woensdag 30 november 2022

Toppers

 Toppers binne it

dy famylje van der Meer.

Hindrik en Beitske fan Fûns bij Jorwert

Wat in moaie elpees hawwe se makke.

Elpees dy't de tiid goed trochkommen binne.

Wij draaiden se foar ús bern yn de jierren 80, begjin 90.

en no roppe wij:

Oké Google, spylje famylje van der Meer op Sonos

Mo al 10 jier lang foar de 6 pake- en beppesizzers

Dan is it net frjemd at Spotify in festival line-up foar mij makket

mei ien fan de headliners : Famylje van der Meer

Dy oare muzyk mei ik sels graach lije,

op juf Roos nei. 

Dêr haw ik it ek hast mei hân.......



dinsdag 29 november 2022

Broer en Sjoukje

 

Wa't regelmjittich bij de bluesmuzyk komt

wit dat dit Broer en Sjoukje binne

Oeral en nearne komme je se tsjin,

dit stel ut Bakhuzen

Wat kletse mei dizze en dy, mar foaral dûnsje

Snein wiene se ek wer yn Easterein

mei in skitterjende tekst op harren sjurt







zondag 27 november 2022

Sjonge

Ik rin fannemoarn op Skrok,

it binnenpaad fanôf de fûgelhut

Moaie loften om mij hinne

en lûden fan wetterfûgels yn de fierte.

Ik haw earkes yn en 

ik harkje lykas alle sneintemoannen

nei Prelude, it fersykplaten programma

mei geastlike muzyk.

Dat is noch oerbleaun fan myn kristlike opfieding.

Ik hear faak de Bliere Boadskipsjongers

of de Dobbers út Harich,

brassband de Bazuin of in koar út Urk of de Lemmer.

Wylst ik sa'n koar hear

en ik yn tinzen al dy mannen en frouen sjongen sjoch

út folle boarst en mei oertsjûging

dan tink ik werom oan dy tiid 

dat ik as jonge yn tsjerke siet.

Gjin wollen mar moatten.

Yn dy tiid wurdt er in nij lietenboek útbrocht

en al it tsjerkefolk moat der oan leauwe:

de nije lieten moatte ynstudearre wurde 

en dêrom stean der hieltyd twa  nije lieten op it boerd 

út de nije bondel.

It is dan gjin sjongen mear, 

it is wat mûlkje, wat prommelje of pûlemûlkje

of wat foar moai frysk wurd jim ek mar foar heare wolle.

Thús seit myn mem

dat se der neat oan fynt, dy nije lieten

Se wol de bekende lieten sjonge

út folle boarst

It is krekt as bij de konserten fan dizze tiid.

It leafst heart men de bekende hits

om dy mei te sjongen.

Dat sjoch ik freedtejûn ek bij the Gathering yn Neushoorn.

Ik fyn it prima






vrijdag 25 november 2022

A sailor of the war

Wylst de rest fan de famylje noch op in ear leit

gean ik sneintemoarn efkes nei it tsjerkhôf fan Nes

Mear as 70 oarlochsgrêven

Hast allegear militairen dy't oanspield binne op it strân.

Faak gjin namme mar beskriuwn as

"Soldier of a war" of "sailor of a war"

Sûnder namme yn in grêf, 

djip tryst, 

net bêst











donderdag 24 november 2022

Bijsûndere keunst op Amelân

Oan de Herenweg yn Hollum stiet de Herenweg Kerk.

Alle jierren in lokaasje foar de keunst.

Wij moasten dizze kear nei de kreake

en mei rjocht kin ik sizze, it wie it klimke wol wurdich

want dêr stie tige tryste, fermaaklike dus bijsûndere keunst 

"Polyester skulpturen"stiet er yn it boekje.











woensdag 23 november 2022

Keunst op Amelân

Wat is keunst?

Is keunst iets wat in keunst is om te meitsjen?

Of is alles keunst?

Wij sjogge in wykein op Amelân nei de keunst,

want it is keunstwykein.

In oantal bylden fan dit altyd


Gaas ....yn de dunen bij Koaikerspleats

Leppels en foarken yn elkoar draaid ta in keunstwurk

tsja..... dit wie net op in tsjerkhôf

in muzykynstrumint, wat tsjillen, in fleske en wat knikkers

hout laachje op laachje

ek fan hout de pleatslike held

in doek

houtseachje 

gesichten yn glês

fleurich bist

moaie tekening

de skelpeman




vrijdag 18 november 2022

Brecht


 Ik kom dit filmke noch tsjin

Te leuk om net te dielen.

Brecht, hast trije, is in pear nachtjes bij ús.

Ien fan dy jûnen wurdt se wekker.

Klearwekker, 

net mear yn sliep te krijen.

Mei nei ûnderen.

mar wat ompiele litte.

Myn boeken wurde in moaie toer.

en wij hawwe der ek noch sjongen bij.


donderdag 17 november 2022

1954

1954 is  in bysûnder jier: 

myn bertejier en tal fan oare útfiningen.

Der leit no in nijsgjirrich boek bij de boekhannel, 

sa krekt foar de feestdagen fansels , 

mei as titel  "Mijn eerste 18 jaar"

Der binne boeken fan 1947 oant 1982.  

Ik haw dy fan 1954

Wat barde der  allegear om mij hinne 

dy earste 18 jier, 

sûnder dat ik der meast fan witten ha.

1954, in jier fan moaie dingen sa lês ik.

- it betelle fuotbal yn Nederlân begjint

- de earste batterij op sinne-enerzjy komt op de merk!

- de simmer fan 1954 ( ik bin berne op 20 july) wie de wietste ea yn Nederlân

- de earste automatyk yn Nederlân en de earste Burger King yn Miami

- it earste elektryske filterkofjesetapparaat

- meccano (jonges) en punniken (famkes) is yn 

- Brylcreem trouwens ek 

- de populairste sjonger yn Nederlân is Eddy Chistiani

- de earste draagbere tranisterradio wurdt lansearre

- der is in alvestêden tocht en dat fine oaren hiel wichtich

- muzyk is net om oan te hearen, want per jier litte se in top 10 sjen  en der is net in nûmer bij dêr't ik langer as 5 sekonden nei heard haw op Spotify.





dinsdag 15 november 2022

Slachterin

Kommende sneon is de Slachterin, 

in moai draafevenemint fanút Wommels. 

Meastal stean ik efkes bij in wetterpost om wat bekers oan te jaan. 

Ik neam dat net frijwilligershelp mar in boargerplicht. 

Ik tocht, tidens dat sjen nei dy atleten altyd: 

dat is neat foar mij, sels dy 5 kilometer net.  

Ferline jier op 8 oktober draafde ik myn earste 5 kilometer: Iens om.  

Dat krige in ferfolch want fan minder as twa kear yn de wike drave reitsje ik yn de war. 

Ik makke doelen (dat past bij mij) : alle moannen minimaal 40 kilometer en ien kear  yn in "útslach" 

foarkomme. 

Dy útslach dat hie de Slachterin 2021 wêze moatten. 

Ik hie mij nei in reedlike foarm tawurke 

mei yn de efterholle dat ik mei myn tiid krekt net lêste hoechde te wurden. 

 "It giet net oan" , wiene de wurden fan de organisaasje yn 2021 fanwege K.

Kommende sneon in nije kâns want it draven hâldt mar net op. 

Dizze kear wurdt it wer neat. 

Net fanwege F mar fanwege K. 

De K fan Keunstwykein op Amelân. 

Ik haw juster de route mar efkes rûn, 

dan sjoch ik mear as drave. 

Dy 585 kilometer dy't ik no totaal draafd ha, binne net foar neat. 

Ik fyn it alle kearen wer in útdaging, bin noch nea sa fit west

en dêr hat in minsk ferlet fan.

Ik sjoch no al út nei 2023








vrijdag 11 november 2022

Op it rantsje


Tsjerkhumor is der genôch.

Marten de Boer fan Easterein hat er ien 

miskien wol twa boekjes oerskreaun.

Dit stikje stiet yn Oer de Brêge

it bledsje fan de tsjerklike gemeente yn Wommels.

Ik fyn it op it rantsje......


donderdag 10 november 2022

Lju fan kwizekwânsje



Alle doarpen, alle stêden yn de wrâld hawwe se:

lju fan kwizekwânsje.

Wommels ek?

Der is in wepstek dy't per doarp/stêd ien persoan oanwiist

as de man/frou fan de heechste kwizekwânsje.

Ik wie benijd wa't dat yn Wommels is 

en foaral op basis wêrfan.

De omskriuwing fan de kaart is sa:

Mei help fan gegevens fan Morgane Laouenan et al., toant de kaart berteplakken fan 'e meast "opmerklike minsken" om 'e wrâld. Gegevens binne ferwurke om mar ien persoan te sjen foar elke unike geografyske lokaasje mei de heechste notabiliteitsrang. 

Sjoch op dizze kaart en sykje Wommels op.

Jan Ankerman dus.

Net echt in bekende.

Syn soantsje wol.

Dy hat de earste stien lein 

fan de Herfoarme skoalle oan de Hofkamp.

Sjoch mar ris nei de moaie print

bij it hûs fan Pieteke de Boer en Jan Bootsma



woensdag 9 november 2022

Pealtsje 13

 



Dêr leit er wer yn twaën

pealtsje nûmer 13

tusken de Warntille en Iens

oan de Boalserterfeart.

Der safolste kear.

Benijd at Pieter Kamstra ek dit wer oplost

dinsdag 8 november 2022

Wrâldkampioen


Dit boek is fan 2016

It is no aktueel,

want de ûndertitel is

"Waarom we nooit wereldkampioen werden 

maar in 2022 wel"

It is in fermaaklik boek kin ik jim sizze.

(dankjewol Willem, do krijst him nije wike wer)





Spannumerdyk

 Regelmjittich krij ik in printekaart fan in âld Wommelser 

dy't yn Manchester wennet. 

Alle kearen wer bijsûnder ek al omdat ik de man fierders net kin.

Dizze wike lei der in printekaart fan de Walperterwei/Spannumerdyk. 

"Sa't it wie" skriuwt dizze Gerrit Tjallema der bij. 

"De pleats fan Durk en Sjirkje (Hiemstra)".

Us generaasje Wommelsers seit meast "de eardere seksbuorkerij" , 

en om gjin misbegryp te krijen dat wie nei Durk en Sjirkje.

Fannemoarn op ûngefear it selde plak stien, om te sjen at er wat feroare is....

Alles dus







maandag 7 november 2022

1954 oant 1972

 


Dit fyn ik wol in grappich idee.

In boek fan myn earste 18 jier.

Hoe lei de wrâld der doe hinne.

Ik keapje dy fan 1954.

Wa't ek fan dat jier is 

kin myn boek letter wol oernimme

foar de helte fan de priis



1174 kilometer

 It wie wer in sportive moanne

lit Strava mij witte.

Ik hie dat gefoel al

mar it is moai dat it mei sifers befestige wurdt

Gjin rekors,

dat sit mij net dwers.

Ik fyn it wol moai

dat ik dêr net nei op jacht bin".

1174 kilometer

dêr sitte 40 rinkilometers yn en 41 draafkilometers bij,

dêr sitte 200 kilometers bij op de fyts

en de rest is mei de elektryske fyts

(foar sommigen is it fan belang om dat ûnderskied te meitsjen.)

wêrûnder 430 kilometer "in rûntsje troch it lân yn 5 dagen"

Oh ja, 

ik leau dat ik ek noch sa'n 

140 kilometer yn de auto sitten ha..........

mar ik haw net flein en fard......


dinsdag 1 november 2022

Sinees

 


Ik rin fanôf de merk op de Terp nei hûs.

Tsiis yn de tas en nijsgjirrige ynformaasje oer dy tsiis yn de holle.

Dat is it leuke fan dy tsiisman, 

hij wit der alles fan en fertelt dat mei nocht.

Dus rin ik mei myn Contadino 

fan Klaver Kaas út Nieuwe Niedorp

yn de tas troch it Noard.

Sjoch ik dat goed?

Dat is hjoed.

De Sinees ticht!

Samar ynienen.

Dat fyn ik net leuk........