dinsdag 28 februari 2017

Alle Fryskedoarpentocht 2017


Twa moannen sitte der no op
en it rûntsje om Wommels hinne 
wurdt hieltyd grutter
blau is jannewaris,
read is febrewaris

77 hân 
noch 340 te gean

zaterdag 25 februari 2017

Foarjiersfakânsje

Noch mar trije moanne lyn
seach ik út nei de fakânsje...

al wer fakânsje?
seinen oaren fan bûten it ûnderwiis.

wat in libben...

ik kin jim sizze,
dat dit pas it libben is
altyd fakânsje

de foarjiersfakânsje dus;
Jelske en Roan in nachtje te sliepen en
Jelske en Roan mei pake en beppe
nei it museum,
it modelspoarmuseum yn Snits

it wie prachtich:
dy ferwûndering en dat entûsjasme
fan dy twa pake- en beppesizzers






en doe noch twa dagen
oppasse op de jongste sprút
Samme,
dy't de hiele dei ek op ûntdekkingsreis wêze wol
en it sliepen net oan tiid hat...



wij hiene it suver drok yn de fakânsje.
moaie drokte, dat wol....


vrijdag 24 februari 2017

Fryskehannen


Der wiene dus 24946 dia's
mei foto's fan objekten yn Fryslân
yn de jierren tachtich, njoggentich

133 dielnimmers hawwe sûn novimber oan de gong west
ûnde de wurknamme Fyske hannen
om de teksten fan al dy dia's yn in digitaal systeem te setten

twa kear sels
meielkoar dus hast 50.000 dia's......



en no is it klear:
133 man/frou  hawwe harren bijdrage levere,
foar sommigen wie it mear as in oerke dwaande wêze deis.

ik koe mij noch krekt yn de top 10 handhavenje
(ha,ha) foar wat it wurdich is.

it wie in moaie klus.



Alles dûbel ynfierd
en no moat alles kontrolearre wurde
en dêr mei ik in bijdrage ynleverje
mei njoggen oaren

ek dêr binne wij al in moai ein op wei.

foardat skries Amalia oankomt yn Fryslân 
binne wij al klear...

spitich
want ek dit is moai oerke deibesteging....


donderdag 23 februari 2017

Statistiken

Ik bin sljocht op statistiken..
Moai dat je sifers fergelykje kinne
op basis fan feitlike gegevens

ik folch op twitter dan ek it CBS
dy't regelmjittich mei sifers komme

sa as:
it gemiddeld oantal molkekij per bedriuw per gemeente

sjoch hjir

de gemiddelde priis fan in keapwenning yn in gemeente

sjoch hjir

maandag 20 februari 2017

Fonteinen

2018 is Fryslân Kulturele Haadstêd
en dat hâldt wat yn.
Earst de striid om it binnen  te heljen
en dêrnei de askjes....
dy't net oeral like goed falle

Om de hiele provinsje der bij te belûken
en de 11 stêden úthingboerden binne
foar de bekendheid fan Fryslân
waard betocht dat alle stêden harren
eigen fontein krije maotte

ik moat feitlik sizze "Fountains"
want oars begripe al dy bûtenlânske keunstners net
wat sij meitsje moatte ..
en boppedat l
it KH2018 graach wat fan harren heare
yn it Ingelsk

wat in poppekast en wat in gedoch.
dy fonteinen

Net oer de keunst op sich
want dat bliuwt altyd subjektyf
en neffens de measten altyd fiersten te djoer...

De diskúsje giet foaral oer it plak
want dêr mei de eigen stêd wol iets fan fine
dus kamen se
yn Snits
yn Warkum
yn Frjentsjer
yn aksje  foar in oar plak

It is wat mei de 11 Fountains.....
ik bin foaral benijd .....


woensdag 15 februari 2017

Moetsje en .........


Woansdei ûnder de titel Meet en Greet
wiene de Wommelser ferienigingen
en doarpsgenoaten útnoege om elkoar te moetsjen en te ferbinen

Ik woe de hystoaryske nederlaach
fan Barcelona ek sjen,
dus in oere west......


Klaas Jansma wie de ferbiner dizze jûn
en syn teksten binne altyd leuk

Pieter Kamstra genoat sichtber
fan syn redens,
syn slypjen en syn ferhalen



Meinte Wesselius woe O O O
dy't hij faak opfangt yn Wommels
oersette yn trije W's.....
Wolkom
Wille
en ...Klaas Jansma grapte "Wesselius"



Lucas Offringa sit fol fan de WEK
en dat is in kwesty fan lange adem
krekt as syn ferhaal dat fier
oer de twa tawiisde minuten hinne gie



Foar de nije "klup" "De Fryske Dammers"
ûnder lieding fan wrâldkampioen Jelle Wiersma
in moaie gelegenheid om it striken sjen te litten


en SDS wie der fansels,
statutair yn Easterein
mar fierwei de measte leden út Wommels



Grou



Snein in kear te rinnen west
yn Grou:
in rûntsje Grou dus....

en wêr't je ek binne yn Grou
der is altyd wetter 

Op de leugenbank hawwe se oer it hege wetter, de groue snoeken en de djoere boaten


In bank bij it wetter mei fansels it seilteken G

De wyn skoode al iy wiis fan de pikmar rjochting it doarp


in inkele boat oan de kade, yn de haven net ien 

wol wat grutte huzen mei grutte tunen bij it kanaal

ek op it kanaal net in boat te sjen, in inkele rinner op de wâl, lykas Jellie

maandag 13 februari 2017

Frank Blueka


15 man/frou hiene sneontejûn 
de muoite naam 
om nei teater de Bres te gean.

In bysûnder projekt fan Frank Blueka
om de muzyk fan Tom Waits en Neil Young
tichter bijelkoar te bringen

efter de Roland


efter de fleugel

mei de gitaar en soms mei de mûlharp

Moaie muzyk,
moai songen
yn in seal mei in goeie akoestyk

ek in bysûnder ferhaal
fol fantasij
der omhinne en tuskentroch,

Frank is in goeie, echte, pure muzikant
mei wat minder talint in ferhaal te fertellen

"hij siet him sels betiden wat yn it paad",
fûnen wij.....

En toch wie it moaie jûn dêr
mei ús fyftjinen yn de Bres
yn Ljouwert

(efter de grutte Harmony)






zaterdag 11 februari 2017

Waarme fisk

Freed,
it is kâld
it hurde noardeastenwyn
en 3 graden ûnder 0 soarchje dêrfoar.

wij fytse alle dagen efkes,
ek at it kâld is,
dan betinke wij in boadskipke
en dogge wij krekt of is de auto stikken

sa as freed
in boadskipke bij Karwei en de Bazar,
yn Boalsert
sa'n 10 kilometer.
Foar de wyn der hinne
en it is fris,
mar noch net stienkâld

Oan de Sneekerpoort
yn Boalsert
hawwe se in fiskboer,
in bêsten..

Wylst wij wachtsje
yn petear mei in noch âldere man.
dy't ek wachtet

"Op de fyts", freget hij
"Ja, út Wommels", jow ik oan
Hij sjocht mij ferbaasd oan:
"ut Wommels? mei dit waar?
mei dizze kjelt".
Hij stekt syn ferbazing
net ûnder stuollen en banken....

Hij krijt syn fisk earst,
twa waarme lekkerbekken
om mei te nimmen

Hij sjocht ús oan en seit:
"at jim se meinimme nei hûs,
dan binne se kâld at jim thús binne"

Ja, sizze wij, dêrom ite wij se hjir

"Lekker ite", roppe wij him nei





dinsdag 7 februari 2017

Wike 5

Wer in moaie wike mei net allinne it gefoel fan frijheit,
mar de echte frijheit erfare

Moandei:
Fytse en Fytspoetse;
it moat op de tiid
en om no te sizzen
dat ik it hiel ferfelend wurk fyn:
dat nee...
NB ik hie in bêste poetsdoek

Woansdei:
Sûnt novimber dwaande foar Tresoar
mei dia's digitalisearje
woansdei foarljochting hân oer de folgjende stap
kontroleare...
moai wurk en ferslavend


Tongersdei: boupakketsje,
houthok yn elkoar sette
twa linker hannen:
je moat it mar efkes dwaan........#grutsk

Sa no en dan efkes opasse
en Roan (hast twa) 
kin him prachtich fermeitsje
mei trekkers en karrem,
en playmobil


ek dizze wike 
wer gek wurden fan Trump
wat in freeslike diktator
in narsist fan de boppeste planke
en mei  narsisten haw ik neat


freed:
in jûntsje Neushoorn
mei Bettie Serveert
lekkere gitaarmuzyk
en sommigen fûnen it sjongen ek net ferkeard



sneon:
fyts- en rinbeurs....
yn Assen
mei foarljochting oer in reis nei Compostello


Se fine altyd wer wat nijs út:
nei hoe tinnere bannen wat better
no wat dikker wat stoerder

Snein:
bij sc Bolsward -Sc Franeker west.
Moai potsje.
Einstân 1-1

woensdag 1 februari 2017

Appe

Appe,
wat docht it net yn dizze tiid?
diel út meitsje
fan in groepsapp,
it is sa gewoan as wat.

mei famylje,
mei freonen
mei oare sporters
mei oare bestjoerders
of mei kollega's

ik app suver it measte
mei in kollega
...sorry in âld kollega
wij appe oer ús fytsavontoeren
en oer ús fuotballeafde Feyenoord

beide fen, mar kritysk
dus is der altyd wat te appen
of te seuren sa't je it mar neame wolle

foar, tidens en nei de wedstriid
hawwe wij what-app kontakt

altyd....altyd......
útsein dit wykein

sneontemoarn appt hij
op in ûngebrûklik tiidstip:

"hast it al heard oer ús eardere kollega"


stil en ferslein,
it is net wier
nimmen mei dit oerkomme
en seker harren net

en ik krij ek noch weromblikbylden......
fan sa'n 57 jier lyn

Appkes fan myn kollega
wiene der dit wykein 
en dizze wike wol
se gongen allinne oer "de jongen"
oer syn "hopeloaze" tastân
oer it yn  koma lizzen
oer swieroantaaste longen
oer hertlongmasjines
oer slym yn de longen
oer temperaturen
oer soarch
oer ûnsekerheid
oer spanning

en nei 3 dagen gie it oer yn......

de earste tekenen fan libben
oer reaksjes mei de hân
oer hoop
oer fertrouen
oer gelok
oer opluchting

en no is it woansdei en lês ik dit:

Steeds meer artsen die bij de reanimatie betrokken waren vrijdag komen langs om het wonder  (want dat is het) met eigen ogen te aanschouwen. Fimme knokt zich terug.... wat een ongelooflijk sterk mannetje, wat een wilskracht.

poeh, wat in opluchting

no kinne myn kollega en ik
kommend wykein
wer appe
oer de wichtichste bijsaaak fan it libben
Feyenoord