donderdag 25 oktober 2018

Fryske hannen

Tresoar hat wer in nijsgjirrich projekt,
in moaie bezichheid foar thús

Wie was je vader, wie was je moeder? Fan wa bisto der ien? Door familierelaties van onze voorouders nu goed in kaart te brengen, kunnen we de Friezen van vroeger straks nog beter vinden. Helpt u mee?

ja wis, help ik mei!
en sa bin ik deis meast in oerke of sa
dwaande mei it ynfieren fan gegevens

deaden üt 1906, 1941 en 1935,
oant no ta,
allegear út Hinnaarderadiel,
want dat koe ik oanjaan.

ek yn dy tiid waarden minsken âld
mar ek stjêrden der in protte bern
sa as dizze, trije wiken âld
en dizze twa dagen âld
beide sûnder berop.....


Yn akten waard wolris wat omskrast
en dan waard ûnderoan fermeld hoefolle wurden
trochhelle wiene


Der wurdt per dei bijholden
wa't aktyf of noch aktiver is.
Soms stean ik efkes yn de top trije
mar dat is omdat ik moarn betiid meast oan de gong gean


De deade waard oanjûn troch twa oaren
en soms koene dy net skriuwe en dus ek net tekenje




Letter op de dei
haw ik muoite om de top 10 te heljen.....



It is ferslavend,
dus pas op....

dinsdag 23 oktober 2018

Bintangs

Machtich
in jûntsje Bintangs.
It Bolwerk yn Snits
wie it poadium





maandag 22 oktober 2018

1954

De strontrees is alle jierren 
yn de hjerstfakânsje
De sneins foardat it begjint 
tilt it yn Warkum op fan de boaten en de minsken.
Noflik om dêr efkes te sjen
bij de kreamkes, de boaten, de muzyk,
it sjongen en de fiskrikkerij




Hjir en dêr wat âld spul
lykas kroaden, lampen, boeken en dizze Unimog 401.101

Fan 1954, 
ek myn boujier.
dêrom foel hij mij op

6 fersnellingen foarút 
en 2 efterút

dêr kin ik fansels net op tippe






zondag 21 oktober 2018

Mary Gauthier



Net alles wat yn de krante stiet klopt,
dat witte wij al lang
Dat in simpele oankundiging
yn de Ljouwerter Krante 
de lading ek net dekt is wat frjemd.

Oke, 
Mary wie yn de Harmonie
de foelist Michele Gazich wie der ek
en fierders.....

fan de 11 "angrijpende songs"
fan it prachtige album "Rifles & Rosary Beads"
song se der amper trije,

dat wie spitich, 
omdat se de tiid fan noch trije songs
folprate oer de oanlieding fan de lieten
it proses en it gefolch.

Moai om te witten,
mar ik haw it allegear al lêzen
en bin dêr foar de muzyk,
boppedat is 90 minuten dêr te koart foar

It repertoir wat se wol spilet
is âlder, ek prima 
mar dêr kom ik net echt foar

Mary jout ek romte oan har twaddestim songeres
dy't net oankundige is.
It fielde wat as in promoasjekertierke
foar Jaimee Harris
om allinne 3 lieten te sjongen/spyljen

Neat mis mei,
fan in "ferlegen" twadde stimke
stiet er ynienen in jonge frou
mei power en in prachtige stim

In sa ûntdek ik dus Jaimee Harris
op de jûn dat Mary Gauthier 
mei in ûnferjitlike besoargje soe
mei har nije album









dinsdag 16 oktober 2018

In moaie oktoberdei

Oktober
mear as 20 graden
dus op de fyts fuort...

Yn Dronryp binne se dwaande mei en hawwe se noch spul oer de nije brêge. Dizze helpbrêge foldie skoan

Yn Menaam myn freon "it feintsje"

Ferwert 

it brechje fan Bartlihiem, in djiptepunt foar fytsers
In prachtich byld fan Wânswert ........


..........fanôf dit smelle fytspaad


Pypskoft bij stasjon fan Jellum- Boxum


Wommels-Ferwert-Wommels: 80 km




vrijdag 12 oktober 2018

Claw Boys Claw

Poadium Asteriks,
yn de Blokhúspoarte giet 1 jannewaris 2019 ticht.
It is in skande,
en it is begrutlik
foar de stifting dy't jierren bands sa'n moai poadium joech.

wat in prachtige jûnen haw ik dêr hân, meast op freed
wat in prachtige begjinnende bands haw ik dêr sjoen,
dy't grut groeid binne:
Birth of Joy, Afterpartys, Traumahelicopter
wat in moaie bands út in alternative wiene dêr
Hallo Venray en Claw Boys Claw

dy lêste band
dêr wie ik juster
wat in feest makken se der wer fan;
folle bak yn in geweldige sfear



maandag 8 oktober 2018

Op de teantsjes trape




Ynstjoerde stikken
it is betiden in fermaak

nim no dit plaatsje,
dat de útkomst fan in enkête yllustrearret

Op de fraach at je in tablet hawwe
joech  25 % oan dat dat net sa wie
en dus kaam dêr in plaatsje bij te stean
fan in hûntsje om dat oan te jaan
in hûntsje dat tasjocht......

Ien fan de lêzers fan it blêd Computer Idee
skreau in lilke brief:
"dat it belachlik is dat sij
fergeleken wurdt mei in hûn
omdat sij gjin tablet hat"

It is om je de bûsen út te skuorren

woef, woef.....


zondag 7 oktober 2018

Amelân

Relive 'Morning Oct 4th'

It wiene wer trije moaie dagen
op Amelân.
Sûnt 2011 mei op skoalkamp
fan de Súdwester,
ek al wurkje ik dêr net mear.

Mei de fyts de bern wer in soad sjen litten fan it eilân en wij hawwe moaie aktiviteiten dien.
De heechste dún en it strân op,
it ferhaal fan Rixt fertelle bij it stânbyld,
it hynstegrêf besykje,
nei de fjoertoer,
kwallen en krabben sykje op it strân,
fuotbalje en spultsjes dwaan yn it (tsjustere) bosk.
Boartsje yn de Vleijen en
fisken en oare bisten besjen yn it natoermuseum
en in terraske pakke mei patat en sa.
Wat in prachtige groep bern.
Soks jout enerzjy.














dinsdag 2 oktober 2018

Poesie album


Taal út 1934
"Kent gij"
"Maakt gij"
"u Grootvader"

Ut poesie album pake Aant oan mem Hiltje

maandag 1 oktober 2018

Bibel

Ik tink wol
dat wij noch in bibel yn hûs hawwe;
boppe,
fier weistoppe yn in hoekje
krekt as oare boeken
dy't je net wer lêze
mar ek net fuortsmite wolle

Ik tocht er oan doe't ik dit stean seach


Haw ik de bibel lêzen,
mei de klam op ik.
Twongen nei tsjerke te gean oan myn 15 de
dêrnei noch in 10 jier
frijwillich nei tsjerke op syk nei iets
(tsjin better witten yn)
en doe ôfheakke

Ik frege mij ôf at er neist dûmny's
ek oare minsken binne
dy't de hiele bibel lêzen ha

Bewust
fan de begjin ta de ein
Genesis oant Iepenbieringen
lêze
as in roman,
in misdietriller,
of miskien wol as in sprookjesboek