woensdag 25 juni 2014

De trein


Wij sieten okkerdeis op de kamping ûnder of boppe Boazum.
It is mar krekt fanôf hokker side je dat besjen wolle.
Om de kamping te berikken moatte je oer in net bewaakte oergong.
Utsjen dus.
De trein giet fan Ljouwert nei Starum
of oarsom
Fanôf de kamping seagen wij de trein op sa'n 500 meter foarbijgean.
Wij hearden him net
wij seagen him gewoan alle kearen
hee, de trein wer....
in treine yn read en wite kleuren
Trij kear yn it oere sa wat
op freed alteast
Op sneon en snein en jûns
twa of ien kear yn it oere

In trein sa't in trein bedoeld is.
minsken fan A nei B bringe.
Fan Mantgum nei Molkwar
Fan Ljouwert nei Warkum
in trein sûnder haast
Tuft lekker rêstich troch ús moaie lânskip

De trein lâns Boazum
alle kearen wer in moai gesicht

De trein lâns Boazum
ek al sit er miskien mar ien yn
de masjinist

de trein moat altyd bliuwe
al is it mar om it lânskip yn beweging te setten

Wij hawwe gjin stoomtrein nedich
wij hawwe ús boemeltsje wol
Tusken Ljouwert en Starum


maandag 23 juni 2014

In plaatsje

Is it net in plaatsje?

zondag 22 juni 2014

Maarten




It sil  febrewaris west ha. Dit jier.
Albert Faber fan Hilaard wol wat organisearje
Maarten van Rossem in jûn sprekke litte.
Albert freget at ik mei doch.
Want twa kinne mear as ien.
Foar him nij en foar mij ek.
Ik hoech oer soks net lang te tinken
Krekt wat sa'n útdaging

Wij prate de risiko's troch.
Want dy binne der.
Wij doarre it oan..

Nei wat oerlizzen hjir en dêr hawwe wij it no rûn
It kin los mei de kaartferkeap.

De blog kin online
It logo is klear
It twitterakkount kin aktiveard wurde
Der kin neitocht wurde oer wat affysjes
Facebook en oare sosjale media moatte ús helpe mei wat publisiteit.
Wij binne fol fertrouen

Tongersdei 23 oktober komt hij nei Wommels.
Maarten van Rossem, ús "nasjonale brombear"
Hij komt nei  it Dielshûs
Jûns om 20.00 oere

"Maarten van Rossem heeft een punt"

Mear oer de kaartferkeap en sa kinne jim hjir lêze.


zaterdag 21 juni 2014

Langste dei

Hjoed de langste dei en dus koartste nacht. Dêr past dit nûmer wat titel oangiet hiel goed bij. Fierders is dit ien fan de  nûmers wêr't ik mar net genôch fan krije kin. In pear jier lyn live sjoen op Roekrock yn Weidum. Wat ii sound, wat in spanning, wat in power.

vrijdag 20 juni 2014

Wat grutter de leagen, wat earder men dy leaut.

Ik bin oertsjûge fan de ûnskuld fan de man dy't no fêst sit foar de moard op Marianne Vaatstra. Dy oertsjûging is basearre op al dat ûndersyk wat dien is troch meardere (sjoernalistike) ûndersikers dy't troch troch oaren as "komplottinkers" oantsjutten wurde. De ôfrûne haw ik alles der oer lêzen op ynternet. It byld wat dizze ûndersikers sketse is in reglemrjochte feroardieling fan ús rjochtsteat. Mei al dy oare missers fan justysje, wêrtroch safolle ûnskuldige minsken jierren lang op de diederstoel sitte moasten, stel ek ik de fraach hoe is it yn .....namme mooglik dat sokke saken barre yn Nederlân.
Hoe is it mooglik dat de feroardieling fan een boer yn sa'n rap tempo dien wurde koe mei in oanwezen abbekaat dy't net foar de rjochten foar dizze boer opkomme woe. 
De saak Marianne Vaatstra wurdt yn dit boek beskreaun fanút it ûndersyk wat dizze minsken dien hawwe. In tsjok boek mei alle feiten op in rige. It boek is basearre op it deiboek fan Maaike Terpstra de mem fan Marianne. Net tsjinsteande rjochtsaken om it boek te kearen leit it der. Ik soe sizze lês it.
Ik haw al in man/frou as 4 op myn listje stean dy't it ek lêze wolle......

Ik keapje net sa faak in boek, wylst ik wol in soad lês. De byb foldocht mij hiel goed. Mar dit boek moast ik sels ha. Dat it dan ek noch persoanlik sinjeard is troch de twa skriuwers makket it ta in moai persoanlik besit

woensdag 18 juni 2014

Tichtbij

Je hoege de wrâld net út om der in moai wykein fan de meitsjen. Foar de alfde kear hiene wij it Holtrop famyljewykein.
11 kear hawwe wij in kamping útsocht. De lêste jierren ien dy't frij is fan oare gasten.
Sa'n wykein dat wolle wij oaren net oandwaan.
In kamping mei sa'n 10 oant 15 plakken sykje is de earste klus.
Dat slagget de kommisje alle jierren wer
Sa kamen wij yn Hoogersmilde, Riis,  Formerum, Bloksyl, Fochteloo, Boertange, Jobbegea, Vledderveen, Dronten (2 kear) en no bij Boazum.
Boazum?  Ja dus.
Tichterbij kin foar ús hast net.
Tongersdeitejûns begjint it al. De legertinte dy't ús allegear plak biede kin en de biertap wurde te plak brocht. De tinte kin moai efkes útwaaie nei in jier rêst en de fetsjes bier kinne ta rêst komme om freed net allegear skom te happen.
Freed komme se oeral wei. Tinten, sleurhutten, optearsleurhutten en kampearweinen sykje plak.
It fuotfolleybal fjild wurdt oanlein en it kin begjinne.
Simpele formule. Net seure, lekker bijprate, bijdrinke en bijsjonge. Want twa muzikanten en in hiel grut koar soargje foar de muzikale noaten.
Dat koar hâldt meast tsjin ienen nachts op, de muzikanten geane dan noch troch.
It Wk op freedtejûn?
Gjin probleem. De iene nimt digitenne mei, de oare in beamer en wer in oaren komt mei instrak skerm.
Oranje bringt de stimming der aardich yn. It earste fet is samar leech yn de twadde helte.
Der hoecht neat sokke dagen, der mei fan alles: omhingje, wat sporte, mei de famylje en mei de geit prate, wat drinke, de geit fersette, nei de mummies (deade boel), nei de stêd of nei in eksposysje.
It is sokke dagen ek in kommen en gean fan minsken, want efkes wurkje, efkes kuorkebalje yn de Pein, efkes nei hús, it kin allegear.
Op sneon goed 4 oere it hichtepunt wêr't elkenien bij hopet te wêzen.
The Pitbrothers komme mei in ferrassend lekkere barbekjoe.
Sneins is it wer dien.
Dan is it in saak fan opromje
Wij krigen sa'n 300 foto's fan ús fêste fotograven yn de famylje en der steane allinne mar fleurige minsken op. En in mankelike geit.
Wat wolle je ek mei sok  moai kamping waar, mei safolle aardige minsken, mei sok lekker bier, mei sa'n wetterryksportfjildsje, mei sokke hearlike muzyk, en mei lekker fleis op in prachtige boerekamping yn de buert fan Boazum.
Der koene 65 minsken komme, der binne 62 west..... fan 4 wiken âld oant 67 jier  ta
de opperbaas fan de kamping hold wat tafersjoch

Martijn Kentie en Tjeerd Abma...beide bekend fan harren optredens

it is sneontemiddei in oere as 5

de Pitbrothers binne der mei harren "izeren lûkbealch"

De pakes moasten op de foto mei de pakesizzers en dat foel net ta, it wie hâlden en kearen

mei man en macht wurdt de legertinte wer oprolle ûnder tafersjoch fan ........

Oant takem jier



zondag 8 juni 2014

Wike 24 1966

Sneintemiddei harkje ik noch wolris nei Omrop Fryslân. In muzykprogramma mei sa no en dan wat sport.
Mar de muzyk boeit mij. Sa as hjoed at wike 24 fan 1966 sintraal stiet.
1966, doe waard ik 12 jier.
En as ik hjoed  dy muzyk hear fan dat jier dan besef ik mij dat de muzyk doe ek al sintraal stie yn myn libben.
Ik hear Boudewijn de Groot mei syn Welterusten meneer de president en ik sjoch mij sels wer op souder  mei in sebeare gitaar en hear mij sjongen  mei safolle passy dat it krekt wie as woe ik Boudewijn stypje om de boadskip te hearen..
Wat bijsûnder dat ik mei myn 12 jier dat nûmer doe en mei myn hast 60 no noch altiten sa goed fyn.
Ik hear de Outsiders mei harren "Lijing all the time". Wat in prachtich nûmer bliuwt dat.

Ik sjoch de hiele list troch en fiel nostalgy nei al dy prachtige meisjongers as I am a rock (Simon & Garfunkel) , the Russian Spy and I ( Hunters) en Pretty Flamingo ( Manfred Mann).

En  "troch de jierren hinne fyn ik Conny van den Bos mei "ik ben gelukkig zonder jouw" in hearlik nûmer. Tsja, ik kin it ek net helpe.

Man, man wêr is de tiid bleaun.





zaterdag 7 juni 2014

Ekskuus

Soms sit it tsjin op fakânsje. Dan hat de oanbieder de boel net op oarder. Dan begjint it min en dan wurdt it net mear goed. Sa is dit jier yn ús maaie fakânsje. Sjoch hjir
Soks lit ik dan al efkes witte oan de oanbieder. Yn fatsoenlik wurden jou ik oan wat der mis is. Om fan te learen en om yn evaluaasjes mei te nimmen.  Dat lêste is dus slagge.


Beste heer Hofstra 

Zoals beloofd zouden wij nog terug komen op uw klacht. 

Van mijn medewerkster heb ik begrepen inderdaad dat de tenten niet schoon en niet compleet waren op het moment dat u aankwam. Zij heeft geprobeerd om te zorgen dat alle inventaris werd aangevuld en dat u gebruik kon maken van uw tent. In haar optiek was dit gelukt rond 18;00 uur.  Als compensatie voor het geleden leed heeft zij inderdaad een flesje wijn aangeboden en haar excuus aangeboden voor het feit dat de tent niet op tijd klaar stond.  

Bij deze wil ik u ook namens labyrinth ons excuus aanbieden en wij zullen dit zeker in onze evaluaties meenemen. 

Met vriendelijke groeten,

TEAM LABYRINTH

Labyrinth Outdoor & Travel - Group Adventures

Ruurloseweg 25
7021 HB Zelhem

The Netherlands

donderdag 5 juni 2014

Myn earste bierke

"Hoe soesto der útsjen sûnder burd"

"Hasto dyn burd der wolris ôfhân"

Dat wurdt der wolris tsjin mij sein.

Suggestive fragen fan minsken dy't harren nocht hawwe fan myn burd. 
Myn antwurden binne: "ik wit it net" en "nee"

Wêr't selfies hjoed de dei foar master opslaan moasten wij it earder dwaan mei wat baby foto's, in skoallefoto (mei oaren), "mei de nije fytsfoto's"en fierders neat.
Ferrassend wie it dan ek dat ik dizze wike in twiit krige út Sint Nyk. 
Trije wurden:
"Aant sûnder burd"

Hiel aardich fan Rients Smeding (earder fan Wommels)  dat hij dizze foto bewarre hat en mij dy tastjoerde.
Sûnder burd, mei lang hier, mar wat mij it measte opfoel is dat ik wat yn de hân haw.
1972.
 Krekt 18 jier.
Dat moat myn earste bierke west ha.
Tsjoch!

zondag 1 juni 2014

Fortarock

31 maaie 2014 stie al lange tiid yn myn agenda. Fortarock yn Nijmegen. Trije podia mei totaal 18 bands. In poerbêste dei wie it wer. Prachtige waar, in hearlike ûntspannen sfear en goeie muzyk.
Je kinne net alles sjen. De earste twa al mist omdat de bus in oere te let wie omdat de Tomtom oer Zutphen wat oars sei as wat mooglik wie. Optredens sjoen fan:
Moonkings
Ghost
Skillet
Behemoth
Sabaton
Gojira
Alter Bridge
Graveyard
Slayer
Antrax
Iron Maiden

In hearlike dei ! Mei at ik dan dochs in top trije meitsje moat boppemjittich genoaten fan Sabaton, Graveyward, Slayer en Gojira