woensdag 29 mei 2019

Fretskuorre


Ik ha neat tsjin ytkafés
ik haw ek neat tsjin Surinaamsk iten
ik haw al hielendal neat tsjin Ken

mar ik haw wol wat tsjin kreten as

"All you can eat"
en
"Onbeperkt eten"

Dat fyn ik neat,
haw ik ek nea wat fûn,
yn in wrâld wêr't gjin tekoart oan iten is
mar wêr't it ferkeard ferdield is.


maandag 27 mei 2019

Fytse yn Frankryk

Frânsen fytse net, dat kin ik wol fêststelle
nei wer 3 wiken fytse yn Frankryk.
Dat er ek te min fytspaden binne
is it ferhaal fan de hin en it aai.
Moatte der earst mear fytspaden komme
om de Frânsen echt oan it fytsen te krijen?

De Frânsen dogge harren bêst
om mear paden foar fytsers oan te lizzen.
Alle jierren in nij lang ôfstâns paad,
lykas de Rhôneroute, de Velo Francette en de Velodyssee.
Hast oerdreaun feilich soe ik dy neame wolle.

Bûten dy paden binne je as fytsers frij
om alle diken te brûken
útsein de grutte Autodiken.

Hoewol,
wij erfaarden it oars dizze reis.


De Seine oer bij Les Alluvions
sa'n 30 km ten easten fan Le Havre
dat like ús net mooglik,
de A131 giet dêr oer it wetter.

Wij hiene ús der al bij dellein
om 20 km fierder in pont te pakken.

Mar hoe oars wurdt it
doe't wij ûnder de brêge trochfytse
en dêr in fytsboerd stiet, dat nei Les Alluvions wiist
dat oan de oare kant leit



Wij fytse lâns de tolstekjes
en hoege as fytser de 2  euro 60 net te beteljen.



Krekt foarbij de tolpoarte
hâldt it fytspaad op.

De A131 wurdt ynienen de N182.
Wij moatte no op de autodyk fytse


sûnder fytspaad, fytsline of oare beskerming.
1500 meter fytse en flink klimme
mei neist ús foarbij ridende auto's
dy't gelokkich op de brêge net hurder meie as 70 km

In bysûndere erfaring
en wij binne bliid dat it net al te hurd waait.

vrijdag 24 mei 2019

De kat



Al fjouwer dagen thús yn Wommels
en poes hat him noch net sjen litten.

Poes is wyt
en hij komt út de Wâlden.
Dat lêste sis ik der mar efkes bij,
it is dochs in oar slach bist

Skaaimerken:
Hij rint oer dakken
en loert op iepensteande dakruten.
Hij miauket nea



en hij mei graach sliepe op in lisfyts

Wij wiene fuort
en hij hat him twa wiken bij buorfrou melden
at it itersbakje klear stie
en dêrnei kaam hij net wer.
Hij like ûnwennich, sei buorman

Underweis nei Parys?
Hij sil ús dochs net neireizge wêze?

Foar poes dit ferske


It stikje klear en it is jûn,
tongersdeitejûn...
wa stiet dêr op de tafel bûten?

ja krekt, de wite poes
werom út Parys

donderdag 23 mei 2019

Kieze



Wij meie wer kieze,
hjoed,
foar Europa,
de minst nijsgjirrige stimming,

Doe't wij foar it earst stimme moasten
foar de Europeeske ferkiezingen
stimde ik Europa nee.
Ik hâld net fan dy grutte dingen,
dy grutte logge lichamen

Dat grinzen fuort binne,
hat mij gjin foardiel oplevere,
tink ik
miskien hiel ûnnoazel.

No binne wij 2019
en ik moat nei de stimbus
en haw gjin idee
en seker gjin sin om mij der yn te ferdjipjen.

Boppesteande foto makke ik yn Frankryk
goed twa wiken lyn.
Alle partijen dêr kinne harren affysje kwyt
op harren eigen boerd.

Der hong ien poster,
in partij dy't Frexit foarstiet.

Yn Wommels haw ik ek ien affysje sjoen,
yn de Vicarystrjitte
bij Pier Zijlstra
dy giet dus ek stimmen

dinsdag 21 mei 2019

Fakânsje (1)

It sit er wer op,
ús lange fytstocht 2019.
Wij neame it fakânsje en ûntspanning,
in soad oaren sjogge it mear as ynspanning.

In útdaagjende rit wie it seker.
Mei Tsjeard yn syn buske nei Amsterdam
en doe moarns om 8 oere yn de Flixbus.
Foar it earst mei dizze lange ôfstânsbus
dy't troch hiel Europa giet
en soms fytsen meinimt op de twinny
of yn de kofferromte

Amsterdam- Parys,
mei allinne Gent en Lille as stopplakken

Om 15.00 steane wij oan de Seine,
wêr't de bus syn einstasjon hat,
en kinne wij de earste dei noch in 40 km traapje




Fanút Parys de Seine ôfsakje nei de Loire
nei it westen oan Angers ta
doe omheech nei Le Havre
en dêr wurde de plannen feroare

Ynstee streekrjocht nei hûs te fytsen bij de kust lâns,
gean wij werom nei Parys lâns de westlike Seine
omdat dit sa moai wêze soe
en wij wat minder klimmerij hawwe soene.

It wie net sa,
it wie in drege rit nei Parys
mei hast gjin fytspaden,
tefolle drokke 80 km diken
en ek noch in soad heuvels
en mei bagaazje is dat dreech genôch


Yn Parys in rêstdei
om dan de Flixbus wer te pakken,
no oan Gent ta


 Fan Gent , fia Seelân
en de prachtige LF Stedenroute nei Amsterdam
dêr't itselde buske fan Tsjeard ús wer meinimt nei Wommels


21 nachten fuort west
19 yn dizze tinte sliept
1 yn in sliepershok en 1 yn in karafaan

totaal 1520 km fytst
Jelly 1530, mar dy gie dan ek op de fyts nei de wc ta.
doe't wij yn Parys twa nachten op de kamping stiene