dinsdag 29 juli 2014

In moaie namme mar wol wat lang

Wij fytsten yn Frankryk troch talrike doarpkes.
Om ús Frânske útspraak wat te oefenjen, sprutsen wij ûnder it fytsen de meast rare wurden en plaknammen út.  Sa as de namme op it boppesteande boerd.
Je sille it mar alle kearen opskriuwe moatte.
Wenje yn St. Quentin-La-Motte-Croix-au-Bailly.
Doe't ik dat seach, tocht ik oan Iens.
Iens, dat moaie lytse doarpke noardeastlik fan Wommels.
Gewoan Iens.
Fjouwer letters.
Dêrom stiet dizze wike Iens sintraal bij mij.
Wat mij Iens haw ik wol wat.
Iens dus, ek al binne jim it der net mei iens.

maandag 28 juli 2014

Kin it ek in stjêrke minder?



Les Grands Pins
Kamping mei 5 stjêren
LaCanau Ocean yn Súdwest Frankryk.

Ik haw gjin idee wat it betsjut dat Les Grands Pins.
Ik tink fan "de grutte oplichters"

Nei 95 kilometer komme wij op ús tredde dei oan bij Lacenau-Ocean.
In toeristysk stedsje.
Wij hawwe ús nocht.
It wie suver te waarm foar sa'n ein.
Wêr is de kamping?
Wylst je hjir bij de Kliuw al wiisd wurde op in kamping yn Reahús, is dat dêr oars.
In syktocht en nei twa kear freegjen komme wij oan bij Les Grands Pins.

It is al oer seizen.
Wij skriuwe yn.
ID kaart der bij en de gebrûklike frach:
"Elekticity"
"Nee, dankjewol, merci, thanks, danke schôn"
Je moatte je rêde kinne yn it bûtenlân.

It komt op beteljen oan.
At ik it bedrach ôflêze kin op in kassa, is der neat oan de hân.
Oars is it betiden lestich.
Dat leit him net oan mij, mar oan dy Franzen.
Dy prate fluch en ûndúdlik.

"Quarante neuf", seit it fromminske wylst ik net mei sjen kin op de kassa
"Neuf" ferstean ik in bytsje as 9 en "quarante" klinkt as 14.
Ik lis 15 euro op de bar yn de ferwachtich dat it 14.90 is, in gemiddelde priis foar in nachtje op de kamping mei in lyts tintsje.
It fromminske sjocht ús oan, laket wat en skreaut dan it bedrag op in papierke.
49,00 euro.

It is waarm, wij ha ús nocht, wat dogge je dan.
Wij besykje noch efkes út te lizzen dat wij net mei in 4 tsjiloandriuwer binne mei in 6 persoanskarafan mar in tintsje fan twaenheale turf  heech.
"5 stjerren" seit it fromminske.
"5 stjerren" sizze wij letter at it tintje stiet op in matich plakje, dat betsjut in swimbad wêr't wij gjin gebrûk fan meitsje, in eigen paad nei in oseaan, dy't wij oerdei genôch faak genôch sjogge en wifi wêr't wij 6 euro per dei ekstra foar betelje moatte.

Doe't ik thús kaam lei der al in en
kête formulier fan Les Grands Pins yn de meelboks.
Ik mocht in sifer jaan.
In 1 en seker gjin stjêr





woensdag 16 juli 2014

Sipke Stapert

In grut part fan myn jeugd spile him ôf op de Hofkamp en de Molewâl yn Wommels. Krekt dêr tuskenyn leit de Doctor Sipcke Stapertstrjitte. Yn de folksmûle  hjit it mear de Sipke Stapert.
Nei wa is dy strjitte neamd? 
It boek Minskestriid Minskelibben (1970) fan Marten de Boer: skriuwt der dit oer:
"Op dat selde Stapertstate waerd yn 1515 in tige forneamd man bern: Sipke Stapert. Hij wie forneamd om syn geleardens en doe't it sa fier wie, waerd it tiid om syn namme yn it Latyn to skriuwen. Hij makke der Cyprianus Stapert fan en dat stie tige deftich. Hij waerd ek Vomelius neamd, de Latynske foarm fan Wommels. Yn it stêdtsje Ments waerd hij leraer yn de rjochten.
Karel V hearde ek fan him en bineamde him ta"palatynschen graaf en Bijzitter der Keizerlijke kamer". Op 68 jierrige leeftyd ferstoar hij to Spiers.



De doctor Sipke Stapertstrjitte is yn de 60 jier aarchich feroare.  De beukerskoalle stie oan it begjin oofts en  en Hommema in bedriuw yn bliksumôflieders stie foaroan rjochts. Dy terreinen binne no beide opfuld mei hûzen.

It lêste part fan it "lange"stik is net echt feroare. De huzen binne wat opkreaze hjir en dêr en it binne foaral de parkearde auto's dy't it byld fulle.

Foarhinne wie hjir in rûntsje en it rûn it dea.

No is der in mooglikheid om op de fyts en rinde oansluting te finen mei de Hofkamp.


It brêgje dat de ferbining makket mei de Molewâl is der al hiel lang. It Staperthout is der kommen yn de tiid dat wij in oanatl jierren op de Molewâl wennen. Ik skat fan 1964.



woensdag 9 juli 2014

Legertinte

op de kamping bij Boazum
In famyljebesit. 
Us famylje pronkje. 
Al 10 jier lang jout dizze legertinte ús ûnderdak op de kamping. 
Kocht op de Harkema foar 200 euro of sa. 
Hjir en dêr wat bijplakt. 
Jout plak oan sa'n 40 minsken mei stoel
plak foar in kachel
en in tap
en in WK fuotbalskerm 

donderdag 3 juli 2014

Moai

En sa kom ik 4 dagen yn de wike at ik werom kom fan it wurk yn Snits of Beetstersweach ús moaie gemeente wer binnen. Alle dagen wer in útdaging om dit brêchje wer goed oer te kommen mei in reedlike gong. 
Hjoed 3 july foarloapich foar de lêste kear. Fakânsje! 6 wiken lang........
Fuort op de fyts.
Fansels

dinsdag 1 juli 2014

Fakânsje

"Frankryk favoryt fakânsjelân" is in kop dy't neffens mij al 25 jier yn juny yn kranten stiet. Wat wolle je ek mei sa'n grut lân, mei safolle fariaasje yn lânskip lykas de see en de bergen.
Wij hawwe twa kear op fakânsje west yn Frankryk. Ien kear reinde it te folle en binne wij mar gau werom gien en ien kear wie it fierstente waarm......en wiene wij bliid dat wij werom wiene.
Frankryk is net ús favorite fytslân. Der binne in twatal saken dy't ús tsjinstiet om in moaie fytsfakânsje te hâlden: de heuvels/bergen en de taal.

"Frankryk favoryt fytslân" stie juster yn it AD. Oars soe ik roppe: "dus gean wij der net hinne" mar it leit no wat oars.
Wij gean dit jier net nei ús favorite fytslân Dútslân, omdat wij alle rivieren no wol sa wat befytst hawwe: de Donau, de Elbe, de Rijn en de Weser.
Ek fanút Skandinavie binne wij al ris nei hús fytst.
Dêrom bij gemis oan in better alternatyf sette wij ynkoarten ôf nei Sauveterre de Bearn yn de buert fan Pau.
Fandêr sette wij lâns de Atlantyske Oseaan nei it Noarden ta. En al alles goed giet komme wij dan fansels yn Nederlân út. Tegearre op de "gewoane" fytsen. De lisfytsen bliuwe thús.


OMdat wij der fanútgean dat it moai waar wurdt hawwe wij it hús en de fytstassen troch west om te sjen at wij noch wat tsjin in fûle sinne  hawwe.