donderdag 30 juni 2011

Foo Fighters

Ik kin der mar net genôch fan krije. De fucking goeie DVD fan the fucking goede Foo Fighters fan harren fucking optreden yn 2008. Om it mar mei de wurden fan frontman Dave Grohl te sizzen.
Stjoer de buorlju om in boadskip, doch de katten eardopkes yn, bring de bern útfanhûs, bring fazen wêrt jim oan hechten nei bûten en set de knop op 80 of 100. En gean krekt as mij út jim dak mei it lêste nûmer fan dy DVD: Best of You.

woensdag 29 juni 2011

Ferstoppe earen

Ik biet myn tonge der hast ôf. Ik kromme myn teannen en wie bliid dat se net ôfknapten. Myn hertslach fleach nei grutte hichten en ik krige grutte oanstriid om de boel der ûnder te skiten.
Mar gelokkich gjin noed ik siet yn de wachtkeamer bij de dokter. At ik help nedich haw dan is it tichtbij.
"Wij wonen hier al tien jaar, maar ik praat geen Fries. Een van de kinderen wel, maar dat hoeft van mij niet"
"Nee, ik heb ook liever dat ze Engels leren op school, dat Fries heeft geen enkele zin".
Twa froulju yn de wachtkeamer bij in dokter dy't syn bêst dien hat om it Frysk wol te learen en te praten. Dy't wol respekt hat foar de minsken dy't hjir wenje. De minsken dy't hjir opgroeid binne mei de taal. Dy't er foar soargje wolle dat it eigene bewarre bliuwt.

Efkes tocht ik noch dat ik it net goed heard hie, want ik siet der om myn earen útspuitsje te litten. Mar ik haw it wol goed ferstien. Ik haw mij ynholden. Gjin sin om mei sokke lju yn diskusje te gean.
Wij moatte noch mear opkomme foar ús taal. Noch mear striid leverje. Foar it Frysk. Graach dus.

dinsdag 28 juni 2011

Alder as 16



Under de 16 mei der gjin drank ferkocht wurde. Dat is in prima saak. Ik bin ek pas mei 16 jier begûn en ik kin befestigje dat der dan noch tiid genôch yn je libben is om hiel wat ôf te sûpen.
Op drokke eveneminten hawwe se gjin tiid om alle kearen ID bewizen op te freegjen at immen in bierke besteld.
En dan kieze je dus foar it kleure bantsje om de hân. Yn Boalsert wie dat sneontejûn giel.
Moaie kleur wol. Yn it tsjuster ek goed te sjen.
No hie ik fansels wer hiel dwers wêze kinnen en sa'n bantsje wegerje. It moat net mâlder wurde. Mar ik woe in kear sneontejûn net dwers wêze. Dus besocht ik it mar mei in grapke: "Kinst it sjen dat ik âlder as 16 bin" frege ik de befeiliger wylst ik krekt die at ik myn ID bewiis opsocht. Mar grapkes binne ornaris net bestege oan de measte befeiligers. Dy hawwe no ien kear ynstruksjes krigen en hawwe net foar neat in unifoarm oan.
Hij prutste mij handich in bantsje om de pols. Ik bin der mar fan útgien dat hij mij in twifelgefal fûn. Krekt wol, krekt net 16. En om dan geseur om de bar foar te kommen dus in bantsje om.

maandag 27 juni 2011

U2two

Sels bin ik earder net fierder kommen as de sebeare Armand neidwaan op de souder mei de biezem as gitaar. "Ben ik te min", "Blommenkinders" en "Een van hen ben ik" song ik him nei.
It is him net wurden mei mij. Spitich, want der liket mij neat moaier as lekkere protestlieten skriuwe en sels sjonge.
Yn Boalsert stiene sneon 4 jonges dy't idolaat binne fan U2. Mar sij kinne wol in gitaar bespylje, op de trommel slaan en sjonge.
Fol passy stiene se op it grutte poadium en joegen se harren U2 sjo. Prima. De eagen ticht en ôfsjoen fan wat technysk gepiip sa no en dan, wie it in prima jûn. Mei de U2 sfear.
Op Stjoerder haw ik dit der oer skreaun en boppedat binne dêr Jaring syn moaie foto's te sjen. Mei spesjale oandavht foar de heakeninginne en de hoffroulju.
Likernôch gie ik wat teloarsteld nei hûs. It lêste nûmer wie foar it jonkje Jesse wat ferdronken wie yn it park. Deun bij dizze lokaasje. Fol mei gefoel songen en spile troch U2two. It wie suver efkes stil. Der hong wat, der sweefde wat. Dat fielde ik alteast. En doe hie it dien wêze moatten. In moai ein hie dat west.
Mar helaas wurdt der altyd frege om mear. Dat hiene sneontejûn net dwaan moatten. It wie moai sa.



Liftfilm

Tidens de doarpsfeesten fan Wommels, dy't hielendal oan mij foarbij gien binne, stie de bûnte jûn yn it teken fan selsmakke filmkes. Ien fan dy filmkes wie fan de lifters. Yn goed 7 minuten wurdt in byld jûn fan " it kultuersnuven yn Europa" sa't de lifters it sels neame.
It filmke tsjinnet as promoasje foar it boek wat op 1 jannewaris 2012 ferskynt. It boek wurdt hielendal troch de 53 lifters (of in diel der fan) skreaun en opsetten.
It promoasjefilmke is hjir te sjen en it jou in moai en grappich byld fan 10 jier liften.

zondag 26 juni 2011

Eagum om




It wie sneintemoarn gelyk moai waar. Tiid foar in afdft. Net te lang wie it doel. Wat "deade" doarpkes dy't net echt op in route lizze tocht ik sa. Reduzum wie it earste plak wat ik bijskriuwe kin. Drokte yn de Haadstrjitte, allegear strjittefersmoargjende autos's falt mij op. Oh ja it is tsjerketiid. Fandêr.
Oan de oare side fan de A32 leit Idaard. Mar earst gean ik rjochting Eagum.





Ik meitsje dochs mar efkes in pear foto's. It tsjerkje en it tsjerkhôf leit der sa moai bij. It is noch mar tsjin alven at ik werom gean rjochting Idaard en Grou.
As lêste doarp stiet Friens op it listke. Fanút Jirnsum in binnenpaad lâns en ik ferwachtsje ek dêr rêst. Mar dat pakt oars út.




Krekt foar it doarp is it allegear "fee" yn it lân. Keatsfee wol te ferstean. "Achteruit"hear ik roppen, "moatst him mij mar efkes jaan" hear ik.
It hiele doarp hat de want opsocht en alles wat rinne kin toarket yn it lân om. Keatse as sosjaal spul. Sa't it bedoeld wie.

Underweis nei Jirnsum twifelje ik. No al werom? Of Terherne ek noch efkes meipakke. En dus Goaiïngaryp en Broek ek.
It fytst hearlik en dêrom set ik noch mar efkes troch. Bij Broek Noord gean ik op it wetter ta om mei it pontsje nei Bloksleat oer te gean.
Sa'n 75 kilometer haw ik op de teller stean at ik moai op tiid wer thús bin foar de F1.

donderdag 23 juni 2011

Reklame



Google wit alles. In Google tinkt foaral ek mei.
Ik hie it foarige ferhaaltsje oer de kamping en de kachel der noch mar krekt opsetten of boppesteande adfertinsje kaam bij mij yn byld: Oer kachels en kampings. En doe't ik ferline wike wat skreaun oer fytsen, krige ik gelyk twa oanbieders fan fytsreizen yn byld.
Reklame dat op mij rjochten is. At der dan dochs reklame wêze moat, dan mar sokke reklama. Rjochten op mij. Grutte kâns dat der gjin adfertinsjes oer auto's, hynders en Andre Rieu op myn skerm komme want dêr skreau ik nea oer. Hoewol, dit wurdt al gefaarlik.

woensdag 22 juni 2011

In moai wykein

In simpele formule foar in goed famyljewykein.
In kamping, sûnder oare gasten.
In kamping sûnder buorlju.
In kamping mei kampingeigners dy't je allinne bij it ôfrekkenjen sjogge.
In legertinte fan 10 bij 5.
Hoecht net hielendal lekfrij te wêzen.
In skoarstiengat is wol moai.
In terraskachel mei piip.
In pellet hout.
In biertap.
Wat fetsjes.
In ljochtslang fan 45 meter.
In folleybalnet en bal.
In slachter yn de buert, dy't skjinne barbekjoes's mei fleis bringt en smoarge barbekjoes ophellet.
Wat kofjesetapparaten.
Wat gitaren.
Wat jonges dy't ek gitaar spylje kinne.
Wat moarns minsken.
Wat jûnsminsken.
Wat moarnsiten.
Wat bierpriuwers.
Wat moppetappers,
Wat aaien,
Wat sinne,
Wat rein,
Wat kranten
en in hiel soad fleurige minsken.

Dit wykein op kamping Groengras sitten yn Vledderveen. Mei sa'n 40 famyljeleden. Fan 2 oant 65. Wat in wille.








maandag 20 juni 2011

Tsjernobyl

It is dit jier 25 jier lyn dat de wrâld hiel traach opskrille waard troch wat him ôfspile yn Tsjernobyl. Ik seach myn plakboek fan 1986 noch efkes troch om te sjen at it mij ek dwaande hold yn dy tiid. Want dan moat der wat te finen wêze yn myn prachtige plakboeken.
Ik fûn dit stripke fan Excellentie en dat seit genôch. Ik ha wol wat mei taal!

zaterdag 18 juni 2011

Dea fûgeltsje

 
Posted by Picasa


De wetten fan de natoer binne hurd. Ek bij ús yn de tún. Us frettersbak foar de katten stiet efterhús yn de tún. Wij wolle ús twa katten net ferhongerje litte fandêr dat se net te min brokjes (merk Tom Poes) krije. No komt it it faak foar dat de kattenbúkjes fol binne en dat it bakje noch net leech is. De katten jouwe harren noflik del yn it sintsje, op in stoelkjessen of of myn lisfyts. Sij witte wol wat lekker leit.
Mei de eagen ticht sjogge se wierskynlik wol dat de klysters en de protters harren kâns gripe. Se stappe yn de tún om of heare se der bij en sij meitsje it bakje faak skjin leech.
Mei hjerstmis ha de katten konkurrinsje fan de stikelbaarch want at it tsjuster wurdt, heare wij dy tsjin it bakje oan skowen.
En poes 1 en poes 2 (neffens mij hawwe se gjin nammen) dy lizze der bij en sjogge der nei. Of se dogge krekt of se it net sjogge.
Mar soms dan stelle de katten oarder op saken. Dan wolle se graach efkes sjen litte wa't de baas is yn ús tún. Dan prestearje se it om mei in lyts mûske thús te kommen. Of mei it alderlytste fûgeltsje. Dy't sa lyts wurden is fan ús kattebrokken. Nee, de kattenbrokken fan ús katten.
It begruttet mij suver.

woensdag 15 juni 2011

21 kilometer foar de OV sjip

De OV sjip wurdt fanôf 1 july ynfierd. Dat soe al earder, mar no giet it echt oan. Ik haw de persoanlike sjipkaart oanskaft. Lekker maklik fia ynternet tocht ik. Oant ik de brief krige: it aktivearjen yn ferbân mei automatyske bijskriuwen fan saldo, moast persoanlik dien wurde op ien fan de OV-sjip meldpunten.
Dat wie noch in hiel gesyk. Want oplade kin aansens wol op mear plakken mar om dit ding te aktivearjen moast ik spesjaal nei Ljouwert.
Lekker klantfreonlik dus. 21 kilometer is de ôfstân tusken myn hús en it Arriva loket bij it stasjon yn Ljouwert. Ik haw der mar in nuttich tochtje fan makke. Himpens en Tearns stiene noch op myn list om nei ta te gean. (Alle Fryske Doarpe Fyts Tocht 2011).
En sa makke ik úteinlik noch in tocht fan 55 kilometer fia de twa doarpkes dy't opslokt binne troch Suderbuorren (Zuiderburen).

dinsdag 14 juni 2011

Pinkpop

Pinkpop 2011 sit der wer op. Yn tsjinstelling ta ferline jier, wie it no wer mei Pinkster. Ik ha der net west. Om de muzyk hie it wol kind, mar 3 dagen safolle minsken yn myn buert, griist mij oan. Bin optein mei de reportaazjes op Ned. 3. Moandeitejûn fanôf 19.30 oere oant nei tolven. Wat in goeie band, wat in goeie muzyk. As reade tried rûn it streekrjochte optreden fan the Foo Fighters troch it programma. En dêr bliuw ik foar sitten. Wat in optreden fan Dave Grohl en syn band.

zondag 12 juni 2011

Ealsum

Trije jier haw ik in dei te fytsen west yn Dongeradiel. Ek doe woe ik alle doarpkes dêr oan dwaan. Ik wie ferbaasd oer it moaie lânskip en de prachtige doarpkes dêr. Doe't ik thús wie en alle yndrukken ferwurke, hie ik mar fan twa dingen spyt. It earste wie dat ik net in lekker fiskje kocht hie yn Dokkum en it twadde wie dat ik te gau oan it bysûndere fan Ealsum foarbij gien wie. Freed 10 juny haw ik wer in moaie slach op de lisfyts troch Dongeradiel dien yn it ramt fan myn AlleFryskeDoarpeFytsTocht. De doarpkes kamen mij noch bekend foar en it wie in moaie tocht. Myn letterlike hichtepunt wie Hegebeintum en myn figuerlike hichtepunt wie Ealsum. Yn Ealsum haw ik oanstutsen. Op it tsjerkhôf. Gewoan efkes omrûn en hjir en dêr in foto makke. En in stikje bôle iten en wat wetter dronken.



Op Google maps is Ealsum in prachtich plaatsje, mei de rûne foarm en de tsjerke mei it begraafplak yn it midden. In symboal: de deaden bliuwe yn ús midden.
Ealsum (Aalsum) leit hast tsjin Dokkum oan of moat ik sizze Dokkum leit hast tsjin Ealsum oan.



Fanôf de kant fan Wetsens fyts ik Ealsum binnen. De buorden jouwe oan dat de dyk dea rint en dat komt moai út want ik bin sljocht op foar auto's dearinnende diken wylst fytsers gewoan trochgean kinne.



Ik skat yn dat der mear skiep as minsken yn Ealsum wenje.



En sa fyts ik hiel stadich, lizzend op de fyts mei it fototastel yn de hân de lange leane troch nei de tsjerke..... noch in gelok dat alles groeit en bloeit hjoed....



in leane, sa moai, sa symboalysk en wêr't mar net in ein oan liket te kommen



It jout mij in goed gefoel dat der in AED yn de buert is fan it tsjerkhôf en de tsjerke. Sa'n apparaat kin minsken rêde.
Ik sjoch it "alternatyf" oan de oare kant fan it stek stean.



Ik rin wat om, doch in slach oer it tsjerkhôf en sjoch nei de stiennen. Mar mear noch nei de nammen. En miskien noch wol mear nei de data. Ek hjir lizze hiele jonge bern en jonge minsken dy't om ûnbegryplike redenen net âld wurde mochten. Dy't bedobbe binne yn Ealsum, op it "sfearfol" plak. In treast.....



Ik sjoch nei de bysûndere foarmen en bousels en nei it lege gat oan de noardside fan it hôf. No begryp ik wêrom de lykkarre klear stiet.

Foldien ferlit ik Ealsum. It wie de 140 kilometer fan hjoed wurdich. Myn dei hat goed west en binne trije minuten wurd ik wer meinommen yn de drokte fan it ferkear fan Dokkum en moat ik wer útsjen foar jakkerjende auto's.
En myn fiskje keapje....al wer in hichtepunt op dizze dei.

vrijdag 10 juni 2011

Op nei Moddergat




Wij hawwe de gek wolris wat mei de omjouwing boppe Dokkum. Dy drege stive minsken op de klaai. It is der keal, kâld, winerich n it is ek sa'n ein fuort wurdt der altiten bijsein.
Hjoed "moast" ik foar myn afdft2011 nei Dongeradiel. En hoe raar it ek klinkt ik sjoch dêr nei út. Ik moat tajaan it is wol wat in ein fytsen om der te kommen mar dat is net omé nocht.

Fannemoarn 7 oere fan hûs om fia Dronryp, Menaam, Berltsum yn Sint Anne oan de kommen. Myn earste plak hjoed wat ik ôftekenje kin op de list fan goed de 420 doarpen yn Fryslân. Froubuorren en Alde Leie (dat is net it Bildt mar Ljouwerteradiel, seack ik samar!) lizze op de 11 stêden route fan Pinkstermoandei en mei de giele pylken op de dyk wiist it him fansels.


De Biltstars stean der bij de Hallumerhoeke goed bij

Hallum, Marrum en Ferwert lizze ek op dy 11 stêdenroute, dy't ik hjoed mei hast net ien hoech te dielen, mar dêrnei meitsje ik in útstapke nei



Binnentroch nei it bliere Blija en dan Holwert dat it earste doarp yn Dongeradiel is wat ik ôftekenje kin. Ternaard, Hantum, Wierum (gjin lûd bij de Fûgelspits fan Gaatske) Nes, Peazens en net te ferjitten Moddergat, Eanjum, Morra, Ljussens, Easternijtsjerk, Nijewier, Mitselwier, Wetsens, Ealsum en Dokkum wiene de folgjende.


En doe wie der fisk.

Prachtich fytswaar en it is in lust om troch dy Dong doarpkes te fytsen.
Nei Dokkum komt Sybrandahûs en dat leit yn Dantumadiel,



de mûne fan Burdaard en Burdaard sels, dy lizze yn Ferwerderadiel, Bartlehiem is fan elkenien en Wyns leit yn Tytsjerksteradiel. Fan Lekkum nei Snakkerbuorren (wat is dat in prachtich moai strjitsje om troch te fytsen) en sa fyts ik dwers troch Ljouwert om foar te kommen dat ik foar in brêge wachtsje moat. En fierders jout it in machtich gefoel dat aut's foar mij wachtsje moatte.
De moaiste route werom nei Wommels is fia Blessum en de Boalserterfeart.
Om kertier oer twaen wer thús mar dat it noch sa let is komt foaral troch Ealsum. Mar dêr oer letter mear.

De route fan hjoed

dinsdag 7 juni 2011

Pinksterwaar

Wij hope fansels allegear dat wij wat kreas pinksterwaar krije. Ik jou ta dat wij de lêste moannen neat te kleien hân ha, mar mei Pinkster moai waar stiet ús allegear wol oan.
Ik bin dan ek al fanôf moandei dwaande dêr ynformaasje oer te krijen. Ik folgje ús ienige eigen waarman en lis dan ek op dit plak fêst wat hij de wike foargeand oan pinkstermoandei seit oer it waar op pinkstermoandei.
Tiisdei 7 juny seit Pyt om 17.30 oere:
Beide pinksterdagen wurde droege dagen , wêrbij pinkstermoandei iets better wêze sil.
Ik tink dat wij it moai droech hâlde mar moandei giet it der om.

Oant moarn

Woansdei 8 juny om 8.30 oere
Pinkstersnein droech, pinkstermoandei droech sa't it no liket (it spant der om). Temperatuur fan 21, 22 graden.

Oant jûn

Woansdei 8 juny om 17.30 oere
Pinkstersnein droech 19-20 graden
Pinksetrmoandei 21-22 graden letter op de jûn reinwetter

Moarn mar wer yn it waar sjen

Tongersdei om 17.30 oere
Pinkstersnein : warmte, 19 , 20 wyn súd
Pinkstermoandei: ik hâld him der yn: stoaring, soel waar, rein yn de middei, buien mar it kin noch wat op skowe.

Moarn mar wer yn it waar sjen

Freed om 17.30 oere
Snein 18-20 graden, súdwestenwyn -swak oant matich en droech
Pinkstermoandei: Yn de nacht fan snein op moandei lichte rein. Moandeitemoarn, rein, Moandeitemiddei earst rein, letter middeis en jûns knapte it wat op. Miskien dat wij de sinne dan noch efkes sjogge.

Moarn mar.....ensf.

Wat moat je no mei sokke waarmannen. Ik haw gjin hekel oan Pyt, mar wol oan syn waarberjochten. Krekt as alle foargeande jierren hat er ús no ek in wike fan te foaren al wer in moai-waarPinksterwoarst foarholden. Sponsere troch it bedriuwslibben dat kin net oars. Dy wolle in wike fan te foaren graach heare dat it mei pinkster moai waar wurdt. En at de minsken dan de boel ynpakt hawwe, in heale dei frij nommen hawwe en ûnderweis binne nei de kamping foar in moai wykein (sjoch moandei) dan wurdt it allegear wer oars.
En minsken let op myn wurden it wurdt noch allegear oars. Ik tink dat it sneintemiddei ek al reint en dat wij ús mar klear hâlde moatte foar in hiele wiete moandei, mei stoarmeftige wyn en in sinne dy't efter de wolken skynt.

maandag 6 juni 2011

Klaas Jelle

Klaas Jelle, dat is de doelman fan Berlikum 1. Hij die sneon mei yn de wedstriid tsjin Kollum. In senuwwedstriid. Ek foar Klaas Jelle.
Gek waarden wij fan syn heit of syn omke of syn buorman of syn grienteboer.
Alles waard him foarsein. "Klaas Jelle, net te hurd,"Klaas Jelle dêr links", "Klaas Jelle goeie bal", Klaas Jelle dit en Klaas Jelle dat. Op alle bewegingen fan dizze wat ûnsekere doelman rôp heit of omke, of buorman of de grienteboer.
En wat mear oanwizingen hij krige, wat ûnwisser hij waard.
Klaas Jelle dy moat it heard hawwe en it wie in wûnder dat hij him ynhold. Ik hie der begryp foar hân dat hij op de man ôfflein wie en en mei syn keeperswanten de man mei de strôt pakt hie: "En no de bek hâlde" en at it al de grienteboer wie, hij der wierskynlik noch oan taheakke:"gean spútsjes plukken".
Klaas Jelle, moaie nammen, mar hiel ferfelend at je dy namme yn 45 minuten 82 kear heare. Fan syn heit, syn omke, syn buorman of syn grienteboer, dy't helaas neist ús stie.

zaterdag 4 juni 2011

Blood Red Shoes

Freedtejûn setten wij mei in man as 7 ôf nei Ljouwert. Mei de bus fanút Wommels. Sommigen makken de lêste strippen op, sommigen kochten noch mar in djoere strippekaart en oaren testen de nije Ov-sjipkaart, dy't 1 july de strippekaart oernimt. Op nei de Harmonie yn Ljouwert. Underweis noch in lyts popkwiske oer de "Ongehoorde top 100" . Sa mochten de dielnimmers riede wa't de gjin hits "The everlasting", "No surprises", "Throwing it all away", "A girl called Johnny" spilet. It wie dúdlik ik wie mei echte kenners op paad.
De Blood Red Shoes spilen dêr op Never mind the British. Us tipjouwer hie oanjûn dat dit de muoite wurdich wêze soe. Hij wie sels ek mei en dat wie dus fertroud.
De Harmonie. De lêste kear dat ik dêr wie presintearre Reboelje "de oere O". Hiel lang dus. Op it poadium fan De Frieslandseal fûn it plak. It optreden fan de Blood Red Shoes.
Mar earst hearden wij de lêste klanken fan Blackboxred. Dy wiene moai op tiid úteinsetten, want sa let wiene wij net. Dat wie dus spitich want dat klonk goed. The Talons, út Ingelân leveren it bewiis wer dat in band net sûnder sjonger kin. Neat mis mei de muzyk mar der mist wat.
Oer de Blood Red Shoes oars neat as lof. Tegearre batsten Laura-Mary Carter en Steven Ansell der op los. Se beukten en songen dat it in lust wie. In spetterjend optreden. It wie genieten yn de seal wêr't it lûd mear as geweldich wie. En wat moai: De lêste klanken wiene der om 23.44 oere. De lêste bus om 23.59. En it is 7 minuten rinnen. En sa waarden de alderlêste strippen opmakke en koe der op de efterbank noch efkes neipraten wurde. In perfekte jûn. Hoewol ien minpuntsje. Wij hawwe leaver Stoffel as sjouffeur. Wêrom? Tsja...

vrijdag 3 juni 2011

Koarnwertersân en Snits

Juster nei in prachtige lokaasje fytst op myn AFDFT: Koarnwertersân. Fia Penjum wêr't ik noch west hie dit jier en Surch. In moai útsje at it waar sa kreas is. Net te folle wyn en in lekker sintsje. Op Koarnwertersân mei ik graach wat omhingje, hoewol ik neat mei farren ha. Soms tink ik: ik soe hjir wol wenje wolle. Altyd drokte bij de slûzen en in moai útsicht.
In wachttiid justermoarn wie hast in oere skat ik yn. Allegear boaten dy't it Waad op wolle. Ek boatsjemisnken moatte geduld ha. Neat foar mij dus. Spitich is dat je it allegear no fan efter in stek besjen moatte. Dat hat dêr folle better west.




Middeis noch efkes op de fyts nei Snits. SneekWZ tsjin Achilles 12. In krease earste helte fan Sneek (2-0 foar) en in draak fan in twadde. En waarm, hast te waarm.
Snein moat SneekWZ it ôfmeitsje. Yn Hengelo. Gean ik net hinne. Is mij te fier fytsen.

donderdag 2 juni 2011

De klim bij Surch



Dit binne myn stoute skuon. Dy doch ik himmelfeartsdei oan. Foar in risikofolle ûndernimming. Dêr haw ik moed foar nedich. Stoute skuon kin dan helpe.
Klimme stie der hjoed op it programma. In flinke klim. In stigingspersintaazje fan 53 % tink ik. Kin ek minder wêze. Of mear. It stiet der net bij.



Myn klimobjekt leit op de romte. Dêr komt nea in minsk. Ik bin dan ek net benaud om ôf te gean. Der is nimmen dy't it sjocht.
It paad der hinne is moai. Oer de Bieren, oer de Himert, lâns Wytmarsum (hoi Jaap), troch Penjum (it wie drok bij de tsjerke en rêstich bij it Mennistesintrum en op it keatsfjild waarden de perken al lein) en dan op nei de seedyk.
Want dêr leit er: de brêge. Of miskien moat ik wol sizze dêr stiet er. In totaal ferlitten brêge.



It paad der hinne jout al oan dat hjir net folle minsken komme. En sa fyts ik op dizze troch Rein Hofstra út Grou ûntwurpen brêge. Gjin famylje, mar dat hie bêst wol kind, want hij mei ek graach fytse. En bij Reboelje bin ik him ek wol in oan kearen tsjinkommen. Der is ien grut ferskil. Ik kin gjin brêgen ûntwerpe en ik soe al hielendal net in nutteleaze brêge betinke wolle.



Ik bin mij myn meast ûnhandige lisfyts op paad en sjoch at ik der foar stean it tsjuster yn. De Sinner mei ûnderstjoer is net sa maklik om heech te krijen en noch ûngemakliker tsjin ta hâlden.



Ik stean yn twifel. Jou oan it thúsfront troch dat ik no bij de brêge bin en fan doel bin de klim te dwaan. Jou oan dat wannear ik binnen it kertier gjin lûd jou, se thús rekken hâlde moatte mei in mislearre poging, mei swiere ferwûningen of mooglik noch slimmer. 112 belje is dan in opsje.
Nei 5 treden en 2 misstappen jou ik it al op. Sakje wêr 5 treden en 1 misstap ôf en draai de fyts. Dit wurdt him net. Soms is it in brêge te fier mar dit is in brêge te heech en te dreech.
Ik gean wer lekker lizzen en fyts in oar paad lâns. Gelokkich hat net ien it sjoen.
Miskien moat ik noch wol efkes tajaan dat ik net in echte klimmer bin.

woensdag 1 juni 2011

The Motions

"Wasted words" kaam ik tsjin op You Tube. Fan the Motions. Prachtich nûmer út de jierren 60. Neat te melden fierders. Gewoan harkje nei Rudy Bennett en syn maten fan doe.
Mear oer The Motions op Wikipedia