zaterdag 27 mei 2017

Parkbop Yn Boalsert

It is hast al in tradisje
op Himmelfeartsdei
nei Parkbop yn Boalsert;
in leechdrompelich muzykfeest
yn it park yn Boalsert

it festival groeit,
wêr't de earste jierren
de neistlizzende supermerken
leech rôve waarden
mei treetsjes bier
is blik en glês no ferbean

en fan in hamburgertinte
nei meardere iterskreamkes
fan ien podium
nei twa twa podia
en dit jier in heech rock gehalte
wat mij persoanlik wol oanstie...

in prachtige sfear
mei aardige minsken,
(jaseker, mei aardige eks kollega's)
in festival
foar jong en âld 
ûnder ideale waarsomstannichheden




Bad Mood sette in lekker stevige set del

Pakesizzer Roan fermakke him prima bij de muzyk, mar gie út syn dak yn de draaimolen

The Sunny Road Show, soarge foar wat rêst, hearlike relekste muzyk

Respekt foar de bands op poadium 2. Fol yn de sinne moasten sy rocke 

vrijdag 26 mei 2017

Iselmar om

Woansdei 24 maaie
in moaie dei tochten wij
om de Iselmar om te fytsen

Lofts om om rjochts om
dat wie de tiisdeis de fraach
want dy ferfelende Ofslútdyk
dy wol je foar de wyn ha

Wij keazen foar "mei de klok mei"
dus earst 37 kilometer nei Starum

en om 10,10 op it boatsje nei Enkhuzen
in ûnferdelige reis
want mei in stik as 20 minsken op de boat
en mar trije fytsen hiene wij it noch nea
sa rêstich meimakke









en de wyn?
dy wie noard- noardwest
en dat betsjutte op de Ofslútdyk 
sydwyn - yn de wyn
mar omdat wij efter de dyk fytsten
foel it wat ta

thús 138 kilometer op de teller
en noch aardich fit

dinsdag 23 mei 2017

FietsaVersa


In rûntsje Snitsermar.
Dat kin ek mei help fan in pontsje hjir en dêr.
Sa as no bij Terherne.
De slach lâns Aldskou oerslaan.
Skeelt in kilometer as 10.
 Ideaal at je net fan fytsen hâlde en wol fan wachtsjen.
Bij mij is it oarsom.
Ik hâld wol fan fytsen en net fan wachtsjen.
Mar om alles in kear mei te meitsjen, justermiddei in kear mei de pont oer.
Foar dat wachtsjen
en it foarkommen fan spul
(ik was eerst, wij stonden hier al)
wa't wol net mei kin at it drok is,
 stiet dêr in molkbus mei stokken.
12 stiks.
Is de pont der noch net, pak dan sa'n stôk.
Dan witst datst meikinst de earste folgjende oerstek.
Alle stokken op?
 Dan is it hiel lang wachtsje (foar myn gefoel)
of dy 10 kilometer omfytse.
De pont hjit FietsaVersa .
Dat is dan wol wer leuk.....

dêr kinne jim de pont fine...de pontbuordsjes folge

dit stik fan 10 km wurdt min der fytst


oerstek, troch haven en oer PM kanaal



De FietsaVersa


de molkbus mei stokken

noch ien plakje oer foar de kommende oerstek

zondag 21 mei 2017

AFDFT - Tusken de Lemmer en Wolvegea

Op de ienige snikhite dei
oant no ta,
fytsten wij tusken de Lemmer en Wolvegea.
In prachtige omjouwing
en ik koe 16 doarpkes bijskriuwe




dit wie Skoattersyl en in dúdlike warskôging


fanút Eastersee in bijsûnder fytspaadsje rjochting Bantegea

Skerpenseel

de kroech op de hoeke bij Spangea

Oldetrine, Nijtrine, Aldlemmer Nijlemmer...it is wat mei dat âld en nij 


dit is yn Nijlemmer

ôfkuolje bij de brêge yn Ichtenerbrêge/Dolsterhuzen

en dêr hawwe se it oer in  kaveee



zaterdag 20 mei 2017

in jûntsje Asteriks

Ik gean net foar de foto's nei in konsert
mar meitsje der meast wol ien fan elke band
dy't ik sjoch

de kwaliteit hâldt  meast net oer
fanwege de bysûndere ljochten 
dy't nedich skine te wêzen
om it allegear noch better del te setten

Freedetejûn wie ik yn Poadium Asteriks
yn de Blokhúspoarte
yn Ljouwert

5 euro
trije bands
striemin ljocht


In dramatyske foto fan de Kat
mar in geweldich moai optreden
en dêr gean ik der foar hinne

Krekt as op it Greidhoekfestival yn 2016
sette de band in prachtige set del:
Hast folsein ynstrumentaal
mar sa meislepend



Ut Liverpool Cubical,
gewoan in rjocht út, rjocht oan band
mei in hearlike sound troch de liedende saksofoan;
wat langer it duorre
wat mear it swingde


De beide earste bands hiene wat mear tiid nommen
as de bedoeling wie
en dêr wie neat mis mei

dat betsjutte wol dat Automatic Sam
hurd, hurd ynstalleare moast
en mei fol lûd te let begong

sa let dat wij der mar in pear nûmers fan heare koene
fanwege de bus
wat wij hearden wie hurd, oh sa hurd


vrijdag 19 mei 2017

AFDFT - Oebele-om-wei en sa

In dei moai waar betsjut
in dei der op út
mei de fyts

Yn de útdaging om dit jier 
op de fyts
yn alle Fryske doarpen en stêden te kommen
setten wij in route út 
dy't ik mei gemak de "seisW's"route neame kin
mar ek de Oebele-om-wei route


Starte yn Weidum.en fia Wytgaard, Wurdum, Wergea, Warstiens en Warten nei doarpen yn flochten yn Ljouwert



Fanút Warten de Oebele-om-wei op

Op tsjerkhôf yn Swichum wat foto's makke

Swichum

de tsjerke fan it dearinnende Warstiens

Warten

it Oebele-om-wei fytspaad nei de Wâldwei

bij Ljouwert
Tearns en  Himpens , romtelike doarpkes yn Suderbuorren  yn Ljouwert




donderdag 18 mei 2017

dinsdag 16 mei 2017

Plaatsjesdraaie



















hij is der noch,
de plaatsjedraaier....

gjin muzyk út it cd spiler,
gjin muzyk út de kompjûter,
nee, de draaitafel
wêr't in single of in lp syn rûntsjes draait

Sjouke de Groot
in begjin sechtiger
"hingjen"bleaun yn de jierren 60/70
wie sneon yn de SDS kantine
en draaide plaatsjes


















doazen fol singles en elpees
hie hij meinaam
twa draaitafels
om de gong der yn tehâlden,
en tuskentroch
fertelde hij entûsjast
oer de muzyk,
en oer de artyst

en rûn der immen iets te ticht
bij syn ynstallaazje lâns
dan sloech de nulle efkes oer
sa as dat altyd sa west hat
mei draaitafels.

Op fersyk draaide hij fan meinommen elpees


Ien fan myn earste elpees wie dizze


ien fan de beste elpees is dizze


vrijdag 12 mei 2017

Tsjerkepaad

Se binne der noch
de echte tsjerkepaadsjes
mei stekjes "ofsetten"
smel genôch om op te rinnen
en streekrjocht nei de tserke ta

In pear hûndert meter
foar Wânswert
dit bijsûndere paadsje
nei de tsjerke fan Wânswert












sjoen op ús tocht Wommels-Ferwert-Wommels