woensdag 30 augustus 2017

Flieterpen en West Dongeradiel

Moandei 28 augustus,
sinne en hast gjin wyn;
de ideale dei dus
om nei de altyd winerige omjouwing
Noardwest Frysl6an te gean.

Auto yn Burdaard 
en fia de 4 prachtige Flieterpdoarpkes
nei Dongeradiel

75 kilometer en 25 doarpkes,
in echte oanrieder, sa'n moaie tocht 
troch safolle moaie lytse doarpkes

en Hantumhuzen?
dat leit wol hiel beroerd yn de midden
en moast ik in apart loopke nei meitsje

sommige doarpen (Holwerd, de Lytse Jouwer, Hantum)
en ien stêd hie ik al oandien mei de 11 stêdentocht.

Noch 90 doarpkes te gean.......
























vrijdag 25 augustus 2017

Sybren

Woansdei wie de froulju' PC
in dei mei wille en fertriet
winne of ferlieze,
it leit soms sa ticht bijelkoar

in moaie PC
prachtige winners
teloarstelde ferliezers
mar ek ien noch gruttere ferliezer

in persoanlik drama wer foar.....

Sybren,
de Sybren
karmaster fan berop,
de man dy't koartlyn al yn it nijs wie
omdat de foarline net automatysk
mear syn plakje is

in goed petear mei de keatsbûn
moast it besef bij Sybren bringe
dat it allegear wat minder wurdt
mei it sjen en it beoardielen

Ferbaasd wie ik woansdei
mei Sybren as karmaster
op de frouljus PC
hij mocht op in sydline fan it perk sitte
miskien mei it idee
dat hij dêr minder kwea dwaan koe

it wie net sa:
de skiedsrjochter moast him al in kear korrisjeare
en in folgjende kear,
yn in spannende heechsteande partij,
die Sybren beide hannen opheech:
ik wit it net,
de skiedsrjochter moat it mar sizze

It hie de echte ein wêze moatten
fan Sybren syn karriere as linerjochter
bij it keatsen.

Sybren kin dat sels net beoardiele
kin dy beslissing sels net nimme
want in oere letter
siet hij oan in sydline as karmaster

no ja, sitte
hij stie ...
as ienige oan de sydline
want Sybren mei graach sjen
dat elkenien him sjocht...
as karmaster

en dan de finale...
de finaleklap foar Sybren

yn it skoft foar de finale
seach hij oan de oare side fan it fjild
in lege karmastersstoel
en stapke, foar stapke seach ik him dêr hinne skarreljen
en seach ik him "triomfantelik"sitten gean

dat duorre sa'n 5 minuten
doe kaam der immen fan de organisaasje,
net yn sân hasten
mar gewoan ek stapke foar stapke,
hij gie op knibbels bij him sitten
en sil sein hawwe
"dat Sybren hjir net sitten bliuwe kin"
en Sybren sil it ûnbegrepen oanheard ha
en sil sein hawwe dat hij net fan plan is.
om fan de stoel ôf te gean,
en yn alle rêst
sil de man it noch in kear útlein ha.

it duorre efkes,
doe seach ik him stean gean,
mei lytse stapkes socht hij syn paad
efter de banken lâns
skarrele hij lâns it publyk
de ôfgong
letterlik en figuerlik
op wei nei de tinte
wêr't hij fêst in bierke nommen hat

lilk, ûnbegrepen, teloarsteld
in  drama foar him
is segen foar de keatserij



woensdag 23 augustus 2017

Rjocht dwaan


Yn 2015 skreau ik dit stik oer Yndie,
It wie doe in aktueel ûnderwerp
troch it stik de Feteranen

Ik haw it lêste jier ek "Friesland was hier" noch ris lêzen,
it boek as herinnering oan it Bataljon Friesland
dat fan ein 1945 oan mids 1948 yn Yndie siet en focht

In saaklik, feitlik boek...
dat gjin antwurden  jout op in oantal fragen
dy't libje bij mij oer it dwaan en litten dêr

omdat myn heit ek diel útmakke fan dat bataljon
en hij wegere dêr oer te praten
bliuw ik wat op syk....

Hiel moai dus
dat ik dit boekje tsjinkaam;
Yn 2013 útjûn
en it is de "sprutsen" skiednis

9 mannen jouwe mei eigen wurden oan
wat harren der ta brocht om mei te gean
en hoe't se it belibben dêr.

Moaie koarte ferhalen
dy't in better byld jouwe

en ien ferhaal
mei it fertriet fan in famylje
omdat harren broer net weromkommen is




zondag 20 augustus 2017

Fan 39 nei 13



Neist de Freulepartij
hawwe wij yn Wommels
in oansprekkende 1ste klas partij

Oansprekkend?
miskien moat dat anno 2017
wol tusken heakjes

Der wiene sneon 13 partoeren
wêrfan 2 mei 2 man
13 partoeren 
dat kin gewoan op ien fjild mei 3 perken

Dan 1992,
25 jier lyn
doe waard er wierskynlik
ek keatst
op it fuotbalfjild
op in keatswedstriid mei 39 partoeren
op tiid út te krijen.

39 partoeren doe
13 partoeren no


De winners fan 1992 wiene: 

zaterdag 19 augustus 2017

Hege golven

It IFKS skûtsjesilen
hie hjoed in falske start
yn de A-klasse:
te hege golven

Se hiene it optiid oanjûn
dat is bij de SKS wol ris oars

Dêrom foar de gesellichheid
nei Hylpen

kreamkes en boaten besjen
harkje nei sfearmuzyk
en fisk ite

en Samme wie efkes mei
hij fûn it allegear prachtich












Simmer

De simmer fan 2017
is dy no moai of net?
ik hear ferskillende lûden.

it is sa relatyf dat wurd "moai"
foar de ien moat it 30 graden wêze
en it leafst meardere wiken
om it etiket "moai"der oan te hingen.

foar mij is 23 graden de perfekte temperatuer

en de buien dan?
it falt wol wat ta.....

Yn Ierlân soene se dit sizze


vrijdag 18 augustus 2017

Hearefyts


De hearenfyts stiet ter diskusje
fanwege de stang
de stang,
wêr't wij as jonkje
allegear wol in kear op sitten ha.
de stang
dy't je der in inkele kear oan herinnere hat
dat je in jonge binne...
au.....

ien of oare organisaasje ropt wat
en tal fan minsken nimme dat serieus

at se earst goed om har hinne sjoen hiene,
dan hiene it better west om te sizzen,
dat de trend al hiel lang is
dat âldere mannen
in frouefyts oanskaffe
fanwege it op- en ôfstappen;
gewoan it ferstân foarop

dy hearefyts hoege je net te ferbieden,
dat kinne minsken best sels wol beslisse

trouwens
in lisfyts
is in genderneutrale fyts
ik lis al jierren op de stand
en dat befalt prima



donderdag 17 augustus 2017

Bij de haven


It leit er kreas bij
dat fjildsje oan de Boalsertertrekfeart
bij de haven yn Wommels

It is al efkes lyn
al jierren tink ik
dat it hôf dêr mei geweld opromme waard

avensearje fanwege de fûgels 
en fanwege de plannen

rekreaasjeterrein
trekkershutten
............

no
safolle jierren letter
leit it der foar dea bij
en ik haw noch neat heard 
oer aktiviteiten dêr.....


donderdag 10 augustus 2017

It is feest




It is alle dagen feest
sis ik wolris no't ik net mear wurkje

Der is ek alle dagen feest
sa erfaar ik dizze simmer,
no't wij net op fakânsje binne yn dizze simmerwiken

De PC mei syn eigen neipraters en neidrinkers
ien grut feest foar de leafhawwers

De Snitswike dy't sa nedich langer as in wike duorje moat
wol graach in feest wêze mar ja ........desibelsperikelen

De Feanhoop, it skûtsjesilen as oarsaak
dat it dêr ien grutte wylde bende is mei 
bier...bier...toudûnsje mei útlutsen teasjurts....
en noch mear bier
en safolle desibels
dat se it yn Snits heare kinne,
at de wyn goed is
en it dêr sels oer de noarm fan 85 desibel hinne giet

De Freule mei syn eigen neipraters en neidrinkers
mei muzyk fan Butterfly en de Suskes
as stimmingbringers en bier as oanjaaier


En dan hjoed yn Langwar it skûtsjesilen.
It nauwe winkel/horeaka strjitsje is omdoapt ta in 
oanienskeakeling fan bars en tappen

foar it silen in inkele foarpriwer
mar nei it silen yn gjin tiid
ien drinkende en itende massa
mei "lekkere"lûde muzyk

mar dan bij de haven
de hel
of noch slimmer,
grutte jachten en sels yn elkoar setten flotten
dy't mei elkoar gemien hawwe
dat der jongfolk op sit, stiet, hinget of leit
yt, drinkt, sûpt, fret 
raast en balt 
om mar boppe de eigen boatklanken út te kommen 
en dy fan dy oaren
en dy oaren
en dy oaren dy't noch fierderop lizze

Jeetje, wat in ferskriklike herrie
al dy muzyk trochelkoar
sels yn de wyn hiene se der yn Snits lêst fan 
en spatten alle desibelmeters op tilt.

Sis tsjin mij nea wer
dat Into the Grave
(sneon yn Ljouwert....sin oan)
in bak herrie is,

ik sil dan sizze
jim binne seker noch nea
bij de Langwarder haven west
nei it skûtsjesilen
dat is in bak herrie yn it kwadraat





donderdag 3 augustus 2017

Fermaak

De PC sit er wer op
en ik sjoch werom op in dei
wêr't hast neat mis mei wie..

Enervearjende en spannende partijen,
folgen elkoar yn rap tempo op
en de meast favorite keatser
(út eigen doarp dus)
bleau der wol hiel lang oan,

en dan binne wij der ek noch oan

dat lange oanbliuwen hat wol gefolgen
foar it sosjale aspekt
yn it middeiprogramma

wij wolle net in slach misse
want stel je je ris foar dat Jacob Klaas
yn de heale finale komt

de twa heale finales
wurde tagelyk spile
en beide binne sa spannend
en ferrassend
en Jacob Klaas giet troch

wij tinke al oan in platte karre
oan it korps fan Wommels
oan de flagge op de toer
oan in feest

krekt net dus
1 of  2 sentimeter leger yn de want
en der hiene trije oare winners west
en se hiene no noch om de bal socht

De PC fan 2017 wie boeiend,
der wie hast neat mis mei...

hast......
want ik miste wat
iets wêr't ik altyd wol nei útsjoch
mei in hongerige mage
sa yn de rin fan de middei

wêr wie dy geur?
wêr wie dy karre?

ik miste de de "Kip van Krijn"

of wie dy slachtoffer fan de aaikrisis?





woensdag 2 augustus 2017

Op de fyts nei Keimpetille (en werom)

Tiisdeitemiddei
út te fytsen
mei Jellie, Jelske, Roan en Hildau



Jelske, 5 jier,
sels op de fyts fan Wommels mei Keimpetille...
en wat fûn se it moai oer smelle paadsjes bij Tsjeppenbûr

Machtich fûnen is: de fyts op dat moaie pontsje.....

Roan mei beppe

Jelske 

nei in ysko op it terras oan de oare kant fan it van Harinxmakanaal werom
in prachtich plakje dêr  mei kofje en al

en se hiene it hinnereis al sjoen.....
de boarterstún yn Wjelsryp.....
machtich mei beppe efkes draaie


en Jelske op de kabelbaan

De bern hawwe genoaten
fan allegear dingen dy't wij gewoan fine:

fytse dwers oer de retonde,
fytse troch it lân en wachtsje foar de trein
smelle paadsjes en leuke brechjes
feeroasters
it pontsje

in moaie middei