maandag 31 oktober 2016

Marten


Tegeltsjewiisheid
it is in fermaak betiden

ik kaam dizze krektlyn tsjin
like mij wol tapaslik

1 novimber 2016
út it it wurk.......

vrijdag 28 oktober 2016

Foar dy nei dy

Doe't ik in skoft lyn de oankundiging seach
fan de foarstelling  "Fan dy foar dy"
en it efterlizzende ferhaal lêsde,
wist ik it gelyk:
dêr wol ik hinne....

Doe't wij juster yn de seal sieten
bij Rottefalle
oan de Leyen
seach ik minsken om mij hinne
wêrfan ik tocht:
in protte sitte hjir krekt as my:
mei in reden,
mei in oorsaak
mei in ferhaal,
mei in ferline...

Selden sa'n bysûndere foarstelling sjoen:
sa trochtocht,
sa leechdrompelich,
sa ynteger,
sokke moaie eigen teksten
en tapaslike gedichten fan Douwe Tamminga,
safolle emoasje,
en sa moai spile troch Popke en Froukje

it wie sa echt
omdat it ek echt sa wie

beide in bern ferlern,
en dan beide dat eigen ferhaal
dat eigen gefoel,
yn de eigen omjouwing

It fielt hast net goed
om te sizzen dat wij genoaten ha
fan alles..

fan it loopke yn it tsjuster nei it gedicht fan Douwe
fan de ûntfangst troch de beide akteurs
fan de sfearfolle oanklaaiing
fan it prachtige spul
en de allessizzende teksten

en doe't it dien wie.
wie it efkes stil,
deastil...
it fielde as in wrakseling fan it publyk:
is in daverjend applaus op syn plak
foar dizze twa minsken
dy't in oandoare
sa'n fertrjitlik ferhaal sels te spyljen?

It fertsjinne applaus bleau gelokkich net út..

en sa moai
dat ûnder it genot fan in hapke en in drankje
elkenien bleau
om noch efkes nei te praten en nei te tinken
oer dizze bysûndere jûn.

en as lêste
sa moai
sa bysûnder
krigen wij dit prachtige boekje mei
mei gedichten fan Douwe Tamminga
en foto's fan de twa spilers......

Snein wiene wij by in stik fan Tryater
ik fûn it prachtich, Jellie fûn it net echt,
"dit is wat ik bedoel", sei se
doe't wij weromriden
"dit wie echt, sa echt, sa moai"









zondag 23 oktober 2016

Tryater yn Wommels


Ik ha mij kostlik fermakke bij it stik fan Tryater..
In stik mei hiel soad ferhalen, tema's en boadskippen
Tragysk, meislepend mar ek grappich

De akteurs wien de gasthearen en gastfrouen bij binnekomst.
Wij krigen in kjessentsjes om op te sitten.
Want Tsjerkebanken wiene hurd earder
en no noch altiten....

Into the Void


Fan middeis 14.45 oere oant nachts 2 oere
it into the Void festival 
yn de Neushoorn yn Ljouwert

stoner, swier ôfstelde gitaren....
donkere lûden

foar mij allegear ûnbekende bands
op ien nei...
dus tusken middeis 5 en jûns 10 oere
gewoan alles meipikt.
allinne...

hearlik dus,
lekker lústerje nei muzyk
oars neat

oeral efkes sjoen...
sels boppe
wylst ik toch echt leaver gewoan yn de seal stean

ik woe efkes hingje, leune
en dat kin dêr op de balustrade.


en op in moaie tiid mei de bus werom


in hearlike jûn mei in ferrassend optreden fan Zoon

zaterdag 22 oktober 2016

Kampeare

It Frysk fersenpaad rint bij de Boalserterfeart lâns
fan Iens nei Boalsert,

In pear fersen per kilometer

Bij Djiplân, 
tusken Burchwert en Wommels
stiet ek in boerd
ûnder wat beammen
op in plak flakbij de kamping

de eardere kamping



At it no komt dat de kamping ticht is,
wit ik net,
feit is wol dat it boerd der net útsjocht...
dêr ûnder dy beammen



Mar miskien hat Meindert Bijlsma
persoonlik wol lâns west op syn fyts
fanút Kimswert
en hat hij der foar soarge
dat syn fers wer te lêzen is


vrijdag 21 oktober 2016

Burdmannen


In kreas artikel
okkerdeis yn it Friesch Dagblad

Dit omdat er in boek útkommen is
mei 200 foto's fan burdmannen

makke troch Arie Bruinsma fan Sint Nyk.

De Aanten binne favoryt bij de FRysk Deiblêd, mar leafst twa fan de flouwer hjitte sa...


Fan in stik as wat, net allinne de foto, mar ek it ferhaal......


en fansels mochten The  Beards net ûntbrekke yn dit prachtige boeke (al sis ik it sels)
en sij sjonge foaral oer burden...






donderdag 20 oktober 2016

Trije


Ien foar ien, 
dat is meast myn rigel bij it lêzen fan in boek. 

No samar yn trije boeken tagelyk oan de gong. 
In literaire triller, wêr't it ek wer wreed oan ta giet, 
in boek oer it "wrede" libben fan in wrâldfytser yn Iran en Turkistan (neat foar mij dus) 
en oer it wrede paradys (op ierde). 

Trije boeken tagelyk,

 it wurdt no echt tiid foar in hiele lange fakânsje.

Hekkelje

Hekkelje
de meast fersteurende hanneling 
foar de wetterplanten...
of moat ik sizze "ûnkrûd" yn it wetter?
Alle jierren,
sa om en bij oktober komme se wer lâns
dy hapgrage gripers

dy gripers komme lâns,
foardat dy kontroleurs fan de provinsje
lâns komme



Neat bliuwt er yn sitten
en wat er útkomt
is in paradys foar fûgels
dy\t op syk binne 
nei wat lekkers



alles komt boppe wetter
ek wat er ynsmiten is
troch bolstjurrige jeugd,
ûnder ynfloed (oars dogge se dat net)

sa as dizze ferkearspilon
dy't al ôfskreaun wie
troch de gemeente Súdwest Fryslân.....

zondag 16 oktober 2016

Warkum yn de ban fan de strontrace

At wij sels net fuort binne 
stiet it begjin fan de hjerstfakânsje
meast yn it teken fan in ritsje Warkum

Net foar de ferrassing
want at er iets net feroaret
is it wol it barren bij de haven.....

Der stiet âld spul en dizze kear stiene houten kroaden wer sintraal

Op it selde plak as oars stiene wer wat muzikanten
dy't fiskersferskes songen op âlde ynstruminten

Wij hiene Jelske mei, dêr wie alles nij foar

Wachtsje foar de brêge en in moai sicht op de haven

In rikke hearing op de leagenbank (ligersbolle) ite

harkje nei in koar mei sliepferwekkende ferskes....

En Jelske fûn it prima dat ek wij ús efkes deljoegen yn de sinne


donderdag 13 oktober 2016

Pake - en beppedei

"Foar altyd jong"
wie it tema fan de bernboekewike

dat betsjutte dat de skoalle de doarren iepen setten
foar pakes en beppes

De mienskipsromte yn deit Trochpaad
wie mear as fol mei pakes en beppes


Wij seagen bij Jelske, 4 jier, groep 1 dus

wij seagen wat se diene, wat se kinne, en wat se makke hiene

der wie mear oandacht foar de kleuterdingen as foar pake en beppe

trije talige skoalle dus.....

zondag 9 oktober 2016

Rêstich

It is wat rêstich op de blog.
Dat stiet mij mar min oan.
It is krekt of haw ik it te drok.

Of haw ik gjin sin mear...?

Ik haw seker noch wol sin,
Te drok dus...

Nei 1 novimber wurdt alles better. 
Dan stop ik mei wurkjen
En sis ik jim ta dat ik folle faker
wer tiid nimme kin om wat te finen...

Ik sjoch der nei ú:
It stoppen mei wurkjen
en it stikje skriuwe