donderdag 31 maart 2022

Wolf

 


At ik sa út de fierte in boerd sjoch

en de earste sin lês

tink ik oan in warskôgjende tekst fanút de bibel

It is net sa,

in Fryske boer dy't noed hat foar syn skiep en ús bern

ropt ús dit ta.

Ik bin it wol mei him iens.

at hij bedoelt dat de wolf hjir net heart.

Spesjaal foar jim haw ik efkes opsocht

hoe't de wolf der yn de bibel ôfkomt.

Dat is ek net bêst, sjoch ik hjir 

Om moai te einigjen in lietsje fan Reboelje

Traktaat fan de wolf

fan it album Magysk teater

klik op it plaatsje foar de muzyk



mar jim kinne ek efkes sjen nei Dool

mei Wolf moon, in nûmer mei iets mear pit

en tafallich of net,

freedtejûn binne se yn it Bolwerk yn Snits

En ik ek.......




Hobbelich


Sa lang de N359 der leit,

minus de earste jierren,

binne der klachten oer de hobbels.

It stik tusken Burchwerterhoeke en Wommels

hat dêr wit hoe faak lêst fan.

It is sa't it liket op dit momint wer tige hobbelich.

Moai dat er fiar twitter in melding dien is

 bij allegear ynstansjes.

Der sil dochs wol ien wêze 

dy't it dit jier op de agenda set?

Neiskrift

Hendrik Jellema sjocht dit berjocht 

en hij hat goed sicht op de planningen.

Ein augustus oant midden septimber

wurdt de dyk oanpakt 

en tidens dy trije wiken ofsletten........


zondag 27 maart 2022

It wykein

 In wykein mei fariaasje

Sneontemoarn betiid nei de iepen dei bij boer Murk

Sjen en heare nei de fûgels en de lûden

In moai projekt fan Murk en it Agrarysk Natoerfûns

Roan wie efkes mei en sa waard it in moai útsje




Tusken de middei in ritsje nei Spannum

De Treffer is wer út en dan bring ik se bij Hendrik Eringa

dy't meast net thús is

of wol thús is mar net iepen docht foar in âlde rocker


Middeis in ritsje nei Easterein

foar de fuotbalwedstriid SDS 1 - Oeverzwaluwen 1

De winst mei 3-1 en hurd wurkjen die ús goed as Bunnikside




Jûns stie der bowlen op it programma.

Yn de Stolp yn Snits.

De lêste kear dat ik dat die, 

moasten wij de skoare noch sels bijhâlde op in briefke....

Dêr hiene de oare dielnimmers noch nea fan heard

(iets mei leeftydsferskil of sa)

Ik koe it noch en helle in skoare wêr't perspektyf ynsiet.

It wie in noflike frijwilligersjûn fan de Frysman



Sneintemiddei lekker fytse

lâns it moaiste keunstwurk yn Fryslân,

dat yn Bears stiet



Sneintemiddei wat letter nei de Bluescruis yn Easterein

en op tiid werom foar Formule 1.....





vrijdag 25 maart 2022

Boartersguod


 It is wat mei de oarloch, dêr yn Oekrine.

Wat hie ea tocht dat wij der sa ticht bij yn fersyld reitsje soene?

Oarloch dat boarten wij froeger mei klapperpistoaltsjes

mei fan dy reade roltsjes, dêr't je sunich mei wiene

want op wie op....

en it jild groeide ús âlders net op de rêch.

Miskien fergis ik mij of it is in fertekend byld

mar it liket krekt of hat de jeugd no allegear wer in gewear.

Ik sjoch se draven, ik sjoch se sjitten.

Krekt as yn ús tiid.

Boartersguod 


donderdag 24 maart 2022

Klokkestuollen yn Fryslân (9) Murns

De klokkestoel fan Murns leit oan de trochgeande dyk
bij it Murnser klif lâns.
Mei in tsjerkhôf en it Iselmar op de eftergrûn  in prachtich plakje

Dat prachtige plakje wie it net altiten,
sa lês ik op it boerd mei ynformaasje.

Krekt op dit tsjerkhôf komt yn 1943 in fleantúch del
en wurde tal fan grêven en de klokkestoel ferneatige.

Gelokkich is der in nije delset,
want ik bliuw der bij.....
it binne pronkjes, dy klokkestuollen

















Pisje

 Inside pissing out is better as outside pissing in

Ik hie noch nea heard fan sok praat,

mar ik wist gelyk wat is.

At je binnen binne en je moat pisje sykje dan bûten in plakje

dat is better as at je bûten binne en nei binnen gean om te pisjen.

Ik bin it der hielendal mei iens.

Der is neat sa moai as bûten pisje.........



woensdag 23 maart 2022

Klokkestuollen yn Fryslân (8) - Rûgehuzen

 De Frysman is in triatlon yn de gemeenten Gaasterlân en de Fryske Marren. 

Nei 3,8 kilometer swimme yn it Iselmar ( bij it Reaklif) stappe sa'n 200 atleten op de fyts foar in rûntsje fan 45 kilometer. 

Dat rûntsje fytse se 4 kear. 

Wij fytsten it hjoed ien kear. 

Wat dy triatleten yn 4 kear net sjogge (gong is alles) dat sjogge wij wol. 

Twa klokkestuollen ûnderweis en sokke plakjes binne de muoite wurdich om efkes bij stil te stean.  

Dat hawwe de triatleten net oan tiid, wij wol. 

De earste dy't je tsjin komme op it parkoers is de klokkestoel fan Rûgehuzen. 

De âlde stoel is yn 1920 ôfbrutsen mar der is gelokkich wer in nije pleatst dêrnei. 

De klok is noch net sa âld. 

Bijsûnder is it ferhaal fan de klok(ken) dat jim lêze kinne op ien fan de foto's,

Oh, ja, dy triatleten moatte nei dy 4 rûntsjes bij de klokkestoel fan Rûgehuzen lâns fytse, ek noch 6 rûntsjes fan 7 kilometer drave.  Miskien dat ik dit jier dat rûntsje ek draaf. Ien kear fansels.

De Frysman triatlon is dit jier op sneon 9 july. 

Moai om te sjen bij it Reaklif.














dinsdag 22 maart 2022

Klokkestuollen yn Fryslân (7) - Broek

 Wij pikten Broek ek efkes mei

op de fytstocht om de Snitser mar hinne

De tsjerke oan de dyk, 

it tsjerkhôf mei de klokkenstoel dêr efter


yn 1616 wurdt de klokkestoel al neamd


spitich fan dy flaggemêst



in moai fers




skipper en keapman....wat soe dat wêze?

Jitze Grondsma, eardere IFKS skipper

wolle de neibesteanden harren melde?




Reze

It rezen is wer begong.

It wie it ôfrûne jier in fermaak op Ziggo sport.

No net mear.

It jild slacht foar master op 

en wij moatte der no foar betelje.

Der is dan alles te sjen, fan freed oant snein,

Dat is moai, mar ik haw genôch oan de rees op snein.

Dus op syk nei in fergese stream.

Sykje op twitter.

Slagge, 

en ik haw de rees noflik sjoen fia dizze link.


Benijd at dy der snein noch is....

maandag 21 maart 2022

Klokkestuollen yn Fryslân (6) - Goaiingaryp

 De Snitsermar om

en dan komme je tusken Terherne en de Jouwer 

mar leafst 4 klokkestuollen tsjin

Goaiingaryp, oan de iene kant in rekreaasjedoarp 

oan de oare kant it echte doarp.

Dêr stiet it klokkenhûs wat efterôf

net te ferwarren mei it restaurant mei de selde namme.

Oan dit klokkenhûs hinget de swierste klok

fan alle klokkehuzen yn Fryslân.

Syn namme Salvator.

Hij sloech 14.30 oere doe't wij der stiene