woensdag 28 februari 2018

Klimdún

Yn Schoorl
is in klimdún
dy't hast elkenien wolris beklommen hat:
51 meter heech.

Myn herinnering giet werom nei in skoalreiske
wêr't it klimmen útdaagjend wie
mar it nei ûnder draven noch folle leuker wie

In hiele klim fûn ik no
wylst ik no lês
dat de winner fan de Klimduinrun
it yn 25 sekonden docht..........

Snein wiene wij dêr
mei de bern
en de bernsbern

Samme. Jelske en Roan








in selfie ....mei pake en beppe op de eftergrûn

dinsdag 27 februari 2018

Mats

Jierren lyn
doe't ik noch wurke op de Súdwester
wie dêr Mats,
in ICT stasjiêre fan de Friese Poort.

In aardige jonge
dy't opfoel omdat hij in bysûnder doel hie:
hij woe mûnder wurde fan berop.

No binne der net folle mûnen
en it like mij ek net maklik om dat te realisearjen

fol passy koe hij dêr oer fertelle
en wat mear ik mei him prate
wat mear ik oertsjûge wie
dat it slagje soe...

No in pear jier letter
is syn dream allang ferfuld
hij is mûnder op de ferfmûne bij de Zaanse Schans
ôfrûne simmer seagen wij efkes bij him

Mar in mûnder moat ek wenje
yn in mûne.....
dat fynt Mats.

Ofrûne snein seagen wij efkes bij him
want ek dy dream is ferfuld.

De mûne bij Groet.
dêr wennet hij
en wij krigen mei de heale famylje
snein efkes in rûnlieding
wylst de mûne folop draaide
seagen wij binnen
op de begeane grûn,
de earste en de twadde ferdjipping.

Prachtich





"zo draait de molen,de molen" song de lytste gast Samme


zaterdag 24 februari 2018

24 febrewaris 1978

Ut de krante fan 24 febrewaris 1978
samar in krante
mar net samar in dei......















en .....
it stie net yn de krante
mar is is wol wier





woensdag 21 februari 2018

Gjin wyn

"It waait net" sizze se wolris.
As fytser witte je dan
dat it fielt
as hawwe je yn 'e wyn ha

Fannemoarn lykwols 
fielde it echt as gjin wyn...

Selden sa meimakke...
sok moai waar
it wie in lust dizze 30 kilometer
hoewol,
dat fûnen myn teannen ent....









dinsdag 20 februari 2018

Hinneweromke Ljouwert






Op it stopknopke drukke
dat wie miskien wol it hichtepunt
fan de busreis fan Roan en mij

"ik fyn it moai mei pake"
sa sei hij in pear kear

wij binne mei de bus nei Ljouwert west
en werom nei Wommels
yn dat healoerke yn Ljouwert
seagen wij bij de treinen
bij de fytsen
bij de fontein
en bij de bussen

en piste hij wyld.....



maandag 19 februari 2018

Iisbaan


It is in winter fan neat
Dêr binne wij it allegear wol oer iens.
Al wer in winter
dy’t yn it rychje setten wurde kin fan
"gjin winter".

In winter fan neat,
foar alle iismasters,
ek foar dy fan Wommels.
Hij wol sa graach:
melde dat er in moaie iisflier leit.
de flagge ophingje bij de dyk
en it stek iepen dwaan.

Ferline wike
gjin berjochten oer winter
en de iismaster fan Wommels
luts in konklúzje:
it wurdt neat dit jier,
it wetter kin der wol út

en sa barde it……

Grien gers
sa seach it der út
op de iisbaan yn Wommels,
freed en sneon

Mar dan….
is it sneon,
dan komme de earste berjochten,
kaarten út Amearika
it wurdt winter,
en net sa’n bytsje ek

De iismaster sjocht se ek,
en freget him ôf:
haw ik hjir goed oan dien?

It wurdt sneontejûn
en de iismaster sit net lekker

It wurdt sneontejûn let
en it sit de iismaster hielendal net lekker

ik moat der hinne,
myn eardere ynskatting herstelle…
en sa skoot de iismaster fan Wommels
sneontenacht om 12 oere
it lûk wer iepen
sadat it wetter wer op de iisbaan rinne kin

en de iismaster fan Wommels
dy jout  him no wol del
en dreamt miskien wol fan in moaie iisflier.

Sa is it gien seit Pieter, de iismaster
at ik him moandei bij de brêge tref
en him freegje
wêrom der sa'n bytsje wetter op de iisbaan stiet

Mar it komt allegear goed
seit Pieter
at it echt begjint te friezen
is it wetter yn de iisbaan
der klear foar

Mar at er echt riden wurde kin,
no't hast maart is
mei in fûle sinne oerdei
dêr hat de iismaster fan Wommels twivels oer

In útwedstriid


Sa faak gean ik net nei in "fiere" útwedstriid fan SDS 1.
It moat ek yn de winter te befytsen wêze
sis ik altyd.

Mei broer Lolke dochs mar efkes nei Sint Jansgea west
mei de auto
nei DWP 1 - SDS 1.
Wij hiene it minder treffen kinnen.
It wie in prachtige enervearjende wedstriid
mei in goed resultaat:
3-5 winst foar SDS

Mei in skean each seach ik it B-fjild lizzen;
it eage wat fertutearze,
mar dat kin ek komme troch dat it nochal ôfstekt
bij it prachtige nije keustgersfjild.

Dat B-fjild
dêr spile ik myn lêste wedstriid
yn kompetysjeferbân
bij SDS 5.

Mei in jaloersk each
seach ik yn de kantine om mij hinne
wat in sfearfolle romte

mei it hiele liif fol ôfgrizen
seach ik de rookromte;
foar de doar fan de kantine
in oerdekte romte
wêr't elkenien trochhinne moast

dat soks mei weromwurkjende krêft ferbean wurdt
dat begryp ik.....


Jong bliuwe



Ald wurde is in geunst
jong bliuwe is in keunst

Sa stean ik wol wat yn it libben.
Omgean mei jonge minsken
en nije dingen dwaan.
Net alles altyd it selde
mar nije útdagingen oangean
dy't bij je passe....
want sa is t fansels wol.


zondag 18 februari 2018

Volewijckers

Ferline wike wie ik yn Amsterdam,
ien nacht oernachtsje

Amsterdam noard, moai plakje

ja, sei de bewenner fan de etagewenning
do sliepst hjir op it eardere fuotbalterrein
fan de Volewijckers
in eardere profklup út Amsterdam
dy't opgien is yn FC Amsterdam
dy't al gau  opheven is.

Volewijckers?
dêr bin ik earder west dus...
tocht ik gelyk,
en ik sjoch in kâlde dei foar mij.

it plakboek fan 1972 befestigt dat byld

út de tiid dat wij alle sneinen
earne in wedstryd meipikten




maandag 12 februari 2018

Afas Live

Dropkick Murphys leert AFAS Live feesten

Dat wie de kop fan dizze resinsje
dy't skreaun is nei it optreden
fan Flogging Molly en Dropkick Murphys
yn Amsterdam


It wie in heit/soan wykein
mei sweager Norman en syn soan Martijn
en ik mei ús soan Tsjeard

Tsjeard en ik wiene de ûnderwilens erfaren Dropkick Murphy gongers
want it wie nei Dublin, Grins, Amsterdam ús 4de kear

wij wisten sa'n bytsje,
wat wij ferwachtsje koene....



it wie ek mei troch Flogging Molly
in fantastyske jûn,
in muzykfeest
in sjongfeest
in bierfeest


bij dizze muzyk kinne je net stilstean
en dat wie mar goed ek, 
want foardat je yn de gaten hiene,
wiene de skuon fêstplakt:
nea witten dat bier sa plakte.

op wei der hinne
fanút Amsterdam Noard
sieten wij foar yn de Ierske pub 
alteast dat wie de bedoeling;
wij wisten lykwols net dat
Wales tsjin Ingelân spile,
rugby dus....
de kroech wie ôflaten fol;
sitte wie útsletten

Nei ôfrin de stêd noch efkes yn,
in kroechje hjir en in kroechje dêr,
De tram en Uber brochten ús wer " thús "
yn Amsterdam Noard








vrijdag 9 februari 2018

In tongersdei

Do ferfeelst dy noch altiten net,
sa'n retoaryske fraach
wurdt mij noch wolris steld....

Nee, en dat bin ik ek net fan doel


Nim no dizze tongersdei
in moaie winterske dei
dan fyts ik moarns earst
lykas frijwol alle wurkdagen
in rûntsje fan in kilometer as 30,

30, 
dat is lang genôch
om de fuottten goed kâld te krijen
fytse, brûze, kofje
en dan is it noch mar 10 oere
wat lêze
wat dinkjes útsykje efter de kompjoeter,
kontainer bij de dyk sette
wat lêze
Kûbaard noch efkes om fytse
kontainer wer ophelje
in boadskipke
wat lêze
wat ite, wat drinke



6 oere noch in lekker oerke bûten: SDS JO 15-1  traine yn Easterein

en jûns noch nei tsjerke
foar de ôftraap fan Under de Toer,
in projekt fan Kulturele Haadstêd

moai op tiid werom
foar Feyenoord Grins op tv
trije punten

Noch in oerke lêze
en dan is it al wer 12 oere......



woensdag 7 februari 2018

Gitaren

As leafhawwer fan gitaarmuzyk
krije je yn dit klipke wol je gerak


maandag 5 februari 2018

Blaue loft

Dit wurdt it jier fan kultuersnuve,
dat kin net misse.
Dit wykein al wer nei it Wilhelminaplein
en Oldehoofstertsjerkhôf om ynearsten it blaue ljocht te fielen.






Moai wie it..


Fanôf it iene plein nei it oare,
rinne wij graach bij ús eigen strjitsje lâns.




Underweis gedichten op doarren






en bij it eardere gebou fan de Wetterliedng
in útstalling oer ...wetter


mei gedichten fan ûnder oaren Pieteke de Boer .
It makke mij bliid dat der safolle âld
en foaral ek jong folk op strjitte wie
om wat kultuer mei te snuven
krekt as ús