maandag 30 april 2012

Blues feest yn Easterein

At de R yn de moanne wie, wie it tiid foar levertraan. Dat smoarge goare spul dat hiene je nedich om de winter troch te kommen. Alle dagen in leppeltsje fol en letter sa goare plastik kapsule. Ja, dat wiene nochris tiden.
At de R no yn de moanne is, is der in bluesmiddei-jûn yn Noflik Easterein.

De blues yn Easterein is mei opsetten troch Auke Bloemhof (Feyenoord hert) fan de Blues Busters mar is hielendal oernommen troch Ab en Yvon fan Noflik Easterein..
It sukses fan de BluesCruise yn Easterein strielt der dit jier ôf. De leawhawwers komme fan hein en fier. Machtige jûnen mei allegear fleurige minsken dy't fan de blues hâlde en fan noflikheid. (at dat wurd net bestie, dan bestiet it no)
Snein wie it dizze winter foar de lêste kear en de Blues Buster wiene fersterke mei B.J. Hegen de 69 jierrige sjonger út Drinte. Krekt as ferline jier hie der syn reade jaske wer oan, syn pet hat wierskynlik nea fan de holle ôf west en syn blues komt noch altiten út de teannen.


 Fanôf septimber giet it wer los, de lêste snein fan de moanne. De tagong is ek dan wer fergees.

vrijdag 27 april 2012

Lintsje



It hat Beatrix goed talike om in lid fan de famylje Hofstra in lintsje te jaan. Broer Hessel krige it fersiersel omhongen. Wij wiene útnoege en seagen it oan. Der wiene noch 4 minsken dy't ek foar doarp en feriening in soad goed dien ha. Hessel hat him fertsjinstlik makke foar ferienings yn Wommels. At der dan dochs lintsjes útrikt wurde dan soe hij dêr seker foar yn oanmerking komme.
Dat hat de keninjinne goed  sjoen.
Der binne minsken dy fertsjinje it (neffens de rigels) en dy stelle dat ek op priis.
Myn broer is grutsk. Ek ferbaasd dat safolle minsken it fan te foaren wisten en hij net.
Syn frou Nannie soe ek in lintsje ha moatte. Allinne al om dy freeslike lêste wiken.
Minsken útnoegje, fan alles regelje en Hessel mei it net witte.
Neat foar har.
Hoe krij ik him yn kreaze klean nei it gemeentehûs sûnder dat er wat yn de gaten hat, dat koste har in soad harsensskrabjen.
Ik leau dat se op de dei derfoar al syn broeken yn de waskmasjine smiten hat, op ien nei. In kreaze broek. It is allegear goed slagge. Wij ha der ien op nommen.
It is moai sa.
Ien Hofstra mei in lintsje is moai genôch. Dêr is de hiele famylje tefreden mei.

Gerrit


Aaipop hie tongersdeitejûn de ôfsluter fan it 25 jierrich jubileum. Bij de nijsgjirrige útstalling yn Tresoar wie in optreden fan Gerrit Breteler en Clara Rullman.
Ik hie Gerrit al in jier as twa net heard en ik moat sizze hij is net feroare. Hij hat syn fêste oandachtspunten (betiden eamelpunten) en dy rûn hij ek no wer troch en it kaam mij bekend foar allegear.
Syn avontoeren yn Skotlân, syn Twentse ôfkomst, syn libben op it fertuteaze plattelân, syn striid tsjin de oerheden en it rekwium.
Gelokkich kin Gerrit moai sjonge en Clara goed spylje (en sjonge) en dat makke de jûn boeiend genôch.
De gastfrijheid fan Tresoar en Aaipop op dizze jûn wie wol hiel grut.

woensdag 25 april 2012

Jim Morrison

Dêr rin ik dan op in sneintemoarn yn april 2012 op in tsjerkhôf yn Paris. Ferdwaald tusken al dy grutte grêven fan rike Frânske famyljes. In boekje yn de hân mei dêrop wat ferneamde deaden. Ik ferbaas mij oer de meast ferfallen grêven mei hjir en dêr in nij grêf fan in rike Sjinees.
Ik kom in plysje auto tsjin en ek wat touristen. Te herkennen oan de fototastellen.
Ik gean op syk nei seksje 6. It moat earne op in ferlitten plakje wêze. In tuskenpaad.
Yn seksje 6 is it net ferlitten. Drok sykjende minsken krekt as mij.

Drangstekken kom ik earst tsjin. Bij ien grêf op dit grutte tsjerkhôf steane de drangstekken. It grêf fan sjonger Jim Morrison. Deagien doe't hij 27 wie. Sjonger fan  the Doors.

Ien fan de grêven wêr't in soad blommen bij del set wurde. Ik hear Frysk om mei hinne praten. Net allinne fan myn famyljeleden mar fan mear. Ik hear Ingelsen, ik hear Dútsers en ik sjoch sels Japanners. Bij gjin inkel grêf is it sa drok.


It grêf, fuorttreaun tusken de grutten

en ik sjoch de beam...
dy't folplakt is mei kaugom...mei teksten, mei figuren....
Light mij fire.




vrijdag 13 april 2012

Donald Duck

Ien kear yn de wike draai ik in pleinwacht bij ús op skoalle. Eagen en hearen iepen en hope dat de bern it wurd "boartsje" op in goeie wize yn de praktyk bringe. Oer it generaal falt it best ta en gelokkich  is der dan ek wat tiid om wat te praten mei dy en dy.
De bern komme meast sels wol mei harren fragen. De earste wiken wie dat foaral: "binne jo ek master, hoe hjit master en wêr wurket master".
De twadde wike kamen der wer oare fragen: "Is master Sinterklaas, de krystman of Perkamentus". De earste figuren twa hie ik wol earder heard mar Perkamentus kaam mij net bekend foar. Ik wit noal dat it in figuer út Harry Potter is en dat it net in ferkearden is.
De tredde wike waarden de fragen fan in noch heger nivo:  "Wat fynt master in enge film"
Dêrop moast ik it antwurd skuldich bliuwe. "Ik sjoch hast nea films", joech ik oan.
It like mij goed om in tsjinfraach te stellen oer boeklêzen.
Wij holden fan ferskillende dingen die bliken.
Uteinlik kamen wij út bij de Donald Duck. Hij lêsde it blêd no altiten en ik dat ek doe't ik sa âld as him wie. Wij wikselden ús favorite Donald Duck stripheld út en doe gie de bel.
Hjoed seach ik de Donald Duck yn de winkel lizzen. Meinimme tocht ik, âlde herinnerings ophelle, werom gean yn de tiid en oare wike mei him der prate.
Ik trof it net min. Want it wie de Fryske Donald Duck. Dat moat wol goed wêze.
Ik hoop dat ik him nije wike wer tref en noch wit wa't it wie. Hij krijt fan mij de Fryske Donald Duck en hoop fan herte dat er dy ek mei like folle wille lêst as de oaren. Ik haw dat seker dien.

woensdag 11 april 2012

Aaipop 2012

Foar dizze edysje fan Aaipop wie der al wer in lytse diskusje oer wat Aaipop no krekt is. It wurdt karnafal en doarpsfeest wurdt dan oan de iene kant neamd  wylst it poadium foar de Fryske muzyk mij oan de oare kant wat better yn de earen klinkt.
Dat de bekinde muzyk resinsint fan de LC net sa folle op hat mei Aaipop sa't dat no fierd wurdt is wol dúdlik. Hij lit al jierren gjin kâns slûpe om de klam op de feestútspattingen te lizzen en dan net as posityf elemint. Dat fynt hij. Dat mei, like goed dat ik wat oars fine mei.
Spitich dat dy skriuwer fan it stikje yn LC yn foto's en kolommen de "heale" lêzers op in ferkeard spoar set. Anneke Douma en notabene Country Wytske krije de oandacht dy't se net fertsjinje.
Ik haw yn alle gefallen grutte muoite hân om dat lêste optreden ek noch mei te meitsjen nei safolle goeds.  Dat lêste healoerke wie karnafal/doarpsfeest mar de oare 7,5 oere wie dat net it gefal. Oke, Hûnekop wie ek in oere doarpsfeest foar de leafhawwer en dat haw ik ek foarbij gean litten.
Wat haw ik as leafhawwer fan stevige muzyk genoaten fan Rekker, fan Vodkovs Grodzemods, fan Helder, fan Sebeare (ja,ja), fan Stiet as Quo, fan Bombarje en foaral fan Frisellica. Spitich dat ik net mear tiid hie en dêrtroch NNB misse moast.
En tusken al dat geweld socht ik efkes rêst bij in moai optreden fan Janna Eijer, dy't foaral útblonk yn har "striidlieten". Moai wie dêr bij ek, dat âld en jong safolle goeie oandacht hie foar dat optreden.
Doede Bleeker paste him oan oan it publyk haw ik heard. Dêr wie ik al bang foar. Ik bin in fen fan syn CD "Omarmd op Texel" en de gefoelige snaar hie hij thúslitten. Ik koe de switsokken, Loes har poes en de Dútsers  bûten rûke.

De organisaasje fertsjinnet in grut kompliment foar it iepen fjild en hoe't se dêr yn alle hasten noch op ynspilen: in fergrutte partytinte en wat reinponsjo's. Se wiene net oan mij bestege. Dweiltrochwiet wiene wij nei dy bûtenkonserten mar it wie it mear as wurdich. Frisellica wat in band!
It echte festival gefoel wie der hielendal. Om it fan it begjin oan de ein mei te meitsjen (it iten hast net,  it drinken krekt wol oan tiid) moast ik wachtsje op it Fryske folkliet. Dêrom moast ik de ellinde fan Anneke en Wytske ek trochstean.

Alles goed en oké moandei? Hast!
Der kinne om mij wol wat minder optredens wêze. Ik moat no tefolle misse en dat stiet mij net oan.
Fierders haw ik al fan meardere heard dat der te min gelegenheid is om efkes te sitten. Alinne de Aaiseal jout dy gelegenheid, mar at dat jierren begjinne te tellen is 6 of 7 oeren stean wol hiel lang.

Mar wat mij foaral ek opfoel wie dat it lûd yn de Hark-en Huverseal net sa goed wie as op de oare plakken.  En dat fûn ik sneu foar Bauke van der Woude en kombo, foar Jaap Louwes en band en myn broer fûn dat sneu foar Ernst Langhout en band.
Ik sjoch al wer út nei in iets lytser Aaipop mei stevige rock yn de bûtenlucht yn 2013.





vrijdag 6 april 2012

Yn de moderne wrâld...

Ernst Langhout en Johan Keus komme moandei ek op Aaipop. Dy mei ik graach heare. Dy sil ik seker net misse.
Altyd moaie teksten fan Ernst en fantastyk gitaarwurk fan Johan.
De beide Dylan yn it Frysk cd's kin ik net faak genôch heare.
It is de muoite wurdich om dit nûmer hielendal te hearen
En foaral ek te sjen troch in prachtich tekenfilmke.

The Dubliners bestean net mear

At ik op nternet stean sjoch dat Barney McKenna dea is, dan begjint bij mij net gelyk it ljocht fan herkenning te brânen.
Barney McKenn? Wêr kin ik dy fan?
It wurdt oars at myn swaeger en grutte Dublinerfan twittert dat Barney McKenna dea is. Hij wie de lêste Dubliner. De  oaren dy't the Dubliners mei oprjochten ha binne al earder ferstoarn.
Hij wie tink ik de man dy't de lêste jierren op it poadium wat efterôf siet, meidie sûnder te bewegen.
Dat byld haw ik noch fan al wer in jier as wat lyn yn it FEC, doe't se dêr as in soarte mei etalaazjepoppen optreden.
Myn lêste kear Dubliners haw ik doe sein.
Mei de dea fan Barney McKenna bestean foar mij the Dubliners net mear.
It is no oer, út en dien.
The Dubliners dea, mar harren muzyk libbet troch. Bij mij troch de elpees. Ik tink de earste elpees dy't ik kocht yn de jierren 70.
De muzyk libbet troch mei help fan myn Cd's en DVD's, dy't ik yn de rin fan de jierren ek oanskaft ha. Dit wykein mar wat Dubliner muzyk draaie as ôfskie.



Op 30 juli 1977 wie ik bij it ienmalich optreden fan the Dubliners op 'e Jouwer. Dat de parse net posityf wie, kin ik mij no noch net foarstelle. It wie in lust dêr te wêzen.


In jier letter wûnen Tamminga, Eringa en van Dijk it sealkeatsen (en ik wie tredde sa te sjen), kaam doarpsbelang Hichtum bijelkoar (en waard ik skriuwer), skynde ik doe ek fan Wolga muzyk te hâlden en treden the Dubliners wer op yn Fryslân.
Yn de Thialf Yshal koenen wij foar 17.50 gûne der bij wêze.

2006

1980


woensdag 4 april 2012

Eigen belang

It wie in moaie tiid doe't bij Ljouwert de busbanen ynfierd waarde. Dat wie yn de tiid dat ik regelmjittich mei de bus nei de haadstêd reizge op de fyts of mei de bus.
It joech as busreizger in goed gefoel. Net yn de rige auto's bij Marsum stean mar trochride oan de stopljochten ta.
In goeie saak tocht ik doe, want it soe samar kinne dat dêrtroch mear minsken mei de bus reizgje soene, ynstee fan allinne yn de auto.. Dat wie in misfetting. Busbanen waarden yn de rin fan de tiden langer omdat ik de files langer waarden.
De lêste 12 jier fyts ik alle dagen nei Snits. Mei de bus reizgje is der net mear bij.
It frjemde is dat ik yn de buert fan de stopljochten yn Snits in hekel krij oan de bussen. Bij it spoar en bij Bogerman alteast.
It kin net oars wêze dat dy sjoffeurs in kasje yn de bus hawwe en dêr op drukke at hij hûnderten meters fan it stopljocht ôf. It kin net oars dan dat de ljochtynstallaazje in sinjaaltsje opfangt oan dat reade of dat griene ljocht te beynfloedzjen. Grien reageart "ik moat dus op grien bliuwe want der komt in bus oan" en read reageart "as de soademiter nei oranje en grien"
Hiel ferfelend at je krekt in skoft wachte ha, je der wis fan binne dat je oan de beurt binne en at der dan sa'n "ferfelende Stoffel" oankomt dy foarrang hat.

dinsdag 3 april 2012

Besikers

It is nijsgjirrich om sa no en dan efkes nei de statistiken te sjen fan in webside. Doe't ik al hiel lang lyn begong mei  de webstek "sibedeseefûgel" wie it noch lestich om in goeie teller te pleatsen. Doe't dat slagge wie it motifearjend om troch te gean. omdat ik wat sicht krige op oprinnende besikersoantallen.
Sibe is der net mear.
Aansens 10 jier lyn hawwe Willem Wijnia  en ik http://www.vv-sds.nl/ op de fuotbalkaart setten en der foar soarge dat de webside in wichtich plak yn nimme koe binnen de klup.
Yn 2002 begongen wij mei in 30 oant 50 besikers op in dei en seagen de jierren dênei oprinnende besikerssifers mei wille oan.
Bij it mei opsetten fan http://www.wommels.nl/ wie it al net oars: de besikerssifers waarden sels al "analyseard" om te sjen hokker kant it út moast, sadat ek dy side in goed plak krige yn de mienskip fan Wommels.
Tsjintwurdich hâldt myn grutte kameraat "Google" alles foar mij bij. Ik hoech der net iens om te freegjen. Slimmer noch, Google freget mij net iens at hij dat foar mij dwaan mei. Hjoed mar efkes sjoen nei de 300 lêste besikers. Tige nijsgjirrich dat myn fens ek al yn Moldavie, China en Georgie sitte.