woensdag 9 april 2008

Miljoenen

At er profinsjale ferkiezings binne dan is it opkomstpersintage meast hiel leech. Minsken hawwe dus neat mei dy iepenbiere lichem.
No folgje ik de profinsjale polityk net sa bot, mar ik krij betiden it idee dat se sa no en dan krekt dogge of binne se hiel wichtich.
Se struie dan ynienen mei jild op bepaalde saken te rêden.
Sa seach ik juster yn de krante stean dat se 11 miljoen útlûke wolle foar it ûnderwiis. Want wij hawwe hjir yn Frsylân in hiele protte tige swakke skoallen. Hoe dat komt wit net ien, mar it is wol sa.
Ynienen kinne de ûnderwizers der neat mear fan en komme de bern dom fan de basisskoalle.
11 miljoen dat liket in hiel soad mar it is oer hiel wat jierren en it giet om in protte bern en der bliuwt wer moai wat oan de strykstok hingjen, omdat er fansels wer hiel wat ynfuld en evalueard wurde moat.
Yn de selde krant stiet dat de fûgels 3 miljoen krije. Dat komt omdat de fûgelstân ek tige swak is.
11 miljoen foar de bern en 3 miljoen foar de fûgels. Ik mei it net fergelykje.

dinsdag 8 april 2008

Dea

De hiele dei drok en dan haw ik gjin tiid om stil te stean bij de dea. Dat ik net stilstean bij de dea, dat is mar goed ek, want ik kin der wol dea benaud foar wurde. It libben laket mij no ien kear better ta as de dea. Mar dochs sil it ien kear wol dien wêze. Ik soe hast sizze wolle, doch bij mij mar net te folle drokte want ik sjoch it sels dochs net.
Ik kin mij wol foarstelle dat er wat goeie muzyk draaid wurdt. Muzyk dy't ik moai fyn. Net dat ik it sels hear, mar jim wol. En it hie mij in goed gefoel jûn at jim dat sizze soene : dat is moai.


Oer it soarte kiste wol ik ek neat te sizzen hawwe. It soarte fan hout of it model dat kin mij neat skele.
Hoewol, at ik dit filmke sjoch en ik tink oan sa'n bananelisfyts ........

maandag 7 april 2008

Alde tiden herlibje

Hieltyd faker besykje ik herinneringen fan earder foar de geast te krijen. De muzyk kin dêryn in soad dwaan. Sa bin ik altyd in leafhawwer west fan folk muzyk. Dat siet foar myn gefoel yn de begjinjierren wat yn it alternative sirkwi. It sil in goed jier lyn west ha dat ik ynienen in grut langstme hie om de Hobo String Band te hearen en te sjen. Wat sneupe op ynternet levere net folle op.

In oprop op ús SDS side levere gelyk in reaksje op fan Bauke de Boer fan Easterein: hij hie de elpee op de souder lizzen en woe him wol efkes útliene. Mei noch haw ik der nei heard en no leit de elpee wer bij Bauke op souder.
Juster socht ik dochs noch efkes op You Tube en hoe is it mooglik der stie in filmke op fan de Hobo String band. In optreden yn Aalsmeer.
It byld wat ik der bij hie wie hielendal werom. In grutte hûn op it podium en de klanken fan Only a hobo, foargeand troch Hoedje van papier.

Ik wie efkes werom yn it Wite Hús yn Sint Nyk, want dêr wiene se echt populair.