zaterdag 19 september 2020

Min sin

Ik kin wol aardich tsjin ferlies fyn ik.

Dêrom haw  ik de top ek nea helle;

net bij it keatsen, 

net bij it fuotbaljen, 

net bij it klaverjassen, 

net bij it hurdfytsen 

en seker net bij it folleybaljen.

Ik ferwachtsje dat ik de top bij it jeu de boulen of bij it sjoelen ek net helje,

at ik dêr ea oan ta kom.

Ik bin te earlik, te goed om te top te heljen.

Ik fyn it spitich at ik ferlies

en fyn it ek spitich at myn favorite klup ferliest.

At it no SDS, Cambuur of Feyenoord is,

ferlieze heart der bij.

Nei in ferlieswedstriid fan SDS

bin ik teloarsteld,

meast oer it spul en soms oer de útslach.

Sa as hjoed.

Net teloarsteld oer it spul, dat wie seker net min,

mar teloarsteld oer de útslach dy't mei ta stân kommen is 

troch in aaklik gemiene grinsrjochter.

Ik stie frijwol op ien line, efter him,

doe't Hendrik de Jong ynskeat.

Hij kaam efter de ferdigening wei 

nei in prachtige foarset.

Wol in meter net bûtenspul!

En dan is dêr dizze man

dy't elkenien ferbaasd, 

troch de flagge omheech te stekken.

De skiedsrjochter nimt it oer en kart it doelpunt ôf.


Menear de flagger kin tefreden wêze

wer trije punten stellen foar de eigen klup.

Sa'n momint dus

dat bepaalt dat ik mei in min sin nei hûs gean.

Net om it ferlies, miskien hiene se oars ek wol ferlern,

mar dat der sokke lju binne

dy't wykliks in poadium krije

om út te blinken yn harren keunstke

op in hiel heech nivo...... 

puntenstelle



zondag 13 september 2020

Triatlon

 Der binne mar in pear eveneminten dy't trochgean dit jier.

De triatleten hiene gelok.

Warkum ferline wike

en Wommels dizze wike.

Sij doarden it wol oan

en de gemeente ek.

Yn Wommels stie ek in 1/4 triatlon op de list

dus kamen de dielnimmers fan hein en fier.

In prachtich evenemint wer

wêr't elkenien op syn eigen wize 

besocht in moaie tiid del te setten.

Eintiden binne hjir te finen.

Frijwilliger west, krekt as oare jierren

bij it fytsenpark 

en letter op de middei

as foarfytser bij de hurdrinners



Publyk wie helaas net wolkom, mar Samme mocht mem Berber wol efkes binnen klappe......


Kaleidoskoop

 Kûbaard hat op dit stuit

in útstalling fan paperklips.

Bysûndere en gewoane eksimplaren 

sammele troch in bewûnderaar fan dizze handige dinkjes.

Jelske en ik seagen der efkes.

Moai, prachtich,

mar bijsûnder is de kaleidoskoop

dy't dêr altiten stiet.

Jelske koe der mar net genôch fan krije

om de moaiste foarmen yn it ljocht te krijen.

Draaie, sykje en kombineare.

Moaie oare keunstwurken fan glês binne dêr te sjen

fan Monique Verbruggen 












donderdag 10 september 2020

Meine

 


Wij kinne ôfskie nimme fan Meine Bosma, 
lês ik yn de krante.
Hij is stoarn. 74 jier âld.
Ik hie him al jierren net mear sjoen,
dat hat al oars west

Meine Bosma is in âld-Wommelser.
wenne earst op de Walperterwei
en letter yn It Bosk (mei in fraachteken) 
want dêr bin ik net wis fan.

Bij Meine tink ik oan bewegende hannen en fuotten
en in fleurich en bêst sin.
Altyd yn foar in praatsje,
In koart praatsje, fan hoe is it ensafuoithinne,
want Meine hipte graach fan de iene
nei de oare foar it folgjende koarte praatsje

Meine, nei't hij Wommels ferliet
seach ik him oeral en nearne op de dyk
bij in evenemint
mei syn EHBO attributen..

Dêr siet hij fol fan,
lês ik nochris yn de krante fan juny 1994.

Meine Bosma, 

ik begryp dat hij it keatsbestjoer fan Wommels
in oantal jierren ballen beskikber stelde foar de Freulepartij.
Hij wie ek sjoffeur fan it jongespartoer fan 1975,
dat hear ik fan broer Lolke, dy't dêr yn siet.

Meine Bosma,
Monkie, dat wie syn bijnamme,

ik mocht him wol lije......


woensdag 9 september 2020

Les

 


2020, at de hjerst der oan komt.

De jongste, Brecht, krijt les fan Roan op de tablet

Jelske hat har eigen spultsje...

De "Paceshifter" hoecht neat te sizzen


dinsdag 8 september 2020

Help

 




In boek oer bemoediging
"de jongen, de mol, de vos en het paard"
Prachtige tekeningen
en sublime teksten



Spyktille mei oanfulling

 Dit berjocht stie op 19-8-2020 al op myn bloch.

Haw it no oanfuld mei in stikje út de krante fan 1888.. Sjoch ûnderoan


Om te begjinnen,
dizze foto komt fan de wepside fan Tresoar.
De foto is nommen fan Spyktille

In moaie foto mei in Hofstra histoarje

Oerpake Jan Yntes Hofstra hie hjir syn timmerbedriuw
en tusken 1888 en 1897
binne hjir syn 11 bern berne.
Hij wie troud mei Durkje Visser.

Ien fan dy 11 wie pake Hessel  (1893)
dy't letter kaam te wenjen yn Iens
(hij wie arbeider op de pleats wêr't no Lettinga wennet)
en noch letter wenne hij yn Spannum,
wêr't hij arbeider wie bij Minne Heeg

De pleats op de foto is der net mear.



maandag 7 september 2020

Lekkens

Ik sjoch se graach
dy opblaaspoppen yn de tún
mei dêrbij in lekken mei in feestlike tekst.
Saar is se of Abraham is hij wurden.
In tekst mei wiere wurden.

Nei twa dagen is it wer fuort
en giet it libben gewoan wer troch.

Profosearjende doeken mei leageneftige teksten
dêr haw ik it net op stean.
Sa as bij ús op de buert.
Al wiken hie ik argewaasje 
oer dizze miening.
At wij allegear ús miening op it stek spikerje
dan haw wij lekkens te min
en komme wij eagen tekoart.
Libbensgefaarlik liket mij sa ta.

Dat de natoer it hjir ek net op stean hat,
die bliken doe't nei it earste augustusstoarmke 
ien doek der de oare deis net mear stie.

Dit wykein is it oare doek ek fuorthelle
yn de nacht,
sûnder tastimming fan de tekstskriuwer.

Dat is net leuk fansels,
in oar syn spul moat je fan ôfbliuwe
De melding op faceboek fan dizze "misdie"
ropt wer allegear reaksjes op.

Tsja ,
sa giet dat no ienkear.
Aksje soarget foar reaksje.

Ik fyn de buert in stik moaier sûnder lekkens





 

donderdag 3 september 2020

Drinte

 


Dy Drinten dy treffe it net,

dat se yn Drinte wenje.

Oké, der is mear heide as yn Fryslân

en dy pearse  kleur yn augsutus 

jout wat fleur  oan it lânsskip dêr,

mar dat is it dan ek wol.

Oeral saaie beammen,

tefolle beammen

te smelle fytspaden

tefolle elektryske fytsen

mei tefolle âldelju dy't fan gjin wiken witte.

Sa'n 60 kilometer fytst

en neat sjoen,

útsein it boppesteande