zondag 29 april 2018

Tribute yn Boalsert


Boalsert
Keningsdei
Tributefestival


 In tribute oan Ed Sheeran,
in prachtich sfearfol optreden
mei goeie muzikanten
dy't ek noch prachtich sjonge kinne!

Hoe soe it ek oars
mei Klaas Zijlstra en Sjoerd de Vries op gitaar en slachreau


In tribute oan the Rolling Stones,
stevich en goed mei ik wol sizze.

It optreden fan in tribute oan Johnny Cash haw ik net sjoen
en de tribute oan Doe Maar fan Toe maar soarge foar in geweldige sfear
wêrbij de hiele boel yn beweging komt...

Mar, helaas,
ik krij altyd wat kriebels fan dy bibbermuzyk fan Doe Maar
en moast dus fanwege
in opkommende bibbersykte
gau fuort wêze

zaterdag 28 april 2018

Bril



"Dat sjochsto ferkeard"
seit er wolris immen tsjin mij.
Net frjemd fansels
want ik mei dingen graach oars sjen.

Mar
om oan alle ûnwissichheid  in ein te meitsjen
like it mij dochs wol goed ta
om nei mear as 5 jier wer in besite te bringen
oan ien fan de safolle lannelike brillensaken.
Ien fan dy saken
dy't mij alle jierren der attent op makket
dat it al wer 2, 3 , 4, 5 jier lyn is
dat ik in bril kocht haw
en dat it foar myn gelok (en harren beurs) better is
dat ik wer efkes lâns kom.

"Al weer 5 jaar geleden",
is it earste wat mij ynwreaun wurdt
at ik sitten gean foar de eachtest.

Nei de eachtest
wurd ik ferrast mei de sin
"doet u deze maar even op"
en in grutte koptillefoan wurdt mij oerlange

Ik sjoch him oan,
ferbaasd dat se mei in koptillefoan
tsjintwurdich ek eagen teste kinne...
"Dat is voor de gehoortest",
sa andert de brillenman myn ferbaasde blik.

"Nee, dankje,
dêr bin ik hjir net foar,
boppedat haw ik dêr hielendal net om frege"

"Dat wilt u echt niet" besiket hij yn in lêste poging
mij ek in gehoarapparaat oan te smarren

"Nee, dankje, ik bin hjir foar in bril"

Fierders bin ik prima holpen
hoewol ik wol it idee hie
dat it it gebrûk fan ferskillende talen
net hielendaal goed oerkaam

Oh Ja,,,,de eagen wiene noch goed,
dus sis nea wer tsjin mij
"dat sjochsto net goed"

donderdag 26 april 2018

Herinnering oan FC Twente

It giet net sa goed mei de Tukkers,
grutte suksessen hawwe plak makke foar it spûk,
it degradaasjespûk wol te ferstean

myn herinnering oan FC Twente
datearret fan 1975

de tsjintplicht
en nei in koarte oplieding yn Den Bosch
wie ik sûnt maart 1975
soldaat yn Havelte
it 119 de bataljon
mei tal fan fanatike Twente supporters

9 april
mei de bus nei it Diekmanstadion
foar Twente - Juventus

der stiet mij faach bij
dat it in moai feessie wie...







maandag 23 april 2018

Tulpen

Ik rop 22 april mar út ta Tulpendei,
want wij fytsten de tulpenroute yn de NOP
en bij thúskommen en it foto's argiveare
seach ik dat wij ek ferline jier
op 22 april
in tulpenroute fytst ha,
ek yn de NOP

it soe wat flau wêze om de foto's fan ferline jier te brûken
hoewol der hast gjin ferskil te sjen is...

dat wie dan ek de konklúzje fan ús nei ôfrin:
lekker fytst
in soad grize fjilden sjoen
mei hjir en dêr wat tulpenfjilden

fansels wie der ek wer in "tulpenbelevingscentrum"
mei hûnderten ferskillende blommen
dy't se allegear tulp neame
hoewol se mear op roazen lykje
en sels de namme Melrose hawwe

It "belevingscentrum" bij Creil yn de buert
is foaral ek it fette bek iters plak
foaral foar dy minsken dy't bekomme wolle
fan al dat yn en útstappen fan de auto
om bij elk fjild wat foto's te meitsjen

Fytsers wiene der dizze kear net folle

De wjukkelmasjine is der ek wer
foar dy lju dy't yn 7 minuten alles fan boppen sjen wolle

















Wêr reek is, is Vuur

Sneontejûn,
Neushoorn yn Ljouwert
de grutte seal
swart is de kleur.....

Ik hie ferlet fan in jûntsje stevige muzyk
en sa belâne ik yn Neushoorn

Anneke van Giersbergen mei drummer en gitaristen
spyljend ûnder de namme Vuur

Goeie berjochten foarôf,
ek oer it foarprogramma
For I am King, lekkere stevige metal
mei in songster
dy't de swierste en djipste metallûden út har strôt tovere..

Dêrnei Vuur,
minder hurd, minder metal
mear muzikale ynhâld, mear gotic.

In prachtige stim hat dy Anneke van Giersbergen
en mei dizze muzikanten hat se in goeie band
om mij in moaie jûn te besoargjen

en om 23.15 wie it dien.
perfekte tiid
want de bus giet 23.29

For I am King


Vuur







woensdag 18 april 2018

Oerstappe

De Elfwegentocht komt der oan
fan 1 oan 14 july:
14 dagen fossylfrij ride yn Fryslân,
dat is it doel....

Reizgers fan bûten Fryslân
kinne dy twa wiken de fossylrike auto parkeare
op it Oerstapplak
bij Surch of Wolvegea.

Wij diene it tiisdei omgekeard,
de auto (op gas) parkeare op dat plak bij Wolvegea
en fan dêr út
bûten de provinsje fytse.



Wolvegea

Giethoorn ....it eaget noch rêstich

Yn it âlde doarp Giethoorn wie gjin punter en gjin Sjinees te sjen

en sa koene wij gewoan trochfytse

bij de boer kofjedrinke
Yn de buert fan Muggebeet

Bij Bloksyl yn de buert
68 kilometer ......


zaterdag 14 april 2018

Sjen yn it tsjuster



At it tsjuster is,
sjoch je net folle
dat is de erfaring dy't wij ûndergean
yn Burchwert,
it doarp fan Tsjêbbe Hettinga

At it tsjuster is
dan giet it mear om lûden en klanken:
de smid mei syn klappen op it ambyld
de skries mei syn sjongen op de hikke
de klompen dy't klappe op  de dyk
de trekker dy't oanslacht
it hynder dat fan him heare lit
en de toer dy't slacht

Burchwert is tsjuster
en wij erfare dy neare nacht
en dy lûden
yn moai lokaasjeteater

"stroffeljend" rinne wij troch it doarp
mei help fan blauwe ljochtsjes
as paadwizers

fan de tsjerke nei de smid
fan it hynder nei de iisbaan
fan in koar nei de klompen op de brêge
fan in prachtich keunstwurk nei it korps

it wie in moaie jûn
mei in respektfol begjin yn de tsjerke
mei gedichten en sjongen
In moaie jûn mei
in yndrukwekkend slotakkoard
yn it lân efter de pleats wêr't Tsjêbbe grut wurden is.

Foto's sûnder flits fansels
want at Burchwerter it ljocht úthâlde moatte
dan kinne teaterbesikers it net hieltyd efkes opdwaan










Op de weromreis
falt  it ús op
hoe ljocht it is
bij de Boalsertertrekfeart
troch twa fytslampen........

dinsdag 10 april 2018

Pubkwis

Meidwaan oan in pubkwis
dat prate je ôf yn de pub...
en sa begong it,
bij de blues yn Easterein in trije wike lyn
Robert, Tom, Henk en Joop sjatterden mij:
do wist fêst wol wat
fan dit en dat en fan de muzyk......

Team Bluesbrothers wie sneontejûn
ien fan 23 teams
yn de sfearfolle seal yn it Dielshús

It wie in gesellige jûn
mei in ferskaat oan ûnderwerpen.
Wij diene reedlik mei
mar wiene foar de lêste ronde hoopfol
want dat wie muzyk
en dat soe dochs ús ding wêze moatte...

9 nûmers en it waard dúdlik
dat wij hjir te meitsjen hiene mei in
aldermachtichst grutte generaasje kloof

wij wisten neat.
oke, hast neat
fan al dy hiphop, dance, funk
en oare bagger
wisten wij neat....

Anouk mei Lost
dy wol

en Twaris wie ek te hearren
mar hoe hjit dat nûmer ek al wer?

Dramatysk
in desillusje
1,5 punt yn de lêste ronde

Wat oerbleau wie in 13 de plak....


Efkes pypskoft en us punten telle

De finale ronde


maandag 9 april 2018

Sintrale As

Sjoch,
je binne samar yn Dokkum
sizze se allegear:
mei de auto bedoel se dan.

Wij diene de test freed
mei Tsjeard en fytsen yn deauto
fia de ferneamde Sintale As
nei Dokkum

Weom op de fyts,
lâns dy sintale As,
dan wer westlik, dan wer eastlik
en ek wij kamen nút yn Garyp.

Doe healwyns werom nei Wommels
65 kilometer

it klopt dus
je binne der samar
(mei de auto)
en it duorret wat langer as je werom fytse.

net folle foto's makke
allinne fan in oantal aardige (strjit) nammen

tusken Dokkum en Damwâld

Yn de buert fan Kúkherne

Garyp

Binnenpaad efter Swichum lâns