maandag 31 mei 2021

Wykein

Hast 20 jier no, gean wij it wykein nei Pinkster der op út,

mei de brourren en susters fan Jellie

en mei de bern en bernsbern.

In kamping foar ús allinne dat is ús stribjen.

Ferline jier koe it net mar dit jier wol.

Der binne wat thúsbliuwers dy't it noch net fertroue

of der gjin rekken mei holden hawwe.


De kamping bij Turns dus, 

in noflik plak foar soks, wij wiene der yn 2019 ek.

Op de fyts der hinne mei Samme

Foar de beweging binne der ballen en rekkits

foar de toarst binne der kuolkasten,

foar de eagen it prachtige útsicht en de moaie loften

en foar de earen Spotify, gitaren fan Tjeerd en Martijn en 

de fioele fan pakesizzer Jelske 


Foar de bern hawwe wij ek noch in springkjessen sa'n wykein

en dy fiif pake- en beppesizzers fan ús hiene it dêrop tige nei de sin



Samme, Roan, Nyck, Brecht en Jelske




zondag 23 mei 2021

Fergetten

Wij ha 5 pake- en beppesizzers

De âldste is 8 en hjit Jelske

De jongste is 1 en dat is Brecht.

De iene wie freed bij ús 

de oare sneon

De iene ferlit har taske,

de oare har flesse


En sa hie ik wer in ritsje nei Skearnegoutum


Aukje

Evert van Hemert is keunstner.

Hij wennet yn Kolderwolde

Hij makket prachtige bylden.

Syn kreaasjes kinne jim hjir sjen.

Ek syn oare wurk is te bewûnderen op dy side.

Ien fan syn kreaasje is Aukje.

Dat wie in buorfrou fan Evert.

Yn alle 11 stêden stiet Aukje.

Se steane allegear oan de 11 stêden route.

De earste Aukje stie net yn in stêd.

Dy stiet oab de Riisterfeart 

at de riders ûnderweis binne fan Balk nei Starum 

fia de Fluessen en de Morra.

Tongersdei fytste ik dêr lâns.





vrijdag 21 mei 2021

Feeroasters

 



De flagge kin út.

De ferkearsfeilichheid  foar fytsers yn ús gemeente

is flink tanaam.

Twa hinderlike en gefaarlike feeroasters

tusken Easterein en Reahûs binne der úthelle.

Wat binne dêr wat minsken ûnderútgien

bij in bytsje wiet waar

en at je der net hielendal rjocht oerhinne fytse

Dit wiene de gefaarlikste

mar om mij meie der noch wol folle mear fuorthelle wurde.




donderdag 20 mei 2021

Yndyk

 In rûntsje fan 75 kilometer hjoed.

De Hegemer mar en de Fluessen om.

In stop en fotomomint wie der bij Yndyk.

Dat leit bij Wâldsein. 

It hôf dêr.

In pronkje út de fierte 

en dêrom stapte ik troch it lân en it stekje

en seach 9 grêven en hast gjin nammen.

Mear ynformaasje oer dit hôf dat net mear yn gebrûk is fine jim hjir










dinsdag 18 mei 2021

Trainers

At je Feyenoord supporter binne,

hat der dit seizoen net folle te genietsjen west.

No binne wij wol wat wend, 

want it giet al jierren minder, dan at wij graach wolle.

Efkes wie der hoop dat Dickie it op de rails krige

mar it gie úteinlik finaal mis.

Wêr en wannear?

Op woansdei 17 febrewaris yn Hearrenfean.

1-3 foar en ferlieze mei 4-3 yn in bekerwedstriid.

Doe die bliken dat Dickie gjin oerwicht mear hie as trainer.

Spilers diene wat se sels graach wolle: nei foaren fuotbalje.

Dêr is Dickie net fan, at er in risiko yn sit.

Nei dy wedstriid seagen je de twaspjalt binnen it alvetal.

De trainer dy't it sa wol en spilers dy't it mei tsjinsin dogge.

De lamlendichheid strielde der ôf.

Dyselde lamlendichheid sjoch ik ek bij sc Hearrenfean.

Nei dy winst yn de bekerfinale

wêrtroch it team efkes tocht dat se hiel goed binne

is it net wer goed west.

Ek trainer Johnny koe krekt as Dicky

de boel net mear oan de praat krije.

Dêr kinne je de spilers de skuld fan jaan

mar it is yn beide gefallen

dat de trainer (en syn helpers) faald hawwe.

Sij hoege se der net yn te skoppen

mar se moatte der wol foar soargje 

dat der energzy yn it alvetal bliuwt.

Dat is net slagge.

Ik bin bliid dat Dickie fuort giet

mar at it Fean foarút wol, 

sil ek Johnny fuort moatte


maandag 17 mei 2021

8 dochters

 ACHT DOCHTERS DIE GODS GUNST MIJ GAF

NAM WEER ZIJN VADERHAND MIJ AF
DRIE RUSTEN ONDER DIT GESTEENT
DE MOEDER DIE ’T GEMIS BEWEENT
STAART NU VERBEIDEND OP DEN HEER
DAAR VINDT ZIJ EENS HAAR DOCHTERS WEER


Fan Dodenakkers krij ik sa no en dan in nijsbrief,
mei dêr yn nijsgjirrige ynformaasje
en ferhalen oer grêven en tsjerkhôven

Dizze tekst stiet op twa stiennen bij  in grêf yn Assen
In bijsûnder ferhaal

Sjoch hjir de link

zaterdag 15 mei 2021

Sinnich?

 


Hawwe jim dat ek? 

As stel dat bijelkoar wennet,

dat je je eigen foarkar hawwe

en dat je dêrom fan de deselde produkten

ferskillende merken/soarten ha.

Justerjûn stiene dêr de flessen bearenboach,

de Sonnema foar Jellie en Weduwe Joustra.foar mij

Dêr efter stean twa kofjesetapparaten

want ek dêr yn folge wij ús eigen foarkar.

Sa is it mei de molke,

Jelle de folle en ik de healfolle

mei de sâlt

Jellie de gewoane en ik de seesâlt

mei de fla

Jellie de slachreammefla en ik de gewoane

it bier

Jellie de Amstel en ik de Hertog Jan

de tsiis

Jellie de plakken en ik fan it mes




vrijdag 14 mei 2021

Lauwersmar


Fytse boppe Dokkum en fytse yn Grinslân, 

dat kombineare wij meast mei in ritsje Lauwersmar-om.

Net fanwege de altryd hurde wyn en seker net fanwege de lijte, 

mar omdat it in boeiend gebiet is.

Fansels binne der in protte fytsers, dy't it selde rûntsje dogge

fansels binne dêr in protte toeristen bij de haven fan Lauwersmar,

bij de kampings en bij de brêge yn Zoutkamp.

Mar opfallender binne de talrike minsken mei fiersjoggers 

dy't oeral bij it wetter en de droechfallen stikken lân

op syk binne nei moaie, bijsûndere fûgels.

Binne it net fiersjoggers dy't se meisjouwe

dan binne ik wol fototastellen mei mânske telelinzen.

Hawar wij begjinne yn Dokkum en fytse fia Zoutkamp

nei de haven fan Lauwersmar

Dat is it plak foar in fette hap, sizze wij altiten.

Kar genôch dêr

en it slagge ús om nei in net al te lange wachttiid  ús fette hap te besetten.

Wij hellen seker ús fetgehalte,

want selden iten  wij sokke goare kibbeling.

It wie opbakte beslach mei wierskynlik wat fisk binnenyn

mar dat preaunen wij net fanwege de opbakte fette goare bûtenkant.

Yn it bakje sieten 5 grutte stikken opbakte beslach

en it koste 5 euro 50......

Wij keazen foar de fisktinte mei de koartste rij 

en wij begripe no wol wêrom dy rij it koartst wie.

At je dêr ien kear fisk kocht ha, kom je der nea wer.

Dus let op de blauwwite tinte fan Waddenvis aan zee, 

at je sin oan fet ha, binne je teplak.

foar fisk moat je earne oars wêze.

Dat wie it ienige minpuntsje fan dizze moaie fytstocht.



sa'n boerd sjogge net sa faak.....




woensdag 5 mei 2021

De bollen

 Fytse kinne je oeral, 

mar tusken de bollenfjilden is it krekt efkes oars.

De kleur fan al dy ferskillende tulpen

en de geur fan hyasinten

Wij diene in slach yn Noard Hollân

en troffen it mei de sinne

mar net mei de wyn








Stegen

 Wâldsein is sa'n doarp

dêr't je earder mei argewaasje trochhinne riden 

fanwege de iepensteande brêge en de nauwe bedoening dêr

en wêr't je no mei gong omhinne ride fanwege in nuttich akwadukt.

Troch Wâldsein fytse is in stik better wurden dus.

Rinne troch Wâldsein hie ik noch nea dien.

De oankundiging fan de 11stegentocht die ús beslúten

dat in kear te dwaan.

Mei Samme en Roan, twa pakesizzers 

dy't wij sa no en dan wat sjen litte wolle

mei in nijsgjirrige kuiertocht.

Wâldsein dus, op fuotten.

Wat in prachtich loopke hawwe wij dien.

Al dy steechjes, strjitsjes en âlde húzen

it is in aardichheid dêr.

Safolle te sjen, oan de hân fan in prachtige folder

seagem wij ús de eagen út.

En de jonges?

Dy pikten wer fan alles op

en folgen de giele pylken troch nauwe steechjes.



















maandag 3 mei 2021

Gabe

Yn 2016 skreaun ik iets oer Gabe Skroar.
It spotprintsje út de Boalserter Karnte fan alear.

In pear wike lyn krige ik post út Manchester.
Mei in aardich sechje fan Gabe Skroar




Helaas stiet er fierders gjin adres bij
oars koe ik efkes freegje hoe en wat...

zaterdag 1 mei 2021

Legend of Monsamabuorren

 Bij Strava fine se fan alles út,

om je in goed gefoel te jaan oer it fytsen,

om je wurdearring te jaan 

en om je prestaasjes te beneamen.

Nim no harren lêste útfining.


Sjoch ik ynienen dat ik de Local Legend bin

fan de Monsamabuorren bij Hinaard.

Soks kinne je fansels op je fyts CV sette,

Local Legend, wa hie dat ea tocht



Ik wie mij net bewust 

dat ik troch graach in rûntsje Hinaard te fytsen

yn de boeken komme soe as Local Legend




Ja seker,

ik lit gewoan 252 efter mij.

Jim kinne der wis fan wêze 

dat ik myn titel ferdigenje sil.

Dus sjoch jim mij bij Hinnaard fytsen

dan witte jim dat it net sûnder doel is.