dinsdag 30 december 2008

Ik haw it helle

Dit moat in posityf stikje wurde oer de 11 stêdentocht: It grut teatraal aventoer fan Tryater, sa't it omskreaun wurdt. Grut is it seker, teatraal is it betiden ek mar in avontoer fûn ik it net. Ik haw genoaten fan de prachtige lokaasjes dy't se útsocht hiene, fan twa geweldige stikjes toaniel (yn Winaam en Hylpen) wêrbij wij sieten te frekken op de tribune mar meisleept waarden troch it ferhaal fan de riders.
Ik haw mei nocht sjoen nei it betiden net hielendal goed fersteanbere toaniel yn de Noardertsjerke yn Snits. Yn Harns waard ik ferrast oer de sjow fan de lûden dy't it iis en de riders meibringe. Ik miste lykwols de echte klou of it hichtepunt. Mei dûnsteater sûnder tekst haw ik neat. It seach der leuk út yn Dokkum, mar ik waard der kâld fan (-3). Ek fan de twadde foarstelling yn Harns haw ik kennis nommen. Yn Sleat kaam bij mij it gefoel dat ik mij bij de poat nommen litten hie. Dat fûn ik kits.
In posityf stikje? Ja dochs. It wie seker leuk om mei te meitsjen, it wie geweldich regele allegear. Mei safolle minsken op paad en wij hoegden nauwelijks op elkoar te wachtsjen. En wachtsjen dêr haw ik in hekel oan.
En yn de bus dêr hiene wij meastal de koptillefoan op mei ferhalen en lûden fan de 11stêden. En dat wie mar goed ek, want ik moat der net oantinke at wij dy net hiene, dan hie ik de hiele dei harkje moatten nei twa efter ús sittende froulju dy't it de hiele dei hiene oer harren bern: ik wit no alles fan se, ik wit dat se mei 6 jier al in fiterdiploma hawwe, in jastichtkrijersdiploma, in ôfwaskdiploma, in doartichterdoggersdiploma en in toskpoetserdiploma. At dy bern sa troch geane, dan hawwe se mei 10 jier al 4 kear safolle diploma's as ik mei 50. En tuskentroch hearde ik ek noch wat er der allegear yn it krystpakket siet en wat se dêr mei dien hawwe.
Leve de koptillefoan.

donderdag 25 december 2008

Fuort

Dat der yn 54 jier in soad feroare is, is wol dúdlik. Dat is ek moai, want ik moat der net oan tinke at ik gjin kompjoeter hie en gjin lisfyts mei mp4 spiler en gjin Us Heit Bier drinke koe.
Dat er safolle dingen bijkommen binne is moai mar at ik no werom sjoch dan bin der ek safolle dingen net mear dy't wierskynlik in wichtige rol spile hawwe yn myn libben.
Sa stiet de Herfoarme skoalle oan de Hofkamp der net mear, lykas de noadslachting, it gebou wat altyd in kommen en gean wie fan minsken en bisten. De bisten wiene meast dea de minsken net.
It hûs bij de suvelfabryk is al hiel lang mei de grûn gelyk makke en de faryk letter ek.

Kryst

Mei Kryst rinne de tsjerken (relatyf sjoen) fol. Raar is dat. Minsken dy't it hiele jier net in oerke yn de wike útlûke wolle om nei tsjerke te gean en dat op Krystnacht ynienen wol dogge.
Wêrom soe dat sa wêze? Wolle se miskien sjen litte dat se der noch wol bij heare? Fine se it sa bysûnder gesellich dat se it net misse wolle. Of is it gewoan de tradysje dy't heechtij fierd.
Tradysjes dêr bin ik sljocht op, derom bin ik mar net gien.
Ik fûn op ynternet in liet dan Johnny Cash. Hij beskriuwt dêryn it bidden fan immen dy't noch libje wol en dy't noch nea bidden hie. Dy't ek net tocht hie dat er ea bidde soe.
Soe it sa wêze dat wannear je de striid tsjin de dea stride dat je begjinne te bidden? Ek al ha je der nea folle fan witte wollen. It soe kinne. It is yn alle gefallen in prachtich liet wurden. En in moai gebet.

maandag 22 december 2008

Muzyk

Gjin lang ferhaal dizze kear. Net omdat ik gjin tiid haw, mar omdat ik net wol dat jim earst in lang ferhaal lêze en dan gjin nocht mear hawwe om nei dit nûmmer te harkjen. The Kinks mei Ray en Dave Davies en it prachtige nûmer: Celluloid Heroes. It filmke derbij sprekt foar him sels.


Mar wolle jim krekt witte wêr't dit liet oer giet sjoch dan hjir. Oersetten yn it Nederlânsk.

woensdag 17 december 2008

Fryske top 100

Hawwe jim de Fryske top 100 al ynfuld op ynternet? Nee? Of hawwe jim der noch nea fan heard. Dat kin hast net. Fanôf septimber is Omrop Fryslân dwaande om it lykje te litten dat dit it wichtichste barren is nei de 11-stêdentocht. Mei reklame spotsjes, mei Geert âld-wiif fan Tuinen yn de haadrol en syn kompaan, wêr fan ik de namme net wit want alle kearen at hij dy sizze sil hat Geert it wurd al wer.
Alle sneontemiddeis wurde minsken hast twongen harren list yn te sjoeren, te sms-en en âld wiif fan Tuinen ljurket wat oan syn tee, en praat mear as de helte fan it programma fol. Sa wichtich fynt er de muzyk net. Sa wichtich fynt er syn harkers ek net. Nee, sa wichtich fynt hij him sels. En it tillefysjeprogramma op woansdei dat is in parody op in tillefysjeprogramma mei Geert oan it wurd en dy oare dy't der bij sit.
Wol frjemd allegear, want oars docht Omrop Fryslân ek net folle oan Fryske muzyk.
Ik haw myn list al hiel lang lyn opstjoerd. Net omdat Geert en syn maat dat sa graach wolle. Nee, want dan soe ik it krekt net dwaan. Mar gewoan om it Fryske muzyk is.
En at ik jim wie soe ik it mar gau dwaan, want oars rinne jim it risiko dat Geert persoanlik bij jim lâns komt. En dat is net in feessie.
Myn list:
1. Eilân - Doede Bleeker (fan syn nije lêste geweldige CD: Omarmd op Texel)
2. It reint yn de sinne - Sytse van der Werf (Hard rain is gonna fall fan Dylan yn it Frysk, mei in moaie tekst)
3. Op een dag - Gerrit Breteler (nei syn yndrukwekkende optreden yn Jimbar yn 2007 heart hij der yn thús)
4. Grûn fan dyn bestean - Sult ( in prachtich liet wêr't songen wurdt "ik wol wêze wa't ik bin, myn woartels hoedzje dêr't ik kin, myn wjukken útslaan nei eigen sin, it libben boartsje sa't ik bin)
5. It reint yn é Gastmar - Jarje ( fan Stoffel 2 LP's fan Jarje te lien, dy't hast werom kinne mei de prachtige Fryske blues út de jierren 70)

Yn dit filmke fan Gerrit Breteler docht bliken dat it optreden yn Jimbar ek yndruk makke hat bij him.

zondag 14 december 2008

It gefoel

Ik fyn mij sels in Fries. Dat fynt in oar ek, sa fernim ik wol. Bij mij giet it al faak oer it Frysk. Is der in diskusje oer Fryske plaknammen dan tinke guon dat se mei mij de diskusje wol efkes oan gean kinne. Sij tsjin en ik foar.
Dat doch ik net. It hat gjin sin om te bekfechtsjen mei minsken at je dochs oan je stânpunt fêsthâlde. Mar meitsje mij net wiis dat Uitwellingerga in bettere namme is as Twellegea. Top en Twel soene neffens mij prachtige nammen wêze foar in goed produkt yn it bûtenlân. At je dat wolle. Ik wol dat hielendal net. Dêrom bin ik ek foar it ferfryskjen.
Wat folle earnstiger is oan myn Frysk wêzen, is myn gefoel foar de 11 stêden tocht. Of miskien better sein, myn gjin gefoel.
Ik haw der hielendal neat mei. Ik wit net hoe gau ik in oare stjoerder op sykje moat at Omrop Fryslân foar de safolste kear wer in rider oan it wurd lit dy't in sterk ferhaal hat oer syn 11 stêden gefoel. Al moannen wurde wij troch de Omrop teistere mei dokumentaires en âlde bylden. Ik haw der neat mei.
En de inkt fan it boppesteande stik is noch net droech of ik moat jim al in bekentenis dwaan, dy't heaks stiet op it boppesteande. Ik sil oan de 11 stêden tocht meidwaan. Fan Tryater. Fan moarn 6 oere oant jûns 6 oere in tocht lâns allegear foarstellingen mei hopenlik kjeld en in protte oare ûntbearingen.
Mooglik dat ik dan ek wat in 11 stêden gefoel krij en miskien wol ik dan al dy útsjoeringen fan de Omrop wol sjen yn útstjoering mist.
Op 29 desimber sil it heve en giet it oan. Fansels mei it foarbehâld dat wannear dy dei de echte tocht is , dy fan mij net troch giet. Dan wurde wij gewoan oan de kant setten. Foar it echte gefoel......

Herman Finkers hat in prachtich liet makke oer de 11 stêden

zondag 7 december 2008

Meast irritante side

It jier is hast om. En foardat it jier om is wurde der al allegear klasseminten opmakke. Wat is it beste fan dit en wat is it minste fan dat. Dêr soe ik net oan meidwaan wolle. Mar ik kom der dit jier net ûnderút.
Yn 2007 en earder wie ik noch wol in trou besiker fan kaatsen.nl. In oersichtelike side mei keatsnijs en útslaggen. Sûnt begjin 2008 hawwe se de striidbile net begroeven mar oppakt. At je alle berjochten op dy side nochris besjen soene dan hat mear as de helt in negative lading. Mei skriuwers as Rynk Bosma en Geert van Tuinen waard altyd iets socht om tsjin de KNKB oan te skoppen. Djiptepunt yn 2008 is wol wurden dat in sekere Gerrit Lettinga (Gerrit wa?) de romte krijt om syn eigen ik te profilearen.
En helaas is dat in ik wêr't ik hielendal neat mei ha. Ien fan de bestjoerders fan in keatsferiening rôp op om net mear op dy side te sjen foar keatsnijs. In goeie oprop, mar ik tink net dat it wurket. Ik rop de side út ta meast irritante side fan 2008. En normaal sykje ik der altyd in kreas stikje muzyk bij, fyn ik sels. Dizze kear net: irritante muzyk bij in irritante side. Ik soe der net nei harkje at ik jim wie.

woensdag 3 december 2008

Dea

It aaisykjen is in skoft lyn al dea gie, ûndanks Anita Andriessen. It keatsen is neffens www.kaatsen.nl ek al dea, ûndanks dat Anita Andriessen it keatsen in waarm hert ta draacht en no is Anita Andriessen is dea.
Dat is net earlik. At der de lêste jierren ien politikus wie, dy't har net gedroech as politikus mar mear as belangbehertiger dan wie sij it wol. Belangenbehertiger fan Fryslân. Tusken en boppe de partijen. Want Anita hie mar ien belang: Fryslân.
Spitich dat wij no fierder moatte mei politici. Wa past no op ús heitelân?

dinsdag 2 december 2008

35 jier minder jong

In reuny kin ek in sukses wêze. Dat bewiis waard snein yn de Koperen Tún levere troch de twa eksamenklassen fan de MDS yn 1974. Fan 16 oant 22 oere mochten wij herinneringen ophelje. Mei 6 learkrêften. Wêr't wij doe fan mienden dat se âld wiene mar wêrfan sommigen mar in 10 jier âlder wiene as ús.
Wat mij opfoel wie dat elkenien syn eigen herinneringen hie en dat bij it hearen fan sommigen saken der ek bij oaren wat begjint te dagen.
Dat ik doe fol siet fan BZN dat stie harren noch wol bij. Ik gie yn dy tiid in protte om mei Teun Nicolai (pikefange wie syn hobby en Leonard Cohen syn muzyk en Harkema syn klup) en Ate Eijer (útgean wie syn hobby, Green Apple syn band en Jobbegea syn klup).
En it moaie fan dizze reuny wie ek dat wij neat hoechden. Wij hoechden net te kuierjen nei de earder skoalle (sa as sa faak mei soks) wij hoechden net nei muzyk of nei taspraken te harkjen. Wij hoechden mar ien ding: mei elkoar prate, bier drinke en sa no en dan wat fleis bakke. En Teun moast sa no en dan in sjekkie draaie. Dat hij no bûten roke moast wie oars as doe.
In gouden formule fan Jouke en Kees de twa organisatoren. Moai dat er ek efkes stil stien waard bij it ferstjerren fan ien fan ús klasgenoaten: Gerrit bij de Leij. Mar 48 is hij wurden.
En tanksij Ate syn dochter en frou kaam ik wer feilich yn Wommels en Ate yn Jobbegea.
Ik slút altyd ôf mei in klipke.
Dizze is foar Ate omdat hij noch wist te fertellen dat dizze muzyk altyd tusken de middei draaid waard yn de 5 Pennies. Ik wist it net mear.

woensdag 26 november 2008

35 jier lyn



Snein 30 novimber moat in bysûndere dei wurde foar mij. Yn 1972, 1973 en 1974 siet ik op de Middelbare Detailhandels School (MDS) yn Ljouwert. Dat is dus no sa'n 35 jier lyn. It wie in lytse skoalle en ik moat sizze dat it in moaie tiid wie. Omdat it de ienige MDS yn Fryslân wie, kamen de learlingen oeral wei. Fan de Blesse oant Dokkum en fan de Harkema oan Mullum. Nei dy trije jier haw ik hast nimmen wer sjoen. Allinne Sjoerd Reitsma fan WWS en Siebe Post fan Wikels Hallum trof ik noch wolris troch it fuotbal. En fansels Jan van der Meij, de eardere foarsitter fan de PC en yn dy tiid ús gymlearaar.
Troch schoolbank.nl binne der dit jier wat kontakten ûntstien en snein 30 novimber komme wij nei 35 jier wer bijelkoar yn Ljouwert yn de Koperen Tún. In bysûnder plak want dêr wiene 35 jier lyn faak keunsteksposysjes en it wie de bedoeling dat wij dêr hinne giene. Dat wie in drege opjefte want de 5 Pennies wien net fierwei.
Snein komm der fan fan de 33 sa'n 28 man!!! 2 wenje yn it bûtenlân, 2 koene echt net (dy krije spyt) en Gerrit bij de Ley is helaas ferstoarn.
Fan de 9 leraren fan komme der 7! Om werom te kommen yn de âlde tiid wat muzyk fan ...BZN

Ik wie yn dy tiid tegearre mei Ate Eijer fan Jobbegea of fan de Tredde Slús (ik snapte net hoe't dat siet dêr) fan fan BZN. De âlde BZN mei Jan Keizer op drums en Jan Veerman as sjonger.

maandag 17 november 2008

Postmoderne hedonist

Ik haw grut nijs: Ik bin in postmoderne hedonist. Geweldich net ju. Dat hiene jim net tocht. Ik ek net trouwens. Ik wist net iens dat der postmoderne hedonisten wiene.
Ik haw okkerlêsten wat fragen beandere en krige no de útslach: in postmoderne hedonist. Ik neam it noch mar in kear, dan kinne jim der oan wenne.
Want postmoderne hedonisten dat binnne " De pioniers van de beleveniscultuur, waarin experiment en het breken met morele en sociale conventies doelen op zichzelf zijn geworden. "
Sa'n múle fol sprekt mij wol oan. Wat it yn de praktyk betsjut haw ik mar efkes opsocht oars wit ik net wat ik bin en hoe't ik mij gedrage moat:
"Mensen die tot de postmoderne hedonisten worden gerekend, zijn individualistisch en tonen een sterke wil tot zelfbeschikking. Ook hechten zij veel waarde aan zelfontplooiing en persoonlijke groei. Mensen binnen dit milieu hebben een onafhankelijke leefstijl en hechten er veel belang aan zelf te kunnen beslissen over de dingen die hen aangaan. Werk is belangrijk, maar niet heilig: ook activiteiten in de vrijetijdssfeer kunnen intrinsieke voldoening geven. Postmoderne hedonisten genieten van kunst en cultuur (museumbezoek, cabaret en toneel), maar er is ook sprake van een rijk uitgaansleven en er wordt veel aan sport gedaan. "

At ik dizze typearring lês dan kin ik mij dêr wol yn fine. Ik mei wol sizze dat ik der grutsk op bin dat ik in postmoderne hedoniet bin. Je sille mar in kosmopoliet of in postmaterialist wêze.

woensdag 12 november 2008

Freek myn held yn novimber

Wylst 8 miljoen Nederlânners nei Peter R. de Vries seagen omdat hij fiergeande onthullingen dwaan soe oer Joran fan der Sleat, siet ik gewoan yn myn hok efter de kompjoeter. Wat muzyk harkje en wat surfe.
Ik haw hielendal neat mei dy man. Syn arrogante toantsje stiet mij net oan. It feit dat hij sjows makket fan misdied fyn ik hielendal neat.
Efterôf die bliken dat Peter R. him dochs wol wat fersjoen hie op de saak. Je kinne ek sizze: hij hat ferlern.
En dus gie Peter R. út op revansj. En wat is no moaier as de selde persoan wêr't je earst fan ferlern hawwe om dy no echt te ferslaan. Nee, om dy der yn te luizen. Mei in soad bravour waard it wer oankundige en bij ús waard de bank ek al wer reserveard op sneintejûn. Gelokkich wie Freek de Jonge der noch. Dêr haw ik neat oan ta te heakje. Oan dit moaie tillefysjefragmint. Wêr't dúdlik waard dat Peter R. sjen liet hoe min hij oer ferlies kin en hoe min at hij diskuseare kin. Freek do bist yn novimber myn held. Ik hie it Peter graach mei de selde wurden fertelle wold. Mar dit is ek prima. It liet wat Freek de Jonge dêrnei sjongt is it krystliet fan 2009. Skitterend

vrijdag 7 november 2008

It leauwen

Justerjûn hie ik mei in oantal tiidgenoaten ûnder it genot fan in bierke nei ôfrin fan de training in prachtich petear oer it geastlik libben. En dat libben fan ús dat hie in protte parallelen. De oanlieding fan ús peatear wie it feit dat twa fan ús de foarstelling "Zelle" bijwenne hiene. It ferhaal, dat geweldich spile waard troch Freark Smink, giet oer in dûmny dy't tige eigensinnich wie en syn eigen wize fan libjen hie. Wij praten oer ús jeugd, de tsjerke en it ferfolch. Hoe dreech at is om fanút it eardere "nei tsjerke moatte" it in posityf ferfolch te jaan. Hoe lestich it is om fanút ús "nei tsjerke moatte" de bern dat selde moatten op te lizzen. En wat der bart at je it los litte.
It ferhaal sa't Freark dat spile wie net allinne it ferhaal oer it libben fan Zelle, mar it wie ek it ferhaal fan Freark en ......fan ús.
Derom rekke it stik mij ek sa, want de opfieding yn de jonge jeugd bliuwt altyd in stimpel drukken op hoe't je yn it libben stean.
Doe't ik woansdeitejûn fanút de foarstelling yn Snits thúskaam, lei der in folder yn de brievebus. Fan de Stichting Uit de Bron van Christus. In útnoeging om te kommen nei in iepen dei. Tafal bestiet dat? It briefke hat de keamer net helle. De griene papierkontainer stie yn it paad.
Freark fertelde in prachtige anekdote oer it bidden: Op de sportdei mei iepenbiere en skoalle mei de bibel bern moast Freark yn de finale tsjin in iepenbiere. De iepenbiere wûn. Grutte teloarstelling bij Freark, omdat hij de jûns der foar bidden hie foar in goed resultaat. En dat hie de iepenbiere seker net dien.
Janis Joplin bidt ek:


Ek ferwiis ik jim noch graach nei Het gebed fan CD Lewis. Neffens mij waard dit in nr 1 hit yn Nederlân.

dinsdag 28 oktober 2008

Hat er noch freonen

Ik hie altyd wol wat mei Willem van Hanegem. In goeie fuotballer bij Feyenoord en in eigensinnige man. In persoanlikheid. Wol in ferfelende persoanlikheid. Syn optredens yn praatprogramma's binne lachwekkend of miskien wol sielich.
Dat hij spilers better meitsje kin en dat hij wol ferstân fan it spultsje hat is wol dúdlik. Dat hij ek in goeie haadtrainer wêze kin, wol der bij mij net yn. Hij kin net yn in team wurkje. Moandei wie yn it praatprogramma VI ek wol dúdlik wa't it probleem bij Utrecht wie. Ien fan syn lêste freonen (Johan Derksen) die in flink boekje oer him iepen en liet neat hiel fan syn freon.
Dat de helptrainers ek al gjin freonen mesr fan him binne, is sa logysk as wat. Ik tink dat hij noch ien freon hat.



Mar dy libbet net mear....
En in sjongkarriere foar Willem sit der ek net yn , tink ik.

vrijdag 24 oktober 2008

Ronnie is dea mar syn muzyk net

Ronnie is dea, mar syn muzyk libbet. 16 augustus 2008 ferstoar de man fan de Dubliners mei de djippe stim .
Syn Ierske muzyk freonen sizze him tank (en dat doch ik ek) foar syn bijdragen oan de Ierske muzyk.
Harkje nei U2, the Dubliners, Christy Moore en oan de ein in tige fit eagjende Shane Mc Gowan



En wylst ik dit skriuw bringt myn broer Lolke de nije CD fan Ernst Langhout, Hans Battenburg en Johan Keus. Mei Ierske drinklieten. Ik krij der toarst fan en ik sjoch út nei it optreden fan Ernst en Hans yn it Dielshûs op 9 novimber.

donderdag 23 oktober 2008

Sportlieten

It AD, wêr't ik no wer in pear moanne in abonnemint op ha, hat altyd ferrassende dingen. Koart lyn kombinearden se de muzyk en de sport.
Under de titel "Popparelstjes over surfen en honkbal" stelden se in top 10 op fan lieten dy't wat te meitsjen hiene mei sportbelibbing.
Under oaren, Queen mei We are the Champions, the Beach Boys mei Surfin USA , John Fogerty mei Centerfield, the Nits mei J.O.S. en de Trockener Kecks mei Naar de top.
Mar it moaiste nûmer wie All the way fan Eddy Vedder.

zondag 12 oktober 2008

20 jier jong

Skreau ik earder noch dat ik muoite ha mei de oprop fan de KNVB om in minút stil te wêzen foar in bestjoerder dy't stoarn is en dy't ik nea kind ha, sa soe ik no wol in oere stil wêze wolle foar in oertinking fanwege it ferstjerren fan Frank Voshol. Net dat ik him koe mar....
In jonge dy't folop yn it libben stie, in jonge dy't sosjaal belutsen wie bij in protte dingen en in jonge dêr't elkenien fan hold. En boppedat noch mar 20 jier. Falt der dea hinne op it fuotbalfjild yn Boalsert.
It klinkt miskien wol raar, mar wat je jouwe krije je ek werom. Syn Boalserter fuotbaljende maten makken in gedicht dat wat mij oangiet yn oanmerking komt foar de Nobelpriis foar de literatuur.
Sa folle gefoel yn in gedicht lizze, wêrbij elk wurd in betsjutting hat, dit is echt super.

dinsdag 7 oktober 2008

Folksliet

Dit wykein wiene wij bij it Celtic Folkfestifal yn Ljouwert. In geweldige sfear dy't makke waard troch jong en âld. Mei Wout Zijlstra as sprekmaster giet it altyd in nasjonalistyske kant op. Hearlik, syn promoasje foar it Frysk, wylst hij yn in skotse rok en it swurd fan Grutte Pier op it podium stiet te fertellen dat it Fean fan Ajax wûn hat.
In Skotse groep, in Ierske groep en fansels Skrum. Wij hawwe minstens twa kear út folle boarst it Fryske folksliet meisongen.
Neffens mij koene se it yn it Fean heare, wêr't op dat momint 25000 minsken diene of songen se it liet.
De Skotse groep Beggars Row song ûnder oaren Flowers of Skotland.
Dit is in liet fan de Corries, yn de jierren 70 80 in ferneamde Skotse groep. Sij hiene nea tinke wat er letter mei harren liet barde.


Want no is it in liet dat stiet foar striid en wurdt altyd songen út folle boarst.


En wa't de tekst lêze wol, moat dit filmke sjen.

dinsdag 30 september 2008

You Tube

Hast alle dagen sis ik wol in kear lûdop: ynternet en you tube wat soene wij moatte sûnder dy dingen. Alles kine je fine en wer belibje. En dat lêste dat is leuk, at je âlder wurde, kin ik jim sizze.
Sa seach ik de namme fan John Mayall stean, omdat hij optreed yn Ljouwert. John Mayall. Dat wie dy bluesman ût de jiereen 70 en 80. Dat wie de muzyk dy't ik wol leuk fûn mar de measten net.
Hoe âld soe dy man wêze. Ik sykje op ynternet: Berne yn novimber 1933. Dat betsjut 74jier. 74 jier en dan noch folle sealen lûke yn ferskillende plakken yn Nerderlân en de hiele wrâld.
Op You Tube socht en do kaam ik dit prachtihe blues filmke tsjin. Tribute to Peter Green, de man fan Fleetwoord Mac en de man dy't ek spile mei John Mayall

zondag 28 september 2008

Andre had humor

Dat wie in diel fan de kop fan in stik yn de LC. De rest wie....en heel veel problemen.....
It giet oer it feit dat ene Robert de Waal, sjoffeur en bealchoppasser fan Andre Hazes in boek skreaun hat. Ik tink dat hij wat sterke ferhalen ferteld hat en dat in oar it boek skreaun hat.
Der wie al in boek fan Rachel, de frou fan Andre. Twa boeken oer in man dy't wol wat sjonge koe mar fierders net echt in bijdrage levere hat oan it tema hoe libje wij in bytsje sûn en litte wij wat noarmbesef sjen.
It slimste fan dit alles is dat yn dit stik ek stiet dat de âlders fan Rachel ek dwaande binne mei in boek oer harren held of antiheld. Neffens it ferhaal komt Rachel der net foardielich út.
Myn ferwachting is dat der noch in boek komt fan de buorlju op de kamping (titel: André onze kabouterbuur) fan de SRV man (titel: André lust er wel pap van) en van een homofile neef (titel: De achterkant van het gelijk)

woensdag 24 september 2008

In minut stilte

4 maaie dat wie yn myn belibbing in bysûndere dei. Dan moasten je in skoftke stil wêze. En dat diene je ek. Yn myn byld fan earder sjoch ik in bus en wat autos stilstean op de dyk en wij leine as jonges op de Terp te wachtsjen tidens it fuotbaljen. At de klok begûn te lieden koe it wer los. En mei in befrijingsdei der efteroan hiene wij donders goed yn de gaten wêrom je dat diene.
In minút stil wêze en efkes je tinzen gean litte, je emoasje komme litte is net ferkeard.
En dêr stean ik kommende sneon dan, op it fjild fan Menaam mei SDS 5 en myn emoasjes wolle mar net loskomme en ik sit mar te prakkesearjen foar wa is dizze minút stilte ek al wer.
Ik wit net wa't soks betinkt, mar om alle fuotballers fan it Noarden op te roppen om stil te wêze foar immen dêr't 99.9 % fan de fuotballers noch nea fan heard hat, giet mij te fier.
En dan kin it best de stille krêft west ha efter in sûne KNVB distrikt Noard, it tsjinnet gjin inkel doel om dêr in minút bij stil te stean, krekt foarôfgeand oan al dy 14.30 oere wedstriden.
Stil kin ik wol wêze bij Simon en Garfunkel

vrijdag 12 september 2008

Supertreffer

It is tongersdeitejûn hiel let, let ik mar sizze it is freedtemoarn hiel betiid, dat de Treffer redaksje de kantine fan SDS binnenstapt. Sûnder mij. Like let as mei mij, hawwe se de gearkomst beeindige.
Ik haw foar it earst bartsjinst en Willem, Sjoerd, Gerard, Dirk Yde en Atty krije dan ek echt de lêste want it is tiid. Willem nimt it wurd en wit te melden dat de Treffer út is. (dat sil tiid wurde,it is mids septimber, flitst der troch mij hinne) . "In hiel bysûndere Treffer", seit Willem ( klopt, tink ik, sûnder mij makke) "en hij is foar dij, want it is de Aant Treffer".
Hielendal ferbjustere nim ik in prachtich boekje oan en blêderje it fluch troch.
Ik sjoch allegear nammen stean fan minsken dy't yn it komplot sieten: Jellie, ús bern (Hildau, Tsjeard en Anne-Marije), Douwe, goede-âlde Bolke,Freddie, Meinte, Klaas, Sibe en de redaksje. Wat in begjin fan de freed.
Ek noch mei 6 Murphys en in lekkere woarst yn de tas fyts ik mei Willem wer nei Wommels. Thús nim ik dy Treffer efkes troch en gean teloarsteld op bêd en fal foar twaen net yn sliep.
De oare moarn bin ik myn teloarstelling noch net kwyt:
"Hoe is it dochs mooglik dat se sa'n moaie Treffer meitsje kinne, sûnder mij. Sûnder mij!!!!
Mar nei trije bakken kofje en in slach om Kûbaard op de lisfyts, wêr't myn beste tinzen altyd boppekomme, slacht myn teloarstelling om yn bliidskip.
Geweldich dat de Treffer yn dizze foarm hast 10 jier bestiet en dat er altyd wer oare talinten binne dy't ek meiwurkje wolle oan it moaiste, it leukste en it meast Frysktalige fuotbalklupblâd fan Fryslân fan de moaiste klup yn de omkriten fan Wommels en fierderop.
Mannen en frouen dy't meiwurke hawwe oan dizze Treffer. Tige tank. It is wat mij betreft de moaiste Treffer ea....(en it bliuwt freeslik dat soks bûten mij om gien is) mei in prachtich twadde plak de Treffer wêr't Freddie it oer hie: de jubileumtreffer fan 2000. Doe mochten ek wij lekker fantaseare....
In moaie Treffer meitsje is miskien wol in keunst, mar it is noch wichtiger dat in redaksje de romte krijt om dat te dwaan sa't sij it wolle. En dy romte moat der altyd bliuwe want dan komt it beste yn de minsken boppe.
Je moatte altyd hoeden wêze om nammen te neamen, dochs wol ik net om de namme fan Willem hinne. Troch de webside hawwe wij wol in hiel soad mei elkoar opwurke. Wat mij betreft op in geweldige wize: beide altyd fol ideen en romte foarelkoar en beide mei it selde doel: in moaie Treffer en in leuke webside meitsje. Dat hâldt gelokkich net hielendal op. Want ik bin noch lang net útskreaun en do ek net hopenlik.
Ik mei myn stikje graach ôfslúte mei muzyk. Dêrom foar Willem in muzykje: in Skotse groep mei in nûmer dat passy útstrield sa't Skotten dat kinne as de besten. Passy foar de dingen dy't je as frijwilliger dwaan meie foar in klup. Geniet rom 8 minuten fan Runrig en in hiel grut koar,

zaterdag 2 augustus 2008

Saai

De Pc fan dit jier wie nijsgjirrich. In soad echte en heale favoriten. It lei iepen. It soe seker net in saaie PC wurde. Ik wie moandei doe't ik de taspraak fan de foarsitter fan de PC hearde, wol efkes benaud. At syn ôfspraak oerienkomme soe mei de keatsdei dan hie it in oersaaie dei west. Wat wie dat in freeslike taspraak. Ik hie muoite om myn eagen op de lisfyts iepen te holden.
Ik soe sa'n taspraak typeare wolle as:
alledeisk, deads, slochtwei, toar, droech, grânzich, sleau, ientoanich, kleurleas, langtrieddich,seurderich, dof, net nijsgjirrich, ferfeelsum en ferfelend.
Krekt sa saai as Bush. Je soene der bij yn sliep falle.

dinsdag 22 juli 2008

Kening

De lêste tiid binne de keningen in soad yn it nijs. Willem Alexander ús takomstige kening bout in twadde paleiske (fansels oan it wetter)yn Mozambique, de kening fan Belgie docht alle war om de regering bij elkoar te hâlden en Chris Wassenaar slacht de iene nei de oare keningspriis bijelkoar.
It nijs dat Bart Helmholt kening wurden wie yn Burgum die de bûtensteander miskien efkes fermoeden dat Chris fan de troan stjitten wie. Mar neat is minder wier.
Ien kear yn it jier giet in ljepper mei in keningspriis nei hús. En dat wie Bart

Sommige minsken

Hjoed oerhearske it oppakken Karadzic it wrâldnijs. Dat oppakken wie goed nijs. Minder goed wie it feit dat hij him fermomd hie mei in grut burd. Sjoch, dat ik wolris útskolden wurd foar Vader Abraham, Sinterklaas en Sint Piter (allinne yn Grou) dat giet noch wol.
Mar dat ik dêrnei soms fergeleken wurdt mei sa'n Islamitiske lieder wie al folle minder.
At Karadzic der ek noch bij komt, dan soe ik miskien dochs oerwage moatte om.......Nee dat net. Ik gean net oan de kant foar terreur.
John Prine sjongt prachtige lieten mei oer it unnut en it leed fan oarlogen. Spesjaal foar Karadzic, de oarloachmisdiediger, in liet fan myn grutte favoryt John Prine.

vrijdag 11 juli 2008

Hingjen bleaun yn de jierren 60

Dizze wike moast ik foar in interfjoe in fraach beanderje oer myn favorite muzyk. No haw ik in brede smaak mar ik kom dochs wol faak werom op dat âlde spul. Fan de tiid dat ik de radio ûntdekte en it libben ûntdekke moast.
It puberjen sil yn dy tiid ek net oan mij foarbij gien wêze. Ik socht myn heil yn dy tiid yn it protest. Armand syn ferskes koe ik út de holle en ik woe graach bij dat folk heare. Dat hjitte doe alternatyf.
At ik it ûndersteande liet fan Armand, no 40 jier letter, wer sjoch en hear dan ferlang ik wol wat nei de tiid fan dy opstandige puber.

woensdag 9 april 2008

Miljoenen

At er profinsjale ferkiezings binne dan is it opkomstpersintage meast hiel leech. Minsken hawwe dus neat mei dy iepenbiere lichem.
No folgje ik de profinsjale polityk net sa bot, mar ik krij betiden it idee dat se sa no en dan krekt dogge of binne se hiel wichtich.
Se struie dan ynienen mei jild op bepaalde saken te rêden.
Sa seach ik juster yn de krante stean dat se 11 miljoen útlûke wolle foar it ûnderwiis. Want wij hawwe hjir yn Frsylân in hiele protte tige swakke skoallen. Hoe dat komt wit net ien, mar it is wol sa.
Ynienen kinne de ûnderwizers der neat mear fan en komme de bern dom fan de basisskoalle.
11 miljoen dat liket in hiel soad mar it is oer hiel wat jierren en it giet om in protte bern en der bliuwt wer moai wat oan de strykstok hingjen, omdat er fansels wer hiel wat ynfuld en evalueard wurde moat.
Yn de selde krant stiet dat de fûgels 3 miljoen krije. Dat komt omdat de fûgelstân ek tige swak is.
11 miljoen foar de bern en 3 miljoen foar de fûgels. Ik mei it net fergelykje.

dinsdag 8 april 2008

Dea

De hiele dei drok en dan haw ik gjin tiid om stil te stean bij de dea. Dat ik net stilstean bij de dea, dat is mar goed ek, want ik kin der wol dea benaud foar wurde. It libben laket mij no ien kear better ta as de dea. Mar dochs sil it ien kear wol dien wêze. Ik soe hast sizze wolle, doch bij mij mar net te folle drokte want ik sjoch it sels dochs net.
Ik kin mij wol foarstelle dat er wat goeie muzyk draaid wurdt. Muzyk dy't ik moai fyn. Net dat ik it sels hear, mar jim wol. En it hie mij in goed gefoel jûn at jim dat sizze soene : dat is moai.


Oer it soarte kiste wol ik ek neat te sizzen hawwe. It soarte fan hout of it model dat kin mij neat skele.
Hoewol, at ik dit filmke sjoch en ik tink oan sa'n bananelisfyts ........

maandag 7 april 2008

Alde tiden herlibje

Hieltyd faker besykje ik herinneringen fan earder foar de geast te krijen. De muzyk kin dêryn in soad dwaan. Sa bin ik altyd in leafhawwer west fan folk muzyk. Dat siet foar myn gefoel yn de begjinjierren wat yn it alternative sirkwi. It sil in goed jier lyn west ha dat ik ynienen in grut langstme hie om de Hobo String Band te hearen en te sjen. Wat sneupe op ynternet levere net folle op.

In oprop op ús SDS side levere gelyk in reaksje op fan Bauke de Boer fan Easterein: hij hie de elpee op de souder lizzen en woe him wol efkes útliene. Mei noch haw ik der nei heard en no leit de elpee wer bij Bauke op souder.
Juster socht ik dochs noch efkes op You Tube en hoe is it mooglik der stie in filmke op fan de Hobo String band. In optreden yn Aalsmeer.
It byld wat ik der bij hie wie hielendal werom. In grutte hûn op it podium en de klanken fan Only a hobo, foargeand troch Hoedje van papier.

Ik wie efkes werom yn it Wite Hús yn Sint Nyk, want dêr wiene se echt populair.

maandag 31 maart 2008

Simmertiid

Dizze earste dei fan de simmertiid, jout gelyk al in simmergefoel. De sinne der bij en lekker lang ljocht. Noch efkes wer nei it ynterfjoe fan van Gaal sjoen. Prachtich. Dy man leaut hieledal yn him sels en hat alle wiisheid yn pacht. Moai dat er sokke minsken binne, foar mij toptillefysje. Sneon wer efkes fuotballe, hoewol de trepankel noch net goed is. 2-0 winne fan Aldehaske joech in goed gefoel.
It wokken fan ferline wike hat ús goed dien. De klaaikeamersfear levert wer in protte ûnderbroekelol op. Daan, ús fêse grinsrjochter joech noch efkes oan dat hij folgend jier ek wer flagget. Ek al ballet er sels net mear, hij wol der graach bijheare. Of soe dat mei alle grinsrjochters sa wêze.

zondag 2 maart 2008

Skrikkeldei

29 febrewaris is in ekstra dei. Dat wol ik ek sa fiele, dêrom nim ik frij. De dei begjint gelyk al goed. Op ynternet lês ik dat Simon Minnesma nei Belgie giet te keatsen. Dat is nochris goed nijs, want dêr kom ik nea.
Erik Seerden en Simon Minnesma dat binne foar mij keatsers wêr't je foar thús bliuwe. Irritant gedrach yn myn eagen. Net echt.
Net in goed gefoel hâld ik oer oan it interfjoe yn Boppeslach fan Arjen de Boer mei Gert Jan Verbeek. Gewoane fatsoenlike fragen wurde troch Verbeek stug, ûntkenned en irritant beantwurde.
Dat hat er wol mear mar ik begjin der hieltyd mear argewaasje oan te krijen.
Ik hoop dat dy Rotterdamse journalisten him goed oanpakke. Rotterdam? Ja, it kin Feyenoord wurde mar ek Sparta (Booy bliuwt dêr net) of Excelsior (Lokhof hat syn langste tiid dêr ek op de bank sitten)

donderdag 28 februari 2008

Hofkamp



De âldsjes fan Wommels en omjouwing hiene woansdeitejûn 27 febrewaris wer in útsje. Yn de biblioteek yn Wommels kaam Auck Peanstra fertellen hoe’t se der ta kommen wie om in boek te skriuwen oer Sitebuorren, wêr’t se wenne hat en mocht Gurbe Douwstra mei syn gitaar der foar soargje dat it net hiel saai waard.
Gelokkich sieten der hjir en dêr ek noch wat “jongeren” yn de seal en dêr hear ik seker bij.
It boek Sitebuorren, myn eigen paradys falt wat mij betreft yn de “Oh ja, dat is ek sa” kategory. Dingen herkenne, dy’t er no net mear binne en dy’t at je se no heare soms wat ûnwêzenlik oerkomme.
Wêr bliuwt de tiid? skeat er troch mij hinne.
En wylst ik harke mei de helt fan sân pear earen en Piter Kamstra ek sitten seach tocht ik oan de Hofkamp. De folksbuert yn Wommels wêr’t wij beide ús jeugd trochmakke ha. Hij wat langer en ik wat koarter.
Ik besef no ynienen dat dy Hof fan Hofstra komt en dy kam fan Kamstra.
At er oer Site buorren mei syn trije pleatsen 24 haadstikken fol binne te skriuwen dan moat er oer de Hofkamp wol 24 boeken gear te stallen wêze.


Oké, earst marris ien dan. Ik nim it earnstich yn oerwaging.


dinsdag 19 februari 2008

Van Hanegem

Wat in fuotballer wie dat. Wat in prater is it no. Hoewol syn swijen mear syn hannelsmerk is. Bij elke fraach spilet hij de ûnskuld en moat de fraach altyd noch in kear steld wurde en útlein. Want van Hanegem hat gewoan efkes tiid nedich om in leuk antwurd te betinken. Hjoed hat er it AD wer opfleure mei in kollum en dêr lûkt der flink fan lear tsjin Cruyff dy't fanôf de berch fan alles ropt mar nea de moed hat om nei ûnderen te kommen en syn ferantwurdelikheid te nimmen en syn wurden in kear wier te meitsjen.
Ek hjoed is der in berjocht dat er miskien wol stoppe wol mei it trainen fan FC Utert. Want de skeidsen binne allegear tsjin him en dat kost de klup punten. Hoe betinke je it.
It soe ek in min momint wêze om te stoppen. Krekt no't it foarjier der oankomt, wylst van Hanegem de hiele winter seurd hat oer de kjeld, soe der dan op hâlde wolle.
Miskien kinne de rollen omdraaid wurde bij fc Utert. Van Loen de training en van Hanegem de parsekonferinsje. Lekker wat lulle oer de wedstriden en de skeidsen. En nei de tribune ferwize is der dan seker net mear bij.