlânsk,
en learaar Dútsk,
mar mear noch in man 
mei entûsjasme, 
mei belangstelling 
mei ideeën
mei fleur en faasje

de man fan it toaniel en it kabaret

vW
sa no en dan seach ik him rinnen
tusken Iens en Wommels
dan wie hij op wei nei de winkel
en de byb

Op dat lêste plak haw ik foar it lêst mei him praten
oer syn honger nei boeken en it lêzen
en mei waarme belangstelling frege
hij hokker boeken  myn belangstelling hiene
en hij fertelde oer dat prachtige boek Stoner.

in oantal wiken letter hie ik Stoner yn é hús,
want in tip fan de eardere learaar Nederlânsk
dy slaan ik net yn de wyn

Stoner, wat wie it in  prachtich  boek 
en ik wie fan doel om it der nochris mei him oer te hawwen
at ik ik him treffe soe
op it trekpaad oan de Boalserterfeart
tusken Iens en Wommels

dat slagget net mear
helaas....
in moai minske is dea
hij lit bij mij  geweldige herinneringen efter



tredde klasse Mulo, toanielspylje


mei vW as regisseur en haadrolspiler