dinsdag 31 mei 2011

Troanie's rockbattle

Freedtejûn bij de Troanies rockbattle west. Yn kafê it Reade Hynder yn Wommels. Ik gie der lichte pine 'e holle hinne want 10 minuten bij de BBB yn in tinte op de Terp yn Wommels wie net goed foar myn senuwen.
Op de Rockbattle stride 5 groepen mei eigen nûmers foar in plakje op de finale jûn yn oktober. Wat langer de jûn duorre wat better de muzyk waard. Of wiene de earen minder skerp? It stie mij tige oan dat de sjuery de groep dy't it lêst optrede wûn hie. Dat is moai. Dan sjogge wij dy op 15 oktober wer yn Wommels. Mei noch trije oare groepen.

zondag 29 mei 2011

Hurde wyn

De hurde wyn fan de ôfrûne dagen hat wer dúdlik makke dat mei wyn net te spotten falt. Foaral op it wetter net. Wynfleagen easken tongersdei al in slachtoffer en de dagen dy't folgen wiene der nettsjinsteande warskôgingen ek wer meardere ynsidinten op it wetter. Piet Paulusma begûn freed fan de werom stuit al te sizzen: "In serieuze warskôging foar de wettersporters". Tsja dat krije je at je altyd ûnsinnige dingen sizze oer barbekjoewaar, reinpak mei of goed drinken bliuwe. Der is net minsk mear dy't him serieus nimt.
Ynsidinten op it wetter, brân en ûngelokken skoare op ynternet geweldich. Jaring Rispens fan Stjoerder.nl koe it hast net bijsloffe dit wykein om oeral hinne te riden. En toch moat hij, want al dat lijen fan in oar dat "skoart". At je allinne al syn rânglist mei meast lêzen stikjes sjogge dan seit dat genôch. In "moai" wykein foar Jaring. Dat de oankundiging foar it Tros muzykevenemint ek yn de ranglist stiet jout de boarger wer moed. Dochs noch in stikje kultuer. Hoewol??




zaterdag 28 mei 2011

Eilân

Skriemend wurdt hij wekker.
Hij slacht om him hinne.
Hij balt
Hij raast.
"Puso basag, puso basag" of soks sa wat.
Hij grypt nei syn bril dy't op it nachtkastke leit.
Hij smyt him fuort.
Hij bonkt mei syn holle op it kessen.
Syn frou besiket him út syn nachtmerje wei te heljen.
"Foppe, Foppe, wekker wurde, do dreamst, Foppe, wurdt wekker Foppe"
Stadichoan komt it gewoane libben werom.
Hij drukt syn holle yn it kjessen.
Syn eagen steane iepen mar hij sjocht neat.

Hij leit te lizzen en syn frou wachtet ôf.
Oant er begjint te praten. Hij hâldt net wer op. Oer syn teloarstelling. Gjin bûnskoach fan Nederlân want dy ferrekte van Marwijk docht it te goed. Net ynskeakele om Jol op te folgen bij Ajax. Nee, hij wurdt twadde yn Súd Afrika. Twadde! Efter in oare Nederlânske koach.
En hij wol dochs sa graach bûnskoach wurde. Dêr deidreamt hij fan. Nee, dêr hat er nachtdreamen oer. Dêr wurdt hij dus swittend wekker fan.
"It is no dien Foppe, wij gean nei in fierfuort eilân. Myn dreameilân. Ik mei it no sizze,"seit syn frou at syn monolooch dien is. "Wij geane nei Tuvalu. Efkes los fan it libben, los fan it fuotbal, want dat dogge se dêr hast net."
"Tuvalu, Tuvalu, moarn mar ris sjen" en hij jout him del.
En foardat de sinne goed en wol op is, sit Foppe al te googeljen. En om kertier oer tsienen kinne hij syn Geke melde dat hij de nije bûnskoach is fan Tuvalu. Se hiene gjin fakature en gjin jild. Mar wol in simmerhúske. Dêr koe der wol sa lang yn. En der wie neat op tsjin at hij se wat fuotballen learde.
En twintich oer tsienen wurket Foppe syn Wikipedia bij. Sa dat stiet der dan toch mar. Bûnskoach fan Tuvalu.



vrijdag 27 mei 2011

Skriezen



Sneontemiddei op de fyts nei Ljouwert. En dat is yn tsjinstelling wat in soad minsken tinke, in prachtige fytstocht út Wommels wei. Fuort bûten Wommels bij de Boalserterfeart lâns, in lyts stikje dyk fan Iens nei Spyktille en fierders oant It Fec ta binnenpaden of lytse dykjes. Foaral it stik troch de greide tusken Hoptille en Blessum is de muoite wurdich.



Mei fûgelhutte "de strânljip" as blikfanger.
Krekt foarbij dy fûgelhutte, wie it gers lekker lang. En foardat ik it goed en wol yn de gaten hie, krige ik meardere oanfallen te ferduorjen fan skriezen. Mei grimmitigens ferdigenje se harren nêsten en jongen en alle foarby fytsende yndringers wurde bedrige. No bin ik wol faker bedrige mar noch nea troch 6 of 7 skriezen tagelyk. Ik bin stoppe en de skriezen dûkten allegear werom yn it lange gers.



En sa no en dan kaam der in kopke omheech. Efkes sjen at dy ferrekte fytsers al fuort is.

woensdag 25 mei 2011

De echte supporter




Wêr fine je se noch? De echte amateurklupsupporter. Utdost yn de kleuren fan de klup.
Bij Bolswardia. Herre dus. "Kom op jonges", ropt dy at Bolswardia yn de oanfal giet. "Kom op jonges" ropt hij alle kearen at Bolswardia yn de oanfal giet. It die fertuten ôfrûne tiisdei yn de wedstriid tsjin sc Stiens. Want Bolswardia de mindere ploech skoarde trije kear. Tanksij de echte supporter. Herre dus.
In machtige wedstriid foar de wat mear objektive taskôger lykas mij. In drama foar de útdoste supporter lykas Herre.
Ik sil net sizze dat it oan de skiedsrjochter lei dat it rûn sa't it rûn. Mar menear Dreves út Ljouwert dat is mij der ien. Syn fluitsjen oerstimde de drumband Hollandia dy't op it fjild derneist oefene. Syn beslissingen litte gjin inkele twifel. Syn kontakt mei spilers en lieding is nul. Tsjinpraten hat hij it mier oan. Oan hantsjegeklap ek at hij giel útdield fanwege tsjinpraten. Read dus. Je meie dochs oannimme dat dit bekind wie en dat de koaches de spilers warskôge hiene.
Dy warskôging wie net bestege oan Thomas van Zuiden. Mei noch 8 minuten te gean krijt hij read en makket Stiens gelyk. De druk wie te grut.
Oerdomme kaart omdat de skiedsrjochter gelyk hie. En it gie allinne mar om in yngoai. Dy't terjochte net foar Thomas wie.
Dom..dom...dom.
Ekskuses fan Thomas oan it adres fan Herre is wol it allerminste. Sa'n supporter en dan sa yn de steek litten.

Trenerstaal

"Ik haw in bepaalde fysje. Der stiet mij wat foar eagen. Dat wol ik oerbringe. Ik tink dat ik dat kin. Ik wol it goed delsette. Mei trije spitsen, altyd. Past bij dizze klup.
En mei middenfjilders dy't driigjend foar it doel komme. Dy't skoarend fermogen ha. Dat heart bij dizze klup.
Mar dy't harren ferdigenjende taken ek net lizze litte. Ik wol beks dy't opkomme. Dy doarre. Dat heart bij dizze klup.
It leafst haw ik in lofts- en in rjochtspoat yn it sintrum. Mei in lange bal yn de fuotten, mar dy't ek fuotbaljende oplossingen sjogge.
Ik wol in bepalende spiler dy't in ferlingstik fan mij is. Dy't in wedstriid lêze kin. In glêsbak.
Ik wol gelyk druk sette op de tsjinstanner. Op eigen helte hâlde. Dat heart bij dizze klup.
Ik wol kombinaasjefuotbal, ien, twa kear reitsje. Ik wol jonges dy't ek op resultaat spylje kinne. De bal yn de kofjetinte skoppe at it moat.
En dan it publyk. Dat is wichtich. Dy sjoch ik echt as tolfde man. Sa sit dizze klup ynelkoar.
Ja, ik sjoch it hielendal sitten as trener hjir yn Utrecht...
Mei dy folle tribunes.

"Utrecht"???? Ik haw begrepen dat it mei Utrecht net trochgiet mar dat Telstar jo ha wol.

"Telstar, moaie klup, jildt it selde foar, allinne dy sin oer de folle tribunes moat derút.

maandag 23 mei 2011

Boadskipje

De boadskipperstas kin hast mei at wij in dei te fytsen gean. En mei gelok (of pech) komme wij mei in folle tas wer thús. Sûnder in winkel binnen te stappen. En sûnder dat wij it fan plan binne.
It is de tiid fan spesjale oanbiedingen lâns de kant fan de dyk. Sels ôfrekkenje.
De skarrelaaien wurde it meast oanbean. Foar 1,30 of noch minder kin ik 10 moaie aaien útsykje. Dat doch ik meast net, want de kâns dat ik der tsien hiel thús krij, achtsje ik net grut.
Ik rjochtsje mij mar wat mear op oare dingen. Sa kom ik nei in dei fytsen thús mei twa kilo readsierende stoofparren , mei eigen makke prommesjem foar in tsjerke restauraasje, mei in nútekeek foar in goed doel, mei húning fan de echte bijen, mei rabarber farsk út eigen tún en mei in doaske ierdbeien fan de kâlde grûn.
En ûnderweis hawwe wij noch wat Rivella dronken út in kuolboks, mei as doel ús toarst te lessen en Tryntsje Beimers te stypjen foar har wurk yn Tanzania.
Wat moai, dat wij mei ús toarst noch wat ûntwikkelingshelp dogge. Wat moai dat minsken noch safolle fertrouwen yn oare minsken hawwe, want it is wol oan de kant fan de dyk, mei selsbetsjinning en op de romte.
It wie al in moai paad tusken it Heidenskip en it pontsje nei de Gaastmar, mar no hielendal.
At ik te fytsen gean, moatte de fytstassen dus leech wêze en de beurs fol mei euro's. Want wikselje is lestich.



vrijdag 20 mei 2011

Freed- fytsdei



Ungemurken is freed sûnt dit jier de fytsdei wurden. Earder wie dat de snein sa't de sneon de fuotbaldei wie. Dat is dus feroare. Freed fytsdei, sneon-wat-der-mar-te-rêden-is-dei en snein de omhingdei. It moat dêrom foaral op freed moai waar wêze.
En dat wie it hjoed wer. Kostlik fytswaar sels. In goeie wyn om wat doarpen yn Gaasterlân te besykjen. En dat is gjin straf. Om dêr te kommen suver hast wol. Nettsjinsteande it feit dat Jutryp en de Hommerts opknapt binne, bliuwt de tocht nei Spannenburg saai.
Fanôf Tsjerkgaast wurdt it moai. Yn tsjinstelling ta it mearendiel fan de 11 stêdenfytsers kinne wij wol gewoan troch Sleat fytse. Neat gjin brêge iepen en tûzende wachtende fytsers dy't harren troch it naue strjitsje wrakselje moatte foar in stimpeltsje.
It moaie fan hast alle doarpen is dat se wol wat hawwe of earne bekend fan binne. Sa hat Sleat syn duvel (besongen troch Jarje), Wikel syn Menno van Coehoorn , Sondel syn eardere bunkers, Nijemardum syn Lyklema's, Aldemardum syn brink en syn útsjochtoer (wêr't wij dizze kear net oanstekke) en hat it Murnser klif syn broadsje Gyros mei salade, wêr't wij wol oanstekke.
Wat in genot om dêr efkes oer de Iselmar sitte te sjen nei in inkele boat. En it tearras wat oereagje wêr't meast noch âldere rinners of fytsers as ús op it terras oan de appelgebak en kofje sitte.
Fia Bakhuzen (bekend fan túnfeest) Himmelum (bekind fan de strjitterûzje en it kleaster), Koudum (bekend fan syn beantsjes), it Heidenskip (fierljeppen), de Gastmar (it pontsje), Idzegea (klokkestoel), Westhim (kafée de Kat), Blauhús (krekt as Bakhuzen ek katolyk dus túnfeest). Wolsum (autokros) Nijlân (Aaipop) en Easterein (BluesCruise).
In goeie 90 kilometer en dat allegear yn it ramt fan AlleFryskeDoarpenFytsTocht 2011.
De route yn maps.

En de moaiste muzyk hjoed? Ik haw gjin Mp-trije op hân hjoed dus kin ik frij kieze. The Kinks dus mei Celluloid Heroes. Sa'n moai yntro...........

donderdag 19 mei 2011

Ofstappe

Sa no en dan skriuw ik ek wat wat foar "Blijdatikfiets" in nijsgjirrige blog wêr't fytsers skriuwe oer harren fyts belibbenissen en argewaasjes.
Ferline "steurde"ik mij oan in giel boerd en dit haw ik oan it papier tabetroud.

maandag 16 mei 2011

Belizze

Der hawwe tiden west dat belizze it goed ding wie. Fia it sparlean setten je al foardielich jild fanside en troch it ûnder te bringen bij yn in "Investeringsfonds" hiene je twa kear foardiel. In goed plan en net te folle risiko raasde de folder yn 1994.
Dat haw ik witten. Krekt as in soad oaren. Twa jier skeat de wearde mei 45 % nei ûnderen. It hege rindemint siet der net mear yn. En sij koene der fansels neat oan dwaan.
Ferline jier is dúdlik wurden dat alle fersekeringsmaatskippijen ek noch tefolle kosten berekkene ha. Alle jierren wer. De konsumentenorganisaasjes hawwe dêr in saak fan makke en hawwe gelyk krigen.
Ik soe sizze: gau de te hege trochberekkene kosten werom betelje. Dat kin oankundige wurde mei in simpele heale A4 mei dêr yn de ekskuses en it bedrach wat ik temjitte sjen kin.
Nee dus, in groue slúf mei in brief, in berekkening, in nije poalis fan 12 siden, in taljochting fan 7 siden en in oersicht fan de feroaringen fan 7 siden. En dat moat ik allegear lêze seker. Ik bin gekke Harry net.
"Uw beleggingsverzekering wordt voortgezet in een verbeterd produkt". Wat "verbeterd produkt"? Foar wa? Dochs net foar mij wol. Dat soe foar it earst wêze dat in fersekering iets oanbied wêr't ik better fan wurdt en sij net better fan wurde.
Ik sjoch út nei de datum 1 febrewaris 2014. Dan rint dy ôf. Bin benijd wat der dan noch fan oer is. De preemjebetelling haw ik in skoft lyn al stopsetten. Steltsje bij de poatnimmers.
En omdat ik leaver nei de froulju fan Abba sjoch dan nei de hearen fan Pink Floyd "Money money money" fan Abba.

zondag 15 mei 2011

Tryste dei

Neat is minder as dat Ajakkus kampioen. Jierrenlang net depri west. Mar hjoed om likernôch goed 4 oere gie it mis. Langs de Lijn koe wol út en de plannen fan hjoed yn de kuolkast. It bier koe der wol út, want dit lijen sil ik ferdrinke moatte.
Mar earst de Giro sjen. Hoe tichter Piter bij de lava komt, hoe waarmer hij it krijt en hoe warcher hij wurdt. De wâld beantsjes binne útwurke. Nije net foarhannen.
Bier..bier...Ik moat dizze dei út myn herinnering sjen te krijen. Mear bier.
It helpt net. Ik moat skriuwe. Foar it liftboek, op de SDS side, op myn blog. Stikken skriuwe foar nije wike. En foar dy wike derop.
Moaie jûn sûnder Studio Sport. Peter R ek net sjoen. Is Ajakkus fan. Kin ik net oer hjoed.
Shownieuws. Ja shownieuws dat wol ik hjoed sjen. It meast freeslike programma wat der is. Ik sjoch der nei út jûn. Nei dy berjochten oer Frans Bauer, Lange Jaap, Patty en van Breukhoven. Ik wol alles witte: wa't swier is, hoe lang en fan wa. Ik wol witte wêr't se de bernewein kocht ha. Hoefolle tsjillen en fersnellingen dat ding hat en at se al in bakfyts kocht ha. Alles wol ik der fan witte. At ik mar neat mei krij fan dy huldiging fan Ajakkus. En moarn is de sportbijlage fergees ôf te heljen bij mij.

vrijdag 13 mei 2011

De wâlden yn

Goutum, Ljouwert, Tytsjerk, Ryptsjerk, Hurdegaryp, Feanwâldsterwâl, Feanwâlden, Noardburgum, Twizelerheide, de Westereen, Sweagerbosch, Twizel, Bûtenpost, Gerkeskleaster, Stroobos, Stiensgea, Surhuzum, Surhústerfean, de Harkema, Droegeham, Koatstertille, Jistrum, Eastermar en Garyp binne de doarpen dy't ik bijskriuwe kin op de list fan AlleFryskeDoarpenFytsTocht (AFDFT).
It begong fannemoarn sa moai mei de sinne op é kop en de wyn yn de rêch. Mar wat djipper ik de wâlden yn fytste wat mear wolken der kamen en wat minder wille ik fan de wyn hie troch al dat strewelleguod.
Stroobos, it lêste doarp dat wy ferovere ha op de Grinzers wie it fierste punt. Op dat plak feroaret de namme fan it Prinses Margriet kanaal yn it van Starkenborghkanaal en fia de Surhuzumer Utmieden kom ik werom yn de bewenne wrâld. De tocht troch de Harkema hie ik mij oars foarsteld. Harren held Pieter Weening riidt yn de rose trui yn de Giro en hij hat oanjûn dat it iten fan de wâldbeantsjes it geheim is. Op 'e Harkema gjin rose kleur te sjen en alhielendal gjin wâldbeantsjes. Ik wit ek wol dat it de tiid is fan de Marokkaanske stjonkbeantsjes mar se hiene miskien wol spesjale potgrûn oanbiede kinnen dy't tige geskikt binne foar "it goud fan de Harkema."
Mei in stevige tsjinwyn en 132 kilometer op de teller is it goed bekommen no. En tefreden want op ien dei alle doarpen fan de gemeente Achtkarspelen befytse fanút Wommels stimt mij tefreden. Hoewol op ien nei Boelensloane stiet noch iepen. Dat pak ik mei at de gemeente Smellingerlân oan bar. De route yn Googlemaps



En it moaiste nûmer dat ik hjoed hearde wie tusken Twizelerheide en Twizel.

woensdag 11 mei 2011

Moezel

Ferline wike fytsten wij fan Koblenz nei Trier en werom. Himelsbreed leit dat net sa fier bijelkoar wei, mar at je de Moezel folgje, wêr't beide plakken oanlizze is it minstens twa kear sa fier. Want der is neffens mij net in rivier dy't mear slingert as de Moezel. Je merkbite dat foaral troch it feit dat je dan wer foar en dan wer tsjin de wyn ha.
De A61, de wei fan Nijmegen nei Basel krúst de Moezel en at je dêrop ride is it altiten in ymponearend gesicht at je nei ûnderen sjogge. Ik kin jim sizze dat it ûnder bij de Moezel likernôch noch mear yndruk makket. En wylst de soan op wintersport gie (ja,ja yn maaie!!!) en oer de A61 raasde, fytsten wij der ûndertroch. Alteast op de selde dei sa'n bytsje.
Peallen dy't ûnder sa'n 15 meter bij 5 meter binne.





zondag 8 mei 2011

Knilless



Ik fal yn werhelling at ik de útspraak " ik bin net sa fan de poëzij" al wer oan it skerm ta betrou. En dêrom frege ik mij sneontejûn oprjocht ôf doe't ik op de fyts ûnderweis wie nei Britswert, wêrom ik net nei de Wild Romance (sûnder Brood) yn it Bolwurk gie of gewoan mij thús fermakke mij in boek.
Wêrom hie ik dizze datum in skoftke lyn al myn myn aginda beskreaun mei "Britswert"?
Wêrom liet ik "it feest" bij SDS foarbijgean om foar te kommen dat ik net fit genôch wie om in literêre jûn yn Britswert mei te meitsjen?
It moat Knilless west ha. Foar mij in twitteraar dy't ik folgje en dy't meast oer gewoane nijsgjirrige saken skriuwt lykas syn fytstochtjes, syn bami-iten, syn (Wallander) filmkes, syn (eardere!!) argewaasje tsjin de Omrop en foaral syn leafde foar de Fryske taal.
Dat Knilless (Cornelis van der Wal) syn bondel dêr presintearre tagelyk mei de nije bondel fan Elmar Kuiper die mij besluten om mij in jûn oer te jaan oan de wrâld fan de poëzij.

Yn in fermidden fan allegear skriuwers en dichters en skriuwsters en dichteressen seach ik myn eagen út en harke ik myn earen fan de holle. Troch gedichten, ferhaaltsjes, literêre grapkes (tink ik) , útiensettingen, filosofyske beskôgingen en nei klanken en lûden fan muzikanten.
It wie in goeie jûn. Ik haw mij net ferfeeld dy goed twa oeren. Ik haw sels net op myn horloazje sjoen. Mar at ik nei dizze jûn poëzij leafhawwer wurden bin, dêr twifelje ik oan. Sil noch ris in bondel fan souder helje, om it te besykjen. Want yn de jierren 70 80 haw ik der meardere kocht en nea wer nei om sjoen. Kom ik dêr troch hinne no wa wit.....

Beste Knilless, ik moat noch wol efkes kwyt dat de skrik mij om it hert sloech doe't ik oanfytsen kaam bij de tsjerke yn Britswert. Want dat de auto fan dyn minst favorite waarman dêr ek stie, stie mij mar min oan. Dat koe neffens mij mar twa saken betsjutte: of hij krige it earste boekje Kristus Pavlov of wij moasten oan de ein fan de jûn "oant moarn" roppe foar SBS 6.
Miskien dat ik dêrom sa'n goed sin hie doe't ik nei hûs fytste: it wie beide net wier.






(Elmar Kuiper)

zaterdag 7 mei 2011

Bril

Op 22 april 2009 ferstoar Martin Bril. Stikjes- en boeken skriuwer. Yn de jierren krekt foar syn dea dy't hij hieltyd tichter bij kommen seach en fielen, skreau hij it boekje "Jongensjaren". Hij hellet dêryn herinneringen op fanút syn jeugd. Syn betide jeugd. Foar it part spylje der ferhalen yn Fryslân omdat syn mem hjir weikaam.
De ferhalen fan Bril bringe ek mij werom nei de bylden fan dy tiid.
Ien fan de ferhalen hjit "Ernst". Bril beskriuwt dêryn de dea fan freonen of famylje fan syn âlden. De man en de frou kamen om bij in ûngelok bij de rotonde fan it Hearrenfean. Dea riden troch in frachtauto. En dat wylst se yn in "met plexiglas overdekte driewieler zaten", sa beskriuwt Bril.
Wannear it krekt wie, wa't it wiene en hoe't fierder gien is mei de bern fan dy minsken dat freget Bril him ôf. Hij jout gjin antwurd yn syn boek.
En soks makket my ek nijsgjirrich. It soarte auto haw ik wol foar de geast: De Messerschmitt.
Ek yn Wommels, oan de Terp stie faak sa'n wjukkelmasjine sûnder wjukkels.
Mar myn syktocht yn it ynternetarchyf fan de LC levert mei in kombinaasje fan de stekwurden as: Messerschmitt, rotonde, doden, Heerenveen, echtpaar en vrachtauto neat op. ( Op it Fryske stavering haw ik mar net socht)
Wol genôch deaden op de Rijksongevallenweg nû 32 mar neat oer in Messerschmitt, ûnder de frachtauto mei twa deaden bij de rotonde fan it Fean.

donderdag 5 mei 2011

Fedde Schurer

Tusken Iens (bekend fan it ferske fan Tetman de Vries Alleen naar Edens) en Boalsert, foarhinne in selstannige stêd mar ferline jier troch Snitsers ynnaam en dêrtroch ûnderdiel wurden fan de gemeente GrutsSnits, dy't gelokkich Súdwest Fryslân hjit, rint it Fryske ferzen paad.
Net gelyk in toeristyske lûker dy goed 25 buorden mei Fryske gedichten der op nei myn betinken, mar it hat wol wat.
Ik sjoch dy rânestêdelingen en súderlingen de Boalsertrekfeart somtiden lâns fytsen en bij alle buorden stean bliuwen yn de falske hope dat er einliks wat op stiet fan wat sij wol lêze kinne. Of bliuwt dat ûnlêsbere Frysk no krekt de ultime erfaring wêr't se it letter mei freonen en bekenden in hjerst en in twa winters oer ha.

"Ja joh, wij fietsen daar op dat luisterrijke pad tussen het piepkleine Iens en de elfstedenstad Bolsward en werden betoverd door de gigantisch mooi in het landschap passende poezieborden. Allemaal poezie fan wereld beroemde Friese dichters. Wat in adembenemnde ervaring was dat joh, moeten jullie ook eens doen."

It klinkt net hielendal echt mar soks praat is miskien wol better as al dy Friezen dy't dêr lâns fytse en nei it earste boerd al útsjoen binne:

" Fryske gedichten. Dreech hjir. Mar it is hjir wol moai, nee, wij ha se net allegear lêzen, bist raar, dan komme wij der nea, mar it sjocht der wol moai út hear."







dinsdag 3 mei 2011

Wyn.

Je kin ek oerdriuwe. En dat dogge se hjir bij de Moezel. Op it balkon mei útsicht op de Moezel nim ik de dei noch efkes troch. Wij fytsten fan Moselteraas nei Moselterras, wij sjogge foar alles wat hjir is en in namme hat it wurd Mosel stean. MoselWC, Moselblick, Moselhaus, Moselfahrradstelle, Moselschiff, Moselwein, Moselkúchen, Moselwûrst, Moselbus, Moselbrucke en de froulju binne wierskynlik allegear Moselinnen mar dat stiet der dan wer net op.
Mar fierders gjin klachten, want ek al stiet der Mosel foar, der mankearret net folle oan.
Jûn as net wyn drinker wol wynpriuwe bij in boer. Wyn fan ferline jier nim ik oan want der binne noch gjin druven te sjen. En moarn mei in troch de wyn ferpeste wynkop wer yn de wyn op nei Trier. Want oer wyn hawwe wij hjir net te klaaien. Tsjinwyn bedoel ik yn dit gefal. En Moezelwyn fansels.

maandag 2 mei 2011

GFR

It sil yn de ein jierren 60, begjin jierren 70 west ha, dat ik al dy Veronica top 40's alle wiken wer yn de kop learde. En dat gie mij maklik ôf. Lik makliker as dy freeslike rychjes fan Dúts:
An, auf, hinter, neben, in uber, unter vor zwischen wie myn meast favorite rychje. Ferskes koe ik net sjonge mar dit op lêst wol. Ik haw der noch altiten in soad oan. In protte op fytsfakânsje yn en troch Dútslân, hear ik mij sels regelmjittich rychjes lûdop tinken:



Ik haw op myn tillefoan no Soundhound, in applikaasje dy't hast alle popmuzyk nei in pear sekonden herkend en mij dan krekt ferteld wat en wa dit is.
Want soms hear ik wat út lang ferfleine tiden en dan wol ik witte wa't dat ek al wer wie.
Je kinne net alles ûnthâlde docht no wol bliken.
Sa frege immen at ik Grandfunk Railroad wol koe. Ja sei ik gelyk, hoewol it mij net allegear gelyk foar de geast kaam. Mar tank oan You Tube bin ik wer hielendal bij.
Fanôf 1969 aktyf en dat wiene no krekt de jierren dat ik de top 40' út de kop learde. Wierskynlik net heger kommen as nû 32.....