woensdag 31 oktober 2012

Hare majesteit

Wij hawwe in keninjinne yn Nederlân.
Dy libbet earne yn it Westen mei har famylje en sa en en dan wurdt sij it lân yn brocht.
Foarhinne gie dat gewoan mei de lukse auto, mar tsjintwurdich mei in wjukkelmasjine.
De kenninjinne wurdt meast nei leuke dingen ta stjoerd.
In iepeninkje hjir mei in lintsje dêr.
De pommeranten om har hinne meie bij sokke bjusterbaarlike barrens op basis fan harren posysje en neffens it protokol wat sizze. In lytse taljochting jaan.
Foaral lyts want ús keninjinne hat fansels net hiel folle tiid.
It betsjut, gong hâlde, plichtplegingen dwaan en werom nei de wjukkelmasjine.
Moarn siket de wjukkelmasjine yn Snits de grûn op. Underweis fan Den Haach nei Snits sil sij har siktaris fêst freegje: "Ben ik  kortgeleden ook niet in dat gebied geweest?"
De siktaris sil dat befestigje: "U was in het buitengebied van deze gemeente, in Koudum zijn we geweest, in Workum, wij hebben nog gesproken over de goede voorzieningen die er zijn: zwembad, bibliotheek enz."
"Ja, ja", zegt Hare Majesteit wylst se oer it Iselmar fleane, "nu weet ik het weer, ze hadden het hier prima voorelkaar volgens de dames en heren die het voor het zeggen hebben,  ik zal straks nog even vragen hoe het met de voorzieningen gaat."
"Dat lijkt me geen goed idee, er zijn wat ontwikkelingen in de gemeente die wat gevoelig liggen in het buitengebied. Ik zou daar niet over beginnen en ook niet over de stoomtrein".
"Wat is er met de stoomtrein, die is hier toch niet"?
"Nee, die is er niet maar die had er wel moeten zijn, klein gevalletje van te grote ambitie en te weinig realisme".
"Ai, ai", seit Bea,"hoe zit het dan met het gebouw wat ik vandaag moet openen?"
"Dat zit wel snor, heb ik uit wel ingelichte kringen vernomen, het schijnt echt een theater bevolking te zijn in deze buurt. Niet dat zo iets uit cijfers uit het verleden te halen is maar op basis van een grote ambitie en niet te veel realisme, denkt men dat de boertjes van buiten straks liever naar een voorstelling in Sneek gaan in een gebouw waar zelfs een bidkamer en voedkamer is, dan dat men in eigen dorp of stad naar de eigen kulturele avonden gaat."
"Het is wat" besluit Beatrix, wylst de kontoeren fan Folsgeare en Easthim sichtber binne,"heb je trouwens de agenda bij je, want ik verwacht ze mij vandaag wel weer willen vastleggen voor iets."
"Tsja, seit de siktaris,"misschien vragen ze u wel de 4 bibliotheken en 2 zwembaden te sluiten. Dat zou nog eens van moed getuigen"
De wjukkelmasjine set de landing bij it Antonius sikenhús yn en se wurde dêr opwachte troch allegear dokters, ferplegers, patienten fan it sikenhûs. Oh ja en in apotheker. Mei in haadletter.





maandag 29 oktober 2012

Stoffel op kontrabas

De lêste snein fan de moanne om in oere as fjouwer tilt it yn Easterein op fan de bluesleafhawwers. Yn de túnseal fan Noflik is it gesellige boel mei soms ferrassende bands.
Sa ek snein doe't de Tru Tones harren debút makken yn Easterein. Se makken der wer in moai (dûns)feessie fan.
De band hie in kontrabas spiler en soks leavert mei sfearfolle ferljochting in moai plaatsje op. Boppedat hie de man in pet op en sa fanút de fierte seagen wij suver in bekende..............
 
dus waard dy bekende ek efkes op de kontrabas setten en sûnder problemen spile hij hits as "Skowe, skowe, skowe", "Buske komt sa" en "In skot foar in protter".

de drummer fan de band koe it oplêst net úthâlde op syn krukkie en fleach al trommeljend de hiel seal troch en dielde rekke klappen út oan alles wat los en fêst siet. Tamme de Boer koe him krekt ûntwike mar wist wol wat foto's te meitsjen.
 


vrijdag 26 oktober 2012

Tessel

"De holle leech meitsje", "trochwaaie", "efkes ôfstân nimme", dat binne fan dy kreten dy't brûkt wurde om in tuskenfakânsje oannimlik te meitsjen. Net bij ús mar foaral bij oaren, wol te ferstean.
Myn holle hoecht net leech, want ik soargje der wol foar dat dy net fol komt, wêr't ik ôfstân fan nimme moat, soe ik net witte en trochwaaie liket mij wat oerdreaun omdat ik alle dagen op myn fyts sit of lis en myn burd mij faak genôch foar de eagen waait.
Foar ús jildt gewoan dat ik skoalfakânsjes ha en dat wij yn de hjerstfakânsje in al jierren midwike fuortgeane.
Dit jier waard it wer Tessel. It foel mij dit jier noch mear op as oars hoe folle rekreaasje dat eilân útstrielet. Alles ademt dêr toerisme.
It steurt mij net echt, it is mear ferwûndering.
Ferwûndering oer al dy lege rekreaasjewenten, apparteminten en hotelkeamers. Hoe leech binne dy dan wol net, at it gjin hjerstfakânsje is.

Wij hiene in trijekeamer appartemint boekt fia ynternet. Altiten ôfwachtsje.
It seach der goed en kreas út op de fotos's.
Yn wurklikheid ek.
Op twa dingen nei. Wij moasten der fia in lange gong nei ta dy't wol hiel bot tinken die oan in âldereinhûs en wij misten ien ding: It útsicht.
Beammen. Op 5 meter fan it rút.
In balkon der boppe en it is ferklearre dat wij alle dagen 5 lampen oan ha moasten om elkoar te sjen.
Mar gelokkich siet der in nepfôgel op it rút plakt.
It wolkom wie goed... in jutterke en dy smakke bêst
en wij makken in moai plaatsje fanôf de dyk op de Eastkant fan it eilân
De sinne hawwe wij net folle sjoen....grize loften wol en de reinbôge dy't deunbij út de Waddensee wei like te kommen
wij lêsden fanefter in stek hoe't de natoer dêr beskerme wurdt .....

wij lêsden wat boeken.....ja...ja sels in Frysk boek

wij seagen bij it juttersmuseum.....

wij seagen yn it juttersmuseum
wij harken fia in fideo nei moaie ferhalen fan de jutterkening fan Tessel

en wij krigen besite fan dochter Hildau en Jelske...

en doe moasten wij wol efkes bij Jut en Jul sjen....

En fierders hawwe wij ús best fermakke. Wij hawwe alle doarpen op it eilân efkes besjoen. Wat hin en wat fisk iten, wat rûn en wat fytst (165 km yn 4 dagen) en binne no ek wer bliid dat wij wer thús binne en wer útsicht hawwe.


zondag 21 oktober 2012

Strontrees

De moandei fan de hjerstfakânsje giet yn Warkum de strontrees fan start. Lytse en gruttere slippen moatte nei Warmond sile om dêr wat pûden stront ôf te leverjen en dan giet it wer op Warkum oan.
De wedstriid is te folgen fia Track en trace, sjoch dizze link.
De skippen lizze sneins allegear klear yn de havens fan Warkum en dat soarget op de middei foar in drokte fan belang. Tûzenen komme lâns ..................


om te sjen bij it ambacht sylmeitsje.....

om promoasje te meitsjen foar de botter....

om te sjen en te harkjen nei muzikanten yn in prachtich dekôr

om rêstich te wachtsjen op in rikke hearrinkje

om te negietsjen fan al dy houten botters

om bij de haven wat om te hingjen

om te sjen nei droechjende netten

om te hearen nei echte folksmuzyk
 
Posted by Picasa

woensdag 17 oktober 2012

Lekker grut


Ik soe der in soad foar oer ha om de hiele want yn de keamer rom te meitsjen.
Alle kasten, skilderijen en foto's derút.
Plak  meitsje foar dizze prachtige Bosatlas.
Ik soe der in soad foar oer ha.
Mar 100.000 dollar?
Dan bliuw ik te yn it earstoan mar dwaan mei de lytse Bosatlas.
Haw ik dochs noch wat te winskjen.

maandag 15 oktober 2012

Hurdfytse

Ik bin net in fytser, net in hurdfytser mar in lisfytser.
Net alle lisfytsers binne gelyk. Der binne rûchwei twa soarten. De iene groep lisfytsers giet foar de snelheid dus binne dat hast reesfytsers en de oare groep giet foar it ûntspannen fytsen dus binne dat gewoane fytsers, dy't lizze.
Ik mei graach flak fytse, ik haat klimkes en ik haw neat mei ôfdalingen.
Ik haw ek neat mei reesfytsen. Dat giet mij allegear te hurd, je sitte tefolle foaroer en ik mei graach wat sjen, sûnder in stive nekke te krijen.
At ik thús op de bank lis, mei ik wol graach reesfytsen sjen.  Ik ferbaas mij alle kearen wer oer de snelheden op dy tinne bantsjes, oer de maneuvres dy't se betiden úthelle moatte om retondes rûn te kommen, de keunst om hûnen en bern te ûntwiken en de technyk  fan it taske oanpakke.
Oan de ein fan de rees leit de finish. Dêr geane se hinne: allinne, mei in groepke of mei syn allen.
Spannend ! wa wint der, der kin der mar ien winne, wa krijt de blommen fan de miss  en wa komt op it boerd. Op it boerd foar sa lang at it duorret.

It is goed yn de war mei de fytserij. De beerput komt no hielendal leech en der giet net in belutsene frijút.
Lês dit stik fan Guus van Holland mar en dan witte je genôch. Ik sjoch ynienen hiel oars nei Peter Post, nei Breukink, nei Jan Raas en ek nei dy linkebal dy't bij de NOS ferslach docht.




zondag 14 oktober 2012

Utskelle is dat noarm?

De supporters fan Harkemase Boys steane bekend om it feit dat se der altiten binne en dat se foar sfear soargje.   Justerjûn kaam de altyd oansprekkende ploech út de wâlden nei Snits. Nei de degradaasje sitte se yn de selde klasse as ONS.
Om safolle mooglik minsken nei it sportpark te krijen wie besletten de derby om 18.00 oere spylje te litten. Goed idee, sa koe ik earst yn de rein nei SDS -Grijpskerk sjen en dêrnei nei de derby.
Spitich dat it reinde, it sicht mei al dy paraplus is net oeral optimaal mar fierders haw ik mij poerbêst fermakke.
Wat mij tsjinfoel wie it stille Harkema publyk. Mei opsetsin wiene wij tusken de wâldmannen stean gien om sa ticht mooglik bij de sfear te wêzen.
No ropt elkenien wolris wat oer en tsjin in skiedsrjochter of ien fan syn assistinten, mar wat in oantal Harkema supporters der útkreamden wie net normaal.
It sfearmeitsjen bestie der foaral út om de grinsrjochter dy't hieltyd foar harren del rûn of draafde foar fan alles út te meistjen. En in wille dat se der sels oan hiene. Alle stappen dy't er die en  alle beslissingen dy't er naam, it resultearre alle kearen yn in skelpartij. Der wie mear belangstelling foar de man mei de flagge as foar de wedstriid.
Spitich dat je sa'n man de skuld jouwe fan it feit dat de mannen it yn it fjild sitte litte.
Gelokkich wie der yn de twadde helte in oar plak.
Nije wike stiet WPB - Harkemase Boys op it programma. Foar de beker. Dat moatte de Harekieten winne kinne, miskien dat der dan mei iets mear respekt oer de grinsrjochter sprutsen wurdt.
Fan beide kanten......

zaterdag 13 oktober 2012

Boargemaster

Begjin dizze wike stie der yn de LC (op tabloid)  in artikel oer de rol fan boargemasters bij "rampen".
Yn it stik waard oanjûn dat in ramp de posysje fan in boargemaster meitsje en brekke kin. Der wiene foarbylden dat in boargemaster hielendal ûnderút gie (Moerdijk) en gefallen dat in boargemaster him profilearre (Alphen aan de Rijn).
Doe't ik it stik lêzen hie, toch ik in flits fan in momint hoe soe dat gean at yn ús gemeente in "ramp" is.
Trije dagen nei it stik yn de krante is Boazum trending topic op Twitter en dat betsjut faak dat er aardich wat oan de hân is.
In grutte brân yn in lyts doarp en asbest yn de loft. Helpferlieners en parselju slingerje de Slachtedyk del op wei nei Boazum.
Yn ienen moat de boargemaster, frou Liemburg mei har gemeentelik apperaat  oan de bak. Helpferlieners bijstean, kommunikaasje mei Boazumers en parse, opfang, befeiliging alles moat regele wurde.
Ik folch it wat op twitter en it falt mij dat fanút de @Keatsebaen1 iepen kommuniseard wurdt.
It liket mij sa ta dat it goed rint, foar sa fier je dêr fan sprekke kinne.
Ik haw der ek alle fertrouen yn.
Frou Liemburg is in pear jier lyn fol fjoer de striid oangien mei Jan Waterlander en hij is fan it toaniel ferdwûn en sij sil no mei sukses it fjoer yn Boazum  mei wetter bestride en it asbest sil ek allegear wer ferdwine.



vrijdag 12 oktober 2012

In opkreaze fytspaad


Op 21 jannewaris 2011 skreaun ik dit ferhaaltsje oer in ferlern stikje fytspaad. 
De kop hie doe ek wêze kind: it ûnnoazelste stikje fytspaad.
It leit bij de Burchwerterhoeke. It is amper 80 meter lang en der fytst nea immen op.
Nei myn miening tsjinnet it gjin inkel doel en fuorthelje hie net ferkeard west.


Grut wie myn ferbazing okkerdeis, doe't ik seach dat it paad net fuorthelle is mar opkreaze. 
Fan trije tegels breed nei mar leafst acht tegels breed. 
Der kinne no twa minsken elkoar ynhelje en tsjinkomme.
De kâns dat soks bart skat ik op minder as nul prosint.
It paad is noch wol like lang. 
Amper 80 meter.
Mar wat docht dy bult dêr yn de midden?
Je soene hast tinke dat de tegels op wiene, mar dat sil net sa west ha. 
Dan hiene se bij de gemeente (?) wol ien rige minder dien. 

It probleem is in daam.
80 meter en dan op de helte in daam.
Om foar te kommen dat de tegels troch de earste de beste trekker mei wein út harren ferbân wipt wurde, is der in trochgong makke dy't mij gelyk oan it ferske "bij de púndyk del" tinken docht.
Wat in kreative oplossing.
At je dizze hobbel ien kear nommen hawwe, dan witte je dat je de folgjende kear de dyk wer del gean. Graue stiennen en fyn grint, ik kin amper sitten bliuwe op myn lisfyts.
Mar wat glinstert dêr sa as ik de sinne der op skinen sjoch.
Dat sil dochs net.....
Nee....dan sil dochs gjin glês wêze.
Ik fyn ien stik, twa stikken, trije stikken en ik sjoch der noch folle mear.
Ik hâld op fan sykjen.
Ik bin gekke Harry net.
Dat binne de lju dy't dit betocht ha.
Dy't dit dien ha.
It is gewoan in skande.

Myn oprop oan alle fytsers: gean net oer dit paad, want sels in Swalbe bân sil dit net trochstean.




Loften

It sa moai at je jûns nei iten net op de bank it iten sakje litte kinne, mar op de lisfyts. 
Kûbaard om sa lang it noch kin.
Mei wat gelok at it waar wat mei sit en at it iten betiid op tafel stiet kin it noch ien wike. 
Dan is it tsjuster.......freeslik



Kûbaard om en geniete fan de pleats, it wite húske en de moune yn de sinne

en de moaie kleuren 

zondag 7 oktober 2012

Tsjoch op in oar plak

Tsjoch is in feriening fan Fryske muzikanten. Sij organiseare Tsjoch konserten en it Tsjoch festifal.
Dat Tsjoch festifal waard al moai wat jierren yn de Lawei yn Drachten holden, mar op grûn fan ferskate oarsaken is socht om in oare lokaasje.
Yn Wommels hielendal.....
Yn Drachten mienden se al dat se der mei in bus hinne moasten want Wommels dat is in hiel ein fuort.
No binne wij tal fan kearen nei de Lawei riden en it foel ús alle kearen wer mei.
De bus út Drachten kaam net en miskien is dat it ferhaal wol fan it wat tsjinfallende oantal besikers. De fêste groep út dy kontrijen liet it miskien no wol wat ôfwitte en de Wommelsers en minsken út dizze omjouwing hawwe miskien noch net yn de gaten dat dit in unyk barren is wêr't in grut ferskaat oan muzyk is en
















wêr't je der ek noch bij sitte kinne.


Mar leafst 70 ferskillende akt op 5 podia soargen foar in soad ferdivedaasje.
Ik haw der west fan goed sân oere oant tsjin ienen en haw mij tige fermakke mei. De optredens duorren allegear meast mar 30 minuten dus kinne je hiel wat meipikke sa'n jûn.
Myn oandacht gie út nei:

Jan de Vries, troubadoer út de Bildhoeke en mei syn karateristiek stim en nijsgjirrige teksten, hij song bûten doe't ik oankaam.

De Healers wiene mij net frjemd mar ik woe it bloeslûd dochs wer efkes heare en it fielde wer goed.

Melle Leegstra wie foar mij nij en hij stie yn in smoarhite boppeseal aardige  ferskes te sjongen, dy't yn goed smaak foelen.


Ljoubjr DE band stiet ek regelmjittich op in poadium wêr't ik bin en ik moat sizze dat it nijsgjirrige muzyk is mar krekt myn sjenre net is.

Ik koe noch moai in stikje Adri de Boer en band meinimme dy't no hearlike nûmers fan James Taylor oersetten hat en it earste CD'tsje oerlange oan de slachwurker.

Herman & Rosita, binne de twa Belgyske gasten. In fermaaklik healoerke mei dit echtpear wat al hast 50 jier dwaande is mei it spyljen op ynstruminten dy't se sels makke ha. Werklik fan fan alles meitsje se wat: op in skistok en  in húske ûntstopper fluiten se komplete lieten en op it poadium makken se mei wat handichheid fan in winterwoartel in fluit.
De prachtige humor fan Herman soarge foar in soad ynteraskje.

Joris Linsen & Caramba haw ik te koart bij west om wat fan te sizzen. Ik haw begrepen dat it prachtich wie.
Myn oandacht gie út nei Chris Kalsbeek. Mei syn harp en syn folle stim mei ik him graach Ierske lieten sjongen heare.

Streksum wie wer sa'n nije band (foar mij) en dêr haw ik mei genoegen  nei heard.

Op ien of oare wize woe ik Pieter en Jens net misse.
Wêrom wit ik net want ik hie der noch nea fan heard.
It wie in prachtich optreden.
Twa jonges dy't foaral Mumford & Sons yn in eigen jaske stutsen hiene. Oandwaanlik om te sjen hoe't sy dy prachtige muzyk fan dy Britse band spilen. Gewoan yn it Ingelsk, sadat wij it ek noch meisjonge koene. In hichtepunt dit optreden.

Doe wie it tiid foar Thea en Foeke. Mochten jim fan Doede Bleekr hâlde dan stiet jim dit ek wol oan. Lekkere platte teksten en in healoerke is sa moai as wat.



Bacon & Bones wiene de lêsten dy't ik seach. Lekkere muzyk en soad entûsjasme op it poadium. Spitich dat yn dy seal it lûd wat dof oanhearde.

De ôfsluter, de Tsjoch Flying Hot Country Band haw ik in kertierke oansjoen mar bij sa'n samling fan muzikanten haw ik altiten it idee dat it de measte wille jout oan de minsken op it poadium.

Tsjoch yn Wommels hat mij bêst foldien. It kin om mij wol er. En sa fit as wat.
Mei de frou efter op it pakjedrager nei hûs fytst.
En dat wie al hiel lang lyn want pakjedragers binne oars net bedoeld om minsken te ferfieren.


vrijdag 5 oktober 2012

Tsjoch

Moarn is Tsjoch yn Wommels. Muzyk foar jong en âld.
Mar leafst 70 meast Fryske artisten op meardere podia yn it Dielshûs.
Moai is dat. Sa  folle muzyk en sa ticht bij.
Haw wol in oantal kearen nei Tsjoch yn Drachten west, mar dit is better en foaral makliker. Op fuottten der hinne.
In  programma mei in soad fariaasje haw ik al sjoen.

Fannemiddei kaam ik al efkes yn de stimming. Troch Herman en Rosita.
Twa Flaamske muzikanten dy't echte folksmuzyk meitsje.
Sij dogge dat gewoanwei mei 't Kliekske. mar binne hjir no tegearre.
Mei in hiel soad ferskillende ynstruminten lykas in draailier, fluiten en in lillepypkebonge.
Fannemiddei spilen se yn de studio bij Omrop Fryslân en dat die mij tinken oan in optreden yn Fryslân en oan myn platekast.
Yn 1977 diene sij yn Fryslân in toernee mei Roel Slofstra en Joop Feenstra.
It programma hjitte fan "Hwa laket dêr".



Yn myn plakboek fan 1977 fyn ik noch wat oerbliuwsels út it programmaboekje.



Yn myn elpee kast steane twa moaie elpees fan it Kliekske.
Kocht nei in optreden fan it Kliekske op é  Lemmer.
Moarn bin ik der seker bij at sij optrede yn it Dielshûs yn Wommels.
Leuk nei 35 jier.




donderdag 4 oktober 2012

Amelân




De bern fan ús skoalle geane oan it begjin fan it nije jier op skoalkamp.
De learkrêft giet mei syn eigen groep en sij freegje der ien begelieder bij.
Ferline jier kaam master V op it idee om mij te freegjen om trije dagen mei te gean.
Ik wit net wêrom at dat sa wie, mar ik bin der noch bliid mei.
Wij gyngen mei noch in groep en twa learkrêften nei Tessel.
It wiene drege mar oh sokke moaie dagen.
It wie mij goed befallen en master V ek,  want dit jier frege hij mij wer.
Hast yn de selde gearstalling as ferline jier reizgjen wij no mei sa'n 28 bern nei Amelân.
Machtige dagen mei fantastyske bern en prima kollega's.

Ofskie nimme bij skoalle, yn de bus, op de boat, fytse, keamer útsykje, tassen oer de kop, sjips en snoep ite, fytse, de fjoertoer beklimme, it strân op, bij it hyndergrêf sjen, fytse, fuotbalje, damme, lekker ite, in spultsje dwaan yn it tsjustere bosk, rinne, sjips ite, wiet reine litte, hast sliepe, gekjaaie, sliepe, bôle mei kleurde hagels ite, tee of yogi drinke, fytse, boatsjefarre, seehûnen sjen, Deuts sprechen,  koekjes ite, film sjen yn museum, genietsje bij akuarium, in oantinken keapje foar heit of mem, bij it wetter boartsje, wiet en kâld wurde, troch de dunen fytse, makaroni ite, bingo, yn it tsjuster nei de fjoertoer rinne, bij de fjoerkoer sitte, prate, fuotbalsjen, broadsjes knakwoarst ite, wurch wêze, hast sliepe, hielendal sliepe, betiid fan bêd, tas wer fol proppe, opromje, bôle ite, lunchpakket meitsje, foar de wyn nei de boat, wachtsje, yn de bus, werom yn Snits, wurch, yn auto bij heit of mem.
Tank sij de bern mar ek myn kollega's Antsje, Rients en Vincent haw ik wer genoaten fan dy selde bern.