donderdag 31 december 2009

Bijhalde

Minske sparje fan alles en hâlde fan alles bij. Pennen, soleksen, kofjesetapparaten, fytsbellen, tillefoans, leppeltsjes kinne fan dy fersammelopjekten wêze. Mei nocht fetelle de minsken de hiele skiednis fan ien kofsetapparaat en foaral hoe't se der oan komme binne. In passy kin it wêze.
Dan binne der ek minsken dy't fan alles bijhâlde. Dat binne meast dingen dy't ferskûle bliuwe yn eigen kast,la, plakboek of kompjoeter. Dat binne dingen dêr't je net mei te keap rinne. Dy fertelle je immen yn fertrouwen yn de hoop dat se net trochferteld wurde.
Ik sil dat fertrouen net beskamje, mar wit fan de gekste bijhâldere
Dizze ynlieding hie ik nedich om jim te fertellen dat it juster (tiisdei) in heuglike dei west hat. Foar mij dan. 10.000 kilometer fytst yn 2009. Earne helle tusken Kramershoeke en Kûbaard. Myn favorite fytsrûntsje om noch efkes wat kilometers te heljen en nei te tinken: Kûbaard om. Jout altyd in foldien gefoel. Wer in idee derbij en 7 kilometer. Sûnder dy rûntsjes hie ik te min ideen hân foar stikjes te skriuwen en hie ik dy 10.000 net helle.
Dy 10023 kilometer (wat dêr slút ik mei ôf) haw ik helle op:
a. Nazca Pioneer(mei boppestjoer): 6086 km - totaal op dizze fyts 31.551 km
b. Sinner Demon (mei ûnderstjoer): 1707 km - totaal op dizze fyts 14.095 km
c. Koga (bukfyts mei hurd sadel): 2070 km - totaal op dizze fyts 6.314 km
d. In oar syn fyts(mei noch hurder sadel): 159 km

Twitterje

Moai wurd. Twitterje. At ik net wist wat it wie soe ik tinke oan kletse, roddelje. Ik wit wat twitterje is. Of better sein. Ik wit hoe´t it wurket en doch der `op proef`oan mei. Sjen at it mij in mearwearde biedt. Tidens de liftwedstryd hat it mij goed foldien. Dat wol sizze it feit dat team Rispens twittere wie net ferkeard. Aktuele ynformaasje: no stean we hjir en no lizze wij dêr yn in hotel. Mei foto en film derbij.
Efkes socht bij wat twitteraars en ik moat sizze tige ynformatyf. Dat de iene te fytsen giet, de oare mei de bern nei de iisbaan yn Wommels en dat wer in oaren de krystbeam ôftuget, is tige nijsgjirrich. No kin ik dy minsken net, dus miskien seit it dan allegear wat minder.
Ik bin behâldend posityf oer myn twittertakomst.
Efkes in tweet: ik harkje nei Radio 2 top 2000 en seker net nei omrop Fryslân. Want de hiele dei harkje nei GvT is neffens mij it selde as in langsume dea. En it kastje fan de tv haw ik opburgen. Want it soe samar kinne dat ien fan myn húsgenoaten tv Fryslân der op set. En dan heare je him net allinne mar je sjogge him ek: kofjedrinke, oaljebal ite en gnize om syn eigen humor. En at hij net efter de mikrofoan sit 79 kear him der mei bemuoie en en toates foar de kamera lâns rinne.
Dit jier krekt noch net op ien:

dinsdag 22 december 2009

Sylwaar

Dat falt mij no echt fan dy Laura ôf. It sylfamke dat sa nedich de hiele wrâld oer farre wol. Dat famke dat har sin net krigen hat omdat se wat oan de jonge kant is om sa'n reis te meitsjen.
Dat se him smeard, dat kin ik noch wol begripe. Elkenien bemuoit sich mei harren. Dat hat se wol sels dien. Troch sokke snoade plannen te meitsjen. No net seure. Nee, flechtsje dat is better. Nei Sint Marten. Allinne yn it fleantúch. En dat lêste dat falt mij sa ôf. Werom net yn de boat? Moai de see oer, fuort fan elkenien en alles.
Fan mij mei se farre. Lit har lekker gean, at se dat sa graach wol. Mar besteed der asjebieft gjin oandacht oan. Wuif har de haven út en wachtsje in jierke. Komt se werom: moai en hoera. Komt se net werom: sneu mar eigen skuld. Sels it risiko opsocht dus net seure. Wat mij yn de flecht nei Sint Marten it meast opfallen is: 14 jier en dan nimme je 3500 euro op! Oan jild is der bij Laura seker gjin gemis.

zondag 20 december 2009

Protesteare

Der stie sneon in nijsgjirrich ynterfjoe yn de Ljouwerter mei 4 minsken dy't fan út in bepaald prinsipe stride foar bepaalde saken. Sij organiseare sels demonstraasjes of sij dogge dêr oan mei. It artikel wie fansels in reaksje op de flop yn Kopenhagen. Mei ôfgriis sjoch ik allegear fan dy freeslike politisi fakansje hâlden yn Kopenhagen, mei tuskentroch sa no en dan in fergaderinkje dy't like goed fia de tillefoan holden wurde koe. En in resultaat helje? Ho, mar.

Neist dy folfretten politisi sjoch ik dêr ek minsken dy't protesteare tsjin dit sirkus. Minsken mei prinsipes dy't op eigen kosten dêr hinne reizge binne, dy't op eigen kosten oernachtsje en dy't yn wurd en gebaar stride tsjin dit politike sirkus.
It soe neat foar mij wêze. Protesteare, de dyk op, ik moat der net oan tinke.
Ien kear haw ik sa gek west. It sil yn 1971 of 1972 of sa west ha, doe't ik op skoalle siet yn Ljouwert. Chris van Veen wie minister fan Underwiis. En dy hie ferkearde plannen. Ik wit net mear hoe slim dat allegear wie, mar it wie wol sa slim dat de learkrêften ús oertsjûgen dat it nedich wie om mei de bus nei Rotetrdam te gean. "Van Veen, ga heen, Van Veen ga heen", dat songen wij, nee dat raasden wij út folle boarst.
De hiele middei, jûn en de heal nacht fuort en ik haw begrepen dat it neat holpen hat. Ik wie yn alle gefallen genêzen fan demonstraasjesucht.

zaterdag 5 december 2009

God fan it waar

Beste waargod

Op dizze al wer suterige sneon kin ik myn ûntefreden gefoel net betwinge en skriuw ik jo dizze brief.
Ik wit net krekt hoe't jo te wurk geane mei it waar mar it is miskien goed dat ik jo sis dat it hjir net mear krekt sa is as earder.
Yn eardere tiden koene jo ús op ierde noch wolris ferrasse mei samar opkommende buien, in ûnferwachte bliksemskicht mei swiere tonger of in Noardwester út it súdwesten.
Mar ik kin jo sizze jo ferrasse ús net mear. Dêr hoege jo gjin aardichheid mear oan te hawwen. Fytsende,yn de tún wrottende en sportende minsken oerfalle mei ien fan jo produkten is ferline tiid.
Wij hawwe no op ierde allegear middelen dy't ús helpe it waar foarôf yn byld te krijen. Foardat je in nbui makke hawwe, is hij op buienradar fjirtjen dagen foarút al te sjen.
Sa hiene wij earst in sekere de Jong en Pelleboer en dogge wij it no wij Paulusma en it KNMI. Mar wij hawwe foaral de buienradar. Dy hâlde wij alle dagen in pear yn de gaten.
En it falt ús op dat jo no al twa wiken lang op freed wat buien nei ús stjoere dy't ús de iere sneontemoarn berikke en tefolle wetter bringe. En dat betjsut dat it fuotbaljen hieltyd ôflast wurdt. En dat kin dochs net jo bedoeling wêze.
No wit ik wol dat wetter der bij heard yn novimber en desimber mar it moat dochs te regeljen wêze dat je de buien wat better oanstjoere. Ik wit hast wol seker dat TomTOM jo wol helpe wol mei it opsetten fan in goed nafigaasjesysteem foar buien. En jou dêr dan bij oan dat se fuotbalfjilden sa folle mooglik mije. Op dizze kaart binne alle fjilden te finen. En ik sjoch dat Tomtom al wat foarwurk dien hat.
En at it dan dochs reine moat, doch it dan sa as yn it ûndersteande filmke

Mei freonlike groetnis
Aant, mei útnamme fan in hiel soad teloarsteld fuotballers.

woensdag 2 december 2009

Skoare

Ik brek mij de kop betiden. Ik sit mar te tinken. Hoe sil ik it dwaan?
It tinken giet sels ten koste fan myn prestaasjes. Ik haw al in oantal kânsen hân, mar ha se net benut. Omdat ik net wit hoe't ik jûchheie moat!!!!!.
Dêrom kop ik se neist, dêrom sjit ik net hurd, dêrom jou ik de bal wer ôf en dêrom stean ik meast dekt.

En dochs wol ik ek dit seizoen wer in kear skoare. Allinne moat ik wol wat útfine at ik skoard ha. De hannen omhecch lykas Jappie en Vlaar is te gewoan. It sjurt út is mij te kâld en levert boppedat giel op. De kornerflagge der útskuorre wurdt net op priis steld troch terreinmaster Willem.
De wigende beweging mei earmen slacht ek as in tange op in baarch, want heit wurd ik net mear en pake liket der ek noch net op.
Myn lieder yn de earms fleane, liket mij foar Eddy syn rêch net goed.
En hielendal nei Klaas de keeper drave is mij te fier. Der bliuwt oer in hânstân of de koprol. De earste haw ik noch nea mei sukses dien en bij it twadde moatte se mij oerein helpe en bin ik wiken útskeakele.
Ik kin ek in slach om de kantine drave mei myn teamgenoaten efter mij oan. Of de kantine yn en dan op de tafel stean gean. Dat lêste moat mar net want dan krij ik wer oare minsken efter mij oan.
Ik wit it dus net. De kommende wedstriden mar wat op it middenfjild hingje bliuwe en yn de winterstop noch mar ris goed neitinke. Earst mar efkes Dropkicke

dinsdag 1 december 2009

Ramses

Yn 1969 wie ik 15 jier. Ik siet yn de tredde klasse fan de Mulo yn Wommels. Ik rûn ek dy tiid altyd al mei in dopkes yn it ear. Harkje nei Radio Veronica. Ik wist alles fan de TOP 40 en de Tipparade. Der wiene wiken bij dat ik net allinne de Ingelske tiidwurden, de dútsje grammatikarychjes en de frânske rotwurden út de holle learde, mar ek de top 40. Foar 10 sint wie dat oersicht te besetten bij fan der Velde en nei ien oere studeare, oerhearden se mij yn it Noard. Nutteleaze ynformaasje mar in moaie tiid. Ut dy tiid komt de Pastorale, in hit fan Ramses en Liesbeth. In prachtich liet, noch altiten. En no is Ramses dea. 1 desimber 2009 40 jier neidat de Pastorale in hit wie. En op dizze dei socht ik wat ynformaasje oer Ramses en kaam ek op in omskriuwing fan de Pastorale út. Ik wol it jim net ûnthâlde"

De tekst van het lied beschrijft een gesprek tussen de zon (Shaffy) en de aarde (List). Shaffy is als "zon" arrogant en vurig (Kometen manen en planeten, alles draait om mij). List is de zonaanbiddende aarde, die het liefst steeds volledig door de zon beschenen wil worden ('k Wil liever branden neem me mee, wanneer je vanavond gaat slapen in zee) en het donker verfoeit (De nacht is te koud, de maan te grijs).

Ik sil it mar earlik sizze. Ik haw nea witten wêr't dat liet oer gie. Ik haw der ek net bewust nei harke. Allinne mar genoaten fan de meldij en de prachtige wikselwurking tusken Ramses en Liesbeth. 40 jier lang. En hopenlik noch 40 jier. Ik moat myn nûmers foar de top 2000 noch opjaan. Ik wit no wa't op op ien komt.