zondag 27 mei 2012

Op de autoped

Der wiene tiden dat de autopedders troch Wommels gyngen.
Der hawwe ek tiden west dat se bij tichtbij Wommels lâns gyngen.
De lêste jierren litte se Wommels loft lizze.
Dêrom mar efkes nei de "middle of nowhere"



....om de striders op de autoped te sjen....

fannemoarn om goed njoggen oere krekt foarbij Kûbaard

Swarte Beien dus.

zaterdag 26 mei 2012

Boys Named Sue

It wie juster de "Kom nei Wommels"dei. Ferdivedaasje fanôf moarns 11.00 oere. At je fan winkeljen hâlde dan koene je oant goed 5 oere de kreamkes meardere kearen bij del. Ik tink dat der wer fan alles te keap wie, wat ik net nedich ha op dit momint.
At je fan aaismiten hâlde dan koene je je om 7 oere melde en wierskynlik om 8 oere de djêre út it hier helje. Ik ha net folle hier en djêre yn in burd liket mij net lekker.
Dus melde ik mij jûns pas tsjin 10 oere omdat ik toarst hie fan it fuotbaljen en omdat Boys named Sue spile op de Terp.
Cash dus.
Cash ferfeelt net.
Cash bliuwt boeien.
Cash lit ús bewege.
Of moat ik sizze Boys named Sue lit ús bewege.
Wat in prachtich gesicht dat jong en âld geniet fan dizze swingend band.
Fan âld wisten we it, fan jong seagen we.
It wie in prachtich gesicht al dy bewegende minsken efter, foar mar ek op it poadium.
It twadde optreden fan the Boys yn Wommels binnen it jier.
Se hawwe Wommels ferovere.
Dat is nei Gerard Wiersma yn de jierren 60 en 70 en de Wiko's yn de jierren 80 en 90 net ien wer slagge. Dat it no om echte muzyk giet is fansels hielendal moai meinommen.
Mar wol the Boys named Sue. Hearlik.

vrijdag 25 mei 2012

In kamping hjir en dêr

Op de freed foar de grutte moandei efkes op de fyts nei Boalsert.
In boadskipke fan neat, mar it jout it fytsen wol in doel ek al is it mar in ferfkwast.
Yn de oanrin nei dy grutte fytsmoandei sjogge en fiele je it oankommen.
It prachtige waar treaut de minsken nei Boalsert en omjouwing.
Nei ien fan de kampings op myn route nei Wommels.
Kamping Half Hichtum bij Boalsert, allinne hiel drok yn dit wykein

Kamping Fûgelfrij bij Hichtum, altyd drok en yn dit wykein aaifol

De kamping op Djiplân efter Burchwert begjint dit wykein ek al wer fol te rinnen


Sjoen boppe de kamping bij Hichtum in fûgel yn draakfoarm.
Neamd nei de kamping: Fûgelfrij



Op it lêste stik nei Wommels kaam ik noch meardere bepakte fytstouristen tsjin, wierskynlik ûnderweis nei ien fan de kampings. Dat binne de echten. Op fyts der hinne, de tocht fytse en op fyts werom.

Wat moai dat de berm bij de Boalserter trekfeart dizze wike koart meand is. It stie hast in meter heech mei al dat piipkrûd. Sa sjogge se mij mei de lisfyts ek wer oankommen.
Dy hege bermen, it wetter, wat letter op de jûn wie dizze wike net ideaal.
De gefolgen dêrfan sjoch en fiel ik op beide fuotten. Doe't ik der dizze wike op in jûn lânsfytste moast ik troch in swarte muorre fan miggen fytse.
Doe't dat úteinlik dien wie en ik bliid wie dat ik it oerlibbe hie, begong de illende. Tsientallen miggebulten soargje der foar dat ik wat ôf klau op it heden en dat myn skonken der net útsjogge.

donderdag 24 mei 2012

Belgysk keatse


It moaie waar lûkt je nei bûten ta.
Tongersdeitejûn in slach troch it doarp
Dat levert altyd wol in praatsje op hjir of dêr.
Wij as praters koene jûn útsykje.
Nei it sportfjild bij it keatstrainen sjen (nee dus), op de Terp bij it kompetysjekeatsen sjen (nee dus) of op it keatsfjild bij it Belgysk keatsen. (ja,dus mar)
Sa neamden wij dat foarhinne.
It Belgysk keatsen wie net echt populêr yn Wommels. 
At wij as jonges ús nocht wat hiene fan it keatsen (dat wie doe ek al sa) dan gyngen wij wolris op syn Belgysk keatsen. 
 De reden wie meastal dat der mear as 6 keatsers wiene en om elkenien yn de selde partij meidwaan te litten wie dit de beste opsje. 
In grappich spultsje fûnen wij it doe.
It kaam net sa krekt mei it oantal fûnen wij.
Dat Belgysk keatsen krige mear oanhingers yn Wommels  doe't de gemeenten Hennaarderadiel en Baarderadiel weryndielden.
Yn Baarderadiel wie in Jeu de Pelote kultuer en troch gear te wurkjen yn federatyf ferbân ûnstie der nei ferrin fan jierren in kompetysje. 
Sa ek no: Wommels tsjin Wjelsryp.
It waard gjin slachtpartij, dat klinkt sa negatyf mar Wjelsryp wûn maklik.
Dat makke ús fierder neat út.
Wij hienen it efkes oer it fuotbal, oer SDS dus, oer Efkes Balje en oer terraskes.  
 Oh ja, der wie noch in partij oan de gong: Winsum tsjin Jorwert. Gjin idee hoe't dat einige is.

woensdag 23 mei 2012

Kompost

Der sitte twa kafia's yn dit hok. In konfortabel hok, mei ûnder en boppe ferdjipping. Dizze kafia's  binne krekt as alle oaren sljocht op gers.
Dat komt moai út. It stikje tûn mei gers dat wij hawwe is sa'n 35 kante meter. Dêr ha se de hiele simmer aardich fretten oan.
It is no heal maaie, mar ik ha noch net meand. Us kafia's soargje der foar dat it moai koart bliuwt.

It gers wat de bisten opfrette wurdt omsetten yn stront.
Mei de strie kin ik dan letter de kompostbak fulle.
De bak wie fol. It jout in goed gefoel dat der in goed produkt ûntstien is.
Troch in goeie gearwurking fan kafias, de natoer en mij.


zondag 20 mei 2012

Douwe Tamminga lân


Krekt bûtenYsbrechtum op de dyk nei Turns is in oantal jierren lyn in ûnferhurde rinpaad oanlein nei de brêge yn de rûnwei fan Snits. In paad dat ek goed te befytsen is, is in moaie rekreative route  nei sportpark Schuttersveld.
Mei twa ôfslutende stekjes net in fluggere route as oer Ysbrechtum mar wol in route frije fan ferkear en drokte.
In stik lân mei in namme seach ik juster. Neamd nei de skriuwer dy't lange tiid yn Ysbrechtum wenne.

vrijdag 18 mei 2012

Rûntsje Ljouwert


Op de dei dat de blommen yn de útferkeap wiene yn Ljouwert, makken wij in rûntsje foarbij Ljouwert. Bij Ritsumasyl bij it wetter lâns en bij Burdaard der wer bij wei.
Ljouwert je kinne der fan sizze wat je wolle, mar oan in goeie trochgeande fytsroute mankeart it net.  Utsein it oerstekken fan de Langemerkstrjitte (in lange file mei blommen omswalkjende minsken) jout de route in goed gefoel en foar je it witte binne je Snakkerbuorren (oan de oare kant fan it wetter) foarbij.
Spitich dat de brêgjes bûten de stêd lâns de Ie sa steil binne (foar âlderen in ferfelende hindernis) mar foar it de rest in lust om dêr te wêzen.
Underweis genôch te sjen oan lytskalige rekreaasje en fierstente grutte boaten yn de Ie.
Jislum, Ginnum sa faak kom je dêr net.
Nei wat besites yn Ferwert de doarpenroute fia Marrum, Hallum, Stiens, Britsum, Jelsum en Koarnjum werom.


It brêgje bij Bartlehiem is wierskynlik it meast ferneamd op dizze route ...
foar fytsers lykwols in ôfstap opstakel.

.....en dat brêgje wie krekt in pear wiken lyn ferfongen troch in nij eksimplaar

woensdag 16 mei 2012

Nachtkears

Dizze foto illustreart it ôfrinnend fuotbalbalseizoen bij SDS. It giet út as in nachtkears.
In goed jier lyn wiene der foar mij twa redenen om te stopjen mei fuotbal bij SDS.  Yn it earste plak de bij mij hieltyd grutter wurdende argewaasje fan it net trochgean fan wedstriden. It wiene de tsjinstanners út stêd en doarp dy't de wizânzje hiene om "moai" tiid ôf te sizzen omdat se wer te min spilers hiene. Der wiene klups bij dy't it prestearden om twa of trije kear ôf te beljen. De KNVBNoord liet alles mar gewurde. Sa koe it barre dat wij fanôf april twa kear yn de wuike balje moasten om de efterstân yn wedstriden yn te heljen. En twa kear yn de wike fuotbalje dat is foar dizze 57 jierrige krekt wat te folle.
De twadde reden om te stopjen wie in knibbelblessure dy't net oergean wol.
No in jier letter is de knibbeltastân noch gelyk mar ik fuotbalje al wer. Gewoan Efkes Balje op freedtejûn mei leafhawwers. Dan hawwe je gjin lêst fan ôfsizzende tsjinstanners. Hearlik.

Miskien wat mear fan ôfstân, mar noch wol belutsen sjoch ik dit seizoen foar sommigen ploegen ek útgean as in nachtkears. SDS 5, wêr't ik ferline jier noch bijballe, waard binnen 3 wiken konfrontearre mei 4 kear in ôfsizzende ploech. Hoesa in wintersport. At se dit seizoen noch útfuotbalje wolle, dan wurdt it wol july. Soks past al hielendal net yn doarpen as Wommels en Easterein wêr't it keatsen hieltyd earder foar master opslacht.
SDS 5  hat besletten om de KNVB in hantsje te helpen: sij hoege de wedstriden net wer yn te plannen want sij stappe frijwillich út de kompetysje troch wangedrach fan spilers fan oare klups. It moaie twadde plakje jouwe se fuort en it kampioenskip fan scFraneker 4 is in feit.

De nachtkears liket ek symboal te stean foar de A-ploech fan SDS. Sij hawwe it selde lijen as SDS 5.

De nachtkears stiet ek symboal foar myn trêning mei E1 op woansdei. Sûnt febrewaris al twa jonges op keatstrêning en no't it maaie is, binne der wer keatswedstriden op tiden dat wij trêne. Ik kom net oan de kar dy't bern (of âlders) meitsje, mar de aardichheid giet der wol ôf op dizze wize.
Want trêne mei 5, 4 en sels al in kear 3 bern hat gjin sin, nettsjinsteande dat de jonges dy't der wol binne der net oer seure.
Spitich dat ik yn dit stik fan saken wer konstateare moat dat keatsen en fuotbal elkoar byt en dat stiet mij min oan.
Ik leau dat der noch ien kear trênen is. Ik tink dat ik mar ôfsis: woansdeitemiddei is der keatsen foar 55 plusser miskien moat ik mij dêr mar foar opjaan. En dan op it lêste momint ôfsizze, want keatse is dochs net myn ding.



maandag 14 mei 2012

Hast ryk

It jild leit op strjitte sizze se wol. At ik dizze mail in bytsje begryp dan leit myn jild yn Maleisie.
Fermaaklike kost en je moatte wol hiel tûk wêze at je dit yn goed frysk omsette kinne en der wat fan begripe en je moatte wol hiel dom wêze at je iets trochjouwe oan dizze emailskriuwer.

Beste vriend,

Zijn heel lange tijd geleden dat we hoorden van elkaar. Verraad ze zeggen is de opzettelijk doden van hoop. Ik heb je verraden mijn vriend vanaf het moment dat u gereageerd op die e-mail stuurde ik u enige tijd geleden., vanaf dat moment dat je aanvaard dat geld en dan je me je naam, adres telefoon-en accountgegevens. 

Vanaf dat moment heb ik kiezen om u te verraden wanneer u ervoor kiest om te vertrouwen me.I omgeleid de wining om myself.I ben zo zo erg dat je een hoop geld heb verloren van aanspraak maken op deze prijs. 

Ik ben in een slechte staat van gezondheid op dit moment en ik kan gestorven zijn aan kanker voor mijn Zoon stuur u deze brief, maar accepteer de zevenhonderd en zestig duizend dollar schadevergoeding als een attonement voor mijn zonde tegen you.Please contact opnemen met mijn juridisch adviseur Barr.charles gevestigd in Maleisië, want ik heb gegeven hem instructies om dit geld aan u te leveren zo snel mogelijk.


U kunt contact opnemen met mijn juridisch adviseur Barr.charles zijn e-mail gewoon vertellen hem dat u hem contact op te nemen onder instructie van Code: GUUTU992 zal hij eer mijn WIL en betalen u binnen de Vierde acht uur. Vergeef me dit is alles wat ik vraag for.Please stuur hem je ID, telefoon en adres voor verificatie en de betaling processing.My geest zal worden opgeheven zodra je deze compensatie.

Met vriendelijke groet

GUUTU992

zaterdag 12 mei 2012

3800, 180, 42

Wat besielt in minske om 3800 meter   te swimmen (fan Wommels nei Spyktille), 180 kilometer te fytsen (11 stêdentocht op de fyts oan Aldemardum ta) en 42 kilometer te draven (de Slachte ). Op ien dei wol te ferstean.  It sil de útdaging wêze moatte!
Dit wykein is de triatlon fan l’ Ampolla oan de eastkust fan Spanje. Ien fan de dielnimmers is ús soan Tsjeard. Tegearre mei syn freondinne Berber en syn triatlonfyts  is hij freed nei Barcelona flein en is sneon de hiele dei dwaande west om dit bij in temperatuur fan sa’n 30 graden te folbringen.

Tidens de rees waard it thúsfront op de hichte brocht troch twitters fan Berber en fansels gelyk al mei wat foto's .


Bij de start mei de konkurrinsje




Krekt foar de start fan it swimmen




























Wij binne tige grutsk op him!!!

.......de folgjende dei de skea efkes opnimme....

Greidhoekfestival

Yn in alderaardichste presintaasje waard freedtejûn it programma bekindmakke foar it Greidhoekfestval yn Wommels.
De Jimbar siet fol mei pleatselike parse en oare belangstellenden. It gros fan de nasjonale en ynternasjonal parse siet thús efter de Ipad of Leptop want Stjoerder hie der in streekrjochte útstjoering fan makke.
Neffens de twa Bobben stiet it festival no ek op de ynternasjonale agenda omdat meardere artysten yn it Ingelsk sjonge.
15 septimber sil it heve en it sjocht der allegear wer fernijend, nijsgjirrich, dwers en tsjin de tried yn út.
Noflik en kult seit it oanpaste logo. Foar mar 8 euro stiet der hiel wat ferdivedaasje op it programma fanôf 19.00 oere.
Om wat te neamen: Automatic Sam, Fortunate Sons, Nyk de Vries, Henk en Melle, Lody Franzen, Meindert Talma mei Snakkers en Skarl.

15 septimber op it swimbadterrein yn Wommels kinne je kultuur snuve en goeie muzyk heare.
In oanrieder.

En dizze geweldige band (The Fortunate Sons) wie okkerlêsten yn in útferkocht Bolwurk yn Snits te hearen foar in publyk dat út syn dak gie bij it hearen fan al dy geweldige hits fan Creedence Clearwater Revival.
Sij komme yn Wommels !!!


woensdag 9 mei 2012

Moaie affysjes






Foar de leafhawwers fan moaie affysjes is der gjin nee te keap tsjintwurdich. Yn Paris oan de Seine kreas neimakke affysjes fan optredens fan ferskate bands yn Paris. Sa as yn 1965 The Rolling Stones en yn 1968 The Doors.

zondag 6 mei 2012

Liet


Sneon wie Liet yn de Prinsetún. 11 groepen diene in poging om de opfolger fan Janna Eijer te wurden. Hast allegear haw ik se sjoen en heard. Dat fûn ik fan mij sels in hiele prestaasje. Mar kieze tusken alwer de Hûnekop op ien fan de podia fan it Befrijingsfestifal of wat nijs heare wie net sa dreech.
In sfearfolle omjouwing, it seach der fierders ek goed út sa oan de kant fan de fiver mar it kaam net oer as in wichtich festifal dêr't it der om gie.
In goeie lûd fans sa'n licht sjenre ferwaait gewoanwei en yn dit gefal liken de technisi ek problemen te hawwen om de saak goed foar elkoar te krijen mei al dy ferskillende groepen en ynstruminten
Dat it kâld wie om dêr te stean sil ek net goed dien ha oan myn gefoel en in tige leech oerfleanende helikopter tidens ien fan de nûmers kaam wol hiel ferfelend oer. Ek al siet Allan Clark deryn.
Ik wie net echt entûsjast en kin mij goed foarstelle dat de groep fan Weiland de publykspriis wûn.
Argewaasje hie ik ek.
Hiel opfallend dat presintatrise Marijke Roskam de groep Yldau wol hiel slim de himmel ynpriizge nei harren optreden: sa goed, net ophâlde, better as Lois Lain ensf..
Iets te opfallend wie dat, fûnen ek meardere minsken om mij hinne. Dat de groep Yldau de winner waard sil ik mar tafal neame.

vrijdag 4 mei 2012

KNVB en 5 maaie

It fuotbalseizoen duorret fan begjin septimber oant juny. Dêr sitte tal fan fuotballeaze sneonen tusken. Ta fertriet fan sommigen dy't soms krekt yn foarm binne.
Fakânsjes dogge it ritme ek net goed. De KNVB is fan miening dat der dan sa min mooglik fuotballe wurdt. Der moat ek rekken holden wurde ynhelsneonen.
Der moat soarge wurde om reedlik op tiid dien te wêzen want it keatsen begjint wer en gemeentes wolle de fjilden rêst jaan.
Nettsjinsteande boppesteande arguminten is it ûnbegryplik dat de KNVB op 5 maaie in hast folslein programma hat. It docht gjin rjocht oan it Befrijiingsfestifal sa't dat al jierren in grut sukses is yn Ljouwert.
In donkergiele kaart foar de KNVB.

De Staat spilet sneontejûn op it haadpoadium yn Ljouwert.

dinsdag 1 mei 2012

30 april

30 april is yn de keatshoeke sa'n bytsje de ôftraap fan it keatsseizoen. Tradysje fan jierren tink ik.
Yn Itens, Easterein en Wommels om mar in pear foarbylden te neamen, wurde de perken wer útlein, de tillegraaf wer delsetten en de want komt ek wer foar it ljocht.
Ik haw lid west yn Itens, Easterein en bin noch lid yn Wommels. Wêrom ik noch lid bin wit ik net. Hoewol dat ek jildt foar de toanielferiening, ek dêr haw ik fierders neat mei.
Keatse doch ik net mear. In fuotbalseizoen kin mij net lang genôch trochgean en betiid genôch begjinne.
Yn it ramt fan de fraach"wat soene se yn doarpen útfine, wêr't net keatst wurdt" stapte ik op de fyts nei in keatsfrije hoeke.


In goeie 60 kilometer yn Lemsterlân. Flevolân en Gaasterlân-Sleat
Lit ús mar sizze in rûntsje ten súden fan Spannenburg, want dêr wie de start.

Yn Eastersé stiet in gebou wêr't de bûtenmuorren opfleure binne mei allegear tegeltsjeswiisheid. In aardichheid om te sjen en yn dy pear minuten dy't je dêr steane te sjen, dogge je wer hiel wat wiisheid op, wat je al wer fergetten binne as je Eastersé efter je litte.


De polder yn de buert fan Bant sjocht der flerich en kleurich út mei de tulpen.
Yn de buert fan Creil is in alderaardichst ynfosintrum oer tulpen. Op in terrein sa grut as in keatsfjild binne hast alle ferskillende soarten tulpen te bewûnderjen. Skat dat der hûnderten ferskillende soarten yn de bloei stiene. Alle soarten hawwe harren eigen nammen en sa kin ik ûnder oaren de Martine Bijl tulp, de Ferrari tulp, de Willem Alexander tulp, de Gerrit van der Valk tulp, de Red Bullet tulp en de Franeker tulp op syn wearde beoardielje



Ek de Rock en Roll hat syn eigen tulp

 
It sil jim net ferbaze dat de Kung Fu tulp in kopke lytser makke wie

.Ek Ronaldo (hokker? ) kin syn eigen tulp hjir groeien sjen.

Troch al dat blommegedoch soe ik hast ferjitte wat it doel wie fan de reis. Sjen hoe't net keatsende doarpen 30 april om krije.
Yn Eastersé bier drinke, yn Bantegea bûten folleybalje, yn Bant bûten folleybalje, yn Creil allegear flagje, op é Lemmer bij de brêge omhingje en yn Sleat op terraskes sitte.