vrijdag 13 mei 2022

Op reis

 


De kommende trije wiken fytse wij fia Dútslân, Belgie 

fan Maastricht nei Montpellier

At er wat leuks te melden is dan stiet dat hjirneist

op twitter

Of miskien wol op faceboek sa no en dan


maandag 9 mei 2022

Help

 


Sa'n giel boerd mei in warskôging 

dy kom ik noch wolris tsjin yn de bergen,

dat er stiennen op je kop falle kinne.

De mûzefalk dy soarget hjir foar gefaar,

tusken de Kliuw en Hartwert binne wij warskôge.

Se binne foaral agressyf salang de jongen yn it nêst binne.

Se binne sljocht op keale koppen.

Ik wie net benaud.

Ik haw in  helm op


vrijdag 6 mei 2022

Ljouwert

 Je kinne sizze dat it allegear wol in hiel soad kost

mar je kinne ek tinke, wat bijsûnder, wat moai.

at je it sjogge.

Sa giet it mei mij 

oer it ferfolch fan Ljouwert Kulturele Haadstêd


No rint er wer in heal (djoer) beammenbosk troch de stêd.

It is bijsûnder at je foar it stasjon stean 

midden tusken de beammen

Ik fyn it prachtich

en bin benijd nei dy oare lokaasjes,

de kommende wiken.

Wij binne net foar de beammen yn Ljouwert.

Wij binne der foar de muzyk op it Befrijingsfestival.

Wat in drokte, wat in gesellichheid.

Seewolf, hearlike muzyk foar de leafhawwer

Fortunate Sons , foar de massa herkenber

Rachel Croft & Kentucky Snake Oil, tefolle gepraat 

Op de fyts derhinne en op de fyts werom,

Hinnereis noch in aaklik ûngemak

mei 4 famkes dy't it akwadukt ynfytsten

Ien gie slach oer de kop,
fleach mei de holle tsjin de betonnen wand
en wie in skofke út de tiid
It wie krekt bard en wij koene noch wat help biede
foardat plysje en ambu kaam.

Ik bin bliid mei myn helm......




donderdag 5 mei 2022

Klokkestuollen yn Fryslân (15) - Dunegea

 Us ritsje nei de eardere gemeente Doniawerstal

bringt ús ta beslút yn Dunegea








woensdag 4 mei 2022

Klokkestuollen yn Fryslân (14) Legemar

 Yn de buert fan Sint Nyk is in golfbaan.

Dêr tuskenyn is in moaie griene flakte 

mei in prachtich hôf.

In klokkestoel leit binne de grêft fan dit moaie plakje.

Op dit plak leit Sape Smeding.

Tegearre mei Rely hie hij de Sparwinkel yn Wommels

yn de jierren 70, begjin 80.

Bij Sape en Rely hie ik myn earste baan.

In prachtige tiid 

en in soad leard sa tusken de 15 en 20 jier











dinsdag 3 mei 2022

Klokkestuollen yn Fryslân (13) - Teroele

 Oan de râne fan it Prinses Margrietkanaal

dêr earnbe tusken Langwar en Jiskenhuzen leit Teroele

Ut de fierte sjogge wij de klokkestoel al.

Der is ek in sarkofaach seit it boerd.










zondag 1 mei 2022

Klokkestuollen yn Fryslân (12) - Diken

It tsjerkhôf mei klokkestoel bij Diken.

Dat wie snein de earste dy't wij tsjinkamen

op ús 77 kilometer lange fytstocht  nei it eardere Doniawerstal.

Oer it yngongstek wie al hiel wat te fertellen