woensdag 30 december 2020

Healfolle molke

 


It jier sit er hast op en ek Jumbo lit mij dat witte.

Ik krij in oersicht hoe faak ik myn foardielpas skand ha

hoefolle punten ik garre hat, wat ik wol net allegear besparre ha 

en wat ik yn 2020 it meast kocht ha.

Healfolle molke fan Jumbo.

Hoera, it is gjin spesjaal bier of Hertog Jan

want dat hie bij mij ek mooglik wêze kinnen.

Kâns is oanwêzich dat Jumbo yn dat gefal in melding docht 

bij in helpynstansje: dizze pashâlder keapet opfallend faak bier!

Gelokkich, dat it mar healfolleJumbomolke is

Nee Jumbo, ik bin net single, 

dus yn kontakt komme mei oare healfolleJumbomolkedrinkers

dat is net foar mij wei lein.

Spitich, 

ik hie mei nocht in praatgroep fan healfolleJumbomolkedrinkers oprjochte

en oardelmeter healfolleJumbomolke bijienkomsten organisearre

en in lêzing halden  hoe't wij de beker mei healfolleJumbomolke it beste fêsthâlde kinne

en yn in workshop útlizze "Healfolle Jumbo molke dat drinke je sa".

Ik hie in demonstraasje jaan kinnen foar al dy single healfollemolkedrinkers

hoe't se it pak oan de lêste drip ta leech krije kinne

en hoe't sij dat pak it beste yn elkoar meneuvelje kinne 

sadat de kontêner net te gau fol is.

Spitich, it is net oars




dinsdag 29 december 2020

Freeslik



Klei net tsjin mij oer in min jier.

Fansels binne wij te koart kaam troch koroana.

Mar it is neat at jim dit ferhaal heare.

Freeslik, om in bern fan 4 te ferliezen

en moedich om dêr sa oer te praten.

Respekt foar Nynke....



Leeftydsdiskirminaasje

 



zaterdag 26 december 2020

Fersen

Plakboeken

ik haw der mear as 40 folplakt.

Wat wij belibbe ha en wat wij sjoen ha

mar ek wat ik nijsgjirrich fûn om te bewarjen.

Ik rin alle boeken troch no

in projekje yn it ramt fan de koroana beheiningen

Sa fyn ik dizze alderaardichste fersen

Se binne noch altiten aktueel.




vrijdag 25 december 2020

Iens

 




At it krekt ljocht is

en it is droech

dat fyts ik in lyts rûntsje....

Al is it Iens mar om 

en haw ik de sinne sjoen

dan is myn dei goed begong.

donderdag 24 december 2020

De Tour fan 1926

Soms ha je gelok mei it útsykjen fan boeken yn de byb.
Dan seit Pieteke tsjin Klaasje: kinst it dêr wol dellizze
oh wacht miskien is it wol wat foar Aant.....

Sa kom ik thús mei dit boekje: De Langste Tour
In prachtige beskriuwing fan de tour fan 1926.
Je falle fan de iene ferbazing yn de oare.
Nachts 2 oere starte
Etappes fan 430 kilometer
Problemen mei de fyts: sels oplosse
Lekke bân: sels plakke
Berchettapes fan 200 kilometer
In soad grevel
Meast fytsende fytsmakkers dy't it fytsen stimuleare woene
Gjin Nederlanners
Wat in striid, wat in drama's, wat in teloarstellingen

In echte oanrider dit boekje......
At de lockdown dien is bring ik it werom





 




woensdag 23 december 2020

In rûntsje Heech

 Al wer rûn.

Yn de gids stie Heech mei in rûntsje fan 4,4 km

Wij pakten der noch in  stik bij.

6 kilometer dus

Heech, hat in kreas park: it Heempark

Mar neist wat keunst wie it stil yn it doarp

deastil.......












dinsdag 22 december 2020

Rinne

 At ik begjin te kuierjen 

dan is der wat oan de hân.

Fytse is myn ding mar kuierje......

Der is wat oan de hân: Koroana,

it feroaret alles en ek myn ûnnocht oan rinnen

Stimulearre troch ús eigen gemeente

dy't in Sosjaal Ringids útjûn hat.

Dy is nearne te krijen mar ik seach him op ynternet.

Sa'n 25 routes, mei beheinde ôfstannen yn eigen gemeente.

Warkum liket ús as earste wol aardich om te dwaan

Twa jonges mei om dizze goed 4 kilometer troch te kommen.

Wat in aardichheid. 











vrijdag 18 december 2020

De hûnen fan 1966

In herinnering......

Yn july 1966 sit myn legere skoalle tiid derop

en mei ik yn augustus nei it Lyceum yn Snits.

Ik kin aardich leare mar bin in hiele jonge learling.

It duorret ien jier dêr yn Snits.

Ferstân is goed, mar sosjaal kin ik it net oan.

In klas mei in tredde part dy't it foar de twadde kear besiket

en dus folle âldere en ripere jonges en famkes.

Ien jier op de fyts nei Snits

en dat betsjut yn dy tiid, troch de Súdhoeke,

lâns de Kliuw en oer Tsjalhuzum nei Bogerman.

Yn de Súdhoeke binne twa hûnen.

dy't fûleindich it eigen hiem beskermje

en in stikje dyk, wêr't wij lâns fytse.


De hazeewynhûn yn it hôf fan Jorritsma op de Slachte,

sit frijwol altyd efter in ticht stek.

Hij blaft omraak en draaft lâns de wâl mei ús op

at wij dêr lâns fytse.

De spanning sit him yn it stek, 

at dat mar ticht is, 

want in hazzewynhûn kin hurder drave at wij fytse kinne.

It grutste opstakel is de Sint Bernard fan de famylje de Boer.

Dy slacht op it hiem om

en at er immen bij is, jout dat gjin probleem.

Je  hawwe pech at de hûn dêr allinne omslacht,

en it stek iepen stiet

Dan set er in grutte mûle op, hij blaft

en komt driigjend nei de daam ta

of nei de dyk.


Ik sjoch it noch foar mij

dy kear dat de hûn ús driigjend sit op te wachtsjen.

Ik fyts mei Pyt de Jong, dy't bij mij yn de klas sit.

Pyt, in jier âlder, in echte sporter

hat in reesfyts mei 5 fersnellingen.

Ik haw in jongefyts, sûnder fersnellingen.

Ik bin gjin partij foar de Sint Bernard 

dy't neat docht neffens de famylje de Boer.

Pyt is samar in moai ein fuort,

en ik doch myn bêst dat bist foar te bliuwen

In pleats fierder fynt er it moai west

syn misje is slagge,

Wat bin ik bliid dat ik nei ien jier nei de Mulo yn Wommels kin,

jierren bin ik net yn de Súdhoeke west....

en alle kearen at ik dêr no lâns fyts

sit ik noch te sjen at er ek in hûn op it hiem omstapt.

Noch altiten haw ik it net op hûnen stean

en dat fiele se, 

want twa kear hawwe mij bij de bokse hân en yn it kût biten


zondag 13 december 2020

De sinne

 


Alle jierren kom ik dit skema wer tsjin

en ferbaas ik mij der oer dat ik noch mar in pear jier wit

dat it sa yn elkoar sit.

It is fanôf sneon 12 desimber dat de sinne al wer letter ûnder giet

mar dat pas fanôf 29-12 de sinne moarn earder opkomt.

Al mei al is it 21 desimber de langste nacht

vrijdag 11 december 2020

Skansearre

 Myn keunst en fytsprojekt wie yn novimber.

Yn sedimber fyts ik foaral oer brêgen.

Yn novimber haw ik bij de measte keunstwurken efkes stilstien:

in momintsje foar in monumintsje

Der ûntbruts noch ien

dy iene wêr't in pear nonnen ûntbrekke





Dit skansearre byld stiet yn Skearnegoutum,

bij de brêge.

Fandalen mienden dat se leuk wiene.

Helaas foar harren, dat wiene se net....

No mar hope dat er aansens in buordtsje bij komt mei dêr op de tekst

Yn 2020 skansearre troch MEI NAMME EN TANAMME

 

donderdag 10 december 2020

Giscard

 


Dat fyn ik no grappich

dat sa'n man tinkt dat wij net mear witte

dat bij de presidint fan Frankryk wie.

Giscard d'Estaing, sa'n moaie Frânske namme

ferjit ik nea wer.

It wie yn de tiid dat ik mij noch ynteressearre foar polityk

en Frankryk wie yn myn herinnering doe in wichtich lân.

Ik wist net mear dat hij libbe

mar doe't se syn namme neamden, omdat hij dea wie,

wist ik it wer...


dinsdag 8 december 2020

BZN

 It is de tiid fan de Top 2000,

de tiid om in listje yn te fullen.

Net maklik at je "fan de muzyk binne".

Der binne safolle moaie nûmers....

De ynfuller dielt it listje op facebook of twitter

en dan fyn ik it  nijsgjirrich om dêr efkes nei te sjen.

Fan de measten witte je de foarkar en dat sjogge je werom yn de list

6 kear Bruce, 5 kear Coldplay, 4 kear Golden Earring 

en je witte genôch,

Nee, it is dat listje mei in spesifyk nûmer

dat mij ynteresearret.

Nim no de list fan Ate Eijer, 

in FNP-er yn ieren en sinnen,

in Kompenijster of in Tredde Slúsbewenner of in Jobbegeaster.

Ik wit it net krekt mear, mar it is net itselde.

Ate en ik sieten 3 jier bijelkoar yn de klas

en lutsen in protte meielkoar op.

Op de Middelbere Detailhannelsskoalle

hiene wij it oer de polityk, it fuotbal en de muzyk.

BZN dy wiene bij ús beide favoryt.

De âlde BZN wol te ferstean.

BZN, mei dy lekkere rocksjo 

mei nûmers fan the Who, lykas My Generation.

BZN dy't ik meardere kearen sjoen ha.

Yn Frjentsjer, yn Jirnsum, yn Boalsert en yn Wommels

4 kear yn it Dielshûs neffens myn archyf.




jannewaris 1971

Ien fan dy jûnen stiet mij noch sa foar de geast.

Grôtfol, en as yn in echte arena,

steane se healwei de seal op de stuollen

en dêrefter steane se op de tafels.

Legendarysk yn myn geheugen.

Ate en ik wiene op de MDS de ienige BZN fans

en wij moasten ús fûleindich ferdigenje

tsjin de stedtsjes dy't harren der neat bij foarstelle koene

hoe't in jûntsje BZN op it plattelân wie

Wêrom begjin ik hjiroer?

Op de list fan Ate stiet noch altyd in nûmer fan BZN.

Sable Dance, helaas is dat nûmer net te finen op JoeTjoep

mar wol wat oaren wêrûnder Barbers Rock en Bad bad woman

Je sjogge en heare ek it earste teken fan oergong nei harren lettere kloatemuzyk


woensdag 2 december 2020

Trochtraapje nei keunst (slot)

Novimber keunstmoanne en novimber trochtraapje.

Dat wie in moai doel en nei sa'n 800 kilometer

haw ik it moandeitemoarn ôfsletten.

Net echt lekker fytswaar (kâld, wiet)

mar ik koe net ûnder it Feintsje út.

It Feintsje fan Menaam,

in fers fan Fedde Schurer

en in moai byld yn it sintrum fan it doarp











zondag 29 november 2020

Trochtraapje

De lêste folle wike fan novimber

wer aardich wat kilometers trochtrape,

momumintsjes besjoen 

en op de foto setten.

Moandei nei de murd fan Húns

Tiisdei nei de oksen, Madonne, Eise em Lourens yn Dronryp

Woansdei nei de muontsen en de hoanne yn Folsegeare en Tsjalhuzum

Tongersdei nei Renatem Aukje, Willem, Eise en oaren yn Frjentsjer

Foto's fan de boppesteande reizen binne te finen op dizze Facebooklink

Freed nei Gysbert, Titus, Aukje en oaren yn Boalsert