zondag 26 oktober 2014

Tûzen

It begjin

Is dit in earste stapke op it grutte wide web?
Nee, dit is in nij stapke.
En miskien wol in stap.
Altyd dwaande om websiden te fullen fan bijgelyks fuotbaljen, keatsen en doarp. En net te ferjitten yn it skiere ferline fan myn freon Sibe de Seefûgel.
Bij dat fullen kinne je gelokkich ek wat fan je sels kwyt.
Mar it docht hieltyd mear bliken dat minsken earder op de teannen trape binne. Dat dit sa is wit ik út erfaring, want dêr haw ik sels ek lêst fan.
En omdat ik in hekel haw oan hieltyd mar wer ôf te weagjen wat wol of net pleatst wurde kin en wat wol of net goed is foar de klup of feriening en omdat ik oer in hiel soad dingen in miening kwyt wol, begjin ik dizze blog (wat in ferskriklik wurd) Dat dy blog yn it Frysk is normaal liket mij.
Ik hoop myn aai hjir kwyt te kinnen.
Sa faak as mooglik.
En let wol wat de titel is: datfynik.
En dat betsjut dat jim wat oars fine meie.
Like mij sels prima.

------------------------------------------------------------------------------------------------------------

Dit wie op 23 desimber 2007 myn earste stikje.
op dizze blog
Bin no hast 7 jier lang dwaande
999 stikjes
Dit is nûmer tûzen
dy giet oer neat
dy giet oer tûzen
tûzen stikjes
dat is in goeie 140 per jier
dat is 12 per moanne
dat is.....


en 1001?
dy komt ek
dy giet oer Indie
dat wit ik no al.
en dêrnei?
dan giet it ek troch.
miksien binne de sifers oer 7 jier wol oars
minder kollums
minder stikjes
want neist de blog
is der wat bij kommen

twitter sûnt in jier as wat
feestboek sûnt dizze simmer
beide binne oanfullend
mar wat de takomst fierder bringt?

In rêstich muzykje, mar ja dat krije je at je dit op sneintemoarn betiid skriuwe.


vrijdag 24 oktober 2014

Lûd fan in berch





Tsjeard en Berber hawwe ús tongersdei witte litten dat sij op 5416 meter oankommen binne.
Sij binne lâns de pas gien wêr't de sniestoarm húsholden hat.
Dy wie wer iepen.
It soerstofgehalte is dêr 45 %.
Mar  sa't kollega Martine op feestboek sei:
 Sij minder lucht mar bij jim opluchting.

en sa is it mar krekt.

woensdag 22 oktober 2014

Reine

It waar
dêr begjint de dei mei
wekker wurde
de sinne al skinen sjen
of de wyn al gúlen heare
of de rein
dy't tsjin it rút klettert

Pyt harkje
mei ien ear
ek noch in heal ear
wat makket it ek út
at it no wiet is of droech
de wyn noard is of súd
fytse doch ik dochs wol
nei Snits
3 dagen yn de wike
of 4

It sil reine
groue buien
wurde ferwachte
it reint hûnen en katten
it storeint

it is hjerst
it waar is omslein
it wurdt wiet
seit Pyt
seit weeronline
seit it KNMI
seit buirenradar

reinpak mar mei

moandei
moarns droech
middei droech
tiisdei
moarns droech
missdei op trije drippen nei (yn Easte rein ) droech
woansdei
moarns droech
middeis droech

Reine docht it hast nea
sis ik dan
dat is gjin gefoel
dat binne hurde feiten

Sjoch marris op
www.hetregentbijna nooit
hurde feiten
moaie statistiken
sjoch marris nei it oersicht 
fan septimber 2013 oant augustus 2014.

"mazzel" sei der dizze wike immen op twitter
dat wie it miskien ek wol
dizze wike
mar trochstrings
neat gjin mazzel
de moaie wierheid

dus myn goeie rie
fyts wat faker nei it wurk
want jim hoege it net te litten
om de rein.

want reine docht it hast nea.
en at it al reint dan seit Kees van Stijn
#hetismaarwater








zondag 19 oktober 2014

Spannend

Utdagingen...
Dat stiet hast synonym oanTsjeard en Berber
ús soan en syn freondinne
Utdagingen
foaral yn de sport

Earst wie dêr de ultratrail
ein augustus
twa dagen en in nacht
drave yn de Alpen
oer ûnferhurde , stroffelige paden
en dat allegear mei avensearskuon oan
om op tiid binnen te wêzen.

Wij koene it folge
fia de ynternet registraasje

En dan is it oktober
tiid foar ûntspanning
tiid foar de fakânsje
tiid foar in útdaging

8 dagen India
en dan nei Nepal
de Himalaya yn
nei 5400 meter.

Moandei 13-10
in whatsapp fan 3000 meter:
"moarn geane wij echt omheech
kommunikaasje net mear mooglik
op 26 oktober wer kontakt"

Tongersdeitemoarn 16-10
om 9.00 oere
de LC op tablet:
"Sniestoarm yn Himalaya
20 deaden yn Nepal
hûnderten berchrinners fermist".

Spanning snijt troch ús hinne
Fragen:
Wêr is it krekt?
Hoe fier wiene se?
hoe ist mei se ?
Wannear heare wij wat?

Dy selde tongersdei
Om 13.00 oere
whatsapp fan dochter Anne-Marije
"berjocht hân fan Berber en Tsjeard alles dêr goed"

Wat in opluchting............

De sniestoarm wie yndie op harren trajekt
mar op 4500 meter
dat wie noch in dei as 5 rinnen...

It is no snein 19-10
Deaden wurde burgen
fermisten wurde noch socht
mar it waar is opkreaze
de berch leit er noch
Tsjeard en Berber binne ûnderweis
nei boppen
"sitte op 3650 meter
sûnder stroom.
It is hjir prachtich
alles goed
gjin nijs
goed nijs
kommende dagen út de loft"

De spanning begjint wer
bij ús










vrijdag 17 oktober 2014

Op in snein yn Warkum

De hjerstfakânsje is oan de gong
De strontrace fanút Warkum
Tradisjoniel is it sneintemiddeis foarôf drok yn de haven
boaten en taskôgers
kreamkes, wat muzyk, wat iterij 
en allgear minsken









\


maandag 13 oktober 2014

The ZZ Tops en oaren


Sneontejûn
WTC - Expo
In grutte hal
Trije bands
wêrfan twa út UK

Rockallround wie de earste
de band fan Jos Harteveld en freonen
Earder diene se Pink Floyd projekten
Of Heroes of Rock
Moai foarprogramma 
Net te lûd
Net folle minsken

The ZZ Tops
Nea seach ik de echten
no seach ik in sjootsje
"brothers and sisters"
draaiende gitaren
rock en blues
in prima band
in best oerke
Better as de echten
seinen sommigen
ik leau it gelyk
flink lûd.
iets mear minsken

ACDC tribute
de echten seach ik nea
Knalle
highway to hell
hell aint be a bad place to be
thunderstrucks
dravende en in fleanende gitarist
skitterjende solo's
ACDC stim
ACDC power
ACDC
noch iets lûder
noch iets mear minsken


In moai treffen.
Fierstemin minsken
Mar gesellich fol
Lekker rockt mei Siem Sikma fan Dronryp en syn maat út Burgum
Sprutsen mei ien fan de  baardmannen  in projekt fan fotograaf Arie Bruinsma.
In Wuite út Sint Nyk.
Beide broers diene mei oan it projekt.



I
Mar wie it no Hein of is it dochsWouter??

zaterdag 11 oktober 2014

Poes

Wij hiene 2 poezen.
Wij ha no noch ien.
Alde poes is dea.
Pakesizzer Jelske (2 jier) wie sljocht op âlde poes.
Alde poes mocht Jelske ek graach lije.
Brokjes, molke, in hiel soad aaikes, in krûpke,
Dat krige  âlde poes fan har.
Bij ús bleau it bij brokjes en wat molke
en soms in aaike
Mar âlde poes is dea,
Under de auto
Net skerp mear
Alderdom.

Wiken letter
Jelske komt
Wêr is poes?
"Ik wit net "liich ik
want moat ik dan sizze? dea?
freegje ik mij ôf
Mear in tema foar heit en mem
om te bepraten
at se wat âlder is
tink ik

"Fuort" sis ik der efteroan
om de leagen iets lytser te meitsjen.

Noch wat wiken letter
Jelske komt
"Wêr is poes no"
"Fuort? "seit se der efter oan.
"Komt net wer?"
"Nee, dy komt net wer" sis ik.

Noch wat wiken letter
foarop de fyts bij pake
ik sjoch in  fûgel lizzen
heal yn de berm
Sij sjocht him ek
"Dea?" freget se
"Ja"sis ik, "dea"
"nei de himel" ferstean ik.
"Ja nei de himel" sis ik ferbjustere

"wêr't poes ek is"
wol ik der hast efteroan sizze
ik doch it net

Folgjende kear at se wer freget
wêr't poes is
kin ik it gewoan sizze
"Poes is dea
en sij is no yn de himel"







woensdag 8 oktober 2014

Dropkick Murphys


Ien fan myn moaiste klips.
Wol in bytsje hurd sette fansels








zaterdag 4 oktober 2014

Aldemardum-Wommels

It soe in moaie freed wurde.
Neffens Piet  in folle simmerdei 
 Jellie wurket yn Aldemardum.
Dat wurdt dus it begjin fan in fytstocht nei hûs.


Stiennen dy fine wij yn Drinte. 
In oantal binne trochrolle
Dy lizze yn Gaasterlân. 
Sa as dizze bij Aldemardum


Krekt bûten Aldemardum in earste heuveltsje
Yn de dize sjoch ik "Luchtwachttoren 647" opdûken


Murnserklif en dêrnei Murns.
De klokkestoel mei tsjerkhôf.
Ferline jier toffele ik hjir al in kear om,
 ik bliuw no bûten it stek



En fansels wer in ferdwaalde stien





Sa stiet sij noch yn de mist

En sa fyts ik krekt dêrnei yn de sinne


De stien der stiennen bij Reaklif.
Dêr moat je efkes by stilstean
Letterlik en figuerlik

De nije slús bij Starum
It seizoen foarbij.
Leech

It froutsje fan Stavoren sjocht lyk. as mij rêst yn  de haven


Ek yn Hylpen rêst yn de haven

Tusken Hylpen en Warkum op it rinpaad, wat ek wol te brûken is as fytspaad de grinspeal fan de eardere gemeenten Warkum en Hylpen.



 It is noch betiid op de moarn mar in fiskje giet der altyd yn. 
Ek yn Warkum


54 hearlike kilometers.........Wat is Fryslân (op de fyts) moai!!!











woensdag 1 oktober 2014

Foarútsjen SDS1 - Nijland 1

Tusken Snits en Boalsert leit Nijlân.  Nijlân dat kinne wij allegear fan Aaipop op peaskemoandei.
Nijlân hat ek in tsjerke en dat dy op dat plak stiet en bijgelyks net op it fuotbalfjild hat te meitsjen mei it ferhaal dat twa kastrearde bollen ( ik neam se foar it gemak mar efkes Ate en Teade) dy't útmeitsje mochten wêr't de tsjerke stean moast.
Nijlân hat ek in kroech, mar dy neame se dêr herberch. Neffens Feestboek binnen de bruorren Ate en Teade de Boer dêr west.
At se ek yn de tsjerke west hat kin ik no wer net fine op Feestboek. Dy bruorren de Boer dy  fuotballen earder bij de ienige fuotbalklup yn Nijlân.
Se wenje no yn it "gebiet fan SDS" mar dat hat harren noch net op it idee brocht om wer fuotbaljen te gean. Miskien dogge je dat ek wol net.
Fan Nijland nei SDS ta gean is sa iets as fan Ajax nei Feyenoord? Ik freegje mij ôf: Is der ea wolris in spiler oerskreaun fan de iene nei de oare klup?
Der is wol wat striid ûnderling. Mei oare wurden dit wedstrydsje dat libbet faak omraak as streekderby. Yn eardere edysjes waard der fan alles útfûn om elkoar út de konsintraasje te heljen.

Dat liket der dit jier noch net op. Fierder as wat ferbale "tasizzingen" fan Eelke en Cor op it Greidhoekfestival haw ik noch net heard.
Der is (falske? ) beskiedenheid bij SDS en der is miskien wol in nij soarte fan realisme bij Nijland. Nijland wie ferline jier foaral dwaande om net te ferliezen (wat hiel lang slagge), mar om de ein waard dúdlik dat it gjin promoasje oplevere.

Bij SDS hiene se ferline jier lêst fan "in jier te lang de Blaauw", en dat levere sok min fuotbal op dat it publyk betiden sels nei Nijlân ta gie.
Bij SDS sit it dit jier better yn elkoar, dêr soe ik as Nijland suver benaud fan wurde. It minste oantal doelpunten tsjin en de measte doelpunten makke.
De fan WPB hast as miljonair weromkearde Erik Haitsma is fris en fit yn lea en holle en dat docht de ploech goed. Dat wurdt noch in hiele klau foar Eelke.

Ik soe it hiele rychje fan SDS spilers opneame kinne wa't dit jier it fuotbal oars belibbet.
Nee, dit Nijland sil it yn Easterein net rêde mei wat yn de kont hingje, mar kin better de wedstriid mar begjinne mei in 3-2-5 opstelling. Dat levere ferline wike ek twa doelpunten op yn de slotfase en de oerwinning.
2014-2015 is noch mar krekt los en ik haw noch net de kâns hân om Nijland te besjen. Ik moat it helaas dwaan mei allinne de foarside fan de presentaasjegids (miskien nimme se sneon wol in komplete gids mei foar mij).
De koppen fan de artikels leart ús it folgjende:
Trainers Douwe en Pyt stribje nei de twadde klasse,
Hein Damstra is fêst fit troch shiatsumassage,
Aede Piet Hoekstra is lofts ,
Sjoerd en Teake Kooistra hâlde fan "full-gass fussbal" en
Hotze en Hendrik komme ek.

Bij SDS gie it de lêste wiken nettsjinsteande de oerwinningen ek oer de ôfwêzigen. Bij Nijlân is it al net oars: Erwin Hoekstra skuorde syn inkelbannen, Cor Goeman kin wol mei in brutsen tean spylje tsjin Tonego mar net tsjin SDS en Albert Jan van der Belt sjocht wat fierder as de toer fan Njilân, hij is op wrâldreis.
Oh ja, it stiet net yn de gids, mar wij kinne der fan útgean dat de hast altyd gniiskjende haadsponser Jouke Huitema, mei in blau-wite sjaal ek syn rûntsjes wer makket om it fjild hinne.
Foarbeskôgingen binne aardich mar it ferhaal gelyk nei ôfrin is miskien noch leuker mei in winner en in ferliezer.
Dêrom soe it dizze ôflevering fan SDS- Nijland unyk meitsje at de beide trainers nei ôfrin efkes efter in parsetafel yn de kantine plaknimme wolle en harren ferhaal dogge en yngean op fraachjes dy't libje, sa as de taktyk, de wiksels en de útslach.

Dat is better as it ferhaal allinne yn de bestjoerskeamer dwaan bij de bestjoerders.